Rise of the Planet of the Apes

Rise of the Planet of the Apes is in Amerikaanske science fiction-aksjefilm út 2011 ûnder rezjy fan Rupert Wyatt, mei yn 'e haadrollen James Franco en Andy Serkis. De titel betsjut "Opkomst fan 'e Planeet fan 'e Apen". De film makket diel út fan 'e Planet of the Apes-franchise en is in remake fan Conquest of the Planet of the Apes út 1972, al mei it offisjeel net sa neamd wurde. Rise of the Planet of the Apes is it earste diel út 'e rebootsearje fan 'e franchise. De plot folget de wittenskipper William Rodman, dy't by syn besykjen om in medisyn foar de sykte fan Alzheimer te finen troch fiviseksje in genetysk ferbettere sjimpansee produsearret dy't Caesar hjit. Troch omstannichheden bedarret Caesar yn in opfangsintrum foar apen, dêr't er in opstân organisearret tsjin 'e oerhearsking troch de minsken. Rise of the Planet of the Apes krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar in Oscar, in BAFTA, fiif Saturn Awards en twa Satellite Awards, en wûn trije Saturns. In folgjend diel yn 'e filmsearje kaam yn 2014 út ûnder de titel Dawn of the Planet of the Apes.

Rise of the Planet of the Apes
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Rupert Wyatt
produsint Peter Chernin
Dylan Clark
Rick Jaffa
Amanda Silver
senario Rick Jaffa
Amanda Silver
Mark Bomback
basearre op Conquest of the Planet of the
   Apes
fan J. Lee Thompson
kamerarezjy Andrew Lesnie
muzyk Patrick Doyle
filmstudio 20th Century Fox
Chernin Entertainment
Dune Entertainment
Big Screen Productions
Ingenious film Partners
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen James Franco
Andy Serkis
byrollen Freida Pinto
John Lithgow
Brian Cox
Tom Felton
David Oyelowo
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 5 augustus 2011
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aksjefilm
taal Ingelsk, Am. Gebeartetaal
spyltiid 105 minuten
budget en resultaten
budget $93 miljoen
opbringst $481,8 miljoen
prizen 3 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje Planet of the Apes
● foarich diel Planet of the Apes (2001)
● folgjend diel Dawn of the Planet of the Apes

Yn San Francisco siket de farmaseutysk skiekundige William Rodman nei in firaal medisyn dat de sykte fan Alzheimer genêze kin. Dat is foar him in persoanlike saak om't syn heit Charles Rodman mei dy sykte oanhelle is. De medisinen dêr't Rodman mei op 'e lapen komt, wurde yn it bedriuw fan syn wurkjouwer Gen-Sys test op bisten, om persiis te wêzen op sjimpansees. As it eksperimintele firale medisyn ALZ-112 tatsjinne wurde oan 'e wyfkessjimpansee Bright Eyes, liket dêrtroch har yntelliginsje gâns ta te nimmen. Mar by de presintaasje fan it medisyn troch Rodman wurdt Bright Eyes mei geweld út har koai twongen, mei as gefolch dat it bist yn panyk rekket en amok makket. De befeiligingslju sjitte har dan dea.

Nei dy aaklike blamaazje foar syn bedriuw beslút Steven Jacobs, de baas fan Rodman, om it hiele projekt te eliminearjen. Dêrta jout er opdracht om alle sjimpansees ôf te meitsjen. Robert Franklin, de assistint fan Rodman, ûntdekt lykwols dat de reden foar de panyk fan Bright Eyes wie dat se koartby befallen wie fan in jong, dêr't se net fan skaat wurde woe. Mei wat tsjinnichheid nimt Rodman de soarch foar it sjimpanseejong op him, dat er de namme Caesar jout. As er ûntdekt dat Caesar, dy't foar syn berte fia syn mem bleatsteld is oan ALZ-112, de fergrutte yntelliginsje fan syn mem oerurven hat, beslút Rodman de jonge sjimpansee by him thús grut te bringen. Hy wint dêrfoar ynformaasje yn by primatologe dr. Caroline Aranha.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Trije jier geane foarby. Caesar wurdt njonkelytsen noch yntelliginter as Bright Eyes en kin spultsjes spylje en tekenings meitsje. Rodman leart him Amerikaanske Gebeartetaal sadat se mei-inoar kommunisearje kinne. Hy nimt de sjimpansee ek mei nei it mammoetbeammewâld fan it Nasjonaal Monumint Muir Woods, deunby San Francisco, dêr't Caesar him út en troch in skoftke úttjirgje kin yn 'e frije natoer. Caesar foarmet in bân mei dr. Aranha, dy't úteinlik in relaasje kriget mei Rodman. Underwilens hat Rodman ek syn heit Charles yn 'e hûs nommen, waans demintens hieltyd fierder oanboazet. Wannear't Rodman him lykwols yllegaal it noch altyd net goedkarde ALZ-112 tatsjinnet, giet er der gâns op foarút.

Fiif jier letter begjint Caesar, dy't no in adolesint is, te freegjen wat hysels eins is: in húsdier of wat oars? Rodman leit de sjimpansee dan út wa't Caesar sels is en hoe't er by Rodman yn 'e hûs kommen is. De sitewaasje fan Rodman syn heit Charles begjin wer oan te boazjen mei't it ymmúnstelsel fan 'e âldman resistint wurdt foar ALZ-112. Caesar komt yn 'e swierrichheden as er in agressive buorman, Douglas Hunsiker, ferwûnet wylst er in geastlik betize Charles Rodman ferdigenet. Hunsiker skillet de ûngediertebestriding op en fan gefolgen wurdt Caesar, dy't as in gefaarlik eksoatysk húsdier beskôge wurdt, by Rodman út 'e hûs helle en nei in opfangsintrum foar apen brocht.

Fanwegen syn oare uterlike foarkommen en syn gebrek oan eardere ynteraksje mei oare apen wurdt Caesar yn it San Bruno Primate Shelter ferfolge troch de alfasjimpansee Rocket. Ek wurdt er it slachtoffer fan bistemishanneling troch de haadoppasser Dodge Landon, de soan fan John Landon, dy't de eigner fan it opfangsintrum is. Caesar wit lykwols freonskip te sluten mei Maurice, in orang-oetan dy't earder yn in sirkus optrede en dy't ek gebeartetaal ken. Caesar leart hoe't er syn eigen koai ûntslute kin, sadat er tagong kriget ta it mienskiplike hok. Mei help fan Buck, in gorilla, giet er de konfrontaasje oan mei Rocket en nimt er dy syn posysje as lieder fan 'e apetroep oer.

Underwilens ûntwikkelet Rodman by Gen-Sys in krêftigere, gasfoarmige ferzje fan ALZ-112, dy't er ALZ-113 neamt. Nei't er syn baas Steven Jacobs fertelt hat dat dit medisyn in yntelliginsjeferheegjende wurking hat, klearret dy daliks it paad foar fierdere ûntwikkeling fan it middel. Rodman smokkelet der wat fan mei nei hûs mei de bedoeling om it oan syn heit ta te tsjinjen, mar yn in helder momint wiist Charles Rodman fierdere behanneling ôf en de nachts dêrop ferstjert er yn syn sliep. As Rodman syn assistint Robert Franklin om 'e nocht besiket om ALZ-113 ta te tsjinjen oan in mei groeden oerdutsen bonobo (dwerchsjimpansee) dy't Koba hjit, wurdt er sels oan it middel bleatsteld en rekket er siik. Hy giet nei Rodman syn appartemint ta om him te warskôgjen, mar komt foar de tichte doar. Wol treft er Rodman syn buorman Hunsiker, dy't er bloed ta hoastet. Letter wurdt Franklin thús dea weromfûn.

Rodman besiket om Caesar werom te krijen út it opfangsintrum, mar Caesar beslút ynstee om dêr te bliuwen. Wol stelt er it ALZ-113 dat Rodman foar de behanneling fan syn heit mei nei hûs nommen hie. Dat tsjinnet er oan 'e oare apen yn it opfangsintrum ta om harren yntelliginsje te fergrutsjen. As de gemiene haadoppasser Dodge Landon besiket om him wer yn syn koai op te sluten, sprekt Caesar syn earste wurd: "Nee!" Hy fjochtet mei Landon, wêrby't de oppasser by fersin dea rekket.

Caesar befrijt de oare apen, en mei-inoar ûntflechtsje se it opfangsintrum. Se bejouwe har nei Gen-Sys, dêr't Caesar Koba en de oare proefdieren frijlit, en nei de San Francisco Zoo, dêr't er ek alle apen befrijt. Hy liedt syn folgelingen dêrnei yn 'e rjochting fan 'e Golden Gatebrêge om in feilich ûntwyk yn it Nasjonaal Monumint Muir Woods te finen. Op 'e brêge rjochtsje de autoriteiten in blokkade op om 'e apen tsjin te kearen. Der ûntstiet in fjildslach tusken de apen en de plysje. Buck offeret himsels op om in plysjehelikopter delstoarte te litten dêr't Steven Jacobs yn meifljocht. Dyseld oerlibbet de klap, mar Koba smyt him dêrnei oer de râne fan 'e brêge om te ferdrinken yn 'e Golden Gatestrjitte.

Wylst de apen de oare kant fan 'e brêge berikke en weiwurde yn it wâld, helje Rodman en Aranha harren by yn in stellen plysje-auto. Rodman warskôget Caesar dat de oerheid alle war dwaan sil om him en syn apen op te spoaren en te fangen of mooglik te deadzjen. Hy smeekt him om mei werom nei hûs te gean, mar Caesar krûpt him oan en seit: "Caesar is thús." Rodman akseptearret dan dat Caesar frij is om syn eigen kar te meitsjen en nimt ôfskie fan syn freon. De apen omearmje harren nije, frije libben yn 'e wâlden alhiel. Underwilens arrivearret buorman Hunsiker, dy't no ynfektearre is mei it tige besmetlike ALZ-113, op 'e Ynternasjonale Lofthaven fan San Francisco om nei Parys te fleanen. Dêrby ferspriedt er it firus oer de wrâld, mei it útbrekken fan in deadlike pandemy as gefolch.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
James Franco.
 
Andy Serkis.
 
Freida Pinto.
haadrollen
personaazje                    akteur/aktrise
dr. William Rodman James Franco
Caesar de sjimpansee Andy Serkis (motion-capture en stim)


byrollen
personaazje akteur/aktrise
dr. Caroline Aranha Freida Pinto
Charles Rodman John Lithgow
John Landon Brian Cox
Dodge Landon Tom Felton
Steven Jacobs David Oyelowo
Maurice de orang-oetan Karin Konoval (motion-capture)
Rocket de sjimpansee Terry Notary (motion-capture)
Douglas Hunsiker David Hewlett
Buck de gorilla Richard Ridings (motion-capture)
Irena Chelah Horsdal
Cornelia de sjimpansee Devyn Dalton (motion-capture)
Koba de bonobo Christopher Gordon (motion-capture)
Robert Franklin Tyler Labine
Rodney Jamie Harris
Bright Eyes de sjimpansee Terry Notary (motion-capture)
Alpha de sjimpansee Jay Caputo (motion-capture)

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Yn 2001 makke filmstudio 20th Century Fox mei Planet of the Apes in remake fan 'e earste film fan 'e Planet of the Apes-franchise út 1968. It hie oarspronklik de bedoeling west dat de remake it begjin fan in nije filmsearje wurde soe, mar hoewol't de film kommersjeel súksesfol wie, seach 20th Century Fox der dochs fan ôf om in ferfolch te meitsjen. Ynstee waard tsien jier letter in reboot fan 'e franchise dien. Rise of the Planet of the Apes wie it earste diel fan 'e rebootfilmsearje.

De film waard regissearre troch Rupert Wyatt nei in senario fan Rick Jaffa en Amanda Silver. Dat wie letter nochris oereide troch Mark Bomback, mar dyselde krige dêrfoar gjin fermelding op 'e ôftiteling. Hoewol't eltsenien dy't beide films sjoen of plotbeskriuwings derfan lêzen hat, begripe kin dat Rise of the Planet of the Apes in remake is fan Conquest of the Planet of the Apes fan J. Lee Thompson, út 1972, hold regisseur Wyatt út dat der inkeld "eleminten fan Conquest of the Planet of the Apes" yn it ferhaal ferwurke sieten. Hy woe hawwe, Rise of the Planet of the Apes wie "yn haadsaak in prequel fan 'e film út 1968".

As produsinten wiene Peter Chernin, Dylan Clark, Rick Jaffa en Amanda Silver by it projekt belutsen foar de filmstudio's 20th Century Fox, Chernin Entertainment, Dune Entertainment, Big Screen Productions en Ingenious film Partners. Foar de film wie in budget beskikber fan $93 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Andrew Lesnie, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Patrick Doyle.

De opnamen foar Rise of the Planet of the Apes setten op 27 july 2010 útein. It meastepart fan 'e film waard opnommen yn 'e soundstages fan it studiokompleks fan Mammoth Studios, yn Burnaby, in foarstêd fan Vancouver yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. Dêrnjonken waarden guon sênes op lokaasje filme yn San Francisco, dêr't it ferhaal him ôfspilet. De sênes yn it oerwâld yn Afrika waarden opnommen op Oahu, yn Hawaï, om't it filmskema en it budget opnamen yn Afrika sels net tastiene.

 
De Mammoth Studios yn Burnaby, in foarstêd fan Vancouver, dêr't it meastepart fan Rise of the Planet of the Apes filme waard.

Yn 'e postproduksjefaze waarden oan Rise of the Planet of the Apes krapoan 1.500 special effects tafoege. Dy hiene foar it meastepart te krijen mei de werjefte fan 'e apen. Yn 'e foargeande films út 'e Planet of the Apes-franchise wie hieltyd gebrûk makke fan fisazjy om minsklike akteurs om te toverjen ta apen. Foar Rise of the Planet of the Apes waard foar it earst gebrûk makke fan motion-capturetechnology, wêrmei't de akteurs inkeld de bewegings en lûden fan 'e apen fuortbrochten, wylst it uterlik fan 'e bisten letter folslein troch special effects oan 'e opnamen tafoege waard troch it Nijseelânske bedriuw Weta Digital. It gefjocht op 'e Golden Gatebrêge waard yn 'e studio opnommen op in filmset dy't mar in neiboud diel fan 'e brêge omfette. Mei special effects waarden letter de rest fan 'e brêge en de eftergrûn yn 'e opnamen plakt.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Rise of the Planet of the Apes waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 5 augustus 2011 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 9 augustus 2011 by platemaatskippij Varèse Sarabande. Rise of the Planet of the Apes waard op 13 desimber 2011 útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Rise of the Planet of the Apes oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 3 fan 4 stjerren. Hy wie fral fol lof oer de rol fan Andy Serkis as Caesar, dy't neffens him de film 'makke' en dy't in "prachtich útfierd personaazje" wie. Yn The New York Times parte Manohla Dargis oan Rise of the Planet of the Apes 31/2 fan 4 stjerren ta. Se kwalifisearre de film as "goed, fernimstich-dom fermaak", dat neffens har "presiis it soarte simmerôflieding" wie "dat de filmstudio's no sa dreech fine om te meitsjen."

Roger Moore fan 'e Orlando Sentinel neamde de film "Dryst, gewelddiedich en ûntrêstgjend" en "in simmerske ferfolchfilm dy't better is as er eins wêze moatte soe". Yn The Village Voice skreau Nick Pinkerton: "De tichthûsbekearing fan Caesar ta garismatyske […] revolúsjonêr is frijwol in stomme film, mei ienfâldige en sekuere bylden dy't yllustrearje hoe't Caesar op generaal-eftige wize de persoanlikheden [fan syn mei-apen] gewaarwurdt en in groep organisearret fan gaos nei oarder."

 
De Golden Gatebrêge by San Francisco wie de setting foar de klimaktyske konfron-taasje tusken minsken en apen oan 'e ein fan 'e film. Dy sênes waarden lykwols hiel-endal yn 'e studio opnommen.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Rise of the Planet of the Apes in heech goedkarringspersintaazje fan 82%, basearre op 272 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei de stylfolle rezjy fan Rupert Wyatt, guon yndrukwekkende special effects en in tûzelsinnich meitsjende aktearprestaasje troch Andy Serkis blaast Rise of the Planet of the Apes in langrinnende mediafranchise ûnwierskynlik nij libben yn." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Rise of the Planet of the Apes in goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 39 resinsjes.

Rise of the Planet of the Apes brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $176,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $305,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $481,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $93 miljoen betsjut dat in winst fan $388,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Yn 2012 waard Rise of the Planet of the Apes sawol by de Oscars as by de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, nominearre foar de priis foar bêste fisuele effekten. By de Saturn Awards waard de film nominearre foar prizen yn fiif kategoryen, wêrûnder bêste regisseur en bêste senario. Rise of the Planet of the Apes wûn de Saturn Awards foar bêste science fiction-film, bêste byrol fan in akteur (Andy Serkis) en bêste special effects. By de Satellite Awards waard de film nominearre yn 'e kategoryen bêste byrol fan in akteur (Andy Serkis) en bêste fisuele effekten. By de Annie Awards, de wichtichste Amerikaanske filmprizen op it mêd fan animaasje, wûn Rise of the Planet of the Apes de priis foar bêste personaazje-animaasje yn in live-actionproduksje. En by de Empire Awards waard de film nominearre foar fjouwer prizen: bêste film, bêste science fiction- of fantasyfilm, bêste regisseur en bêste akteur (Andy Serkis).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Planet of the Apes
 oarspronklike filmsearje  Planet of the Apes (1968) • Beneath the Planet of the Apes (1970) • Escape from the Planet of the Apes (1971) • Conquest of the Planet of the Apes (1972) • Battle for the Planet of the Apes (1973)
 remake Planet of the Apes (2001)
 rebootfilmsearje Rise of the Planet of the Apes (2011) • Dawn of the Planet of the Apes (2014) • War for the Planet of the Apes (2017) • Kingdom of the Planet of the Apes (2024)