Planet of the Apes (franchise)

Planet of the Apes is in Amerikaanske mediafranchise fan 20th Century Studios (it eardere 20th Century Fox), dy't ta de sjenres fan science fiction en aventoer heart. De titel betsjut letterlik: "Planeet fan 'e Minskapen", mar wurdt ornaris oerset as "Planeet fan 'e Apen". De franchise giet werom op 'e roman La Planète des singes út 1963, fan 'e Frânske skriuwer Pierre Boulle, mar waard ferneamd makke troch de filmklassiker Planet of the Apes út 1968.

Planet of the Apes
betinker Pierre Boulle
eigner 20th Century Studios
(The Walt Disney Company)
lân Feriene Steaten
begjinjier 1968
films
langspylfilms orizjinele filmsearje:
Planet of the Apes (1968)
Beneath the Planet of the
   Apes

Escape from the Planet of
   the Apes

Conquest of the Planet of
   the Apes

Battle for the Planet of the
   Apes

remake:
Planet of the Apes (2001)
rebootfilmsearje:
Rise of the Planet of the
   Apes

Dawn of the Planet of the
   Apes

War for the Planet of the
   Apes

Kingdom of the Planet of the
   Apes
dokumintêres Behind the Planet of the Apes
tillefyzje
searjes Planet of the Apes
tekenfilmsearjes Return to the Planet of the
   Apes
spultsjes
fideospultsjes ferskaat, sjoch hjirre
literatuer
romans ferskaat, sjoch hjirre
strips ferskaat, sjoch hjirre
muzyk
soundtracks ferskaat, sjoch hjirre

It útgongspunt is in minsklike astronaut dy't bedarret op in ûnbekende planeet dêr't er yn kontakt komt mei in beskaving fan yntelliginte, pratende minskapen, wylst primitive minsken, dy't gjin fermogen ta riddenearjen of praten hawwe, as bisten yn 'e wyldernis libje. Uteinlik docht bliken de astronaut troch tiidsdilataasje op in takomstige ferzje fan 'e Ierde belâne is, dêr't de minskheid syn eigen beskaving yn 'e tuskentiid ûnder fuotten helle hat troch in nukleêre oarloch.

Nei de oarspronklike film waarden fjouwer ferfolchfilms makke, yn 'e ienentweintichste iuw folge troch in remake en in rebootfilmsearje. De franchise bestiet fierders út in live-actiontillefyzjesearje, in tekenfilmsearje, in efter-de-skermendokumintêre en ferskate romans, strips en fideospultsjes. De tematyk fan 'e franchise ferkent kwestjes as rasisme, bistemishanneling, bisterjochten en, wat de oarspronklike fiif films oangiet, de Kâlde Oarloch en de dêrmei mank geande driging fan in nukleêre holokaust.

 
Akteur Charlton Heston spile de rol fan astronaut George Taylor yn 'e oarspronklike film Planet of the Apes.

Oarspronklike filmsearje

bewurkje seksje

Yn 1963 besocht de Amerikaanske filmprodusint Arthur P. Jacobs de Frânske haadstêd Parys, op 'e sneup nei ferhalen dy't er ferfilmje koe mei syn noch mar koartlyn oprjochte produksjemaatskippij APJAC Productions. Literêr agint Allain Bernheim socht kontakt mei him om in roman fan Françoise Sagan ûnder syn oandacht te bringen, dy't Jacobs lykwols ôfwiisde. It kaam Bernheim doe yn 't sin dat Jacobs ris sein hie dat er wol woe dat King Kong (1935) nea makke wie, sadat er dy film sels meitsje koe. Om't de roman La Planète des singes, dêr't Pierre Boulle oan wurke, ek oer apen gie, lei Bernheim doe dy oan 'e filmprodusint foar, al ferwachte er fannijs in negative reäksje. Mar Jacobs rekke yntrigearre troch it ferhaal en kocht fuortendaliks de filmrjochten oan, noch foar't it boek publisearre wie. Neitiid duorre it lykwols noch goed trije jier foar't er yn 'e foarm fan 20th Century Fox in filmstudio fûn hie dy't de ferfilming finansiere woe.

Planet of the Apes (1968)

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Planet of the Apes (film út 1968).

Yn Planet of the Apes stoart in romteskip mei de Amerikaanske astronaut George Taylor (Charlton Heston) oan board del op in ûnbekende planeet nei in reis troch de romte mei hast de faasje fan it ljocht. Hoewol't Taylor sels mar ien jier âlder wurden is sûnt er yn 1972 ôfsette fan 'e Ierde, binne der troch it ferskynsel fan tiidsdilataasje eins 2.006 jier foarby gien. Op 'e planeet treft er in beskaving fan yntelliginte en pratende minskapen oan (orang-oetans, sjimpansees en gorilla's), en teffens primitive minsken dy't yntellinginsje en it fermogen ta spraak misse en as bisten yn 'e wyldernis libje.

Taylor wurdt finzen nommen troch de apen, dy't yn 't earstoan wittenskiplike eksperiminten op him útfiere wolle. Mar wannear't se foar it ferstân krije dat er prate en riddenearje kin lykas sysels, begjint de orang-oetan-minister fan Wittenskip en Religy dr. Zaius (Maurice Evans) him as in bedriging foar de kultuer fan 'e apen te sjen. Mei help fan 'e sjimpansee-wittenskippers Cornelius (Roddy McDowall) en Zira (Kim Hunter) wit er te ûntsnappen, wêrnei't er mei Nova (Linda Harrison), de primitive minsklike frou dêr't er yn syn finzenskip oan keppele is, de wyldernis fan 'e saneamde Ferbeane Sône yntsjocht. Dêr ûntdekt Taylor de restanten fan it ferrinnewearre Frijheidsbyld fan New York, sadat er einlings en te'n lêsten begrypt dat er de hiele tiid al werom op 'e Ierde wie, dêr't de minskheid yn 'e tuskentiid syn eigen beskaving ûnder fuotten helle hat troch in kearnoarloch.

Planet of the Apes waard regissearre troch Franklin J. Schaffner nei in senario fan Michael Wilson en Rod Serling. De film gie op 8 febrewaris 1968 yn premiêre, en brocht $33,4 miljoen op tsjin in budget fan $5,8 miljoen. Planet of the Apes krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. De film waard nominearre foar de Oscars foar bêste orizjinele filmmuzyk en bêste kostúmûnwerp. John Chambers wûn in eare-Oscar foar bêste fisazjy foar syn kreaasje fan 'e apen yn 'e film.

 
Franklin J. Schaffner, de regisseur fan 'e oarspronklike film.

Beneath the Planet of the Apes

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Beneath the Planet of the Apes.

Beneath the Planet of the Apes folget de aventoeren fan Brent (James Franciscus), in Amerikaanske astronaut op 'e siik nei Taylor (Charlton Heston), dy't him by fersin nei de takomst folget. Ek Brent syn romteskip stoart del op 'e Ierde fan 'e apen, dêr't de gorilla-generaal Ursus (James Gregory) ûnderwilens úteinset is mei de ferovering fan 'e Ferbeane Sône. Nova (Linda Harrison), dy't nei de ferdwining fan Taylor allinnich efterbleaun is, jout har by Brent. Se wurde finzen nommen troch de soldaten fan Ursus, mar Zira (Kim Hunter) en Cornelius (Roddy McDowall) helpe harren om te ûntsnappen.

Lang om let bedarje Brent en Nova fia in grot by in ûndergrûnske beskaving fan mutearre minsken mei telepatyske krêften, dy't in oerâlde atoombom ferearje. It docht bliken dat Taylor dêr ek finzen holden wurdt. Hy ken de bom werom as in kobaltbom, dy't sa swier is dat er de hiele Ierde ferneatigje kin. De telepaten besykje de opmars fan 'e gorilla's tsjin te kearen troch ferstânsbehearsking en yllúzjes, mar Zaius (Maurice Evans) trochsjocht harren bedroch. De gorilla's kringe de ûndergrûnske stêd binnen en meitsje koarte metten mei de wjerstân fan 'e telepaten. Nova komt yn 'e gaos om. Brent deadet Ursus, mar wurdt dan sels deasketten. De deadlike ferwûne Taylor lit de atoombom fan 'e telepaten ôfgean en ferneatiget dêrmei de hiele planeet mei alles derop.

 
Linda Harrison en James Franciscus yn Beneath the Planet of the Apes (1970).

Beneath the Planet of the Apes waard regissearre troch Ted Post nei in senario fan Paul Dehn. De film gie op 26 maaie 1970 yn premiêre, en brocht $32,8 miljoen op tsjin in budget fan $2,5 miljoen. Beneath the Planet of the Apes krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy.

Escape from the Planet of the Apes

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Escape from the Planet of the Apes.

Yn Escape from the Planet of the Apes docht bliken dat de swiere Zira (Kim Hunter) en Cornelius (Roddy McDowall) mei in trêde sjimpansee, Milo (Sal Mineo), yn it reparearre romteskip fan Taylor fan 'e Ierde ûntkommen wiene foar't Taylor de kobaltbom ôfgean liet. De skokweagen fan 'e ferneatiging fan 'e Ierde stjoere it romteskip werom yn 'e tiid nei 1973. De trije apen bedarje yn 'e Feriene Steaten yn in dieretún dêr't se bestudearre wurde troch twa sympatike wittenskippers, Lewis Dixon (Bradford Dillman) en Stephanie Branton (Natalie Trundy). Wannear't bliken docht dat se prate en riddenearje kinne, wurde se by de presidint (William Windom) brocht.

 
In kostúm foar in froulike sjimpansee út 'e oarspronklike filmsearje.

Ien fan dy syn adviseurs, Otto Hasslein (Eric Braeden), sjocht it bestean fan yntelliginte sjimpansees as in bedriging foar de minskheid en bepraat de presidint om 'e poppe fan Zira abortearje te litten. Cornelius en Zira ûntkomme mei help fan Dixon en Branton en sykje beskûl yn it sirkus fan señor Armando (Ricardo Montalbán), dêr't Zira befalt fan in sûne poppe, dy't Milo komt te hjitten. Letter flechtsje se nei de haven fan Los Angeles, dêr't Zira en har poppe deadlik ferwûne wurde troch Hasslein. Cornelius deadet Hasslein en wurdt dan sels deasketten troch in skerpskutter. It docht lykwols bliken dat Zira har poppe foar it ferlitten fan it sirkus omruile hat mei it jong fan ien fan 'e gewoane sjimpansees fan señor Armando, dy't him dêr bewust fan wie. Nei de dea fan Zira en Cornelius risselwearret Armando om mei syn sirkus ôf te reizgjen nei Floarida, oan 'e oare kant fan it lân. De lytse Milo uteret syn earste wurdsjes.

Escape from the Planet of the Apes waard regissearre troch Don Taylor nei in senario fan Paul Dehn. De film gie op 21 maaie 1971 yn premiêre, en brocht $12,3 miljoen op tsjin in budget fan $2,1 miljoen. Escape from the Planet of the Apes krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes.

Conquest of the Planet of the Apes

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Conquest of the Planet of the Apes.

Conquest of the Planet of the Apes spilet yn 1991, achttjin jier nei de foargeande film. De lytse Milo, no omneamd ta Caesar (Roddy McDowall), is folwoeksen nei't er yn it ferhoalene grutbrocht is troch de sirkusdirekteur Armando (Ricardo Montalbán). Yn 'e tuskenlizzende jierren is de Amerikaanske demokrasy lykwols ûnder fuotten rekke, en it lân is ferfallen ta in plysjesteat mei in kultuer dy't basearre is op slave-arbeid ferrjochte troch minskapen. As Caesar, waans fermogen om te praten altyd soarchfâldich geheim holden is, yn in ûnbewekke momint in subversive útrop docht, beart Armando dat it syn wurden wiene en wurdt er arrestearre. Yn finzenskip docht er selsmoard om it geheim fan Caesar te bewarjen.

 
Akteur Roddy McDowall spile yn 'e oarspronklike film, trije fan 'e fjouwer ferfolchfilms en de live-action-tillefyzjesearje.

Underwilens wurdt Caesar as diel fan 'e ynboel fan it sirkus yn beslach nommen en ferkocht oan gûverneur Breck (Don Murray). As it nijs fan 'e dea fan Armando him berikt, ferliest er alle fertrouwen yn minsken en begjint er de oare apen te learen om te fjochtsjen. Plysje-ynspekteur Kolp (Severn Darden), komt yn syn ûndersyk nei Armando ta de konklúzje dat Caesar it jong fan Zira en Cornelius wêze moat. Caesar wurdt martele oant er wat seit, wêrnei't Breck opdracht jout om him te deadzjen. MacDonald (Hari Rhodes), de negroïde assistint fan Breck, sympatisearret lykwols mei de apen omreden fan it rasisme dêr't er sels omreden fan syn hûdskleur ûnder te lijen hat. Hy helpt Caesar om te ûntkommen. Caesar makket himsels lieder fan alle apen en nimt mei geweld de macht yn 'e stêd oer. Dêrnei jout er opdracht om Breck te deadzjen.

Conquest of the Planet of the Apes waard regissearre troch J. Lee Thompson nei in senario dat wer skreaun wie troch Paul Dehn. De film gie op 14 juny 1972 yn premiêre, en brocht $9,7 miljoen op tsjin in budget fan $1,7 miljoen. Fan 'e filmkritisy krige Conquest of the Planet of the Apes oer it algemien tuskenbeiden resinsjes.

Battle for the Planet of the Apes

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Battle for the Planet of the Apes.

Yn Battle for the Planet of the Apes libbet Caesar (Roddy McDowall) yn 'e iere ienentweintichste iuw mei syn oarehelte Lisa (Natalie Trundy) en harren soan Cornelius (Bobby Porter) yn in wrâld dy't ferrinnewearre is troch in kearnoarloch tusken minsken ûnderling. Hy besiket in nije maatskippij foar de apen op te setten en de frede te bewarjen tusken de apen en de oerlibjende minsken. Hy wurdt tsjinwurke troch de agressive gorillageneraal Aldo (Claude Atkins), dy't alle minsken finzensette wol. Mei syn adviseurs, de minske MacDonald (Austin Stoker) (in jongere broer fan 'e MacDonald út 'e foargeande film) en de orang-oetan Virgil (Paul Williams) reizget Caesar nei de radio-aktive ruïnes fan 'e stêd dêr't er foarhinne finzen holden waard. Yn 'e hoop antwurden foar syn problemen te finen, siket er dêr nei opnamen út 'e 1970-er jierren fan ûnderfregings fan syn âldelju Zira en Cornelius. Dy opnamen fynt er, mar hy fynt ek in kloft minsklike mutanten, dy't oanfierd wurde troch de eardere plysje-ynspekteur Kolp (Severn Darden).

 
In kostúm foar in manlike gorilla út 'e oarspronklike filmsearje.

Werom yn 'e apestêd jout generaal Aldo him yn walging ôf as Caesar MacDonald en inkele oare minsken by syn plannen foar de takomst belûkt. Aldo smeit sels plannen foar in steatsgreep, mar wurdt ôfharke troch Caesar syn soan Cornelius. Dy rekket lykwols swierferwûne as er troch Aldo út in beam smiten wurdt, en hy komt úteinlings te ferstjerren. Underwilens is Kolp derfan oertsjûge rekke dat Caesar fan doel is alle mutanten om te bringen. Dêrom falt er mei in eigen leger de apestêd oan, mar hy wurdt troch Caesar ferslein. Caesar mient dat Cornelius troch minsken tenei kommen is, mar Virgil bringt de wierheid oan him út. Dêrop falt Caesar Aldo oan, dy't er op deselde wize deadet as de generaal sels mei Cornelius dien hat. No't Caesar begrypt dat apen neat better binne as minsken, stimt er yn mei it oantrúnjen fan MacDonald dat apen en minsken yn 'e apestêd gelikens behannele wurde moatte.

Battle for the Planet of the Apes waard regissearre troch J. Lee Thompson nei in senario fan John William Corrington, Joyce Hooper Corrington en Paul Dehn. De film gie op 13 juny 1973 yn premiêre, en brocht $8,8 miljoen op tsjin in budget fan $1,7 miljoen. Fan 'e filmkritisy krige Battle for the Planet of the Apes oer it algemien negative resinsjes. Mei dizze film kaam der in ein oan 'e oarspronklike filmsearje fan Planet of the Apes.

Planet of the Apes (2001)

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Planet of the Apes (film út 2001).

Planet of the Apes út 2001 is in remake fan 'e oarspronklike film út 1968. De Amerikaanske astronaut Leo Davidson (Mark Wahlberg) wurket yn 2029 oan board fan it romtestasjon Oberon mei minskapen dy't traind wurde foar romtefeartmisjes. As in deadlike elektromagnetyske stoarm op it romtestasjon ôf komt, wurdt de sjimpansee Pericles der yn in romtesonde op ôfstjoerd om ûndersyk te dwaan. Pericles ferdwynt yn 'e stoarm en Davidson giet der yn in eigen romtesonde op út om him te sykjen. Yn 'e stoarm wurdt er 3.000 jier nei de takomst sûcht en útspuid yn it jier 5021. Hy stoart del op 'e planeet Ashlar, dêr't yntellinginte, Ingelsk sprekkende minskapen in beskaving opboud hawwe mei minsken as slaven. Davidson wurdt sadwaande finzen nommen en as slaaf ferkocht.

 
Tim Burton regissearre yn 2001 de remake fan Planet of the Apes.

Mei de help fan 'e abolisjonistyske senatorsdochter Ari (Helena Bonham Carter), in sjimpansee, en de minsklike slavinne Daena (Estella Warren) ûntsnapt Davidson en befrijt er alle minsklike slaven. Dyselden fiert er nei Calima, in plak dat yn 'e apekultuer taboe is, mar dêr't Davidson it wrak fan 'e Oberon weromfynt. Hy begrypt dan dat de elektromagnetyske stoarm it romtestasjon yn 2029 delstoarte litten hat op Ashlar, en dat de minskapen en minsken dy't er op 'e planeet oantroffen hat de neikommelingen binne fan 'e apen en minsken dy't it delstoarten oerlibbe hawwe. It apeleger fan 'e moardsuchtige generaal Thade (Tim Roth) efterfolget de ûntsnapte slaven en falt harren oan, wêrnei't in bloedige fjildslach folget. Dy einiget wannear't de romtesonde mei de sjimpansee Pericles midden op it slachfjild lânet. Thade besiket Davidson te deadzjen, mar dy wit him op te sluten yn 'e cockpit fan 'e Oberon. Yn 'e romtesonde fan Pericles keart Davidson neitiid troch deselde elektromagnetyske stoarm hinne werom nei de Ierde, dêr't er delstoart yn Washington, D.C., oan 'e foet fan wat it Tinkteken foar Lincoln liket te wêzen. As er opsjocht, beseft er ta syn alteraasje dat it no in tinkteken foar generaal Thade is. In kliber plysjes, brânspuitlju, ferslachjouwers en kameralju kloftet om him hinne gear, en allegearre binne it apen.

Plannen foar in remake fan Planet of the Apes wiene der al yn 1988, mar it projekt kaam tsien jier lang muorrefêst te sitten yn 'e tariedingsfaze. Uteinlik waard dizze Planet of the Apes regissearre troch Tim Burton nei in senario fan William Broyles jr., Lawrence Konner en Mark Rosenthal. De film gie op 27 july 2001 yn premiêre, en brocht $362,2 miljoen op tsjin in budget fan $100 miljoen. Fan 'e filmkritisy krige Planet of the Apes tuskenbeiden resinsjes. De film waard nominearre foar twa BAFTA's, in Grammy en fjouwer Saturn Awards. Hoewol't de film finansjeel súksesfol wie, besleat 20th Century Fox dochs ôf te sjen fan 'e plande ferfolchfilm.

 
Andy Serkis spile de rol fan 'e sjimpansee Caesar yn 'e rebootfilms troch motion-capturetechnology.

Rebootfilmsearje

bewurkje seksje

Rise of the Planet of the Apes

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Rise of the Planet of the Apes.

Rise of the Planet of the Apes wie de earste film yn 'e rebootsearje fan 'e Planet of the Apes-franchise, dy't yn 'e 2010-er jierren ûntstie. Yn 'e film besiket skiekundige William Rodman (James Franco) yn San Francisco foar it farmaseutyske bedriuw Gen-Sys in genêsmiddel foar de sykte fan Alzheimer te ûntwikkeljen, wêrfoar't er middels test op sjimpansees. Ien fan dy proefdieren, de jonge Caesar (Andy Serkis), wurdt like yntelligint as in minske troch bleatstelling oan it middel ALZ-112. Rodman nimt it aapke yn 'e hûs, bringt it grut en leart it Amerikaanske Gebeartetaal. Jierren letter, nei in ynsidint wêrby't de no frijwol folwoeksen Caesar de agressive buorman Douglas Hunsiker (David Hewlett) ferwûnet om Rodman syn deminte heit Charles (John Lithgow) te beskermjen, wurdt Caesar troch de autoriteiten oan 'e soarch fan Rodman ûntskuord en yn in opfangsintrum foar apen pleatst. Troch syn yntelliginsje en mei help fan 'e orang-oetan Maurice (Karin Konoval) en de gorilla Buck (Richard Ridings) wit er dêr al rillegau lieder fan alle apen te wurden.

Underwilens klearret Rodman syn ûnmeilydsume en egoïstyske baas Steven Jacobs (David Oyelowo) it paad foar de ûntwikkeling fan ALZ-113, in sterkere, gasfoarmige ferzje fan ALZ-112, om't it derop liket dat dat middel in yntelliginsjeferheegjende wurking hat. It docht lykwols bliken dat it in bywurking hat dy't deadlik is foar minsken, en boppedat tige besmetlik. Foar apen jildt dat net, en Caesar, dy't leard hat hoe't er syn koai ûntslute moat, stelt it middel om it oan 'e oare apen te jaan. Dêrop brekke de apen út it opfangsintrum en befrije soartgenoaten út 'e proefdiere-ôfdieling fan Gen-Sys en út 'e San Francisco Zoo. Yn in grutte kliber besykje se de Golden Gate Brêge oer te stekken nei de wâlden fan it Nasjonaal Monumint Muir Woods. De autoriteiten blokkearje de brêge en der folget in fjildslach, wêrby't gâns minsken en apen omkomme. Caesar-en-dy witte lykwols troch te brekken en ferdwine yn it bosklân. Underwilens liedt ALZ-113 ta it útbrekken fan in wrâldwide pandemy.

Rise of the Planet of the Apes wie eins in remake fan Conquest of the Planet of the Apes út 1972, al wurdt dat troch de produsinten ûntkend. De film waard regissearre troch Rupert Wyatt nei in senario fan Rick Jaffa en Amanda Silver. De film gie op 6 augustus 2011 yn premiêre, en brocht $481,8 miljoen op tsjin in budget fan $93 miljoen. Fan 'e filmkritisy krige Rise of the Planet of the Apes oer it algemien positive resinsjes. De film wûn trije Saturn Awards en in Annie Award, en waard nominearre foar de Oscar en de BAFTA foar bêste special effects, noch twa bykommende Saturn Awards en twa Satellite Awards.

 
Regisseur Matt Reeves (l.) en de haadrolspilers fan Dawn of the Planet of the Apes op 'e San Diego Comic-Con fan 2013. F.l.n.rj.: Jason Clarke, Keri Russell en Andy Serkis.

Dawn of the Planet of the Apes

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Dawn of the Planet of the Apes.

Yn Dawn of the Planet of the Apes hat de pandemy fan 'e saneamde 'apegryp', dy't oan 'e ein fan 'e foargeande film begûn, de minsklike befolking fan 'e wrâld ynkrompen fan 7 miljard ta 14 miljoen. Dat hat in maatskiplike ynstoarting feroarsake dy't de minsklike beskaving folslein ûnder fuotten helle hat. Tsien jier nei dato kloftsje de oerlibjende bewenners fan San Francisco gear ûnder it liederskip fan in Malcolm (Jason Clarke). Se komme yn konflikt mei de apen fan Caesar (Andy Serkis) wannear't se har yn it Nasjonaal Monumint Muir Woods bejouwe mei as doel om in wetterkrêftsintrale te reparearjen sadat San Francisco wer elektrisiteit krije sil. Uteinlik berikke Malcolm en Caesar in kompromis, mar Dreyfus (Gary Oldman), de pleatsferfanger fan Malcolm, sjocht de apen as in bedriging en bewapenet de minsken, wylst Koba (Toby Kebbell), in bonobo dy't lang as proefdier troch minsken misbrûkt is en harren dêrom hatet, de apen tsjin 'e minsken opstokelet en sa Caesar syn gesach ûnderminet.

Malcolm-en-dy witte de elektrisiteitsfoarsjenning yn San Francisco te reparearjen, mar Dreyfus makket dêr daliks gebrûk fan troch fia in radioferbining kontakt op te nimmen mei in oare groep minsklike oerlibbenen op in legerbasis, dy't úteinsette mei in opmars nei de stêd om 'e apen te bestriden. Koba sjit Caesar del en stekt it wâld yn 'e brân, wêrnei't er de minsken de skuld foar beide dingen op 'e lea skoot. Hy nimt it plak fan Caesar yn en liedt de apen by in ferrassingsoanfal op San Francisco. Underwilens fynt Malcolm in swierferwûne Caesar werom, dy't er meinimt om him fersoargje te litten troch syn frou Ellie (Keri Russell), in ferpleechkundige. Malcolm makket kontakt mei Blue Eyes (Nick Thurston), de soan fan Caesar, sadat oan it ljocht komt wat Koba dien hat. Blue Eyes, Caesar en Malcolm befrije de minsken en de dissidinten mank de apen dy't troch Koba-en-dy finzen set binne. Caesar befjochtet Koba en ferslacht en deadet him. Dreyfus komt om by in mislearre selsmoardoanslach op 'e apen. Malcolm warskôget Caesar foar de komst fan 'e minsken fan 'e legerbasis, mar Caesar antwurdet dat de oarloch al begûn is.

Dawn of the Planet of the Apes wie min ofte mear in remake fan Battle for the Planet of the Apes, út 1973, mar offisjeel hiet it dat dat net sa wie. De film waard regissearre troch Matt Reeves nei in senario fan Mark Bomback, Rick Jaffa en Amanda Silver. De film gie op 26 juny 2014 yn premiêre, en brocht $708,8 miljoen op tsjin in budget fan $170 miljoen. Dêrmei wie it de op sân nei meast opbringende film fan it jier. Fan 'e filmkritisy krige Dawn of the Planet of the Apes oer it algemien positive resinsjes. De film waard nominearre foar de Oscar en de BAFTA foar bêste special effects en acht Saturn Awards.

 
In kostúm foar in manlike orang-oetan út 'e oarspronklike filmsearje.

War for the Planet of the Apes

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side War for the Planet of the Apes.

Yn War for the Planet of the Apes wurde Caesar (Andy Serkis) en syn apen twongen om foar libben en frijheid te fjochtsjen tsjin in minsklike paramilitêre milysje, oanfierd troch in religieuze fûnemintalist dy't inkeld bekendstiet as "de Kolonel" (Woody Harrelson). Dyselde jout lieding oan in nachtlike ynfiltraasje fan it wenplak fan 'e apen wêrby't Caesar syn oarehelte Cornelia (Judy Greer) en syn âldste soan Blue Eyes (Max Lloyd-Jones) fermoarde wurde. De apen beslute harren werom te lûken nei in oäze yn 'e woastyn, dêr't se feilich wêze sille. By wize fan ôfliedingsmaneuver kringe Caesar, de sjimpansee Rocket (Terry Notary), de orang-oetan Maurice (Karin Konoval) en de gorilla Luca (Michael Adamthwaite) it domein fan 'e milysje binnen, dêr't se ûntdekke dat de milysje finzen minskapen as lêstdieren brûkt. Ut selsferdigening deadzje se in man dy't yn in ferlitten doarp libbet. Neitiid ûntdekke se it stomme dochterke fan 'e man, dat se meinimme, befreonje en de namme 'Nova' jouwe.

Caesar wurdt finzen nommen troch de milysje, en yn it fijannige kamp ûntdekt er dat syn apen ûnderweis nei de oäze troch de milysje ûnderskept binne en no ek finzen holden wurde. De apen wurde ynset as twangarbeiders om in mânske ferdigeningswâl te bouwen. Caesar konkludearret dat it Amerikaanske Leger op kommendeweis is om mei de milysje fan 'e Kolonel ôf te weven. It docht ek bliken dat de apegryp ûnderwilens mutearre is en yn minsken net mear de dea feroarsaket, mar stommens en in algehiele degeneraasje ta in primitive, bisteftige steat. De Kolonel is derfan oertsjûge dat hy en syn folk de útkarden binne om in hillige oarloch te fieren tsjin sawol de apen as de dragers fan 'e sykte. Mei helpt fan Nova witte Caesar en Rocket de apen yn it milysjekamp te befrijen en en fuort te lieden fia in ûndergrûnske tunnel, mar se komme tusken twa fjurren te sitten as it leger de milysje oanfalt. Caesar siket de Kolonel op foar in konfrontaasje, mar de man is stom wurden en, yn it besef dat er sels de apegryp oprûn hat, kiest er derfoar om selsmoard te dwaan. Troch it opblazen fan in grutte brânstoftank eliminearret Caesar de milysje, en it leger wurdt útskeakele troch de lawine dy't it gefolch is fan 'e reuseftige ûntploffing. Caesar en syn apen klimme yn 'e beammen (en drage Nova mei) om oan 'e algehiele ferwoastging te ûntkommen. Neitiid bejouwe se har nei de oäze, dêr't bliken docht dat Caesar de hiele tiid al fataal ferwûne wie. Foar't er stjert, ûnthjit Maurice him dat er de dreamen fan Caesar wier meitsje sil.

War for the Planet of the Apes waard, krekt as Dawn of the Planet of the Apes, regissearre troch Matt Reeves, diskear nei in senario fan himsels en Mark Bomback. De film gie op 10 july 2017 yn premiêre, en brocht $490,7 miljoen op tsjin in budget fan $150 miljoen. War for the Planet of the Apes krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. De film wûn in Satellite Award en waard nominearre foar de Oscar en de BAFTA foar bêste special effects, in Screen Actors Guild Award, fjouwer Saturn Awards en trije bykommende Satellite Awards.

 
Aktrise Freya Allen by de premiêre fan Kingdom of the Planet of the Apes.

Kingdom of the Planet of the Apes

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Kingdom of the Planet of the Apes.

Kingdom of the Planet of the Apes spilet gâns generaasjes nei't Caesar de apen nei feilichheid laat hat. Ut 'e oäze binne ferskate apekultueren ûntstien, dy't har oer de wrâld ferspraat hawwe. Underwilens binne de minsken alhiel degenerearre ta wylde bisten. De nije lieder fan ien fan 'e apekultueren, Proximus Caesar (Kevin Durand) ferwringt de lear fan Caesar om oare apekultueren te ûnderwerpen op 'e siik nei de lêste restanten fan minsklike technology. De jonge sjimpansee Noa (Owen Teague) en it wylde famke Mae (Freya Allan) geane tegearre op in kweeste om 'e mienskiplike takomst foar apen en minsken te bepalen.

Kingdom of the Planet of the Apes waard regissearre troch Wes Ball nei in senario fan Josh Friedman, Patrick Aison, Rick Jaffa en Amanda Silver. De opnamen fûnen plak fan oktober 2022 oant en mei febrewaris 2023. De film gie op 2 maaie 2024 yn premiêre.

Fierdere films

bewurkje seksje

Yn juny 2022 begûn regisseur Wes Ball ûnderhannelings mei 20th Century Studios oer twa oanfoljende films yn 'e Planet of the Apes-franchise, dy't mei Kingdom of the Planet of the Apes in nije filmtrilogy foarmje sille.

Dokumintêre

bewurkje seksje

Behind the Planet of the Apes

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Behind the Planet of the Apes.

Behind the Planet of the Apes is in efter-de-skermendokumintêre oer de Planet of the Apes-franchise út 1998, ta gelegenheid fan it tritichjierrich bestean fan 'e mediafranchise. De dokumintêre waard makke troch Kevin Burns en David Comtois en finansierd troch Foxstar Productions. De presintaasje waard ferrjochte troch akteur Roddy McDowall, dy't yn fjouwer fan 'e fiif oarspronklike films spile en teffens yn 'e tillefyzjesearje Planet of the Apes. De fokus leit benammen op 'e fiif films fan 'e oarspronklike searje. Yn 2 oeren en 7 minuten wurdt it ûntstean fan 'e franchise en de produksje fan 'e films beljochte fia in voice-over en ferskate fraachpetearen.

 
De cast fan 'e tillefyzjesearje Planet of the Apes út 1974. F.l.n.rj.: James Naughton as Burke, Ron Harper as Virdon en Roddy McDowall as Galen.

Planet of the Apes (searje)

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Planet of the Apes (tillefyzjesearje).

Planet of the Apes is in tillefyzjesearje dy't makke waard troch 20th Century Fox Television en foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd waard fan septimber oant desimber 1974 by tillefyzjenetwurk CBS. De searje waard betocht troch Anthony Wilson en makke troch útfierend produsint Herbert Hirschman en tillefyzjeprodusint Stan Hough. Der waarden yn totaal 14 ôfleverings makke, elts mei in spyldoer fan 50 minuten. De searje waard midden yn it earste seizoen stopset omreden fan te lege sjochsifers.

It útgongspunt fan 'e searje is it delstoarten fan in Amerikaansk romteskip op in ûnbekende planeet, nei't it yn 1980 by Alpha Centauri yn in tiidsbôge bestrûpt rekke is. De beide oerlibjende ynsittenden binne kolonel Alan Virdon (Ron Harper) en majoar Peter J. Burke (James Naughton), dy't al rillegau foar it ferstân krije dat se op 'e Ierde bedarre binne, mar dan tûzen jier yn 'e takomst. No slane minskapen dêr foar master op. Riedslid Zaius (Booth Colman), in orang-oetan, stjoert de gorilla-ofsier Urko (Mark Lenard) om 'e astronauten finzen te nimmen, mar om't er Urko net alhiel fertrout, lit er syn eigen sjimpansee-assistint Galen (Roddy McDowall) mei him gean om in eachje yn it seil te hâlden. Troch syn omgong mei de minsken begjint Galen te twifeljen oan alles wat him altyd ferteld is oer minsken en apen, wêrnei't er Virdon en Burke helpt om te ûntsnappen. As Galen letter Zaius fertelt oer syn twifels oangeande de apelear, beskuldiget dy him fan ketterij en feroardielet him ta de dea. Galen wurdt lykwols op syn beurt troch Virdon en Burke rêden, wêrnei't it trio fuortflechtigen omdoarmet troch wat ienris de westlike Feriene Steaten wiene en dêr ferskate aventoeren belibbet mei apen, minsken en âlde minsklike ruïnes.

 
Planet of the Apes-fans yn cosplay as dr. Zaius en dr. Zira út 'e oarspronklike film.

Return to the Planet of the Apes

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Return to the Planet of the Apes.

Return to the Planet of the Apes is in tekenfilmsearje produsearre troch DePatie-Freleng Enterprises y.g.m. 20th Century Fox Television. De searje waard fan septimber oant en mei novimber 1975 foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd troch tillefyzjenetwurk NBC. Der waard yn ien ûnfoltôge seizoen makke fan yn totaal 13 ôfleverings, elts mei in spyldoer fan 24 minuten. De sjochsifers fan 'e searje wiene net al te bêst, sadat NBC ôfseach fan it bestellen fan 'e trije lêste ôfleverings om it seizoen kompleet te meitsjen.

Krekt as by de oarspronklike film en de live-actiontillefyzjesearje giet it ek by Return to the Planet of the Apes om minsklike astronauten dy't yn 'e takomst bedarje en strâne reitsje op in ferzje fan 'e Ierde dêr't primitive minsken en minsklike mutanten oerhearske wurde troch yntelliginte en pratende minskapen. De astronauten Bill Hudson (ynsprutsen troch Richard Blackburn en letter Tom Williams), Jeff Allen (Austin Stoker) en Judy Franklin (Claudette Nevins) besykje mei help fan 'e sjimpansees Cornelius (Henry Corden, letter Edwin Mills) en Zira (Philippa Harris) om 'e gorilla's fan 'e sinistere generaal Urko (Henry Corden) in stap foar te bliuwen, wylst se útsykje wat harren no eins oerkommen is.

De apebeskaving is yn 'e tekenfilmsearje folle heger ûntwikkele as yn 'e oarspronklike fiif films en de live-actiontillefyzjesearje, en beskikt oer auto's, fleanmasines, boaten, tillefyzjes en radio's. Dêrtroch liket de tekenfilmsearje folle mear op 'e roman La Planète des singes fan Pierre Boulle, dêr't de hiele franchise op weromgiet, en ek op iere konsepten foar de earste film, dy't fierstente djoer blieken om te ferfilmjen.

 
De omslach fan 'e earste printinge fan 'e roman La Planète des singes, fan Pierre Boulle, út 1963.

La Planète des singes

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side La Planète des singes.

La Planète des singes is de roman dy't oan 'e basis fan 'e Planet of the Apes-franchise stie. It is in boek fan 'e hân fan 'e Frânske skriuwer Pierre Boulle, dat yn 1963 publisearre waard. Boulle skreau de roman yn in perioade fan in healjier nei't er yn 'e dieretún troch de 'minskeftige' gesichtsútdrukkings fan gorilla's ynspirearre waard ta it beprakkesearjen fan 'e relaasje tusken de minske en de minskaap. Yn La Planète des singes is in sterke ynfloed werom te finen fan 'e fiktive aventoerlike reisferslaggen út 'e achttjinde en njoggentjinde iuw, yn 't bysûnder it satiryske Gulliver's Travels fan Jonathan Swift. De roman is ien fan ferskate boeken fan Boulle, wêryn't de skriuwer narratologyske eleminten en in plot út it science fiction-sjenre brûkt om kommentaar te leverjen op it falen fan 'e minskheid yn 'e echte wrâld en de te grutte ôfhinklikheid fan 'e moderne minske fan technology. Sels fûn Boulle trouwens dat syn La Planète des singes gjin science fiction wie, mar in sjenre dat er "maatskiplike fantasy" neamde.

De roman is in satire oer de Frânske sjoernalist Ulysse Mérou, dy't dielnimt oan in reis troch de romte nei in fiere planeet, dêr't stomme, bisteftige minsken bejage en ta slaaf makke wurde troch in heech technologysk ûntwikkele beskaving fan minskapen. De apemaatskippij bestiet út trije klassen dy't sterk wei hawwe fan kasten: de gorilla's binne plysjes en soldaten, de sjimpansees binne wittenskippers en de orang-oetans binne politisy en religieuze lieders. Uteinlings ûntdekt Mérou dat minsken de planeet ienris dominearren, oant harren selsfoldienens en gemaksucht it foar de iveriger apen mooglik makke om 'e macht oer te nimmen. It sintrale tema fan it boek is dat minsklike yntelliginsje gjin fêststeande kwaliteit is, mar belúnje en ôfstjerre kin as men it net ûnderhâldt. Boulle beskôge La Planète des singes as ien fan syn mindere wurken, mar de roman waard in grutte bestseller, net inkeld yn Frankryk, mar ek om utens, nei't it yn in Ingelske oersetting fan Xan Fielding yn it Feriene Keninkryk útbrocht waard as Monkey Planet en yn 'e Feriene Steaten as Planet of the Apes.

Alle fjouwer ferfolchfilms fan 'e oarspronklike filmsearje út 'e iere 1970-er jierren ferskynde in ferboeking fan, skreaun troch foaroansteande Amerikaanske science fiction-auteurs:

  • 1970 – Beneath the Planet of the Apes (skreaun troch Michael Avallone)
  • 1971 – Escape from the Planet of the Apes (skreaun troch Jerry Pournelle)
  • 1972 – Conquest of the Planet of the Apes (skreaun troch John Jakes)
  • 1973 – Battle for the Planet of the Apes (skreaun troch David Gerrold)

Fan 'e tillefyzjesearje Planet of the Apes waarden fjouwer ôfleverings ferboeke, allegearre troch George Alec Effinger:

  • 1974 – Planet of the Apes #1: Man the Fugitive
  • 1974 – Planet of the Apes #2: Escape from Tomorrow
  • 1974 – Planet of the Apes #3: Journey into Terror
  • 1974 – Planet of the Apes #4: Lord of the Apes

Ek fan 'e remake Planet of the Apes ferskynde in ferboeking:

Strips yn it ramt fan 'e Planet of the Apes-franchise binne sûnt 1968 geregeldwei ferskynd. Ien fan 'e opmerkliksten wie it stripblêd Planet of the Apes, fan útjouwerij Marvel Comics, dat fan 1974 oant en mei 1977 bestie. Dêryn waarden 'ferstrippings' yn swart-wyt fan elts fan 'e fiif oarspronklike films publisearre en ek orizjinele ferhalen fan Doug Moench. Fierders waard der nijs yn opnommen oer de franchise, essays, fraachpetearen en oar materiaal. It blêd groeide út ta ien fan 'e súksesfolste útjeften fan Marvel, dy't foar elts nij nûmer 300 oant 400 brieven fan fans krige. Dat wie safolle dat de útjouwerij de gewoante ôfskafte om in reäksje op eltse brief te jaan. Marvel publisearre fan 1975 oant 1976 ek it moanneblêd Adventures on the Planet of the Apes. Dat bestie út werprintingen yn kleur fan 'e ferstrippings fan Planet of the Apes en Beneath the Planet of the Apes.

 
It astronautepak fan Dianne Stanley, dy't Stewart spile yn 'e oarspronklike film út 1968.

Yn 1990, doe't der in oplibbing fan ynteresse yn 'e franchise wie, begûn Malibu Comics mei de publikaasje fan in nij moanneblêd yn swart-wyt, dat Planet of the Apes hiet. Fan 'e earste edysje waarden 40.000 eksimplaren ferkocht, wat in rekôr wie foar in swart-wytstrip. Dat súkses late ta de publikaasje fan yn totaal 24 edysjes oant de belangstelling fuortêbe en it blêd yn 1992 opdoekt waard. De searje folge de aventoeren fan Alexander, de pakesizzer fan Caesar, by syn regear fan 'e ûnlijige apebeskaving. It súkses fan it blêd soarge ek foar de publikaasje fan in fjouwerdielige spin-offsearje:

  • Ape City, Planet of the Apes: Urchak's Folly
  • Ape Nation (in crossover mei Alien Nation)
  • Planet of the Apes: Blood of the Apes
  • Planet of the Apes: The Forbidden Zone

Malibu brocht ek twa op harsels steande stripalbums út, A Day on the Planet of the Apes en Planet of the Apes: Sins of the Fathers, en fierders in prequel fan 'e oarspronklike film, in omnibusedysje mei de titel Monkey Planet (dy't de earste fjouwer dielen fan it moanneblêd omfette), en werprintingen fan eardere útjeften fan Marvel.

Ek oare stripútjouwerijen, wêrûnder Gold Key Comics, Dark Horse Comics en Boom! Studios hawwe strips yn it ramt fan 'e Planet of the Apes-franchise útbrocht. Dy fan Boom! Studios omfetten û.m. crossovers mei oare franchises: Star Trek/Planet of the Apes: The Primate Directive (2014) en King Kong on the Planet of the Apes (2017). Yn 2018 brocht Boom! de grafyske roman Planet of the Apes: Visionaries út, in ferstripping troch Dana Gould en Chad Lewis fan it orizjinele senario fan Rod Serling foar de film út 1968.

De folgjende soundtrackalbums binne ferskynd yn it ramt fan 'e Planet of the Apes-franchise:

Fideospultsjes

bewurkje seksje

De folgjende fideospultsjes binne ferskynd yn it ramt fan 'e Planet of the Apes-franchise:

Boartersguod en merchandising

bewurkje seksje

De franchise, en yn it bysûnder de beide tillefyzjesearjes, generearren withoefolle soarten boartersguod en oare merchandising. Yn 'e 1970-er jierren ferliende 20th Century Fox lisinsjes oan sa'n 60 bedriuwen, dy't mei-inoar mar leafst 300 ûnderskate Planet of the Apes-produkten op 'e merk brochten. Dêrûnder wiene dingen as action figures, modelboukits, kleurboeken, ruilkaarten, boartersguodwapens, kostúms, en itensreau en bôletrompkes mei ôfbyldings út 'e franchise. Sa'n wiid ferskaat oan merchandising wie ûngewoan foar dy tiid, en it tinken is dat de merchandising fan Planet of the Apes model stien hat foar lettere merchandisingkampanjes, bgl. foar Star Wars. De action figures fan Planet of the Apes, dy't yn 1973 op 'e merk kamen, wiene de earsten fan har soarte dy't ynspirearre wiene troch in film. It bliek foar it produsearjende bedriuw, de Mego Corporation, en foar 20th Century Fox in gouden greep te wêzen dy't late ta de opkomst fan mear fan sokke popkes yn it ramt fan oare franchises.

It wichtichste tema fan 'e Planet of the Apes-franchise, alteast wat de oarspronklike filmsearje út 'e lette 1960-er en iere 1970-er jierren oangiet, is rasisme en rasseproblematyk. Eric Greene, dy't yn 1998 oer dat ûnderwerp it boek Planet of the Apes as American Myth skreau, wol hawwe dat de franchise "wannear't dy as ien epysk wurk beskôge wurdt, […] foar it ljocht komt as in progressive allegory fan it rasiale konflikt." Dêrmei ferwiist er nei it rasiale konflikt yn 'e Feriene Steaten, te witten de ûnderdrukking fan 'e Afro-Amerikanen troch de dominante blanke befolkingsgroep en it ferset fan 'e swarten dêrtsjin yn 'e foarm fan 'e Amerikaanske Boargerrjochtebeweging.

 
Akstrise Kim Hunter by de fisazjy om ta de sjimpansee Zira omfoarme te wurden foar de opnamen fan Planet of the Apes (1968).

Yn 'e ynterpretaasje fan Greene is de plotbôge fan 'e franchise woartele yn in konflikt wêrby't minsken en apen inoar yn in destruktive syklus om bar ûnder it jok bringe. It ferskil tusken minsken en apen bestiet foar it meastepart út lichaamlik foarkommen en dominânsje komt troch maatskiplike macht ynstee fan troch echte fysike of mentale superioriteit. Eltse film ferskoot de balâns, sadat it publyk noris sympatisearret mei de apen en dan wer mei de minsken. Neffens Greene is it sintrale boadskip fan 'e franchise dat ûnoploste rasiale konflikten ûntsjinkearber beide partijen meifiere sille nei in mienskiplike ferneatiging.

Filmprodusint Arthur P. Jacobs en associate producer Mort Abrahams stoppen dy rasiale ûndertoanen net bewust yn Planet of the Apes út 1968 en seagen deroerhinne oant de swarte sjonger en akteur Sammy Davis jr. harren der nei de premiêre fan 'e film op wiisde. Dêrnei besleaten se de kwestje te omearmjen en ynkorporearren se dy op mear iepentlike wize yn 'e fjouwer ferfolchfilms, yn 't bysûnder de trije lêste. Ferskate filmkritisy hawwe skreaun dat de rebootfilmsearje út 'e 2010-er jierren it rassetema bagatellisearret troch de rasiale subtekst út it konflikt tusken minsken en apen te ferwiderjen. Oer it algemien wurdt dat beskôge as in minpunt oan 'e rebootfilms, mei't men fynt dat it ferhaal dêrtroch syn skerpte ferliest en tematysk útholle wurdt.

Foar wat de oarspronklike filmsearje oanbelanget, en fral de earste beide films, wie fierders de Kâlde Oarloch in wichtich tema. Dêrby gie it yn 't bysûnder om 'e driging fan in allesferwoastgjende nukleêre holokaust as gefolch fan in kearnoarloch tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny. De films binne apokalyptysk en dystopysk en suggerearje dat de spannings tusken de beide supermachten by wize fan sprekken moarn de ein fan 'e Ierde feroarsaakje kinne soe. De films bekrisearje beide kanten yn it konflikt, mei't de ûnderdrukkende apebeskaving en de ûndergrûnske mutantekultuer trekken hawwe fan sawol it saneamde frije Westen as fan it Eastblok.

In trêde wichtich tema fan 'e Planet of the Apes-franchise is dy fan bisterjochten. Neffens Greene is dat elemint sterk ferweve mei de rasiale kwestje. De earste film lit sjen hoe't Taylor mishannele wurdt troch de apen, dy't him as in bist beskôgje. Lettere films út 'e oarspronklike filmsearje litte sjen hoe't minsken harsels skuldich meitsjen oan bistemishanneling yn ferhâlding ta de apen. Yn 'e films fan 'e rebootsearje komme bisterjochten noch folle mear op 'e foargrûn te stean. Yn dy filmrige wurdt ntl. direkt de fraach omtrint it persoanwêzen fan 'e minskapen steld yn 'e portrettearring fan Caesar en syn folgelingen, wannear't dyselden fjochtsje foar harren rjochten yn in maatskippij dy't harren net erkent as persoanen foar de wet.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Planet of the Apes
 oarspronklike filmsearje  Planet of the Apes (1968) • Beneath the Planet of the Apes (1970) • Escape from the Planet of the Apes (1971) • Conquest of the Planet of the Apes (1972) • Battle for the Planet of the Apes (1973)
 remake Planet of the Apes (2001)
 rebootfilmsearje Rise of the Planet of the Apes (2011) • Dawn of the Planet of the Apes (2014) • War for the Planet of the Apes (2017) • Kingdom of the Planet of the Apes (2024)