Haadmenu iepenje

Spekulative fiksje is in oerkoepeljende term foar alle ferheljende fiksje dêr't boppenatuerlike of futuristyske eleminten yn bemjukse binne, en kin sadwaande lykslein wurde mei de literêre sjenres fan 'e fantasy, science fiction en horror. Spekulative fiksje lit him yn 'e regel net folle oan 'e realiteit gelegen lizzen en yntrodusearret faak mytyske of bûtenierdske wêzens, godheden, magy en tsjoenderij of fiktive technologyen, lykas tiidreizgjen of flugger-as-ljochtreizgjen. De namme 'spekulative fiksje' is ûntliend oan in essay fan 'e Amerikaanske science fiction-skriuwer Robert A. Heinlein út 1947, hoewol't al earder wol sprutsen waard fan 'spekulative literatuer'.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.