Agresje

(Trochferwiisd fan Agressive)

Agresje (fan it Frânske agression, dat weromgiet op it Latynske aggressio, "oanfal") is in foarm fan fijannich en tsjinwurkjend hâlden en dragen, dy't sawol by de minske as by in protte bistesoarten foarkomt en faak útmûnet yn it brûken fan geweld. It kin reäktyf wêze as it oproppen wurdt troch it hâlden en dragen fan oaren, mar it kin ek foarkomme sûnder provokaasje foarôf. Yn 'e sosjology en de gedrachswittenskip wurdt agresje definiëarre as eltse foarm fan hâlden en dragen fan in yndividu dy't mei opsetsin ûnoangenaam is foar in oar. In resultaat fan agresje, sels as der gjin geweld by brûkt wurdt, kin yntimidaasje fan it slachtoffer wêze. By minsken en húsdieren wurdt agresje sjoen as in foarm fan probleemgedrach.

It sjen litten fan 'e tosken is by de measte bistesoarten in teken fan agresje.

By minsken is it in gemoedstastân dy't oproppen wurde kin troch in ferskaat oan dingen, fan frustraasje oer dwerseide doelen oant it gefoel dat oaren gjin respekt foar jin hawwe. It kin ek op ûnnatuerlike wize feroarsake wurde troch it ynnimmen fan beskate soarten medisinen of drugs. Minsklike agresje kin klassifisearre wurde as direkte en yndirekte agresje. Direkte agresje bestiet út fysyk en/of ferbaal geweld, en is rjochte op it tabringen fan lichaamlike en/of geastlike skea oan oaren. Yndirekte agresje is hâlden en dragen dat derop rjochte is om skea ta te bringen oan 'e sosjale relaasjes fan in persoan of groep. Agresje is net folslein negatyf, mei't it soms brûkt wurde kin foar kreätive en praktyske dingen, lykas by it beoefenjen fan fjochtsport, de training fan militêren of it ferdigenjen fan jinsels of jins neisten tsjin kriminelen.

By bisten besteane ek ferskate soarten agresje. By groepen binnen ien soarte draait agresje ornaris om it fêststellen fan 'e pikoarder (of dominânsjehierargy). Dat wurdt dien troch agressive botsings tusken wat faak mantsjes binne, mar soms ek wyfkes of mantsjes èn wyfkes. Faak giet it dêrby úteinlik om it rjocht om te pearjen. Yntersoartlike agresje is hiel wat oars en draait ornaris om predaasje troch de iene soarte op 'e oare. De agressive botsing fynt dan plak tusken in rôfdier dat syn proai besiket te oermasterjen om it opfrette te kinnen, wylst de proai fjochtet om te oerlibjen en fuort te kommen. By agressive mimikry hat it rôfdier troch evolúsje de foarm fan in ûngefaarlik organisme krigen mei as doel om proaien oan te lokjen en dan ûnferhoeds oan te fallen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.