Wild Sign
Wild Sign is it sânde diel fan 'e Alpha and Omega-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. De titel betsjut gewoanwei "Wyldspoar", mar kin ek dûbelsinnich opfet wurde, as "Teken fan Wyldheid". Yn it boek ferwiist it yn it foarste plak nei in toponym. Wild Sign is in fantasyroman fan it subsjenre fan 'e urban fantasy, dy't skreaun is yn it personele perspektyf, en ferhellet oer de aventoeren fan it wearwolvepear Charles en Anna Cornick. Diskear dogge se ûndersyk nei de ferdwining fan in hiel doarp, dy't ferbân liket te hâlden mei it iere libben fan Charles syn styfmem Leah yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw. De roman waard foar it earst publisearre yn 2021, troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books, as hardcoveredysje.
Wild Sign | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Patricia Briggs | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2021, New York | |
oarspr. útjwr. | Ace Books | |
rige | ||
rige | Alpha and Omega | |
● foarich diel | Burn Bright | |
● folgjend diel | noch ûnbekend | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 44 00 01 584 |
Ynhâld
bewurkje seksjeYn Wild Sign tsjocht botanika Sissy Connors de bergen fan Noardlik Kalifornje yn, op 'e siik nei har heit, dy't him mei in lytse kloft lykstimden yn 'e wyldernis weromlutsen hat om offgrid te libjen yn in plak dat se "Wild Sign" neame. Hoewol't se ornaris kontakt ûnderhâlde troch briefkerij, hat Connors al ferskate moannen neat mear fan him fernommen. As se lang om let, nei in drege syktocht, Wild Sign fynt, blykt it folslein ferlitten te wêzen. De bewenners binne ferdwûn sûnder in spoar nei te litten.
Net folle letter komme der twa spesjaal aginten fan 'e Amerikaanske federale resjerzje FBI oan 'e doar by it wearwolvepear Charles en Anna Cornick, yn Aspen Creek yn Montana. Charles is de heal-Yndiaanske soan en plakferfanger fan Bran Cornick, de marrok (de lieder fan alle wearwolven yn Noard-Amearika). Hy en Anna hawwe de FBI earder ferskate kearen holpen by it oplossen fan boppenatuerlike saken (sjoch: Fair Game en Dead Heat). De aginten, Craig Goldstein en Leslie Fisher, fertelle dat der yn 'e bergen fan Noardlik Kalifornje in mienskip ferdwûn is fan lju dy't keazen hiene foar in libben yn 'e wyldernis. It measte lân dêromtrint is yn it besit fan 'e federale oerheid of heart ta in Yndianereservaat, mar it stikje dêr't Wild Sign fêstige wie, is priveebesit en eigendom fan in Leah Fenwood Cornick, de frou fan 'e marrok en Charles syn styfmem.
De marrok beslút Charles en Anna te stjoeren om 'e boel te ûndersykjen, mei Tag as stipe. Tag, eins Colin Taggart, is in reuseftige mar geastlik labile wearwolf, mar troch Anna, dy't as omega-wolvinne in delbêdzjende ynfloed op oare wearwolven hat, is er yn har selskip los fertroud. Ear't se ôfsette, ropt Bran syn soan Charles by him en fertelt him wat er wit oer it oanbelangjende stik lân yn 'e bergen. Leah waard berne om 1810 hinne en teach as teenager omtrint 1825 mei har âldelju nei Kalifornje, dêr't har heit, in predikant, it evangeelje mank de Yndianen ferspriede woe. De húshâlding kaam lykwols troch tsjinrampen, feroarsake troch in gebrek oan tarieding, al op 'e hinnereis yn 'e bergen fan Noardlik Kalifornje fêst te sitten. Se hiene dêr fan 'e honger omkommen as se net rêden wiene troch immen. Wa't dat wie, is ûnbekend, mei't Leah har oantinkens oan dy tiid dizenich binne en fol gatten sitte. De ymplikaasje is lykwols dat se better stjerre kinnen hiene, om't se yn 'e macht kamen fan in ûnmeilydsum meunster.
Bran sels hie ûnderwilens yn Montana kunde krigen oan Blauwe Houtekster, in Platholle-squaw wa har libben hy rêde troch har ek ta wearwolf te meitsjen. Neitiid rekken se fereale en trouden se. Blauwe Houtekster rekke swier fan Charles, en kaam by de befalling te ferstjerren. Bran, dy't dêr stikken fan wie, liet de opfieding fan it jonkje oan 'e heit fan Blauwe Houtekster oer, dy't in foaroansteand medisynman wie, wylst er sels ôfstân hold en úteinlik ôfsette om't it gemis him oermânsk drige te wurden.
Op syn swalkerstocht kaam er op in dei in swierferwûne wearwolf tsjin dy't tagelyk in tsjoender wie. Dat wie deselde dy't letter syn ûnthâld ferlear en no bekend stiet ûnder de nije namme Sherwood Post. Doe't er him om 1830 hinne trof, hie Post in jonge frou by him, Leah, de lêste oerlibbene fan alle lju dy't er út 'e macht fan in gefaarlik meunster rêden hie. Oer dat meunster woe Post fierders neat kwyt om it gjin nije macht te jaan, útsein dat er tocht dat er it deade hie, mar dêr net hûndert persint wis fan wie. Leah wie der noch minder oan ta as Post sels en lei yn it stjerren. Bran briek doe de wetten fan 'e wearwolven troch har sûnder dat se dêrfoar goedkarring jaan koe, te biten en ta wearwolf te meitsjen. Hy makke it noch minder trochdat er har troch de transformaasje hinne skuorde (dy't se oars net oerlibbe hawwe soe) troch in mystike partnerbân mei har oan te gean. Mei oare wurden: hy makke Leah op in net werom te draaien wize ta syn oarehelte sûnder dat sy him tawurd jûn hie. Dat is in oantaasting dêr't er him noch altyd tige foar skammet. It houlik tusken Bran en Leah hat sûnt altyd leafdeleas west, al berikten se meitiid in funksjoneel ekwilibrium. Wat it plak oangiet dêr't Wild Sign fêstige wie: dat wie persiis it plak dêr't Leah-en-dy finzen holden waarden foar't Post harren rêde, en neitiid hat Bran it foar har oankocht om't sy no krekt foarkomme woe dat der har wer lju nei wenjen sette soene.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Charles, Anna en Tag reizgje nei Noardlik Kalifornje, dêr't se oanstekke foar mear ynformaasje oer de boppenatuerlike aspekten fan dy krite by in Ford, dy't kunde fan Tag is en in sasquatch blykt te wêzen. Dyselde fertelt harren dat syn folk de krite fan Wild Sign mijt as de pest om't dêr eat sliept dat se net wekker meitsje wolle. Dat is ek de reden dat der net oer dat wêzen praat wurdt. Fan gefolgen kin Ford harren der net folle mear oer fertelle om't it himsels nea trochdien is. Wol wit er fan immen fan 'e United States Forest Service, dy't Wild Sign besocht hat, dat der likernôch fjirtich minsken wennen, wêrûnder gesinnen mei lytse bern.
Charles, Anna en Tag kieze dêrsanne in kampearplak út en de oare moarns tsjogge se yn harren wolvefoarm de bergen yn. Nettsjinsteande in grut tal betsjoenings dy't bedoeld binne om lju by Wild Sign wei te hâlden, witte se de ferlitten delsetting sûnder folle muoite te berikken. De tsjoenderij bestiet út wite magy (yn tsjinstelling ta swarte magy), sadat se har begjinne ôf te freegjen oft de bewenners soms wite heksen wiene. Mei't wite heksen bejage wurde troch swarte heksen, dy't harren tramtearje en úteinlik deadzje wolle om te parasitearjen op harren wite magy, soe it wêze kinne dat Wild Sign eins in skûlplak wie fan in kloft ûnderdûkers. De ûntdekkings dy't Charles, Anna en Tag yn 'e delsetting dogge, befêstigje alteast de teory dat de bewenners wite heksen wiene. Tag fynt in pûde mei in stikmannich poststikken dy't nea op 'e post dien binne. Dêr binne seis brieven by dy't rjochte binne oan Sissy Connors, skreaun troch har heit en opsteld yn 'e iene of oare koade. De rest bestiet út in pear sjeks dy't útskreaun binne troch in Carrie Green, wêrûnder ien oan Angel Hills (dat blykber in fersoargingstehûs is), op namme fan in Daniel Green. Dêropta ûntdekt Tag ek in plak dêr't alle húsdieren fan 'e lytse mienskip begroeven lizze. As se de bisten opdobje, docht bliken dat se troch de eigners sels ôfmakke binne.
Charles en Anna witte net wat se dêrfan tinke moatte. In eintsje fan 'e delsetting ôf treffe se in natuerlike dobbe yn 'e rotsen oan, dy't troch de bewenners ta in soarte fan auditoarium makke is foar it spyljen fan en harkjen nei muzyk. Dêr lizze in stikmannich muzykynstruminten te fergean, bleatsteld as se binne oan 'e eleminten, mar ien fluit is ûnskeind bleaun. Anna begiet de flater om dêrop te spyljen. Wannear't se dat docht, rekket se bestrûpt yn in betsjoening dy't har alle oantinkens oan 'e lêste jierren ôfnimt en weromsmyt yn it ferline nei de tiid dat se in mishannele en misbrûkt lid fan in ridel wearwolven yn Chicago wie (sjocht: Alpha and Omega). Hoewol't Charles har wit te kalmearjen en mei te troaien werom nei harren kampearplak, duorret it in etmiel foar't se wer de âlde is en har ûnthâld weromhat.
As se neitiid fertelt wat har oerkommen is, flapt Anna samar de namme "Sjonger yn 'e Bosk" derút as oantsjutting foar it meunster dat de heksen by Wild Sign wekker makke hawwe. Dat liket net samar in omskriuwing te wêzen, mar hoe't se wit dat it wêzen sa hjit, kin se net sizze. Anna makket foar moarn in ôfspraak mei Sissy Connors, dy't noch altyd yn Noardlik Kalifornje omstipt om't se har eigen ûndersyk nei de ferdwining fan har heit útfiert. Ek skillet se it fersoargingstehûs Angel Hills op, dêr't sy en Charles oaremoarn by Daniel Green telâne kinne.
By de moeting mei Sissy Connors en har frou Tanya Bonsu drage Charles en Anna de brieven oer dy't har heit oan Connors skreaun hie. Hoewol't se yn koade skreaun binne op seis opienfolgjende dagen, binne de brieven kwa ynhâld identyk, útsein dat Connors har heit, oan syn hânskrift te sjen, eltse dei slimmer agitearre wie. Connors befêstiget dat har heit in wite heks wie; dat wie de reden dat se mei-inoar yn koade kommunisearren. Dit is lykwols in âldere koade wêrfan't sy de kaai net by har hat. Se seit ta datoangeande har broer opskilje te sillen. Connors en har frou fertelle Charles en Anna ek dat Wild Sign in healjier earder troch de jonge fotograaf Zander besocht is, dy't noch altyd yn dizze kontreien tahâldt en yn syn libbensûnderhâld foarsjocht as iiskoferkeaper. Anna siket Zander letter op en befreget de bleue jongeman oer syn ferbliuw yn Wild Sign. Dat smyt gjin nije ynformaasje op, útsein dat Zander guon fan 'e bewenners koe fan eardere moetings dy't er mei guon fan harren yn Alaska en de Sileenske Andes hân hie.
By it besyk oan Angel Hills docht fuortendaliks al bliken dat it fersoargingstehûs, nettsjinsteande de namme, stjonkt nei swarte magy en eksploitearre wurdt troch swarte heksen. De lju dy't der "fersoarge" wurde, binne eins finzenen dy't op deistige basis tramtearre wurde sadat de heksen op harren parasitearje kinne. Daniel Green blykt de pake fan Carrie Green te wêzen, mar Charles ken de âldman werom ûnder de namme Daniel Erasmus. Hy is in aaklike heks dy't jierrenlang lytse bern tramtearre hat om der sels machtiger fan te wurden oant Charles en guon oare wearwolven fan 'e marrok dêr in ein oan makken. Se hawwe doe ôfweefd mei Erasmus syn frou, dy't ek in swarte heks wie, mar de baas fan 't spul ûntgloep harren. Charles hat neitiid jierrelang nei him socht om him út 'e ljochten te helpen, mar no is er ree om him yn syn eigen sop gearsiede te litten yn Angel Hills, dêr't syn pakesizzer Carrie, in wite heks, him opburgen hat doe't er net mear foar himsels soargje koe.
Tusken de jammerklachten oer syn bestean yn Angel Hills en syn ferwinskings oan it adres fan syn pakesizzer troch fertelt Erasmus oan Charles en Anna dat de mienskip fan wite heksen Wild Sign mei opsetsin boud hat op it plak dêr't de Sjonger yn 'e Bosk slommere, dy't se seagen as in ûnstjerlike god of eat dat dêr hiel deun tsjinoan siet. Se hantsjebakten mei him en sleaten twa oerienkomsten. As se him te iten joegen, wat se diene troch yn it auditoarium muzyk te spyljen, soed er harren macht jaan. En fierders soe hy harren yn Wild Sign beskermje tsjin al harren fijannen yn ruil foar "rinners yn 'e wrâld". Dat binne bern fan syn geast, fuortbrocht út geslachtsmienskip tusken in man en in frou, wêrby't de Sjonger de libbensfûnk oanlevere. Sokke rinners yn 'e wrâld hied er ferlet fan om foar him de wide wrâld yn te tsjen en dingen foar him te finen en him iten te bringen. Nei harren petear mei Erasmus besykje de swarte heksen dy't Angel Hills runne, Charles en Anna finzen te nimmen. It blike leden fan 'e Hardesty-famylje te wêzen, dêr't Charles en Anna al earder ris in oanfarring mei hân hawwe (sjoch: Burn Bright) en Charles syn pleechsuster Mercy ek (sjoch: Storm Cursed). Charles en Anna witte har lykwols mei it uterjen fan bedrigings in paad nei bûten ta te klearjen.
Neitiid komt by tillefoanysk oerlis mei Bran, de marrok, oan it ljocht dat Leah, foar't er har fûn, in bern hie, dat lykwols omkaam doe't Sherwood Post har befrijde út 'e kloeren fan wat sûnder mis de Sjonger yn 'e Bosk west hawwe moat. Bran hat har dêr lykwols nea nei frege út respekt foar har privacy, en no kin it net mear, want Leah is ferdwûn. Nei alle gedachten is se ûnderweis nei Wild Sign. Bran freget Charles om har op te fangen. Sels kin er net fuort om't syn persoanlike ridel fol sit mei labile wolven dy't net sûnder dominante alfa kinne, en de iennichste útsein Charles dy't him ferfange kin, Asil, byneamd de Moar, is op 't heden yn Billings.
Charles merkt op dat Cathy Hardesty, de heks mei wa't se yn Angel Hills praat hawwe, swier wie. Tag seit dat er by harren petear mei Sissy Connors rûkt hat dat sy ek swier is. Charles en Anna freegje harsels ôf oft Connors by har besyk oan Wild Sign soms yn 'e fâle fan 'e Sjonger bestrûpt rekke is en dêr no gjin oantinkens mear oan hat. Fierders foarmje se de teory dat de froulju fan Wild Sign, dy't as wite heksen gjin probleem hân hawwe kinne om har eigen biology te behearskjen, derfoar soarge hawwe dat se nea swier wurde koene. Se tinke dat Carrie Green út Angel Hills wei folge is troch de Hardesty-heksen, dy't sa mei de Sjonger yn 'e Bosk yn kontakt kommen binne en him op 'e slûchslimme set fan 'e wite heksen wiisd hawwe. De Sjonger soe it dwaan fan 'e wite heksen as ferrie beskôge en wraak op harren nommen hawwe. Charles riddenearret dat se mear oer de Sjonger yn 'e Bosk witte moatte foar't se de konfrontaasje mei him oangeane. Hy skillet syn pleechsuster Mercy op, dy't de dochter is fan 'e Yndiaanske trickster Coyote, om har heit oer de Sjonger te befreegjen.
Wannear't Anna nei Sissy Connors ta giet om har te warskôgjen oer har swierens, docht bliken dat Connors har yndie net tebinnenbringe kin hoe't se yn ferwachting rekke is. It ûnderwilens dekodearre brief fan har heit befêstiget de rest fan 'e teoryen fan Charles en Anna. Connors har heit warskôget syn dochter dêryn om beslist net nei Wild Sign te kommen, mei't alles misbeteard is en hy en de oare bewenners folslein yn 'e macht fan 'e Sjonger binne. Se hawwe besocht om út te naaien, en doe om harsels om te bringen, en dêrnei om inoar te deadzjen, mar neat fan dat alles lit de Sjonger barre. Se witte dat der no swarte heksen mank harren binne, mar kinne dêroer fierders neat ûnthâlde. Se ferwachtsje dat it no net lang mear duorje sil foar't de Sjonger mei harren útboarte is en harren deadzje sil. Dêrom hawwe se sels alle húsdieren alfêst ôfmakke, dy't sûnder minsklike fersoarging yn it wyld net oerlibje kinne soene.
Dy nachts, wylst Charles en Tag troch in betsjoening yn 'e sliep holden wurde, naait Anna út. Se mient dat se santjin jier is en dat se fereale is op Zander, de jonge fotograaf, mei wa't se mei in auto de bergen yn riidt. Underweis wurde se sjoen troch Leah, dy't net allinnich Anna werom ken, mar ek it gesicht fan in man dy't al twahûndert jier dea heart te wêzen. Tag, op wa't tsjoenderij mar mei muoite fet kriget, wurdt te neare nacht wekker en beseft dat er wat net kloppet as er sjocht dat de auto poater is. Hy hat der bodzjen oan om Charles wekker te krijen, mar dan stelle se in Land Rover en sette de efterfolging yn. Underweis de bergen yn skillet Charles syn heit op, mar kriget ynstee Asil oan 'e tillefoan, dy't troch Bran halje-trawalje út Billings nei hûs ta roppen is. Bran is dan al yn it fleantúch ûnderweis nei Kalifornje, mei, sa bewissiget Asil Charles, it magyske swurd dat de ûnstjerlike ierdgeast Jonesy brûkt hat om himsels mei tekoart te dwaan (sjoch: Burn Bright).
As se net fierder kinne mei de auto, sette Zander en Anna harren tocht nei Wild Sign geandefoets troch. Anna besiket oan 'e ynfloed fan Zander te ûntkommen, mar hy hâldt har yn 'e besnijing troch mei har ûnthâld om te prutsen. Wannear't Charles en Tag de lege auto weromfine en de rook fan Zander ûntdekke, spekulearje se dat Zander in 'rinner yn 'e wrâld' is fan 'e Sjonger. Zander bringt Anna nei in grot deunby Wild Sign, dêr't er har in skoft allinne lit. Wylst er fuort is, wit se foar in diel wer ta harsels te kommen. Leah dûkt op en liedt har fia in oare rûte ta de grot út. Dêrby komme se in romte foarby dêr't de lichems fan 'e bewenners fan Wild Sign lizze, dy't mummifisearre binne en lykwols dochs noch libje, en yn dy steat holden wurde troch de Sjonger.
By de útgong fan 'e grot komt Zander de beide froulju mei in pistoal oer it mad. As er Leah weromken, wurdt er bot opsternaat en sprekt er har oan mei "mem". It docht bliken dat Zander yndie in rinner yn 'e wrâld fan 'e Sjonger is, dy't al dy jierren lyn ûnder ynfloed fan 'e Sjonger by Leah oanset is troch har eigen heit. Zander beskuldiget Leah fan ferrie, mei't sy "it Grutte Bist" (de wearwolf-tsjoender Sherwood Post) yn it sintrum fan 'e macht fan 'e Sjonger brocht hat. Yn it dêropfolgjende gefjocht rekke de Sjonger sa swier ferwûne dat er twahûndert jier yn 'e wetters ûnder de Ierde opbetterje moatten hat. Post skuorde him ek syn tonge út, en fan gefolgen kin de Sjonger net mear sjonge. Al de Sjonger syn rinners yn 'e wrâld waarden troch Post deadien, útsein inkeld Zander. Leah seit tsjin him dat it har bot spyt, om't it har bedoeling wie dat hy ek ombrocht wurde soe. Dêrop besiket Zander har dea te sjitten, mar Anna, dy't ek in pistoal by har draacht, is him foar en sjit himsels dea.
Bûten de grot komme Anna en Leah op harren flecht by it auditoarium Charles en Tag tsjin. Se risselwearje om 'e berch del, mar de Sjonger yn 'e Bosk keart dat tsjin. Hy lit it auditoarium fuortsakje yn in sinkgat dat neitiid fol streamt mei seewetter, ek al befine se har hûnderten kilometers fan see ôf. De Sjonger ferskynt oan Anna, Leah, Charles en Tag as in reuseftige inketfisk, mei't er staljûn is troch it ynbyldingsfermogen fan 'e earsten fan 'e wite heksen fan Wild Sign dy't kontakt mei him hiene. Dat wiene fans fan H.P. Lovecraft, mei as gefolch dat se syn uterlik sûnder erch basearre hawwe op dat fan 'e boasaardige god Cthulhu, in personaazje út it wurk fan dy skriuwer. De fjouwer wearwolven reitsje yn gefjocht mei de Sjonger. Dat is in striid dy't se net winne kinne, net inkeld om't se it gigantyske meunster fysyk net oer kinne, mar ek om't se bot hindere wurde troch syn mentale oanfallen, wêrby't er harren kear op kear har ûnthâld ûntstelt. Leah, dy't skjin ynein is nei't se yn wolvefoarm fan Montana nei Kalifornje draafd is, rekket as earste ferwûne en útskeakele. Dêrnei wurdt Tag deadlik troffen troch in tentakel fan 'e Sjonger. Wylst er yn it stjerren leit, besiket Charles om in ridelbân tusken Tag en de Sjonger te foarmjen, sadat Tag de Sjonger meiskuorre kin yn 'e dea. Dat mislearret lykwols om't der te min oerienkomsten binne tusken de wearwolf en it meunster.
Op dat stuit arrivearret de marrok Bran Cornick yn in helikopter. Wylst er sels oer Tag gear giet om 'e âlde wolf te genêzen, smyt er Charles it swurd fan Jonesy ta. Dat is in magysk blank wapen, smeid troch de legindaryske Loan Maclibhuin, de Dûnkere Smid fan Drontheim, dêr't in soan fan 'e Keltyske god Lugh mei deade is. Charles wit ien fan 'e tentakels fan 'e Sjonger yn 'e Bosk mei it swurd oan 'e grûn fêst te speetsen, wêrnei't er wjerljocht út 'e loft ropt dy't it swurd treft. De Sjonger bliuwt dêrnei bewegingsleas lizzen. Leah beseft dat sy dejinge wêze moat dy't de striid besljochtet. Se giet werom nei de grot, dêr't se, sa't se al ferwachte hie, ûntdekt dat Zander mei help fan 'e Sjonger alle kûgels oerlibbe hat dy't Anna him troch de holle en it hert jage hat. Hy is lykwols tige swak en kin him net ferdigenje. Leah snijt him it hert út it liif, dat yn har hân trochkloppet. Se bringt it nei it plak fan it gefjocht, dêr't se it swurd út 'e tentakel fan 'e Sjonger lûkt, it hert fan Zander yn 'e wûne stoppet en dan trochstekt mei it swurd. Wannear't Charles fannijs de wjerljocht opropt, dy't it swurd wer treft, bliuwt fan 'e Sjonger inkeld jiske oer. Op dat stuit kriget Leah op slach al har oantinkens oan 'e foarfallen fan twahûndert jier lyn werom, wylst yn 'e Tri-Cities yn Washington Sherwood Post op syn bêd wekker skrikt en ynienen syn wiere namme wer wit.
Neitiid set Bran wer yn 'e helikopter ôf mei de ferswakke Leah en de noch altyd slim, mar net mear deadlik ferwûne Tag by him. Charles en Anna bliuwe efter om 'e neisleep fan it spul te berêden. Se geane de grot wer yn, dêr't Anna har man it paad wiist nei de mummifisearre en dochs libbene ynwenners fan Wild Sign. Charles stelt fêst dat der gjin mooglikheid bestiet om werom te draaien wat de Sjonger harren oandien hat. It iennichste wat er dwaan kin, is harren út har lijen ferlosse. Dêrfoar brûkt er it magyske swurd fan Jonesy, dat koarte metten makket mei de betsjoenings fan 'e Sjonger. Neitiid, wylst se de grot ferlitte, freget Anna oan Charles oft de sielen fan 'e minsken dy't er eutanasearre hat noch wol it paad nei it hjirneimels fine kinne sille. Charles wit dat net, mar as er omsjocht, krúst syn blik dy fan Coyote, wat him fertrouwen jout dat alles ynoarder komme sil.
Nei't Charles en Anna fuort binne, trochsiket Coyote de grot oant er yn in ûndjippe poel in lyts inketfiskeftich wêzentsje oantreft dat net grutter is as in teanneil. Hy beprakkesearret hoe wierlik dreech oft it is om in ûnstjerlik wêzen foargoed dea te meitsjen. Dêrnei beprakkesearret er dat de Sjonger yn 'e Bosk nei iel smakket.
Wannear't se de berch ôfgean wolle, wurde Charles en Anna tsjinkeard troch trije fan 'e Hardesty-heksen, dy't poerlulk binne dat se harren bûnsgenoat ferneatige hawwe. Foar't de konfrontaasje útrinne kin op geweld, dûkt lykwols ynienen Ford op. Dy hat as hoeder fan it wyldlân, wat de sasquatches eins binne, yn 'e wyldernis gruttere krêften as de heksen en leit der it near op dat se tsjoenderij brûke kinne. De heksen jouwe har dêrnei ôf om't se foar it ferstân krije dat se in gefjocht net winne kinne. Ford, dy't fielt dat er by Charles en Anna yn 'e skuld stiet om't se de oanwaaksende besmodzging op it wyldlân weinommen hawwe dy't de Sjonger yn 'e Bosk wie, seit ta dat er derfoar soargje sil dat de swarte heksen Wild Sign nea wer berikke kinne. Werom by harren motel treffe Charles en Anna Coyote, dy't harren derfan bewissiget dat de Sjonger wier dea is. Hy fertelt ek dat sûnder de Sjonger al syn rinners yn 'e wrâld omkomme sille: Sissy Connors hat al in miskream krigen en de Hardesty-heksen dy't swier binne, sille dat mei koarten krije. Mei't de rinners yn 'e wrâld de aspekten fan harren heit wjerspegelje (krekt sa't Mercy guon aspekten fan Coyote wjerspegelet), kin Coyote dêr net rouwich om wêze. Charles en Anna moatte him gelyk jaan.
Werom yn Aspen Creek wol Bran Cornick syn frou Leah te wurd. Sy is dêr neat te happich op om't harren houlik sûnt syn ierste oanbegjin, twahûndert jier lyn, leafdeleas en kâld west hat. Sy is derfan oertsjûge dat Bran no foargoed fan har ôf wol en fan doel is har fuort te stjoeren. Leah besiket logysk klinkende arguminten te formulearjen om by Bran bliuwe te kinnen, want sy hat yn har hiele libben mar fan trije persoanen wier holden: fan har earste bern, dat twa iuwen lyn troch Sherwood Post en harsels deade is foar't er in kâns hie om te libjen, fan Zander, har oare bern, dy't opgroeide ta in meunster dat se sels ombrocht hat, en fan Bran Cornick, in ûnbeäntwurde leafde, dy't se altyd geheim holden hat om't se wit dat hy neat om har jout. Bran fertelt Leah lykwols dat se min behannele is, net yn it lêste plak troch himsels, en dat it oars moat. Mar hy seit derby dat er har net kwyt wol. As se witte wol wêrom net, iepenet er foar it earst de mystike telepatyske partnerbân dy't tusken troude wearwolven bestiet en lit har sjen dat se allebeide twahûndert jier lang stom west hawwe om derfan út te gean dat se net faninoar holden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Mercy Thompson (romansearje) | |
---|---|
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost | |
Alpha and Omega (romansearje) | |
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors | |
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows |