Frost Burned (letterlik: "Troch Froast Brând") is it sânde diel fan 'e Mercy Thompson-rige fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. It is in fantasyroman fan it subsjenre fan 'e urban fantasy, dy't skreaun is yn it ik-perspektyf, en ferhellet oer de Amerikaanske monteur Mercedes "Mercy" Thompson, in jonge frou fan heal-Yndiaansk komôf dy't harsels feroarje kin yn in prêrjewolf. Frost Burned waard foar it earst publisearre yn 2013, troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books, as hardcoveredysje. Letter ferskynden der ek werprintingen yn paperbackfoarm by de Britske útjouwerij Orbit Books. Krekt as de oare dielen fan 'e rige wie Frost Burned in grut súkses en helle it de bestsellerlist fan 'e krante de New York Times.

Frost Burned
algemiene gegevens
auteur Patricia Briggs
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2013, New York
oarspr. útjwr. Ace Books
rige
rige Mercy Thompson
● foarich diel River Marked
● folgjend diel Night Broken
kodearring
ISBN 978-0 44 10 20 010

Mercedes "Mercy" Thompson is in jonge frou dy't it fermogen om harsels yn in prêrjewolf (coyote) te feroarjen urven hat fan in Yndiaanske heit dy't in ynkarnaasje fan 'e godheid en trickster Coyote wie. Hja hie yn 'e Tri-Cities (Richland-Kennewick-Pasco), yn 'e Amerikaanske steat Washington, as monteur en eigneresse fan in garaazje in relatyf normaal bestean opboud oant se yn 'e foargeande dielen fan 'e searje almar djipper behelle rekke yn 'e oangelegenheden fan 'e pleatslike boppenatuerlike mienskip. Boppedat is se ûnderwilens troud mei har eardere buorman Adam Hauptman, in skieden heit mei in tinerdochter, dy't ek de alfa (lieder) fan 'e pleatslike Kolumbia-troep fan wearwolven is.

Yn Frost Burned is Mercy op Swarte Freed let op 'e jûn mei har styfdochter Jesse út te krystkadowinkeljen as se in oanriding kriget wêrby't sy en Jesse lokkigernôch inkeld wat kniezings en blauwe plakken oprinne. Mercy har âlde Folkswein Golf is lykwols total loss. As se har man Adam en dêrnei oare leden fan 'e Kolumbia-troep besiket te skiljen, kriget se nearne gehoar, ek net by har freon Kyle Brooks, in minsklike man dy't in relaasje hat mei Warren, de op twa nei meast dominante wearwolf út 'e troep. Gabriel Sandoval, in jonge dy't by Mercy yn 'e garaazje wurket en ferkearing hat mei Jesse, nimt ek net op. Mercy rekket tige ûngerêst, mar hat gjin ferfier. Uteinlik liftsje sy en Jesse mei yn 'e sleepauto dy't it wrak fan har Golf nei har garaazje ta sleept.

Yn har garaazje wurde Mercy en Jesse opwachte troch Gabriel en Ben Shaw, ien fan Adam syn wearwolven. Gabriel hat spul mei syn mem om syn bannen mei de pleatslike wearwolvetroep, en wennet dêrom no yn Mercy har âlde wente, njonken Adam syn hûs, dy't leech kommen is no't Mercy by Adam ynlutsen is. Gabriel fertelt Mercy dat Ben let op 'e jûn by him it hûs ynkrong, him fan bêd ôf skuorde en him twong om him nei de garaazje ta te riden. Ben sels is heal bedwelme troch in ferdôvingspylkje en hat ek in skotwûne yn 'e ûnderskonk dy't hiel stadich genêst om't er mei in sulverne kûgel tabrocht is (wearwolven kinne net oer sulver). Hoewol't er mar kwealk oansprekber is, wit er Mercy dúdlik te meitsjen dat in grutte groep swierbewapene en goed treende manlju Adam syn hûs binnenfallen is en dêr it grutste part fan 'e wearwolvetroep finzen nommen hat. Se bearden dat se federale aginten wiene, en dêrom fersetten de wearwolven har te let. Ben wie boppe, hearde it trelit en wist fia in rút en it dak te ûntsnappen.

Mercy is tige ûntrêstge oer dizze gong fan saken, en besiket kontakt te lizzen mei Bran Cornick, de marrok, dy't oer alle wearwolven yn Noard-Amearika hearsket. Dy hat lykwols earder op 'e jûn fia in tekstberjocht dat Mercy ek ûntfongen hat, in tillefoanstilte ôfkundige, dat se kin him net skilje. Yn in auto dy't foar ûnderhâld yn har garaazje wie en dus net nei harsels trasearber is, riidt se mei Jesse, Gabriel en Ben nei it hûs fan har pleechbroer Samuel Cornick, de soan fan 'e marrok, dy't ek yn 'e Tri-Cities wennet. Samuel blykt lykwols by syn heit yn Montana te wêzen, en de iennichste dy't thús is, is syn partner, de ierdgeast Ariana.

By Ariana thús hat Mercy even de kâns om wat ta rêst te kommen, en dan kin se fia de mystike partnerbân dy't se mei Adam ûnderhâldt, him gewaarwurde. Hy is swier bedwelme mei in ferdôvingsmiddel op basis fan sulver, en alle oare wearwolven fan syn troep binne by him en krektlyk bedwelme. Se wurde fêstholden yn in ûnbeskate romte troch manlju ûnder lieding fan immen dy't himsels 'Mr. Jones' neamt. Sûnt de wearwolven en de ierdgeasten harren bestean oan 'e minskheid bekend makke hawwe, is der yn 'e Amerikaanske polityk in streaming ûntstien dy't foarstanner is fan hurde maatregels tsjin sokke boppenatuerlike wêzens. 'Mr. Jones' wol no dat Adam in oanslach útfierd op it libben fan in senator Campbell, ien fan 'e foaroanlju fan dy streaming. Hoewol't Adam net folle op hat mei Campbell, beseft er dat sa'n oanslach eins tsjin 'e wearwolven rjochte is; it is dúdlik 'Jones' syn bedoeling om in oanlieding te skeppen foar it oannimmen fan wetten tsjin 'e wearwolven troch it Amerikaanske Kongres. Ut it praat fan 'Jones' en oaren makket Adam fierders op dat de lju dy't him en syn troep finzen nommen hawwe, út twa groepen besteane: lossleine âld-aginten fan Cantrip (eins CNTRP), it nije federale agintskip dat ynformaasje oer de ierdgeasten, de wearwolven en oare boppenatuerlike wêzens sammelje moat; en goed treende hierlingen mei in militêre eftergrûn. Om him fan Adam syn meiwurking te bewissigjen, sjit 'Jones' by wize fan warskôging Peter Jorgensen dea, de iennichste ûnderdienige wearwolf út 'e ridel. De man is him der ûnbewust fan hoe'n grutte flater oft er dêrmei begien hat. Al dizze ynformaasje komt Mercy oan 'e weet fia har bân mei Adam. Neitiid set Ariana op fersyk fan Mercy ôf nei Montana om 'e marrok te fertellen wat der mei Adam en troep bard is.

Dêrnei is Mercy har heechste prioriteit om Jesse yn feilichheid te bringen. Dejingen dy't efter de finzennimming fan 'e troep sitte, hawwe alle wearwolven witten te finen, ek al wiene der noch ferskaten dy't it feit dat se wearwolven wiene, tige mei sin geheim holden. Mercy riddenearret dat se alles oer har en har freonen witte moatte, en beslút Jesse en Gabriel nei it appartemint fan Sylvia Sandoval, Gabriel syn mem, te bringen. It is rûnom bekend dat Gabriel en syn mem spul hawwe en al yn in jier net mei-inoar praat hawwe, dat dat liket har it lêste plak ta dêr't immen om harren sykje soe. Sy en Gabriel syn fiif jongere suskes witte Sylvia sa te bepraten dat dy dermei ynstimd en begraaf de striidbile. Neitiid skillet Mercy har freon Tad, dy't heal-ierdgeast is. Him freget se om by it appartemint fan 'e Sandovals de wacht te hâlden.

As Jesse en Gabriel einlings feilich binne, riidt Mercy mei Ben nei it hûs fan Kyle en Warren, om te sjen hoe't it der foarstiet mei har freon Kyle Brooks. Dêrby ropt se de help yn fan har freon Stefan, in fampier. It docht bliken dat Kyle thús finzen holden wurdt troch in stikmannich hierlingen. Guon dêrfan hâlde ûnder de wacht, wylst twa oaren Kyle op syn sliepkeamer yninoar slane om't se witte wolle wêr't Mercy en Jesse binne. Stefan weeft flot mei dy beiden ôf, wêrnei't Mercy de plysje skillet, dy't it hûs bestoarmet en de oare hierlingen ynrekkenet.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei oerenlang oer de hiele saak yn 't ferhoar nommen te wêzen op it plysjeburo, jout Mercy har eefkes del yn Kyle syn hûs, dat no bewekke wurdt troch de (minsklike) wurknimmers fan Adam syn befeiligingsbedriuw. Hja dreamt dan hja by Adam is en dy kommunisearret mei har fia harren partnerbân. Adam hat fia de mystike troepbannen dy't de alfa mei de leden fan syn wearwolvetroep ferbynt, safolle mooglik sulver fan 'e oare wearwolven 'opsûcht'. Hy is fan doel en gean dêrmei troch oant er it sels bestjert. Tsjin dy tiid sil de bedwelming fan 'e oare wolven útwurke wêze en kinne dy ôfweze mei harren finzennimmers. Mercy wol dêr neat fan witte, mar Adam is net op oare gedachten te bringen. Dan heart se de stim fan Coyote, dy't har ynflústeret hy altyd wint om't er him net oan 'e spulregels hâldt. Mercy beslút dat sy har as Coyote syn dochter ek neat fan 'e spulregels oan hoecht te lûken, en lûkt alle sulver yn Adam syn lichem fia de partnerbân nei harsels ta, mei't sy gjin wearwolf is en sulver foar har gjin gefaar ynhâldt. Neitiid koarret se, ta ûntsetting fan Ben en Kyle, in hiele plasse sulver op, en binne har lippen swart fan alle sulver dat har noch yn it lichem sit.

Koarte tiid letter komt de lieder fan 'e hierlingen by Adam. De man fertelt him dat hy en syn mannen fuortgeane. It docht bliken dat de hierlingen dy't arrestearre wiene yn it hûs fan Kyle Brooks koart nei't se op boarchtocht frij kommen wiene, likwidearre binne troch 'Mr. Jones' syn ûnderhearrigen, dy't blykber gjin libbene tsjûgen fan it hiele spul hawwe woene. De hierling beskôget himsels as in professional en sjocht dit as klearebare ferrie. Hy wol fierders neat mei de kwestje te krijen hawwe, mar jout Adam by wize fan wraak de kaaien fan syn sulveren boeiens en lit de seldoar iepen stean. Dêrop wachtet Adam, dy't no hielendal net mear bedwelme is, oant de hierlingen fuort binne en weeft dan yn syn wolvefoarm ôf mei 'Jones' en de oare eardere Cantrip-aginten. It gebou dêr't hy en syn wolven fêstholden waarden, baarnt er plat.

Underwilens steane twa manlju by Kyle foar de doar. De iene is Lin Armstrong, in echte agint fan Cantrip, dy't tige yn ferlegenheid brocht is troch de aksjes fan syn eardere kollega's, en de oare is Asil Moreno, in tige âlde, neat te stabile wearwolf dy't troch de marrok stjoerd is. Mercy beslút dat se no earst Jesse en Gabriel by Kyle yn 'e hûs helje wol, en tegearre mei Asil giet se nei it appartemint fan 'e Sandovals. As se dêr út 'e auto stapt, wurdt se oanfallen troch in healbloed-ierdgeast, dy't lykwols fuortendaliks deade wurdt troch Asil. Yn it appartemint is ûnderwilens in gefjocht oan 'e gong tusken Tad en in oare ierdgeast. Wylst Gabriel en Jesse de fiif jonge Sandoval-famkes evakuëarje, minge Mercy en Asil harrren yn 'e striid. As Adam opdûkt en de fijannige ierdgeast syn magyske swurd ek noch kwytrekket, jout er belies en naait er út. Tad ûntfermet him oer it swurd, mar sadree't Mercy Adam sjocht, makket der him in betsjoening fan har master, dy't har har frije wil ûntnimt.

Dêrop nimt Tad harren mei nei it hûs fan syn heit, Mercy har âlde baas Siebold "Zee" Adelbertsmiter, in metaalbewurkjende ierdgeast, dy't ek de makker fan Honger blykt te wêzen, it swurd dat Tad by it gefjocht bútmakke hat. Zee fertelt Adam hoe't er Mercy fan 'e betsjoening ferlosse kin, en neitiid ûntdocht er Mercy ek fan alle sulver dat se noch altyd yn har lichem hat, sadat se Adam wer tútsje kin sûnder him blierren op 'e lippen te besoargjen. Werom by Kyle thús nimme Mercy, Adam, Asil, Tad, Ben, Kyle, Warren en Mercy har freon Tony Montenegro, in plysjeresjersjeur út Kennewick, diel oan in oerlis mei agint Armstrong. No't de hierlingen har weromlutsen hawwe en 'Mr. Jones' en syn minsken dea binne, liket it harren dat der noch trije boeven op frije fuotten binne. Dejinge dy't de ynformaasje oer alle leden fan Adam syn troep trochspile hat, kin bûten beskôging litten wurde, want dêr sit Charles Cornick, de soan 'e marrok, no efteroan. De ferrieder yn it befeiligingstiim fan senator Campbell, dêr weeft agint Armstrong mei ôf. Bliuwt oer de grutte ûnbekende mei it jild, dy't de yn prinsipe earmlestige eardere Cantrip-aginten fan 'e middels foarsjoen hat om in detasjemint heech oanskreaune en goed oefene hierlingen mei it beteljen.

Dy jûns, wylst Adam fuort is om in fraachpetear op 'e tillefyzje te jaan mei as doel om 'e publike opiny oan 'e kant fan 'e wearwolven te krijen, komt der by Kyle Brooks, dêr't Mercy noch altyd ferbliuwt, in fampier oan 'e doar dy't him foarsteld as Thomas Hao. Hy nûget Mercy en Adam út foar in moeting mei Marsilia, de masteresse fan 'e fampieren yn 'e Tri-Cities. Om't Adam der net is, nimt Mercy Asil en Honey, oare wearwolf, mei. Boppedat jout Tad har it swurd Honger mei, dat ynklapt wurde kin oant in stikje metaal dat yn 'e broeksbûse meidroegen wurde kin. Hao liedt harren lykwols net nei de wente fan Marsilia ta, mar nei de útbaarnde loads dêr't Adam en syn wolven troch 'Jones' fêstholden waarden. Dêr komt de aap út 'e mouwe. De hiele saak hie eins neat mei de wearwolven te krijen, mar wie in oanfal op Marsilia har hearskippij yn 'e Tri-Cities troch William Frost, in mâle fampier dy't ûnderwilens al syn soartgenoaten yn Washington, Oregon, Kalifornje en Nevada ûnder syn bewâld brocht hat. Yn Kalifornje is inkeld San Fransisko noch frij fan syn ynfloed, en yn Washington de Tri-Cities en Seattle. It docht bliken dat Thomas Hao de master fan San Fransisko is, dy't in ferbûn sletten hat mei Marsilia.

Marsilia hat, foar in diel troch tadwaan fan Mercy (sjoch: Blood Bound en Bone Crossed) de lêste tiid ferskate sterke ûnderhearrigen ferlern, en is dêrom kwetsber foar har fijannen oer. Adam en syn wearwolven hawwe yn it ferline ferskate kearen gedoente mei Marsilia en har fampieren hân, en om har eigen swakte te ferbergjen, hat Marsilia nei bûten ta de yndruk wekke dat der tusken har en Adam in ferbûn bestie. Adam wist dêrfan, mar liet it gewurde om't er fûn dat it de ûnwinske boppenatuerlike bemuoienissen mei de Tri-Cities ta it minimum beheinde, en dêr hie eltsenien baat by. No liket it der lykwols op dat Frost miende dat er earst Adam en syn wearwolven útskeakelje moast ear't er Marsilia oanfalle koe. Dêrta foarseach er in groep malkontinten binnen Cantrip fan 'e finânsjes dy't se ûntbearden om hierlingen yn 'e earm te nimmen, mei as iennichst betingst dat harren aksjes tsjin Adam-en-dy rjochte wêze moasten.

Fan 'e jûn hâlde de fampieren neffens de regels dy't opsteld binne troch Iacapo Bonarata, de master fan Milaan, dy't bekend stiet as de Hear fan 'e Nacht, in twastriid. Dêrby meie Marsilia en Frost allebeide twa helpers oanwize. De beide trio's sille dan yn it striidperk dat foarme wurdt troch it útbaarnde gebou it gefjocht mei-inoar oangean. Om't Frost in foarm fan magy behearsket wêrfan't se tinkt dat Mercy dy tsjingean kin, kiest Marsilia Mercy út as ien fan har helpers. Thomas Hao is har oare sekundant. Frost kiest foar Shamus, de eardere master fan Reno, in fampier dy't er brutsen en ta in dûm meunster makke hat, en foar Wulfe, in geastlik net alhiel sûne fampier en tsjoender dy't eins ta Marsilia har ûnderdienen heart. Mercy wit dat sysels tige kwetsber is yn in gefjocht mei fampieren, mar Frost hat plannen om it bestean fan 'e fampieren oan 'e minskheid te iepenbierjen en wol yn in totale oarloch de minsklike beskaving tebrekke, sadat fampieren tenei wer yn alle iepenheid har gong gean kinne. Dat sil him nei alle gedachten net slagje, mar it bloedferjitten dat Frost mei syn healwize opstigings feroarsaakje kin, is alderferskuorrendst. Dêrom fielt Mercy dat se hjir net foar wei kin.

Marsilia, Hao en Mercy prate ôf dat Marsilia it tsjin Frost opnimme sil, wylst Hao Shamus en Wulfe dwaande hâldt. Underwilens sil Mercy der alles oan dwaan om Frost syn tsjoenderij tsjin te kearen. Under it gefjocht ropt Frost de geasten op fan 'e Cantrip-aginten, dy't Adam yn 'e loads fermoarde hat, om se yn te nimmen en te fertarjen. Eltse kear as er dat docht, wurdt er sterker en flugger. Mercy ûntdekt dat hja de geasten nei it hjirneimels stjoere kin troch se oan te reitsjen mei it Laam fan God, in symboal fan it kristendom, dat se as hinger oan in halskeatling draacht. Ien kear komt Frost Mercy hast oer it mad, mar se wurdt rêden troch Wulfe, dy't òf oermjitte knoffelich is, òf in dûbel spul spilet. Tsjin 'e ein fan it gefjocht, as Marsilia en Wulfe tydlik útskeakele binne en Hao dwaande is mei Shamus, komt Mercy wer foar Frost oer te stean, mar diskear hat se Honger yn 'e hân. Trochdat se sa fluch is as in prêrjewolf, kin se har him dêrmei fan it liif hâlde, oant er har by de pols grypt en nei him ta skuord. Mar Mercy feroaret harsels yn in prêrjewolf, byt him yn it gesicht, feroaret werom ear't har klean de kâns krigen hawwe om ôf te sakjen, pakt it swurd op en stekt him Honger yn it liif. Op dat stuit arrivearret Adam yn syn wolvefoarm, dy't de deadlik ferwûne fampier útinoar skuord.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Mercy Thompson (romansearje)
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost
Alpha and Omega (romansearje)
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows