Haadmenu iepenje

Seeing Eye is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Patricia Briggs. De titel betsjut letterlik: "Sjend Each", mar is in wurdboarterij dy't ferwiist nei de blinens fan 'e haadpersoan en de Ingelske beneaming seeing eye dog foar in blineliedhûn. It ferhaal heart ta de romansearje Alpha and Omega (in spin-offsearje fan 'e Mercy Thompson-rige). Seeing Eye spilet yn Seattle, likernôch in jier earder as de foarfallen yn 'e roman Moon Called. Yn dit ferhaal jout Briggs de foarskiednis wer fan 'e wite hekse Moira Keller en har man, de wearwolf Tom Franklin, dy't letter yn har wurk opdûke yn 'e roman Hunting Ground. Seeing Eye waard foar it earst publisearre yn 2009, yn 'e blomlêzing Strange Brew, ûnder redaksje fan P.N. Elrod. It ferskynde yn 2011 ek yn 'e blomlêzing The Urban Fantasy Anthology, en waard jitris publisearre yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows, út 2014.

Seeing Eye
auteur Patricia Briggs
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre fantasy
1e publikaasje 2009
oarspr. útjwr. St. Martin's Press
rige Alpha and Omega
bondel Strange Brew
The Urban Fantasy Anthology
Shifting Shadows

YnhâldBewurkje

Op in nacht, as se foar de safolste kear út 'e sliep holden wurdt troch nachtmerjes, wurdt der by de wite hekse Moira Keller oanbelle. It blykt de wearwolf Tom Franklin te wêzen, dy't yn it deistich libben by de plysje wurket. Hy hat fia-fia har kontaktgegevens krigen en hy is wanhopich. Syn broer Jon, ek in plysje, is ferdwûn by in undercoveroperaasje wêrby't er him foardie as in dakleaze. It iennichste spoar is in berjocht dat Jon efterlitten hat op Tom syn antwurdapparaat, dêr't de nammen 'Samhain's Coven' en 'Kouros' yn neamd wurde. Samhain's Coven blykt in heksering fan swarte heksen, te wêzen dy't sa machtich is dat nimmen Tom helpe wol. Moira, dy't yn har nachtmerjes al dagenlang har eigen dea foarsjocht, beslút dat lykwols al te dwaan.

It is de dei fan Halloween, of Samhain, sa't de oanhingers fan 'e wiccareligy it neame, en Moira is der wis fan dat Kouros, de lieder fan Samhain's Coven, in dakleaze fan 'e strjitte plôkje litten hat om him dy jûns by in offerritueel te deadzjen. Dat is nammentlik hoe't swarte heksen oan harren macht komme, troch de pine en eangst fan oaren. It hat útsoarte neat mei Halloween of Samhain te krijen, want dêr leaud Kouros net yn, likemin as yn 'e Grykske mytology, dêr't syn oannommen namme nei ferwiist. Mar hy brûkt alles wat yn syn kream te pas komt om syn gryp op syn oanhingers te fersterkjen. Moira wit dêr alles fan, want doe't se trettjin jier wie, hat Kouros besocht om har te twingen lid te wurden fan syn heksering. De blinens fan har rjochtereach is syn wurk. De blinens fan har loftereach hat se sels feroarsake, by wize fan offer om genôch macht te krijen om him te wjerstean.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Moira lit Tom har nei it plak fan 'e tillefoansel ta bringe dêr't Jon syn lêste tillefoantsje wei kaam. Om't op it antwurdapparaat te hearren wie hoe't Jon oermastere en ûntfierd waard, siket se dêr nei eat dat de ûntfierders efterlitten hawwe. As se dêrfoar in tsjoen brûkt en tagelyk Tom oanrekket, kin se ta har skok in bytsje sjen. It liket derop dat Tom in beskate affiniteit hat foar har magy, dy't har syn eagen brûke litte kin. Op dy wize fynt Moira in stik kaugom dat útspuid is troch Molly, ien fan 'e leden fan Samhain's Coven. Troch Molly har flibe te brûken, kin se bepale wêr't it fanke op dat stuit is en Tom dêrhinne liede.

Sa bedarje se op in leech perseel oan 'e igge fan 'e rivier, dêr't njonken de ruïnes fan in ôfbrând hûs in romme skuorre stiet. Dêr fine se Jon werom, fêstbûn oan ien fan 'e bynten, en ek Samhain's Coven. Tom giet op ferkenning út, mar Moira hat in better idee, en lûkt mei opsetsin de oandacht fan Kouros, sadat se finzen nommen wurdt. As Tom dat sjocht, nimt er syn wolvefoarm oan en glûpt er troch in iepening oan 'e efterkant fan 'e skuorre nei binnen ta. Kouros, dy't Moira har heit is en eins Lin Keller hjit, wol nochris besykje om Moira oer te heljen har by syn heksering te jaan, mar Molly, dy't Moira har jongere suster is, bepraat him om har daliks te deadzjen. De magyske oanfal fan 'e heksering slacht lykwols werom op Molly sels, mei't Moira Molly har flibe út 'e kaugom yn har ferdigening ferfrissele hat.

Nei de dea fan Molly is Kouros poerrazen, mar as der in reuseftige wearwolf yn harren fermidden ferskynt, jouwe de measte oare leden fan 'e heksering it oer en flechtsje alle kanten út. Kouros bynt lykwols al syn magyske krêft yn in oanfal wêrfan't er wit dat Moira dy net ôfslaan kin en lit dy los op Moira en Tom beiden. Mar dan bart der in nuver ding: om't Moira Tom oanrekket giet alle magy fan 'e oanfal troch de wearwolf hinne en arrivearret dan yn skjinmakke foarm by Moira, dêr't it har eigen reservoir fan magy oanfollet oant dat suver oerstreamt. Ynienen kin Moira alles sjen, salang't se Tom oanrekket, en se brûkt har magyske krêft foar in oanfal op har heit, wêrby't se de wurden "By it bloed dat wy diele" útsprekt. Kouros warskôget har dat sysels ek stjerre sil as se sokke magy brûkt, mar dat wit Moira skoan, want dat hat se ommers al dagenlang yn har nachtmerjes sjoen. Op it lêste momint, lykwols, stomt Tom har oan, sadat har betsjoening by Kouros lâns giet. Dêrop springt er nei foarren en byt Kouros de kiel troch.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Briggs, Patricia, Seeing Eye, yn: : Elrod, P.N. (red.), Strange Brew, New York, 2009 (St. Martin's Press), ISBN 978-0 31 23 83 367.
  • Briggs, Patricia, Seeing Eye, yn Beagle, Peter S., en Lansdale, Joe R., (red.), The Urban Fantasy Anthology, San Francisco, 2011 (Tachyon Publications), ISBN 978-1 61 69 60 186.
  • Briggs, Patricia, Seeing Eye, yn: Briggs, Patricia, Shifting Shadows, New York, 2014 (Ace Books), ISBN 978-0 42 52 65 000.
de Mercy Thompson-searje
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen
de Alpha and Omega-searje
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows