Escape from the Planet of the Apes

Escape from the Planet of the Apes is in Amerikaanske science fiction-aventoerefilm út 1971 ûnder rezjy fan Don Taylor, mei yn 'e haadrollen Roddy McDowall en Kim Hunter. De titel betsjut "Untsnapping fan 'e Planeet fan 'e Apen". De film is it trêde diel yn 'e Planet of the Apes-filmsearje en folget as sadanich op Beneath the Planet of the Apes, út 1970. It ferhaal giet oer in trijetal yntelliginte, pratende sjimpansees, dy't út 'e fiere takomst fan 'e Ierde weromreizgje nei 1973 en harren dan steande sjen moatte te hâlden yn in troch minsken dominearre wrâld. De tematyk fan 'e film omfiemet saken as fiviseksje, de driging fan in kearnoarloch en it binnenkringen fan 'e oerheid yn it priveelibben fan boargers. Escape from the Planet of the Apes krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. In folgjend diel yn 'e searje, Conquest of the Planet of the Apes, ferskynde yn 1972.

Escape from the Planet of
the Apes
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Don Taylor
produsint Arthur P. Jacobs
senario Paul Dehn
kamerarezjy Jospeh F. Biroc
muzyk Jerry Goldsmith
filmstudio 20th Century Fox
APJAC Productions
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Roddy McDowall
Kim Hunter
byrollen Bradford Dillman
Natalie Trundy
Eric Braeden
William Windom
Ricardo Montalban
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 21 maaie 1971
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 98 minuten
budget en resultaten
budget $2,1 miljoen
opbringst $12,3 miljoen
filmsearje
filmsearje Planet of the Apes
● foarich diel Beneath the Planet of the Apes
● folgjend diel Conquest of the Planet of
   the Apes

Plot bewurkje seksje

Yn in fiere takomst fan 'e Ierde, yn in tiid dat de planeet dominearre wurdt troch yntelliginte, pratende minskapen, bergje en reparearje de sjimpansee-wittenskippers Cornelius, Zira en Milo it delstoarte romteskip fan 'e Amerikaanske astronaut George Taylor, dy't by fersin nei de takomst reizge wie (sjoch: Planet of the Apes). Hja witte mei it romteskip ôf te setten fan it ierdoerflak krekt foar't de Ierde yn 'e oarloch tusken apen en minsken ferneatige wurdt troch it ôfgean fan in kobaltbom (sjoch: Beneath the Planet of the Apes). De skokweach dy't troch de ferneatiging fan 'e planeet feroarsake wurdt, stjoert it romteskip mei de trije apen werom yn 'e tiid nei de Ierde fan 1973, dêr't se delkomme oan 'e westkust fan 'e Feriene Steaten.

De apen wurde earst oerbrocht nei de Los Angeles Zoo, dêr't se ûnder observaasje komme fan in pear sympatike biologen, dr. Lewis Dixon en dr. Stephanie Branton. Wylst se yn 'e dieretún ferbliuwe, wurdt Milo deade troch in agressive gorilla. In presidinsjele kommisje wurdt ynsteld om 'e weromkear fan it ferlern waande romteskip fan Taylor te ûndersykjen. As bliken docht dat Cornelius en Zira prate kinne en like yntelligint binne as minsken, wurde se ferwolkomme as gasten fan 'e Amerikaanske oerheid. Se wurde befrege oer wêr't se wei komme, mar se ûntstride dat se Taylor kend hawwe. Se fertelle inkeld dat se ôfkomstich binne út 'e takomst en dat se fan 'e Ierde ûntkommen binne doe't der in grutte oarloch útbriek. Oan Dixon en Branton fertrouwe se lykwols ta hoe't minsken yn 'e takomst troch apen behannele wurde en dat de oarloch, wêrfoar't se útnaaid binne, ta de folsleine ferneatiging fan 'e Ierde liedt. De beide biologen binne skokt, mar ferlieze net harren sympaty foar de beide apen, en drukke Cornelius en Zira op it hert om dy ynformaasje stil te hâlden oant se der wis fan binne hoe't de autoriteiten it opfetsje sille.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De beide apen wurde oerspield mei kado's en oandacht fan 'e media, dat se reitsje al rillegau ferneamd. Dr. Otto Hasslein, de presidinsjeel adviseur op it mêd fan 'e wittenskip, begjint him om harren te bekroadzjen en ûntdekt dat Zira swier is. Hasslein sjocht yntelliginte apen as in bedriging foar it fuortbestean fan 'e minskheid en docht him foar as in freon om 'e beide apen út te kloarkjen. Cornelius fertelt him dat de minskheid troch in kearnoarloch syn eigen delfal beävensearje sil en dat ek de úteinlike ferneatiging fan 'e Ierde feroarsake wurde sil troch in wapen fan minsklike makkelei. Zira leit út dat de gorilla's de oarloch begûn binne dy't ta de ferneatiging fan 'e planeet liedt, en dat de sjimpansees der neat mei te krijen hawwe.

Hasslein fermoedet dat se him mar in part fan 'e wierheid fertelle, temear om't Zira by har oarspronklike ferhear slûpe litten hat dat se foarhinne minsken ûntlede. Wylst Cornelius earne oars fêstholden wurdt, jout Hasslein oan Dixon opdracht om Zira in wierheidssearum ta te tsjinjen. As er har dan wer befreget, komt er de details oan 'e weet oer Zira har eksperimintearring mei libbene minsken en har kunde oan Taylor. Zira wurdt by Cornelius opsletten, wylst Hasslein syn befinings oan 'e presidint fan 'e Feriene Steaten foarleit. Wannear't syn adviseurs der ienriedich by him op oansteane om Zira har poppe te abortearjen en har en Cornelius te sterilisearjen, leit de presidint him dêr mei tsjinnichheid by del.

Yn harren sel freezje Cornelius en Zira foar harren libbens. Wannear't in oppasser harren iten bringt, driuwe syn grappen oer harren noch net berne jong Cornelius ta razernij. Hy slacht de man del en hy en Zira pike út. Se nimme oan dat de oppasser inkeld bewusteleas rekke is, mar hy blykt dea te wêzen. Hasslein brûkt dy trageedzje as 'bewiis' foar syn bewearing dat de apen in bedriging foarmje. Hy stiet der by de presidint op oan om harren terjochtstelle te litten, mar de presidint ferpoft it om 'e deastraf op te lizzen oan immen dy't net skuldich befûn is by in earlike berjochting, dat hy jout Hasslein opdracht om 'e Cornelius en Zira libben te fangen.

Dixon en Branton helpe de apen te ûntkommen en bringe se ûnder by in sirkus dat eigendom is fan señor Armando. In gewoane sirkussjimpansee, Heloise, is dêr krekt befallen fan in jong. Zira sels befalt ek fan in sûne poppe en neamt dy Milo, nei har deade freon. Hasslein, dy't wit dat Zira op it punt stiet om te befallen, lit alle dieretunen en sirkussen trochsykje nei nijberne sjimpanseejongen. Armando stiet derop dat de apen foar harren eigen feilichheid fuort moatte. Dixon beävensearret dat Cornelius en Zira mei de lytse Milo in skoft ûnderdûke kinne op in skipswerf yn 'e haven fan Los Angeles. Hy jout Cornelius in pistoal om selsmoard mei te dwaan, om't de apen yn gjin gefal wer libben fongen wurde wolle.

Hasslein folget it spoar fan 'e apen nei de skipswerf, dêr't hy en syn mannen mei grou geweld in ynfal dogge. Dêrby ferwûnet er Zira deadlik en fermoardet er de poppe dy't se yn 'e earms hat. Cornelius sjit dêrop Hasslein dea, wêrnei't er sels deasketten wurdt troch ien fan Hasslein syn ûnderhearrigen. Yn oanwêzichheid fan 'e roujende Dixon en Branton krûpt Zira nei Cornelius ta om mei him te ferstjerren.

Yn it sirkus fan señor Armando docht ûnderwilens bliken dat Zira, foar't se dêrwei ôfsette, har eigen poppe omwiksele hat mei dy fan Heloise. Armando, dy't him dêrfan bewust is, risselwearret om mei syn sirkus fier fuort te tsjen, alhiel nei Floarida, oan 'e oare kant fan it lân. De lytse Milo seit syn earste wurdsjes.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Roddy McDowall.
 
Kim Hunter.
 
Natalie Trundy.
haadrollen
personaazje            akteur/aktrise
Cornelius Roddy McDowall
Zira Kim Hunter


byrollen
personaazje akteur/aktrise
dr. Lewis Dixon Bradford Dillman
dr. Stephanie Branton Natalie Trundy
dr. Otto Hasslein Eric Braeden
de presidint fan 'e Feriene Steaten William Windom
señor Armando Ricardo Montalban
Milo (de wittenskipper) Sal Mineo
E-1 Albert Salmi
E-2 Jason Evers
foarsitter John Randolph
generaal Winthrop Harry Lauter
adjudant M. Emmet Walsh
abbekaat Roy Glenn
kardinaal Peter Forster
nijslêzer Bill Bonds
generaal Faulkner James Bacon
George Taylor Charlton Heston (argyfbylden)

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

Nettsjinsteande it feit dat Beneath the Planet of the Apes, de foargeande film út 'e Planet of the Apes-rige, einige wie op in manear dy't definityf in ein oan 'e searje makke liek te hawwen, woe filmstudio 20th Century Fox dochs in twadde ferfolchfilm hawwe. Arthur P. Jacobs, de produsint fan 'e earste beide films, stjoerde Paul Dehn, de skriuwer fan it senario fan Beneath the Planet of the Apes, in tillegram mei de tekst "Apen oerlibje, ferfolch nedich". Dat Dehn sette himsels wer oan it wurk en kaam op 'e lapen mei it idee om 'e sympatike personaazjes fan Cornelius en Zira werom yn 'e tiid reizgje te litten mei de Leonardo da Vinci-eske aap Milo, nei't se Taylor syn romteskip opkallefatere hiene. De wurktitel fan it skript wie Secret of the Planet of the Apes. Dehn frege Pierre Boulle om rie, de skriuwer fan 'e roman La Planète des singes, dêr't de oarspronklike film op basearre wie, om oan syn senario itselde soarte satiryske humor mei te jaan.

Escape from the Planet of the Apes waard regissearre troch Don Taylor mei Jacobs as produsint en Dehn as senarist. De film waard produsearre troch 20th Century Fox en Jacobs syn eigen filmproduksjemaatskippij, APJAC Productions. Foar Escape from the Planet of the Apes wie in budget beskikber fan mar $2,1 miljoen, dat it kaam de produsinten moai út dat der folle minder lju opmakke hoegden te wurden as apen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jospeh F. Biroc, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Jerry Goldsmith, dy't ek de muzyk foar de oarspronklike film komponearre hie.

Opnamen en casting bewurkje seksje

De opnamen foar Escape from the Planet of the Apes setten op 30 novimber 1970 útein en duorren oant en mei 19 jannewaris 1971. Roddy McDowall kearde werom yn 'e rol fan Cornelius, dy't er earder yn 'e oarspronklike film spile hie, mar net yn 'e earste ferfolchfilm, Beneath the Planet of the Apes, om't er doe oare ferplichtings hie. Kim Hunter fertolke yn Escape from the Planet of the Apes foar de trêde kear de rol fan Zira. Dêr hie se net folle sin oan, en se moast troch 20th Century Fox bepraat wurde. Se mocht wol oer it senario foar de nije film, mar fertelde letter yn in fraachpetear dat se "bliid wie dat ik [yn 'e film] deamakke waard", sadat it de lêste kear wie dat se as Zira hoegde te ferskinen. Ek sei se dat sy en McDowall, nettsjinsteande de freonlike sfear op 'e filmset, in gefoel fan isolaasje hiene om't se as iennichsten ferklaaid as apen omrûnen.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Escape from the Planet of the Apes waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 21 maaie 1971 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Escape from the Planet of the Apes oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune de film 3 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Yn ferhâlding is dit in folle bettere film as de twadde, dy't ôfgryslik wie, mar net sa goed as de earste, dy't hiel goed wie." Neffens Arthur D. Murphy fan it tydskrift Variety wie Escape from the Planet of the Apes in "treflike film", en "folle better as it ferfolch dat ferline jier útkaam en hast like goed as it orizjineel". Yn 'e Los Angeles Times ornearre Kevin Thomas dat "de film fral wurket om't Hunter en McDowall […] sokke goede akteurs binne en om't de sjimpansee-make-up fan John Chambers sa oertsjûgjend is, krekt as yn 'e oare films."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Escape from the Planet of the Apes in goedkarringspersintaazje fan 77%, basearre op 30 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Escape is ien fan 'e bettere Planet of the Apes-ferfolchfilms. It ferhaal wurdt mear oandreaun troch karakterisearring as de foargeande films, en is fan gefolgen ek oandwaanliker." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Escape from the Planet of the Apes in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 9 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Escape from the Planet of the Apes brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $5,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $6,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $12,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $2,1 miljoen betsjut dat in winst fan $10,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Ferboeking bewurkje seksje

Fan Escape from the Planet of the Apes ferskynde yn 1971 ûnder deselde titel in ferboeking dy't skreaun wie troch de foaroansteande science fiction-auteur Jerry Pournelle.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Planet of the Apes
 oarspronklike filmsearje  Planet of the Apes (1968) • Beneath the Planet of the Apes (1970) • Escape from the Planet of the Apes (1971) • Conquest of the Planet of the Apes (1972) • Battle for the Planet of the Apes (1973)
 remake Planet of the Apes (2001)
 rebootfilmsearje Rise of the Planet of the Apes (2011) • Dawn of the Planet of the Apes (2014) • War for the Planet of the Apes (2017) • Kingdom of the Planet of the Apes (2024)