Butte (útspr.: [bju:t], likernôch: "bjûût") is in stêd yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Montana. It is it haadplak fan it omlizzende Silver Bow County, wêrmei't it ien feriene bestjoer hat as de consolidated city-county Butte-Silver Bow. It wurd butte is in Ingelske term foar "steile heuvel". Butte waard yn 1864 stifte en wie oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw en it begjin fan 'e tweintichste iuw ien fan 'e grutste mynstêden fan 'e Feriene Steaten. Neffens in offisjele skatting út 2016 hie de stêd doe krapoan 34.000 ynwenners.

Butte
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Montana
County Silver Bow County
Sifers
Ynwennertal 33.853 (2016)
Oerflak 1.856,6 km² (ynkl. wetter)
1.855,1 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 18,2 / km²
Hichte 1.688 m
Oar
Stifting 1864
Tiidsône UTC –7
Simmertiid UTC –6
Koördinaten 46°0′23″N 112°31′47″W
Kaart
De lizzing fan Butte (read) yn Silver Bow County en yn 'e steat Montana.

Butte leit yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Montana en is ferneamd nei Big Butte, in heuvel fuort bûten de stêd (butte is Ingelsk foar "steile heuvel"). De stêd leit yn 'e Rocky Mountains, lyk op 'e kontinintale skieding. Oan 'e westkant dêrfan mûnje de rivieren út yn 'e Stille Oseaan, wylst se oan 'e eastkant nei de Atlantyske Oseaan of de Golf fan Meksiko streame. Butte hat formeel in oerflak fan 1.856,6 km², mar dat komt om't it bestjoerlik ien consolidated city-county foarmet mei hiel Silver Bow County, útsein it plak Walkerville. Yn wurklikheid beslane de beboude kom en himrik fan Butte in folle lytser gebiet.

 
De Anselmo-myn yn Butte, dy't iepengie yn 1887.

De oarspronklike bewenners fan 'e krite fan Butte wiene de Krieën en oare Yndiaanske folken. Doe't koart nei 1860 goud en sulver yn dy kontrei ûntdutsen waard, ûntstie op it plak dêr't Butte no leit al rillegau in goudsikerskamp. Yn 1864 waard de delsetting Butte offisjele stifte, yn itselde jier dat William L. Farlin der de Asteroid-myn iepene (letter bekend as Travona), de earste grutskalige mynbou-operaasje. De mynwurkers dy't op it wurk yn 'e myn ôfkamen, wiene foar it meastepart ymmigranten út Cornwall, Wales, Ierlân, Finlân, Noarwegen, Kanada, Libanon, Eastenryk, Itaalje, Sina, Servje, Montenegro en oare lannen.

Al dy groepen kloften op in eigen klútsje gear doe't se har yn Butte nei wenjen setten, sadat der in ferskaat oan etnyske buerten yn it stedsje ûntstie. It dúdlikst wie dat it gefal mei de Sinezen, dy't in eigen Chinatown opbouden yn Butte. Oars as de measte oare ymmigrantegroepen hiene sy ûnder slimme diskriminaasje te lijen fanwegen harren mongolide uterlik. Yn 1882 kaam der in ein oan 'e Sineeske ymmigraasje yn 'e Feriene Steaten troch de Wet op de Utsluting fan Sinezen (Chinese Exclusion Act). Yn in tiid fan ekonomyske depresje rôpen de fakbûnen fan 'e mynwurkers yn Butte yn 1895 út klearebare rasistyske beweechredens op ta in boycot fan bedriuwen dy't yn eigendom wiene fan Sinezen. Dêrop spanden de Sineeske ûndernimmers in rjochtsaak oan tsjin 'e fakbûnen en wûnen dy. De skiednis fan 'e Sineeske mienskip yn Butte wurdt tsjintwurdich beljochte yn it pleatslike Mai Wah Museum.

Troch de tastream fan rouwe mynwurkers krige Butte de reputaasje dat it in plak wie dêr't alles koe. Der wie in hoerebuert mei elegante bordelen oan Mercury Street, wêrûnder it ferneamde Dumas Brothel. Dêrefter wie de beruchte Venus Alley, dêr't selsstannige prostituees saken diene yn lytse houten hokjes dy't se 'krêben' (cribs) neamden. Op sokke attraksjes kamen net inkeld mynwurkers ôf, mar alderhanne manlju út 'e wide omkriten. De hoerebuert bestie fuort oant de fan oerheidswegen opleine sluting fan it Dumas Brothel yn 1982, en wie ien fan 'e lêste hoerebuerten dêr't prostituees legaal harren berop útoefenje koene yn 'e Feriene Steaten.

 
In trochgeande wei troch Butte.

Krekt doe't de goud- en sulverminen by Butte útdien rekken, ûntstie der troch de ûntwikkeling fan nije technologyen, lykas elektrisiteit (dêr't betriedding foar nedich is), grut ferlet oan koper. En dat siet by Butte noch by 't folop yn 'e grûn. Sadwaande ûntstie der in striid wêrby't fjouwer mynboumagnaten, de saneamde 'koperkeningen', inoar de rykdom oan dylchstoffen yn Butte besochten te ûntwrakseljen; dat wiene William A. Clark, Marcus Daly, F. Augustus Heinze en James A. Murray. Daly rjochte yn 1881, doe't er de Anaconda-myn yn 'e hannen krige, in mynboubedriuw op dat nei ferrin fan tiid alle oare minen op Butte Hill opkocht. Clark liet tusken 1884 en 1888 in útwrydske filla, de Copper King Mansion, foar himsels yn Butte sette. Yn 1899 kocht er ek in park oan, dêr't er it Columbia Gardens-ferdivedaasjepark bouwe liet, ynkl. in achtbaan en in mar om yn te swimmen en te kanojen.

Tsjin 1889 wie Butte it grutste plak fan Montana wurden. Allinnich al yn 1888 waard der in hoemannichte kopererts út 'e grûn helle dy't $23 miljoen wurdich wie; omrekkene yn jild fan 2018 is dat mear as $641 miljard. Om 1900 hinne wie Butte de grutste stêd tusken Chicago en San Francisco, dêr't mear koper produsearre waard as wêr ek yn 'e Feriene Steaten. Wrâldwiid die Butte op dat mêd inkeld ûnder foar Súd-Afrika. Troch it smoarge, drege en gefaarlike wurk fan 'e mynwurkers wie it ek in plak dêr't de fakbûnen, benammen de Butte Miners' Union (BMU), in protte oanhing en dêrtroch macht krigen. De BMU wie ien fan 'e organisaasjes dy't yn 1893 de lapen gearsmieten troch de Western Federation of Miners (WFM) op te rjochtsjen.

 
It ferdivedaasjepark Columbia Gardens yn 1905.

Yn 1899 rjochten de myneigners Marcus Daly, William Rockefeller, Henry H. Rogers en Thomas W. Lawson de Amalgamated Copper Mining Company op, dy't koarte tiid letter syn namme feroare yn Anaconda Copper Mining Company (ACM). Dat bedriuw woeks almar fierder oan en hie tsjin 'e 1920-er jierren frijwol it monopoalje oer alle minen yn 'e omkriten fan Butte yn 'e hannen krigen. Fan 1905 ôf krige in nij fakbûn, de Industrial Workers of the World (IWW) foet oan 'e grûn yn Butte. De striid tusken de IWW en de âldere WFM late yn 1914 ta de Arbeidsopskuor fan Butte, dy't de myneigners in treflik ferlechje joech om te wegerjen noch langer mei de fakbûnen te ûnderhanneljen. Dat betsjutte de ûndergong fan 'e WFM. De Anaconda Copper Mining Company besocht neitiid om syn wurknimmers foargoed los te weakjen fan 'e fakbûnen, mar dat besykjen rûn op 'e non doe't der gewelddiedige botsings útbrieken tusken mynwurkers en fertsjintwurdigers fan 'e ACM. Sa waard fakbûnslieder Frank Little yn 1917 lyncht troch befeiligingsminsken fan 'e ACM, en yn 1920 skeaten befeiligers santjin stakers yn 'e rêch wylst dy besochten te flechtsjen. By dat Bloedbad fan Anaconda Road fûn ien man de dea.

Yn deselde snuorje die him op 8 juny 1917 yn Butte in tragysk ûngelok foar, doe't der 600 m ûnder de grûn, yn 'e Granite Mountain-mynskacht, brân útbriek. By dy Spectator-mynramp spuide it fjoer reek en giftige gassen út yn it ûndergrûnske labyrint fan tunnels, dat yn ferbining stie mei de Spectator-myn. Benammen troch koalstofmonoksidefergiftiging kamen yn totaal 168 mynwurkers om. Neitiid waard foar harren in monumint, it Granite Mountain Memorial, oprjochte. De ramp late ta nije protesten en stakings, dêr't sa'n 15.000 mynwurkers oan dielnamen.

 
Butte in 1942.

Tusken 1914 en 1920 moast de Amerikaanske Nasjonale Garde seis kear yngripe yn Butte om 'e iepenbiere oarder werom te bringen. De deilisskip tusken de mynwurkersfakbûnen en de mynbedriuwen hold ek yn 1920-er en 1930-er jierren oan, mei om it hoartsje stakings, wêrfan't ien yn 1921 tsien moannen duorre. Op âldjiersjûn 1922 besochten demonstrearjende mynwurkers de Hibernian Hall, oan Main Street, op te blazen mei dynamyt. Yn 'e 1920-er jierren begûn De ACM syn aktiviteiten yn Butte werom te skroeven fanwegen de arbeidsyntinsiviteit fan ûndergrûnske minen en de konkurrinsje troch mynbedriuwen út Súd-Amearika. Fan gefolgen stapte de ACM úteinlik mids 1950-er jierren oer fan ûndergrûnske mynbou op deibou (mynbou troch in ûnbidich gat oan it ierdoerflak te graven).

De grutste deiboumyn yn Butte wie de Berkeley Pit, dy't de ACM yn 1954 iepene. Dêrfoar moasten tûzenen huzen yn 'e wyk Meaderville en omkriten wike, en letter ek yn McQueen en East Butte. Doe't er iepengie, wie de Berkely Pit de grutste mei frachtweinen bewurke deiboukopermyn yn 'e Feriene Steaten. Neitiid woeks er oanhâldend fierder oan, oant er tsjin 'e ein fan 'e 1960-er jierren it ferdivedaasjepark Columbia Gardens begûn te bedriigjen. Nei't dat yn novimber 1973 by in brân ferwuostge wie, waard op dat plak de Continental Pit, in oanbesibbe, lytsere deiboumyn, útgroeven. Yn 1977 waard de ACM oernommen troch de ARCO (Atlantic Richfield Company), dy't yn 1980 de earste minen yn Butte begûn te sluten fanwegen de sakjende metaalprizen. Yn 1983 gie as lêste ek de Berkeley Pit ticht.

 
It fersmoarge wetter yn 'e Berkeley Pit.

Datselde jiers waard troch wurkleaze âld-mynwurkers yn Butte de Butte Community Union (BCU) oprjochte, in fakbûn-eftige organisaasje dy't in detaillearre plan opstelde foar de refitalisearring fan 'e stêd. Ek behelle de BCU in juridyske oerwinning yn in rjochtsaak foar it Heechgerjochtshôf fan Montana tsjin 'e steatsoerheid, doe't dy tsjin 'e steatsgrûnwet yn alle wurkleazensútkearings ôfskaffe woe. Nei't de minen tichtgien wiene, waard ek opholden mei reinwetter fuort te pompen út 'e minen, mei as gefolch dat der in reservoir mei slim fersuorre wetter ûntstie, dat fersmoarge wie mei giftige swiere metalen. Iroanysk genôch ûntstie dêrtroch wer wurk foar alteast in part fan 'e wurkleaze mynwurkers, om't de miljeufersmoarging mei belestingjild opromme wurde moast, sadat der hûnderten nije banen kamen.

Underwilens waard de Continental Pit, dy't ek yn 1983 tichtgien wie, yn 1986 oankocht troch it mynboubedriuw Montana Resources LLP, dat de myn wer yn produksje naam. Yn 2000 gied er wer ticht, mar yn 'e hjerst fan 2003 waard er op 'e nij op lytse skaal yn produksje nommen. Yn totaal waard yn Butte fan 1880 oant 2005 mear as 9,6 miljoen ton koper út 'e grûn helle, mei dêropta 2,1 miljoen ton sink, 1,6 miljoen ton mangaan, 381.000 ton lead, 87.000 ton molybdeen, 22.000 ton sulver en 90 ton goud. Dêrmei waard mear as $48 miljard fertsjinne (net omrekkene nei hjoeddeisk jild). Ek tsjintwurdich noch hat Butte te krijen mei it beërf fan al dy mynbou, mei't op guon plakken yn en om 'e stêd hege konsintraasjes arsenikum en lead yn 'e grûn sitte.

 
De tagongspoarte fan 'e universiteit Montana Tech mei in stânbyld fan myneigner Marcus Daly.
 
De Berkeley Pit yn 1984.

Bestjoer en polityk

bewurkje seksje

Yn 1977 waard de stêd en gemeente Butte bestjoerlik gearfoege mei it omlizzende Silver Bow County. Dêrtroch krige de pleatslike oerheid de foarm fan wat yn 'e Feriene Steaten in consolidated city-county ("konsolidearre stêd-county") neamd wurdt. Yn polityk opsjoch is Butte, mei syn linkse skiednis fan it fakbûnswêzen, al fan it begjin ôf oan in bolwurk fan 'e Demokratyske Partij yn Montana, in steat dy't yn grutte mearderheid op 'e Republikeinen stimd.

Histoarysk stipe de ekonomy fan Butte suver inkeld op 'e mynbou. Oarspronklik gie it dêrby om goud en sulver, mar letter, doe't foar de betriedding fan elektrisiteit in grut ferlet oan koper ûntstie, naam dy dylchstof it wichtichste plak oer. Nei de Twadde Wrâldoarloch gie it mei de mynbou yn Butte lykwols stadichoan minder, oant der yn 'e earste helte fan 'e 1980-er jierren suver hielendal in ein oan kaam. Fan dy tiid ôf waard besocht om 'e pleatslike ekonomy te diversifiëarjen. Sûnt 2000 nimme benammen de sûnenssoarch en enerzjybedriuwen lykas de Renewable Energy Corporation en NorthWestern Energy in wichtich plak yn 'e pleatslike ekonomy yn.

Butte hat twa skoallen foar fuortset ûnderwiis: de iepenbiere Butte High School, dêr't 1.300 learlingen op sitte, en de kristlike Butte Central Catholic High School, dy't ressortearret ûnder it Roomsk-Katolike Bisdom fan Helena. Der is ek in ynstelling foar heger ûnderwiis yn 'e stêd fêstige, dy't yn 1889 oprjochte waard as de Montana School of Mines. Mids tweintichste iuw waard dy namme feroare yn Montana Tech (wat yn it Frysk werjûn wurde soe as "Technyske Universiteit fan Montana"). Yn 1994 waard Montana Tech ûnderdiel fan 'e gruttere Universiteit fan Montana, wêrfan't de haadfêstiging yn Missoula stiet. Montana Tech hat syn mynboukomôf net leagene, en spesjalisearret him noch altyd op 'e mêden fan geologysk en hydrogeologysk ûndersyk.

 
De Copper King Mansion, de filla fan myneigner William A. Clark.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Susterstêden

bewurkje seksje

Butte hie yn 1870 net mear as 241 ynwenners, mar tsien jier letter, yn 1880, wie it al útwoeksen ta in stedsje fan krapoan 3.400 minsken. Yn 1900 wiene der rom 30.000 ynwenners. It hichtepunt kwa ynwennertal berikte Butte yn 1920, doe't der krapoan 42.000 minsken wennen. Neitiid gie it stadich berchôf oant 1970, doe't der noch mar 23.000 ynwenners oer wiene. De befolking wie yn 1980 wer oanwoeksen ta 37.000, mar dêrnei sakke it nei 33.000 yn 1990. Sûnt dy tiid is it ynwennertal fan Butte min oft mear stabyl bleaun.

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie de stêd yn 2016 in befolking fan 33.853 minsken. De befolkingstichtens bedroech 18,2 minsken de km², mar dêrby is hast hiele Silver Bow County meirekkene, om't de stêd en de county bestjoerlik sjoen synonym binne. Yn wurklikheid leit de befolkingstichtens binne de beboude kom fan Butte fansels folle heger.

 
Sint-Patricksdei yn Butte, in typysk Iersk feest.
 
It sintrum fan Butte.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Butte 16,4% âlder as 65 jier en 26,9% jonger as 18 jier. Fierders bestie 56,4% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 19,2% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 90,7% blanken; 3,7% Latino's; 1,9% Yndianen; 0,5% Aziaten; 0,3% swarten; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 2,8% oaren of fan mingd etnysk komôf. Fan 'e blanken binne de Ieren de grutste subgroep, dy't mear as in fjirdepart fan 'e befolking fan Butte útmeitsje, wat in grutter persintaazje is as yn Boston (dat ornaris as de meast 'Ierske' stêd fan 'e Feriene Steaten sjoen wurdt).

Berne yn Butte

bewurkje seksje

Butte hat in steppeklimaat, mei lange en kâlde winters, en simmers dy't koart binne mei tige waarme dagen en skrouske nachten. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 26,6 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –1,3 °C. It hjitterekôr foar Butte wie 37,8 °C, op sawol 22 july 1931 as 30 juny 2000. De waarmste moanne ea wie july 2007, mei in trochsneed temperatuer oerdeis fan 31,6 °C. De kâldste moanne ea wie jannewaris 1937, mei in trochsneed temperatuer oerdeis fan –20,8 °C, wylst de kâldste winter ea dy fan 1948 op 1949 wie, mei in fearnsjiergemiddelde (dei en nacht) fan –14,1 °C. Butte kriget jiers trochinoar 324 mm delslach, wêrfan't de rein foar it meastepart yn 'e maityd falt. Ta de delslach wurdt ek de 152 sm snie rekkene, dy't ferdield oer it hiele winterhealjier falt.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Works cited en Further reading, op dizze side.