Shifting Shadows is in ferhalebondel fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. De titel betsjut: "Ferskowende Skaden". It boek befettet tsien koarte ferhalen fan it fantasysjenre, dy't hearre ta Briggs har nau besibbe romansearjes Mercy Thompson en Alpha and Omega. De ferhalebondel hat dan ek as ûndertitel: Stories from the World of Mercy Thompson ("Ferhalen út 'e Wrâld fan Mercy Thompson"). Fan 'e tsien ferhalen binne fjouwer yn Shifting Shadows foar it earst útjûn, wylst de oare seis al earder publisearre wiene yn ferskate blomlêzings mei wurk fan oare auteurs. De bondel omfettet ek twa stikjes út romans út 'e Mercy Thompson-rige dy't fuortredigearre binne út 'e boeken dêr't se oarspronklik foar skreaun wiene. Shifting Shadows waard yn 2014 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books.

Shifting Shadows
algemiene gegevens
auteur Patricia Briggs
taal Ingelsk
foarm ferhalebondel
sjenre fantasy
1e publikaasje 2014, New York
oarspr. útjwr. Ace Books
rige
rige Mercy Thompson
Alpha and Omega
kodearring
ISBN 978-0 42 52 65 000

Ferhalen bewurkje seksje

  1. Silver
  2. Fairy Gifts
  3. Gray
  4. Seeing Eye
  5. Alpha and Omega (eins gjin koart ferhaal, mar in novelle)
  6. The Star of David
  7. Roses in Winter
  8. In Red, with Pearls
  9. Redemption
  10. Hollow

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Mercy Thompson (romansearje)
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken
Alpha and Omega (romansearje)
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows