Strange Brew (ferhalebondel)
Strange Brew is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske redaktrise en skriuwster P.N. Elrod. It boek omfettet njoggen koarte ferhalen fan it fantasysjenre, dy't allegearre ta it subsjenre fan 'e urban fantasy hearre. De titel fan 'e bondel betsjut letterlik "Frjemd Brousel". De ferhalen yn Strange Brew binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Patricia Briggs, Jim Butcher, Charlaine Harris en Elrod sels.
Strange Brew | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | P.N. Elrod (red.) | |
taal | Ingelsk | |
foarm | ferhalebondel | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2009, New York | |
oarspr. útjwr. | St. Martin's Griffin | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 31 23 83 367 |
Alle ferhalen út 'e bondel waarden yn Strange Brew foar it earst útjûn, hoewol't de measten neitiid troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn binne yn eigen ferhalebondels. Strange Brew waard yn 2009 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij St. Martin's Griffin. De bondel wûn datselde jiers in earfolle fermelding yn 'e kategory bêste blomlêzing fan 'e PEARL Awards.
Ferhalen
bewurkje seksje- Patricia Briggs, Seeing Eye (ûnderdiel fan Alpha and Omega)
- Jim Butcher, Last Call (ûnderdiel fan The Dresden Files)
- Rachel Caine, Death Warmed Over
- Karen Chance, Vegas Odds
- P.N. Elrod, Hecate's Golden Eye
- Charlaine Harris, Bacon
- Faith Hunter, Signatures of the Dead
- Caitlin Kittredge, Ginger: A Nocturne City Story
- Jenna Maclaine, Dark Sins
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|