Roses in Winter is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Patricia Briggs. De titel betsjut: "Roazen by 't Winter". It ferhaal heart ta de Mercy Thompson-rige en spilet yn it fiktive plak Aspen Creek, yn it berchlân fan de Amerikaanske steat Montana. Roses in Winter fertelt it ferhaal fan Kara Beckworth, de jongste wearwolf ea, dy't earder sydlings neamd waard yn 'e roman Blood Bound. It ferhaal fynt plak tusken de romans Bone Crossed en Silver Borne yn. It waard foar it earst publisearre yn 2014, yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows.

Roses in Winter
algemiene gegevens
auteur Patricia Briggs
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre fantasy
1e publikaasje 2014
oarspr. útjwr. Ace Books
bondel Shifting Shadows
rige
rige Mercy Thompson

Roses in Winter giet oer Kara Beckworth, dy't as famke fan tsien jier oanfallen waard troch in mâle wearwolf, en de oanfal oerlibbe. Hja waard dêrtroch sels ek in wearwolf, de jongste dêr't sels de âldste wolven ea fan heard hawwe. Har âlden hiene gjin idee wat se mei har oanmoasten en besochten har te beskermjen troch har by folle moanne, as se ûnfrijwillich yn in wolf feroare, op te sluten yn in koai. Nei ferrin fan tiid strûpte it houlik fan har âlden derûnder om't har mem bang foar har wie, en om't har heit dat har mem kwea-ôf naam. Har heit, dy't sjoernalist wie, sette syn beropsmjittige feardichheden yn om help foar syn dochter te sykjen en sa kaam er fia-fia oan it tillefoannûmer fan Mercy Thompson, dy't er opskillet yn 'e roman Blood Bound. Sy ferwiist him troch nei har pleechheit, de marrok Bran Cornick, dy't oer alle wearwolven yn Noard-Amearika hearsket.

It ferhaal fan Kara roerde blykber in gefoelige snaar oan by de lêzers fan it boek, want neitiid gie der gjin sinjearsesje foarby dat skriuwster Patricia Briggs gjin fragen krige oer hoe't it ôfrûn wie mei it famke. Briggs wist dat Kara yn Aspen Creek, yn Montana belâne wie, dêr't de marrok wennet, en se wie fan doel om it ferhaal fan it famke yn te passen yn har Alpha and Omega-rige (in spin-offsearje fan 'e Mercy Thompson-rige). Dat wie ek stiiffêst har antwurd op 'e fragen dy't se krige. Mar Kara bedarre pas yn Aspen Creek nei de foarfallen yn 'e romans Cry Wolf en Hunting Ground, en doe moast Briggs letter de folgjende roman yn 'e rige, Fair Game, foarútskowe yn 'e tiid, sadat de foarfallen dy't oan 'e ein dêrfan beskreaun waarden, tusken de Mercy Thompson-romans River Marked en Frost Burned yn foelen. Sadwaande moast it ferhaal fan Kara úteinlik beskreaun wurde yn in koart ferhaal.

Roses in Winter is skreaun yn it personele perspektyf en wurdt ferteld fanút it eachpunt fan Asil, byneamd 'de Moar'. Dy is berne yn Spanje doe't dat troch de Arabieren oerhearske waard, en hy is ien fan 'e âldste wearwolven dy't noch libje. Fanwegen syn hege âlderdom is syn behearsking fan syn wolf net mear folslein, en hy is derfan oertsjûge dat it net lang mear duorje sil ear't de wolf him foargoed oermânsk wurdt en hy dêrtroch feroarje sil yn in mâl bist dat mar raak moardet. Dêrom hat er him fyftjin jier lyn yn Aspen Creek, yn 'e Amerikaanske steat Montana, by de persoanlike ridel jûn fan Bran Cornick, de marrok, dy't oer alle wearwolven yn Noard-Amearika hearsket. Bran is sels noch âlder as Asil, en, wat wichtiger is, hy is dominanter, hoewol't dat net folle skeelt. As Asil de behearsking oer syn wolf ferliest, sil Bran ien fan 'e iennichsten wêze dy't him deadzje kin. Der binne mear âlde en neat te stabile wearwolven dy't harren om dy reden by de ridel fan 'e marrok jûn hawwe, lykas Asil syn freon Devon, dy't al yn gjin hûndert jier mear in minsklike foarm oannommen hat.

De tolvejierrige Kara Beckworth is sûnt twa moannen it nijste lid fan Bran syn ridel. Hja hat har eigen problemen. Om't har âlden har, mei de bêste bedoelings, goed twa jier isolearre holden hawwe fan oare wearwolven, hat se nea leard om har wolf te behearskjen, en likemin hoe't se sels beslisse kin wannear't se feroarje wol yn in wolf en wannear't se wer weromferoarje wol yn in famke. Hja is troch har heit yn Aspen Creek brocht, mar de benaudens dy't de man foar syn dochter fielde as se de foarm fan in wolf hie, wie in behindering foar Kara om 'e wolf te behearskjen, dat Bran hat him foarearst fuortstjoerd. Kara wennet no by Bran en syn partner Leah yn oant der wat oars foar har regele wurde kin. Bran hat har útlein hoe't it yn Aspen Creek om en ta giet, en hy hat har warskôge om by de âlde wolven wei te bliuwen, en yn 't bysûnder om by Asil wei te bliuwen.

Puberale opstannigens is sûnder mis de reden wêrom't Asil it fanke op in dei oantreft yn 'e kas dêr't er syn roazen kweekt. Hy lit har helpe by it fersoargjen fan 'e planten en neitiid komt se eltse dei wer, en stadichoan, sûnder dat er der sels erch yn hat, kriget Asil, dy't him foarnommen hat gjin bannen mear mei oaren te foarmjen om't er yn syn eigen eagen al mei ien foet yn it grêf stiet, in swak foar it famke. Yn twa moannen tiid hat Kara leard om har wolf te behearskjen, dat se boekt foarútgong, mar it giet net fluch genôch. Se kin nammentlik noch altyd net sels bepale wannear't se feroarje wol yn in wolf en of wannear't se weromferoarje wol yn in minske. Mei folle moanne bart dat automatysk, mar op oare tiden moat in dominantere wearwolf har helpe.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Bran hat, doe't er mear as hûndert jier lyn de marrok waard, de regel ynfierd dat nije wearwolven fan it momint dat se ta wearwolf makke wurde, persiis in jier de tiid krije om te learen hoe't se harren wolf behearskje moatte en hoe't se út eigen wil feroarje moatte fan wolf nei minske en oarsom. As se dat binnen dy tiid net leare kinne, moatte se ôfmakke wurde, sawol om 'e gewoane minsken tsjin harren te beskermjen, as om de wearwolven sels te beskermjen tsjin 'e reäksjes fan de gewoane minsken as sokke nije wolven de behearsking kwytreitsje soene en op minsken begjinne soene te jeien. Dy ûnmeilydsume mar needsaaklike regel hat mank de wearwolven al foar hiel wat brutsen herten soarge, en guon wolven dy't harren partner of ien of mear fan harren bern ôfmeitsje moatten hawwe, kinne net akseptearje dat foar Kara ynienen oare regels jilde.

Dat is lykwols net mear foar te kommen om't Kara de earste pear jier fan har wearwolf-wêzen ferburgen holden is troch har âlden. No is it lykwols oktober en yn dy moanne falt de dei dat Bran de minsken yn wearwolven feroaret dy't dat graach wolle. Dat binne oer it algemien famyljeleden fan lju dy't al wearwolf binne, en it binne nei Asil syn miening allegear idioaten. Hy hat it wearwolf-wêzen altyd beskôge as in flok, en kin him net foarstelle dat immen sa'n bestean frijwillich hawwe wolle soe, noch ôfsjoen fan it feit dat minder as de helte fan 'e lju de Feroaring, sa't it neamd wurdt, oerlibbet. Hoe dan ek, Bran hat, ûnder druk fan oaren, besletten dat Kara foar de Feroaringsdei harsels sûnder help fan minske yn wolf en wer weromferoarje kinne moat. Asil besiket it famke safolle mooglik te helpen, mar om sels de feroaring te begjinnen liket har net te slagjen.

Op in dei heart Asil bûtendoar in panikerich gekef, dat er daliks weromken as Kara har wolvestim. As er ek it spûkgûlen fan ferskate folwoeksen wearwolven heart, begrypt er dat se efternei sitten wurdt. Hoewol't er sels op dat stuit de foarm fan in minske hat, giet er der fuortendaliks op ôf en rêdt er har fan trije wearwolven dy't meikommen binne mei de kandidaten foar de Feroaring. Syn dominânsje is net ôfhinklik fan syn lichemsfoarm, dat sels as minske kin er de trije wolven maklik oer. Hy is sa poerrazen dat er in stuit op it rântsje balansearret fan it ferliezen fan 'e behearsking oer syn eigen wolf, mar de oanrekking fan Kara stabilisearret him. Hy twingt de trije wolven om werom te feroarjen yn trije (neakene) manlju, dy't er sûnder begrutsjen troch de djippe snie nei Aspen Creek driuwt.

Om't Asil Bran yn 't foar warskôge hie dat er deroan kaam en wat der oan 'e hân wie, hat dy ûnderwilens de tiid hân om in gearkomste te belizzen fan syn hiele ridel en alle besikers. Yn it iepenbier twingt de marrok dan de trije tsjin dy tiid wer oanklaaide manlju om te fertellen wêrom't se dien hawwe wat se dien hawwe. It docht bliken dat se der opdracht ta krigen hawwe fan harren alfa (de lieder fan harren ridel), Hatchard Cole, dy't sels net meikommen is nei Aspen Creek, mar thúsbleaun is yn Alaska. Bran fertelt dat er berjocht krigen hat fan Cole dat dy hiel Alaska ta syn territoarium meitsje wol, en dêrta de beide oare ridels wearwolven dêre oernimme wol. It wie gjin fraach, mar in meidieling; Cole liket syn plak as ûnderhearrige fan 'e marrok fergetten te wêzen. Asil begrypt no de oanfal op Kara: Cole besiket de oandacht op it fanke te fêstigjen, en dêrmei op 'e regels dy't foar har bûcht wurde, mar foar oaren net. Sa wol er ferdieldheid yn 'e rangen siedzje en de posysje fan Bran oan it wankeljen bringe.

Cole is in âlde en fernimstige wolf, mar lang net sa âld en fernimstich as Bran. Dy makket no nammentlik bekend dat er Cole alhiel yn 'e ruften lein hat troch in skoftke lyn efter syn rêch om de ferhuzing fan fiif ekstra wearwolveridels nei Alaska te bewurkmasterjen. Ynstee fan twa ridels komt Cole dus foar sân ridels oer te stean, en dat is in striid dy't er nea winne kin, ek al net om't ien fan 'e ferhuze ridels oanfierd wurdt troch Silver Pete, in wolf dy't hast like dominant is Asil en Bran. Bran weeft mei de trije oanfallende wolven ôf, dy't ûnder twang ûnder Hatchard Cole syn tomme weihelle wurde sille om ferdield te wurden oer oare ridels. Dêrmei is Cole syn plan útspile, mar dat nimt net wei dat Cole de saak fan Kara yn it mulpunt fan 'e belangstelling brocht hat. Neitiid stelle ferskate wearwolven dy't yn it ferline famyljeleden ôfmeitsje moatte hawwe de regel fan ien jier oan 'e oarder. It wurdt dúdlik dat Kara op dit stuit bewize moatte sil dat se harsels sûnder help weromferoarje kin yn in minske, of oars sil Bran har ôfmeitsje moatte. Hatchard Cole hat mei syn dwaan mienens en wittens it libben fan Kara op it spul set, en dat is wat dat Asil net ferjitte sil.

Asil freget oft er Kara op net-magyske wize helpe mei, en dat wurdt tastien. Hy hellet dan ien fan syn swietrokichste roazen op, om't geuren faak tige sterk op it ûnthâld wurkje, en Kara no alle help brûke kin om 'e omstannichheden fan it momint te ferjitten. Ear't er weromgean kin nei it moetingssintrum, wurdt er oansprutsen troch syn âlde maat Devon, dy't ek gauris tiid trochbringt yn Asil syn kas, en sadwaande mei Kara yn 'e kunde kommen is. Devon hat himsels foar it earst yn mear as hûndert jier feroare yn in minske, inkeld en allinne om Asil oan te rieden foar Kara te sjongen wylst se besiket harsels te feroarjen. Dat Asil nimt behalven de roas ek ien fan Bran syn gitaren mei werom. De roas pleatst er ûnder Kara har noas, en neitiid sjongt er foar har, wylst er himsels begeliedt op it gitaar, in âld Spaansk ferske dat er trijehûndert jier lyn ek foar Devon syn dochter Freda songen hat. Healwei it liet jout er har in teken om yn in minske te feroarjen, en diskear slagget it Kara om sels de feroaring te begjinnen en te folbringen, oant se wer in famke is.

In pear wiken letter moat Asil in pear dagen fuort, en as er wer thúskomt, ynformearret Bran him dat dy krekt in tillefoantsje út Alaska hân hat. Hatchard Cole blykt ferdwûn te wêzen sûnder in spoar efter te litten. "Tsjong, dat is ek nuver," seit Asil. It ferhaal einiget as Kara berjocht kriget dat hat heit op besite komt, en dat dy diskear har mem meibringe sil.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Briggs, Patricia, Roses in Winter, yn: Briggs, Patricia, Shifting Shadows, New York, 2014 (Ace Books), ISBN 978-0 42 52 65 000.
Mercy Thompson (romansearje)
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost
Alpha and Omega (romansearje)
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows