Allegory
(Trochferwiisd fan Allegoarysk)
In allegory is in literêre of keunstsinnige technyk wêrby't personaazjes of foarfallen yn in literêre, fisuële of muzikale keunstfoarm oare ideeën of konsepten fertsjintwurdigje of symbolisearje. Yn 'e algemienste sin kin steld wurde dat in allegory in oprutsen foarm fan byldspraak is, dy't de hiele lingte fan 'e oangeande keunstfoarm troch folholden wurdt. Allegorisearjen is de hiele skiednis troch yn alle keunstfoarmen rûnom brûkt fanwegen de ûnbidige macht dy't it hat om yngewikkelde ideeën en prinsipes te yllústrearjen op manearen dy't taastber en maklik te begripen binne foar (ta)skôgers, lêzers of harkers. In allegory jout syn ferburgen boadskip troch fia symboalyske foarmen, dieden, bylden en/of foarfallen.