Blackveil is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Kristen Britain. De titel betsjut: "Swartwale", en ferwiist nei in wâld dêr't boasaardige magy hearsket. It boek fertelt it ferhaal fan 'e keapmansdochter Karigan G'ladheon, dy't tsjin wil en tank ien fan 'e saneamde Griene Ruters wurden is, de keninklike koeriers yn it keninkryk Sacoridia, en almar djipper behelle rekket yn 'e stiid tsjin 'e kwea-aardige tsjoender Mornhavon de Swarte en dy syn trewanten. Blackveil is it fjirde diel fan 'e Green Rider-searje, en folget as sadanich op 'e romans Green Rider, First Rider's Call en The High King's Tomb. Blackveil waard yn 2011 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Donato Giancola. Yn 2012 wie it nominearre foar de David Gemmell Legend Award for Best Fantasy Novel.

Blackveil
algemiene gegevens
auteur Kristen Britain
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2011, New York
oarspr. útjwr. DAW Books
rige
rige Green Rider-searje
● foarich diel The High King's Tomb
● folgjend diel Mirror Sight
kodearring
ISBN 978-0 75 64 06 608

Ynhâld bewurkje seksje

Blackveil spilet in fearnsjier nei de foarfallen yn The High King's Tomb, it foargeande diel yn 'e romanrige. Haadpersoan Karigan G'ladheon is in keapmansdochter dy't in jier as trije earder tsjin wil en tank ien fan 'e saneamde Griene Ruters wurden is, de keninklike koeriers yn it keninkryk Sacoridia. Krekt as de oare Ruters waard hja op boppenatuerlike wize ta dat amt roppen, mei't de Griene Ruters de lêsten yn Sacoridia binne dy't noch (op beheinde wize) gebrûk meitsje fan magy. Allegearre hawwe se in oanberne jefte op dat mêd, dy't fuortsterke wurdt troch it dragen fan 'e rutersspjelden: sierbrosjes dy't mear as tûzen jier lyn troch machtige tsjoenders makke binne. Karigan har jefte is dat se harsels ûnsichtber meitsje kin (hoewol by ljochtskyndei net folslein). Sels hie se der gjin idee oer wat der eins barde as se dat die, mar koartlyn is har útlein dat har oanberne jefte en de brosje mei-inoar har it fermogen jouwe om har op 'e drompel fan it deaderyk te bejaan. Dat is in foarm fan it oergean fan grinzen, en dêrmei besibbe is it fermogen ta tiidreizgjen. Hoewol't Karigan dat lêste net sels behearsket, is it har yn it ferline al ferskate kearen oerkommen dat se foar in skoftke meiskuord waard nei in oare tiid. It is om dy boppenatuerlike fermogens en om har wapenfeiten út it ferline, dat Karigan troch kaptein Laren Mapstone, de kommandant fan 'e Griene Ruters, útkeazen wurdt foar in ekspedysje nei it tsjustere wâld Swartwale (Blackveil).

Dat Swartwale wie oarspronklik it Eletyske keninkryk Argenthyne, mar lang lyn waard it yn 'e Lange Oarloch ferovere troch de boasaardige tsjoender Mornhavon de Swarte, dy't de pleatslike Eletyske befolking útmoardzje liet troch syn Arkoazyske troepen en oarkeftige grûnmiten en fan Argenthyne syn machtsbasis makke. Nei't Mornhavon oan 'e ein fan 'e oarloch ferslein en deade waard, slommere syn ûnrêstige geast dêr tûzen jier lang. Troch syn ynfloed rekke alles yn it wâld ferwrongen nei it kwea, sadat der by wize fan sprekken in swarte wale oerhinne kaam te lizzen. De Sacoridianen bouden doe de magyske D'yer-muorre, dy't it skiereilân fan Swartwale skate fan 'e rest fan Sacoridia oant de boasaardige Eletiër Shawdell der in brek yn sloech (sjoch: Green Rider). Doe't Mornhavon de Swarte net lang dêrnei út 'e dea opstie, hied er troch dy brek Sacoridia berikke kinnen as Karigan him net mei help fan 'e geast fan Lil Ambriodh, de stifteresse fan 'e Griene Ruters, meifierd hie nei in ûnbeskaat punt yn 'e takomst, om him dêr efter te litten.

Foar de winter hie prins Jametari fan Eletia oanjûn dat er it yn him omgean liet om in ekspedysje nei Swartwale te stjoeren, no't wis wie dat Mornhavon dêr net mear wie. Midden yn 'e winter komt de befêstiging: op 'e maitydsevening sille seis Eletiërs Swartwale yngean. Kening Zachary fan Sacoridia wurdt útnûge om guon minsken mei te stjoeren. Zachary, dy't syn Eletyske bûnsgenoaten net alhiel fertrout, beslút in gelikens oantal minsken ôf te furdigjen. Dêrûnder binne twa militêren (luitenant Grant en soldaat Porter) en de houtfêster Gillard Ardmont, dy't harket nei de ropnamme 'Ard' en in ûnderdien is fan 'e hear fan Coutre, Zachary syn oansteande skoanheit. Fierders sille der trije Griene Ruters mei: Lynx, dy't mei wylde bisten kommunisearje kin, de grapmakker Yates Cardell, dy't yn it tsjuster sjen kin, en Karigan G'ladheon. Mei dat lêste is kening Zachary it perfoarst net iens, want hy is fereale op Karigan, mar kaptein Mapstone hâldt út dat sy ien fan 'e Griene Ruters is dy't it meast geskikt is foar de ekspedysje, en úteinlik leit de kening him mei tsjinnichheid by har beslissing del. Richmont Spane, in ealman dy't oan it Keninklik Hof de hear fan Coutre fertsjintwurdiget, mar eins fral dwaande is om syn eigen belangen feilich te stellen, kriget lucht fan 'e gefoelens dy't de kening foar Karigan koesteret. Om't er har as in bedriging sjocht foar it foarnommen houlik fan 'e kening mei frouwe Estora fan Coutre, jout er Ard de opdracht en soargje derfoar dat Karigan net libben út Swartwale weromkomt.

By de D'yer-muorre hat Alton D'yer, in Griene Ruter dy't de opdracht hat om út te sykjen hoe't de brek yn 'e muorre reparearre wurde kin, einlings en te'n lêsten wat súkses boekt. De brek is noch altyd like wiid as earder, mar hy hat it fierder ôfbroazeljen fan 'e muorre oan wjerskanten fan 'e bres teminsten tsjinhâlde kinnen. As de minstreel Estral Andovian, Karigan har bêste freondinne út har studintetiid oan 'e Universiteit fan Selium, by de muorre arrivearret, wol Alton har earst fuortstjoere. Mar Estral is de dochter fan Aaron Fiori, de Gouden Beskermhear fan Selium, dy't oan it haad fan alle minstreels yn Sacoridia stiet. It sizzen is dat der Eletysk bloed yn 'e ieren fan 'e Fiori's rint, en Estral bewiist dat as se mei inkeld har sjongen de muorre fersterket. Alton rekket der dan fan oertsjûge dat Estral de kaai is ta de reparaasje fan 'e brek. Wylst se nau mei-inoar gearwurkje, reitsje se fereale opinoar en krije se in relaasje.

Koart foar de maitydsevening komme Karigan en de oare Sacoridiaanske leden fan 'e ekspedysje oan by de D'yer-muorre om dêr op 'e Eletiërs te wachtsjen. Om't it dúdlik is dat it tusken har en de kening fanwegen it stânsferskil nea wat wurde kin, hat Karigan harsels ûnderweis dêrhinne oanpraat dat se it ris besykje moat mei Alton D'yer, dy't yn it ferline om har stike. Grut is dan ek har teloarstelling en gefoel fan ferrie as se ûntdekt dat dyselde it ûnderwilens oanlein hat mei har bêste freondinne Estral. Lulk set se mei de oare leden fan 'e ekspedysje ôf troch de brek yn 'e muorre, it wâld Swartwale yn. Se hat der gjin weet fan dat Beppe, de liedster fan 'e ûndergrûnske organisaasje Twadde Ryk (besteande út ôfstammelingen fan Arkoazyske soldaten dy't fanatike oanhingers fan Mornhavon de Swarte binne), harren foargien is mei in groepke oanhingers. Noch wit se dat op dyselde deis yn Sacor-Stêd kening Zachary slim ferwûne rekket by in moardoanslach.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn Swartwale reitsje se al de earste dei in lid fan 'e ekspedysje kwyt: soldaat Porter fynt de dea as se oanfallen wurde troch in swaarm bloeddrinkende kolibrys. Dat se dêrby net allegear omkomme, is inkeld te tankjen oan 'e fluggens en handigens fan harren elfeftige Eletyske reisgenoaten. It is sadwaande daliks dúdlik dat de Sacoridianen sûnder help fan 'e Eletiërs yn Swartwale net lang oerlibje kinne. Luitenant Grant, dy't it him earst yn 'e holle helle hie dat hy de lieder fan 'e ekspedysje wie, leit der dan neat mear tsjinyn dat Graelalea, de suster fan prins Jametari, de lieding oernimt. Djipper yn Swartwale komt noch wat oars oan it ljocht: de magyske jeften fan 'e Griene Ruters, dy't harren helpe moasten, blike krekt in obstakel te wêzen, mei't se beynfloede wurdt troch it kwea fan Swartwale. Lynx heart allegeduerigen de tinzen fan 'e ferwrongen fauna fan it wâld, wylst Karigan op in hier nei it ferline ta sûcht wurdt en Yates, dy't by tsjuster sjen kin, blyn rekket.

Tsjin dy tiid is lykwols dúdlik wurden dat de Eletiërs net weromgean sille om 'e Sacoridianen te geriivjen, en de Sacoridianen hawwe dan ek gjin oare kar as om troch te gean, om't se op eigen manneboet gjin kâns meitsje om 'e brek yn 'e D'yer-muorre wer te berikken. Dat de Eletiërs sa ûnwrigber trochwolle, komt troch harren misje: prins Jametari hat harren stjoerd om te sjen oft se de Sliepers fan Argenthyne befrije kinne. Eletiërs hawwe it ivige libben, en as se sêd en oersêd fan it libben reitsje, jouwe se har soms foar langere tiid (tink oan tûzenen jierren) del troch ien te wurden mei in beam. It is ûnbekend wat der wurden is fan 'e Sliepers fan Argenthyne doe't dat keninkryk troch Mornhavon de Swarte ferovere waard, mar prins Jametari mient dat der in kâns bestiet dat se noch altyd yn libben binne. No't Mornhavon sels net mear yn Swartwale is, hat er dêrom in ekspedysje útstjoerd om te sjen oft dat sa is of net. Oankommen by Kastiel Argenthyne, de âlde sit fan Laurelyn, de keninginne fan Argenthyne, docht bliken dat de Sliepers yndie noch libje, mar trochdat se mear as tûzen jier bleatstien hawwe oan 'e ynfloed fan Mornhavon, binne it boasaardige, ferwrongen wêzens wurden, dy't troch harren Eletysk komôf tige gefaarlik binne.

Underwilens leit yn Sacor-Stêd kening Zachary, dy't by de oanslach op syn libben troch in pylk yn it boarst rekke wie, noch altyd it grutste part fan 'e tiid bewusteleas op bêd, hoewol't er út en troch eefkes dwyljendewei bykomt. Hoewol't der wetten en regels binne foar wat der barre moat yn it gefal dat de kening út 'e tiid of dea rekket, beslute in stikmannich fan Zachary syn riedslju dan eigenmachtich yn te gripen. Colin Dovekey, de ynfloedrike kommandant fan 'e 'Wapens' (formeel de Oarder fan 'e Swartskylden), dy't de keninklike liifgarde foarmje; generaal Harborough, de kommandant fan it leger, en de keninklike liifdokter Destarion beslute dat it foarnommen houlik fan 'e kening mei frouwe Estora fuortendaliks plakfine moat. Estora wurdt dêrtroch keninginne en kin dan, mocht de kening komme te ferstjerren, it lânsbestjoer oernimme. Kaptein Mapstone kantet hat skerp tsjin dizze gong fan saken oan, mar rekket bedwelme trochdat Destarion har tee oanlinget mei in sliepmiddel, en wurdt neitiid fêstset. Under twang fan 'e glûpske Richmont Spane, moat Estora sels it 'ritueel fan konsummaasje' útfiere troch de nacht mei de kening troch te bringen en seksuële omgong mei him te hawwen. Dêrby ûntdekt se op wa't Zachary fereale is as er har dwyljendewei 'Karigan' neamt.

Yn Swartwale hawwe ek Beppe en har trewanten Kastiel Argenthyne berikt, dêr't sy mei har tsjoenderij de ferwrongen Sliepers út 'e beammen ropt en ynset tsjin 'e leden fan 'e Eletysk-Sacoridiaanske ekspedysje. Dyselden sykje taflecht yn it kastiel, wêrby't Gaelalea it libben lit. Ienris binnendoar komt Ard Karigan oer it mad en besiket har te deadzjen, mar ynstee komt er sels om as de Eletiër Ealdaen him in pylk troch de strôt sjit. Fuort dêrnei ferskynt de geast fan keninginne Laurelyn oan Karigan. Wylst har freonen fjochtsje foar harren libben tsjin 'e boasaardige sliepers, dy't it kastiel ynkrongen binne, wurdt Karigan troch Laurelyn mei werom nommen nei it ferline, nei in stikje tiid dat de keninginne troch har macht sels nei har dea noch witten hat te beskermjen. Laurelyn ropt dêr de Sliepers út 'e beammen en op har oanwizings liedt Karigan harren oer boppenatuerlike wegen nei Eletia ta, dêr't se arrivearret yn 'e tiid fuort nei de Lange Oarloch. Sels keart se gau-gau werom om't se har freonen net yn Swartwale efterlitte wol, mar ûnderweis werom wurdt se opholden troch de Spegelman, de trickster fan it Sacoridiaanske panteön, dy't foarsteld wurdt as in man mei in masker op dat bestiet út spegelglês.

Beppe hat ûnderwilens murken dat der immen is dy't de D'yer-muorre reparearje kin, en mei in tsjoen ûntnimt se Estral Andovian har stim en jout dy ynstee oan har eigen stomme beppesizzer Lala. Yn Sacor-Stêd komt kening Zachary nei lange tiid wer by besleur, en hy is alhiel net wiis mei wat der yn 'e tuskentiid bard is. De earste dêr't er mei ôfweeft, is Richmont Spane, dy't plannen hie om Zachary út 'e ljochten te helpen sadat er mei Estora trouwe en sels kening wurde koe. Ynstee ferdwynt dat hearskip no yn 'e tsjerkers. Mar Zachary fielt him likegoed ferret troch syn neiste riedslju, dy't syn oerhastige houlik en houliksnacht beävensearre hawwe wylst er sels út 'e tiid wie. Dokter Destarion stjoert er yn ballingskip as legerdokter by de Rivierdifyzje, yn it uterste noarden fan Sacoridia, wylst er generaal Harborough oerdraacht oan 'e kriichsried, en Colin Dovekey syn hâlden en dragen ferantwurdzje moatte sil oan in sjuery fan syn gelikensen binnen de Oarder fan 'e Swartskylden. De âlde seneskalk Sperren, dy't part noch diel oan 'e gearspanning hie, mar him der ek net tsjin oankante, giet earfol mei pinsjoen, wylst kaptein Mapstone frijlitten wurdt en har âlde funksje weromkriget.

De Spegelman stiet der by Karigan op oan dat sy ek in masker drage moat, en se mei kieze út in swartenien dêr't in grutte mar boasaardige macht oan klibbet, it masker fan in keninginne of in masker yn 'e kleuren fan it unifoarm fan 'e Griene Ruters. Karigan slacht se alle trije ôf en kiest it masker dat de Spegelman sels draacht. Dat amusearret him, dat hy lit har gean. As Karigan weromkomt yn Kastiel Argenthyne, wurdt de geast fan Laurelyn wei yn it neat, mar trochdat sy en Karigan yn it ferline it grutste part fan 'e Sliepers rêden hawwe, binne der no noch mar in stik as tsien út 'e beammen oan 'e râne fan 'e Slieperbosk, dy't Laurelyn net beskermje koe. Dêrmei hat Karigan dus har freonen de kâns jûn om it gefjocht te winnen, en mei feriene krêften weve se ôf mei de lêste boasaardige Sliepers. Neitiid fynt Karigan yn Kastiel Argenthyne in spegelmasker: in geskink fan 'e Spegelman. As se oan 'e binnenkant fan it masker yn 'e spegel sjocht, sjocht se alle triedden fan dieden en minskelibbens dy't alle mooglike takomsten foarmje. Se wit dat sy it masker nea opdwaan sil, om't se net mei de takomst opprutse wol.

Krekt op dat stuit berikt it ferrin fan 'e tiid dat punt yn 'e takomst dêr't Karigan earder Mornhavon de Swarte efterlitten hie. De boaze tsjoender beset it lichem fan Yates Cardell, en besiket Karigan mei bedragerij, troch him foar te dwaan as har freon, derta te bringen en jou him it spegelmasker. Mar Karigan, dy't Yates troch ende wer troch ken, lit har net bedrage. Ynstee smyt se it gefaarlike spegelmasker oan syn fuotten yn gruzeleminten, wat in eksploazje fan tiidsdielen en takomstmooglikheden opleveret dy't Mornhavon slim ferwûnet. Alle oanwêzigen wurde troch de ûntploffing fuortsmiten út it kastiel. Lynx en de Eletiërs Telagioth en Ealdaen wurde wekker op in útstrutsen gersflakte, dy't, sa sjogge se nachts oan 'e stjerren, de Wandaflakte wêze moat, fier benoarden de D'yer-muorre yn in ôfhandige hoeke fan Sacoridia. Ek Yates Cardell is by harren, mar dy is troch de besetting troch Mornhavon de Swarte sa slim skansearre, dat er koarte tiid letter oan ynterne ferwûnings stjert. Fan 'e oare beide oerlibjende leden fan 'e ekspedysje, Karigan en de Eletiër Lhean, is gjin spoar.

Nei't se it spegelmasker stikkensmiten hat, tommelet Karigan in ûnmjitlike tiid lang troch in boaiemleaze swarte djipte, oant se opfongen wurdt troch Westrion, de Sacoridiaanske god fan 'e dea. Hja beslút dat se stoarn wêze moat en ferliest it bewustwêzen. Letter wurdt se wekker yn it tsjuster, mar wêr't (en wannear't) se is...? (Sjoch foar it ferfolch: Mirror Sight, it folgjende diel yn 'e Green Rider-searje.)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
de Green Rider-searje
Green Rider • First Rider's Call • The High King's Tomb • Blackveil • Mirror Sight • Firebrand