Conquest of the Planet of the Apes

Conquest of the Planet of the Apes is in Amerikaanske dystopyske science fiction-aventoerefilm út 1972 ûnder rezjy fan J. Lee Thompson. De haadrollen waarden fertolke troch Roddy McDowall, Don Murray en Ricardo Montalbán. De titel betsjut "Ferovering fan 'e Planeet fan 'e Apen". De film is it fjirde diel yn 'e Planet of the Apes-filmsearje en folget as sadanich op Escape from the Planet of the Apes út 1971. It ferhaal folget de yntelliginte, pratende sjimpansee Caesar en leit út hoe't er derta komt om in rebûlje fan 'e mishannele minskapen oan te fieren tsjin 'e oerhearsking troch de minsken. Conquest of the Planet of the Apes krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. In folgjend diel yn 'e searje, Battle for the Planet of the Apes, ferskynde yn 1973. It earste diel fan 'e Planet of the Apes-rebootsearje, Rise of the Planet of the Apes út 2011, is útsoarte in remake fan Conquest of the Planet of the Apes, mar mei offisjeel net sa hjitte.

Conquest of the Planet of
the Apes
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur J. Lee Thompson
produsint Arthur P. Jacobs
senario Paul Dehn
kamerarezjy Bruce Surtees
muzyk Tom Scott
filmstudio 20th Century Fox
APJAC Productions
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Roddy McDowall
Don Murray
Ricardo Montalbán
byrollen Natalie Trundy
Hari Rhodes
Severn Darden
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 14 juny 1972
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 88 minuten
budget en resultaten
budget $1,7 miljoen
opbringst $9,7 miljoen
filmsearje
filmsearje Planet of the Apes
● foarich diel Escape from the Planet of
   the Apes
● folgjend diel Battle for the Planet of
   the Apes

Plot bewurkje seksje

Nei't in pandemy yn Noard-Amearika yn 1983 dy't alle hûnen en katten útrûge, binne minskapen der de meast foarkommende húsdieren wurden. Inkele jierren letter is yn 'e Feriene Steaten de demokrasy ûnder fuotten helle en is it lân in plysjesteat wurden wêryn't minskapen slave-arbeid ferrjochtsje moatte. Dizze foarfallen waarden yn 1973 al foarsein troch Cornelius en Zira, twa út 'e fiere takomst ôfkomstige yntelliginte en pratende sjimpansees, foar't se datselde jiers noch deade waarden troch de Amerikaanske autoriteiten (sjoch: Escape from the Planet of the Apes). Harren poppe Milo, fan wa't oannommen wie dat er mei harren ombrocht wie, waard eins yn it ferhoalene grutbrocht troch de sirkusdirekteur Armando, dy't ek 'gewoane' sjimpansees yn syn sirkus hie. Milo wie yn it sirkus in dielnimmer oan in act wêryn't apen hynsterieden.

Yn 1991 is Milo, dy't troch Armando út feilichheidsomtinkens omneamd is ta Caesar, alhiel folwoeksen. Armando nimt him mei de stêd yn om folders út te dielen foar it sirkus, mar hy drukt him jitris op it hert om beslist net merke te litten dat er prate kin. As er sjocht hoe't in gorilla troch minsken slein en drogearre wurdt, ferliest Caesar op in stuit lykwols syn selsbehearsking en ropt er: "Aaklike rotminsken!" It trelit dat dan ûntstiet, wurdt troch Armando delbêde troch te bearen dat hy dejinge is dy't ferantwurdlik is foar de útrop. Hy hat genôch tiid om tsjin Caesar te sizzen dat er himsels oanjaan en mei leagens en bluf wer frijprate sil. Underwilens moat Caesar him, foar syn eigen feilichheid, sa lang ferbergje mank oare apen. Dat, Caesar siket beskûl yn in koaifol orang-oetans, en wurdt mei de oare apen op gewelddiedige wize traind om as slaaf te tsjinjen. Dêrnei wurdt er by in feiling ferkocht oan gûverneur Breck en oan it wurk set troch MacDonald, de assistint fan 'e gûverneur. Dyselde sympatisearret mei de apen, ta walging fan syn baas, om't syn eigen foarâlden negerslaven wiene.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Armando wurdt ûnderwilens nei it plysjeburo brocht, dêr't er yn 't ferhear nommen wurdt troch ynspekteur Kolp. Dyselde leaut net dat de útrop fan Armando kaam. Mei't er wit dat Cornelius en Zira yn 1973 in skoftke yn it sirkus fan Armando taholden hawwe, begjint Kolp te fermoedzjen dat de sirkusaap Caesar harren deawaande soan is. Hy lit Armando dêrom ûnder in masine lizze dy't minsken psychologysk twingt om 'e wierheid te fertellen. As er foar it ferstân kriget dat er de masine net bedrage kin, skuort Armando himsels los en springt út in finster, dat er te pletter falt. Sa nimt er wat er wit oer Caesar mei yn it grêf. Wannear't Caesar it nijs fan 'e dea fan Armando heart, ferliest er alle fertrouwen yn 'e minsken. Yn it geheim begjint er de oare apen te learen hoe't se fjochtsje moatte en lit er harren wapens gearfandelje.

Lang om let kriget gûverneur Breck it nijs te hearren dat Caesar de aap is dêr't de plysje nei siket. Caesar kriget foar it ferstân dat MacDonald in bûnsmaat fan 'e apen is en lit oan him blike dat er prate en riddenearje kin. MacDonald hat begryp foar it plan fan Caesar om Breck ûnder fuotten te heljen, mar hy hat der sa syn twifels oer oft de revolúsje fan 'e apen, sa't dy Caesar foar eagen stiet, wol kâns fan slagjen hat. Ear't der wat fan op 'e hispel komme kin, wurdt Caesar fongen troch de trewanten fan Breck, wêrnei't er martele wurdt oant er wat seit. As er de sjimpansee praten heart, jout Breck fuortendaliks befel dat Caesar ôfmakke wurde moat. Mei de help fan MacDonald slagget it Caesar lykwols om syn dea yn sêne te setten.

Wannear't Breck him ôfjûn hat, komt Caesar wer oerein, deadet syn boal en ûntsnapt. Hy befrijt de oare apen fan Breck, en nimt dan yn 'e stêd Ape Management oer, de oerheidstsjinst dy't oer de ynset fan apeslaven giet. Fuortsterke troch de apen dy't se dêr befrije, sette Caesar-en-dy de stêd yn 'e brân en falle it kommandosintrum fan 'e plysje binnen. Underwilens deadzje se it meastepart fan 'e pleatslike oproerplysje as dy harren besiket tsjin te kearen. Nei't er de macht yn 'e stêd oernommen hat, lit Caesar gûverneur Breck oppakke en nei bûten ta bringe om terjochtsteld te wurden. MacDonald praat op him yn en warskôget him om net like gewelddiedich en ûnmeilydsum te wêzen as syn eardere minsklike masters, mar Caesar negearret him en beslút syn libben te wijen oan it ûnder fuotten heljen fan 'e hiele minsklike beskaving.

Alternative ein bewurkje seksje

Yn 'e bioskoopferzje fan 'e film ûnderhelje de apen har gewearen om Breck mei dea te slaan, wannear't Caesar syn oarehelte Lisa ynienen ropt fan "Nee!" Dat is it earste wurd dat se ea sprutsen hat en sy is de earste fan 'e oare apen dy't begjint te praten. Dêrop feroaret Caesar fan gedachten en jout er de apen befel om harren gewearen sakje te litten. Hy beslút dat it him, nei de oerwinning dy't er boekt hat, lije kin om humaan te wêzen.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Roddy McDowall.
 
Don Murray.
 
Ricardo Montalbán.
haadrollen
personaazje               akteur/aktrise
Caesar Roddy McDowall
gûverneur Breck Don Murray
Armando Ricardo Montalbán


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Lisa Natalie Trundy
MacDonald Hari Rhodes
ynspekteur Kolp Severn Darden
pikkolo Lou Wagner
kommisjefoarsitter John Randolph
frou Riley Asa Maynor
Hoskyns H.M. Wynant
Aldo David Chow
Frank de gorilla Buck Kartalian
plysje #1 John Dennis
plysje #2 Paul Comi
feilingmaster Gordon Jump
oankundiger Dick Spangler

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

Conquest of the Planet of the Apes waard regissearre troch J. Lee Thompson dy't belangstelling holden hie foar de Planet of the Apes-franchise nei't er by de preproduksje fan 'e oarspronklike film in skoft as de mooglike regisseur yn byld west hie. It duorre lykwols sa lang oant it mei dy film wat waard, dat er tsjin dy tiid al oare ferplichtings oangien wie. Sadwaande waard Planet of the Apes úteinlings regissearre troch Franklin J. Schaffner. Foar Conquest of the Planet of the Apes wurke Thompson op basis fan in skript dat skreaun wie troch Paul Dehn, deselde senarist dy't ek ferantwurdlik west hie foar de senario's fan 'e beide foargeande ferfolchfilms, Beneath the Planet of the Apes (1970) en Escape from the Planet of the Apes (1971).

Ek Conquest of the Planet of the Apes waard wer produsearre troch Arthur P. Jacobs, dy't as filmprodusint ferantwurdlik wie foar de hiele oarspronklike Planet of the Apes-filmsearje. Jacobs hie earder mei Thompson gearwurke oan 'e films What a Way to Go! (1964) en The Chairman (1969). By Conquest of the Planet of the Apes wurke Jacobs foar 20th Century Fox en syn eigen filmproduksjemaatskippij APJAC Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $1,7 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Bruce Surtees, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Tom Scott.

 
De futuristysk útsjende wyk Century City, yn Los Angeles, wie de foarnaamste filmlokaasje foar Conquest of the Planet of the Apes.

Opnamen bewurkje seksje

De opnamen foar Conquest of the Planet of the Apes fûnen plak yn it neijier fan 1971 en begjin 1972. De wichtichste filmlokaasje wie Century City yn Los Angeles, dat earder ûnderdiel útmakke hie fan it backlot fan it filmstudiokompleks fan 20th Century Fox. De monogrome gebouwen yn in sterile ultramoderne styl, dy't dêr boud wiene, ferbylden goed de sombere, dystopyske takomst dy't yn Conquest of the Planet of the Apes toand waard. In oare filmlokaasje wie de Universiteit fan Kalifornje, Irvine, yn Irvine, in foarstêd fan Los Angeles.

Tillefyzjeprodusint Irwin Allen holp by de opnamen fan Conquest of the Planet of the Apes troch foar de produksje rekwisiten út te lienen út syn eigen kolleksje, wêrûnder jumpsuits út 'e film Voyage to the Bottom of the Sea en brune unifoarmen en kompjûters en kastkes (foar Ape Management, it oerheidsburo dat de apen tewurksteld) út 'e tillefyzjesearje The Time Tunnel.

Feroaring fan 'e ein fan 'e film bewurkje seksje

De oarspronklike ferzje fan Conquest of the Planet of the Apes einige mei de gewelddiedige dea fan gûverneur Breck, dy't op befel fan Caesar troch de apen deaslein wurdt. Nei't dy ferzje op 1 juny 1972 yn Phoenix oan in testpublyk sjen litten wie, dat der syn ôfgriis oer útspriek, besleaten de produsinten de ein fan 'e film te feroarjen. Mei't se dêr gjin budget foar hiene, pasten se in pear keunstgrepen ta. Roddy McDowall, de akteur dy't Caesar spile, naam in oanfolling op Caesar syn taspraak oan 'e ein fan 'e film op, dat as in voice-over oan 'e film tafoege waard wylst inkeld in close-up fan 'e eagen fan Caesar te sjen wiene. De bylden fan 'e gorilla's dy't Breck mei de kolven fan harren gewearen deasloegen, waarden efterút ôfspile, sadat it krekt liek as lieten se de gewearen wer sakje. Yn 'e blu-ray-edysje fan Conquest of the Planet of the Apes waard de ein fan 'e film wer yn 'e âlde steat werombrocht.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Conquest of the Planet of the Apes waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 14 juny 1972 yn Los Angeles yn premiêre.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Conquest of the Planet of the Apes mingde resinsjes. Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune parte de film 21/2 fan 4 stjerren ta. Hy neamde it "treflik foar wat de earste healoere oanbelanget", mar fûn benammen de klimaktyske aksjesênes oan 'e ein fan 'e film langtrieddich. Yn The Monthly Film Bulletin skreau Clyde Jeavons: "Dit stripaventoer hat net folle mear te krijen mei de provokative fisy fan Pierre Boulle dy't, fjouwer films lyn, sa yndrukwekkend reälisearre waard troch Franklin J. Schaffner. En nettsjinsteande guon ûnbeholpen allegoaryske pretinsjes kin [dizze film] eins wier net beskôge wurde as mear as in ferlechje fan APJAC om it maksimale gebrûk te krijen út in djoere samling kostúms."

 
De Universiteit fan Kalifornje, Irvine yn Irvine wie ien fan 'e filmlokaasjes foar Conquest of the Planet of the Apes.

Arthur Murphy fan it tydskrift Variety wie mylder. Neffens him wie "McDowall, lykas gebrûklik, tige by tige goed as in aapeftich personaazje" en hold de rezjy fan J. Lee Thompson "it tempo der goed yn". En yn 'e Los Angeles Times skreau Kevin Thomas dat Conquest of the Planet of the Apes wolris de bêste Planet of the Apes-film wêze kinne soe sûnt de oarspronklike film. Hy neamde it "in […] allegory wêryn't de minskene wreedheid foar bisten symboalysk wurdt foar de minskene ûnminklikheid foar de minske." Neffens him wie dat "in ienfâldich mar krêftich útgongspunt, yngeand ûntwikkele troch Dehn mei in goede balâns tusken dialooch en aksje en aldertreflikst regissearre troch J. Lee Thompson."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Conquest of the Planet of the Apes in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 23 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Conquest of the Planet of the Apes is like lulk en relevant as syn foargongers, mar de beheinings fan it budget en in ôfkôge skript berôvje dizze revolúsje fan 'e earmslach dêr't er ferlet fan hat." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Conquest of the Planet of the Apes in goedkarringspersintaazje fan 49%, basearre op 6 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Conquest of the Planet of the Apes brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $4,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $5,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $9,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $1,7 miljoen betsjut dat in winst fan $8,0 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Ferboeking bewurkje seksje

De ferboeking fan Conquest of the Planet of the Apes, dy't yn 1972 frijwol tagelyk mei de film útkaam, wie skreaun troch de foaroansteande auteur John Jakes. Dyselde stie doedestiden benammen bekend as science fiction-skriuwer, mar soe letter wrâldferneamd wurde as skriuwer fan 'e histoaryske romansearje North and South, oer it wol en wee fan in Noardlike en in Súdlike famylje foar, ûnder en nei de Amerikaanske Boargeroarloch.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Planet of the Apes
 oarspronklike filmsearje  Planet of the Apes (1968) • Beneath the Planet of the Apes (1970) • Escape from the Planet of the Apes (1971) • Conquest of the Planet of the Apes (1972) • Battle for the Planet of the Apes (1973)
 remake Planet of the Apes (2001)
 rebootfilmsearje Rise of the Planet of the Apes (2011) • Dawn of the Planet of the Apes (2014) • War for the Planet of the Apes (2017) • Kingdom of the Planet of the Apes (2024)