Genêsmiddel

(Trochwiisd fan Medisyn)

In genêsmiddel (of medisyn) is in gemyske stof dy't in bepaalde, winske wurking hat op it (dierlik of minsklik) lichem. Genêsmiddels wurde foaral brûkt om sykten te bestriden. De wittenskip fan de genêsmiddels hjit farmakology of genêsmiddelslear. Nochal wat genêsmiddels hawwe in plantaardige of biologyske oarsprong, mar it meastepart wurdt tsjintwurdich syntetysk makke.

Ferskate medisinen

Genêsmiddels kinne op grut oantal wizen yndield wurde, ûnder oaren nei effekt, wurkwize, oarsprong, wize fan tatsjinning.