Utopyske en dystopyske fiksje

(Trochferwiisd fan Dystopyske film)

Utopyske en dystopyske fiksje foarmje twa nau besibbe subsjenres fan science fiction, fantasy en horror of fan spekulative fiksje yn 'e bredere sin, dy't yngeane op tsjinstelde maatskiplike en politike ûntjouwings. Yn utopyske fiksje wurdt in ideäle maatskippij foarsteld, of alteast in maatskippij dy't stikken better is as de hjoeddeistige. Yn dystopyske fiksje, dat gauris mank giet mei apokalyptyske of post-apokalyptyske fiksje, wurdt krekt in maatskippij foarsteld dy't slim yn ferfal rekke is, of dy't alhielendal ynstoart is. It wurd 'utopysk' komt fan 'utopy', wêrmei't in ideäle mar net reälistyske sitewaasje oantsjut wurdt. Dy term komt wer fan 'e maatskippij fan it optochte lân Utopia yn it boek mei deselde namme fan 'e sechstjinde-iuwske Ingelske filosoof Thomas More. It wurd 'dystopysk' is dêr as tsjinstelling fan ôflaat.

Utopyske fiksje

bewurkje seksje

It bekenste wurk fan utopyske fiksje is fansels it yn it Latyn skreaune boek Utopia, dat yn 1516 troch de Ingelske filosoof en politikus Thomas More publisearre waard. Yn it boek beskriuwt er op iroanyske wize in ideäle steat, dy't er de namme Utopia joech. Dy namme liket, perfoarst net tafallich, op 'e Grykske wurden outopos ("gjin plak" of "nearne") en eutopos ("goed plak"). It ludike aard fan Utopia kin ek ôflaat wurde út 'e namme fan 'e ferteller dy't More yn it twadde diel fan it wurk opfiert: Raphael Hythloday. De Grykske woartel fan 'Hythloday' suggerearje in etymology fan sokssawat as "ekspêr op it mêd fan ûnsin".

In earder en folle serieuzer wurk fan utopyske fiksje avant la lettre wie it boek Steat fan 'e Grykske wiisgear Plato, út omtrint 380 f.Kr. Dêryn beskreau dyselde syn fyzje fan in ideäle maatskippij mei in ideaal polityk systeem. Lettere foarbylden binne The History of Rasselas, Prince of Abissinia, fan Samuel Johnson, út 1759, en Erewhon, fan Samuel Butler, út 1872. De titel fan Erewhon is in anagram fan it Ingelske wurd nowhere ("nearne"). Lykas in grut diel fan 'e utopyske fiksje, kin dat wurk sjoen wurde as in satire. Butler ferwikselet bygelyks sykte en misdie, mei't yn Erewhon sykte bestraft, en misdie genêzen wurdt.

Feministyske utopyske fiksje

bewurkje seksje

In modern subsjenre fan utopyske fiksje is feministyske utopyske fiksje, dy't yn 'e regel oerlapet mei feministyske science fiction. Yn sokke literatuer wurde de konsekwinsjes ferkend fan 'e ideeën dat geslacht òf in poer maatskiplik begryp is, òf in biologyske needsaak. Yn Golden Witchbreed, út 1984, fan Mary Gentle, wurdt jins geslacht bygelyks pas keazen as de folwoeksenens berikt wurdt, en hat jins geslacht boppedat gjin inkele ynfloed op jins maatskiplike rol. Yn The Marriages Between Zones Three, Four and Five, út 1980, fan Doris Lessing, foarmet jins geslacht in ynherint ûnderdiel fan jins persoanlikheid, sadat foar in súksesfolle relaasje in kompromis nedich is. Yn My Own Utopia, út 1961, fan Elisabeth Mann Borgese, besteane geslachtsferskillen wol, mar binne se ôfhinklik fan leeftyd: geslachtsleaze bern wurde folwoeksen as froulju, fan wa't in diel úteinlik man wurdt.

Utopyske maatskippijen mei mar ien sekse binne al hiel lang ien fan 'e wichtichste manearen om 'e gefolgen te ferkennen fan geslachtsferskillen en sosjale geslachtspatroanen. In oplossing foar geslachtsûnderdrukking fan froulju dy't gauris foarbykomt yn feministyske utopyske fiksje is om manlju hielendal út in maatskippij te ferwiderjen, troch isolearre froulike kultueren sjen te litten, lykas yn Herland (1915) fan Charlotte Perkins Gilman, of troch 'natuerliker' kultueren te beskriuwen dêr't manlju útstoarn of ferfongen binne, lykas yn it koarte ferhaal A Few Things I Know About Whileaway (1975) fan Joanna Russ, wêryn't "it giftige binêre geslacht" útstoarn is. Sokke inkeld froulike maatskippijen komme yn 'e spekulative fiksje yn 'e regel ta stân troch sykten dy't manlju útrûgje, wêrnei't se ferfongen wurde troch de ûntwikkeling fan technologyske of mystike metoaden dy't froulike partenogenetyske fuortplanting mooglik meitsje.

De dêrút resultearjende maatskippij wurdt troch feministyske auteurs faak as in utopy beskreaun, lykas yn The Female Man (1975) fan Joanna Russ, en The Holdfast Chronicles (1974-1999) fan Suzy McKee Charnas. De ynwenners fan sokke maatskippijen wurde yn 'e moderne literatuer ornaris as lesbysk beskreaun, mar yn âldere feministyske utopyske fiksje giet it almeast om folslein seksleaze maatskippijen, lykas yn Herland (1915), fan Charlotte Perkins Gilman. Oan 'e oare kant beskreau Lois McMaster Bujold yn har roman Ethan of Athos in homoseksuële utopy fan in wrâld sûnder froulju, dêr't alle bern (jonkjes) troch reagearbuisbefruchting oanset wurde en foldroegen wurde yn 'uterusreplikators'.

Dystopyske fiksje

bewurkje seksje

Yn wurken fan dystopyske fiksje wurde maatskippijen ôfskildere mei bygelyks massale earmoede en/of ûnmeilydsume ûnderdrukking yn in plysjesteat, of dêr't de steat alhielendal ynstoart is, sadat der in maatskippij sûnder noarmen en wearden ûntstien is dêr't inkeld it rjocht fan 'e sterkste jildt. De measte auteurs fan sokke literatuer geane djipper yn op teminsten ien reden wêrom't it safier komme kinnen hat, en dêrby ferwize se faak op subtile of net sa subtile wize nei analoge swierrichheden yn 'e echte wrâld. Op dy wize wurdt dystopyske fiksje brûkt om nije perspektiven te bieden op problematyske maatskiplike en politike praktiken dy't oars sûnder fierdere diskusje akseptearre wurde kinne soene. In trúkje dat guon auteurs dêrby brûke, is om te bewearen dat harren dystopy in utopy is, en dan de lêzer sels ûntdekke te litten dat dat net wier is. Sa'n boek is Erewhon, fan Samuel Butler, wêryn't de siken bestraft wurde as wiene se kriminelen, wylst kriminelen yn sikehuzen opnommen wurde om se te genêzen, twa praktiken dy't troch de ynwenners fan Erewhon beskôge wurde as folslein natuerlik en rjochtfeardich.

Foar it beskriuwen fan maatskippijen yn dystopyske fiksje nimme auteurs gauris eleminten fan 'e hjoeddeistige echte maatskippij as útgongspunt om te tsjinjen as sosjale en politike warskôgings. Yn 'e Russysktalige roman My ("Wy"), fan Jevgeny Zamjatin, út 1921, wurdt bygelyks in post-apokalyptyske takomst foarsein, wêryn't de maatskippij folslein basearre is op logika en foarmjûn is nei meganyske systemen. It bekendste foarbyld fan dystopyske fiksje is lykwols it boek Nineteen Eighty-Four, fan George Orwell, út 1948. Dêryn beskreau er in steat dy't oanhâldend yn oarloch is, mei in befolking dy't ûnder in diktatuer suchtet sûnder it te beseffen en folslein behearske wurdt troch propaganda. Big Brother, dy't alles sjocht, en de deistige Twa Minuten fan Haat sette de toan foar in selssensuer dy't allestrochkringend is.

In oar bekend foarbyld fan dystopyske fiksje is de roman Brave New World, fan Aldous Huxley, út 1931. Dêryn wurdt in parody op in utopyske maatskippij yn it jier 2540 beskreaun, mei yndustriële en maatskiplike feroarings basearre op 'e ûntwikkelings út 'e 1920-er jierren. Yn it boek is der in yndustrieel súksesfolle wrâldsteat ûntstien mei in befolking dy't ferdield is yn fiif kasten, wylst eltsenien dy't sechstich jier wurdt, eutanasy kriget. Yn 'e roman A Clockwork Orange, út 1962, beskriuwt auteur Antony Burgess in takomstich Ingelân mei in subkultuer fan ekstreem jeugdgeweld en in oerheid dy't mient it rjocht te hawwen om 'e persoanlikheid fan boargers nei beleavjen oanpasse te meien. Yn The Handmaid's Tale, út 1985, fan Margaret Atwood, wurde de Feriene Steaten fan 'e takomst beskreaun as in totalitêre teokrasy dêr't froulju alle rjochten ûntnommen binne. Foarbylden fan dystopyske fiksje foar jongfolwoeksenen binne de romansearjes The Hunger Games, fan Suzanne Collins, en Divergent, fan Veronica Roth, dy't beide mei grut súkses ferfilme binne.

Ekotopyske fiksje

bewurkje seksje

Wurken fan utopyske fiksje dy't te krijen hawwe mei ekology en miljeu wurde ek wol oantsjut as ekotopyske fiksje. Yn 2006 waard de term cli fi (útspr.: "klaai faai"; in wurdboarterij op 'e ôfkoarting sci fi foar science fiction) betocht foar fiksje mei klimaatferoaring as tema. Foarbylden fan ekotopyske fiksje binne Ecotopia, fan Ernest Callenbach, út 1975, en de Mars-trilogy (1992-1996) fan Kim Stanley Robinson. Dy lêste skreau ek de Three Californias Trilogy (1984-1990), wêryn't er foar Kalifornje in eko-utopy kontrastearre mei in eko-dystopy en in takomst dy't de midden tusken dy beiden hâldt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.