Oähû

(Trochferwiisd fan Oahu)

Oähû (Ingelsk: Oahu, útspr.: [oʊ'ɑ:hu:], likernôch: "oo-aa-hûû"; Hawaïaansk: O‘ahu, útspr.: [o'ʔɐhu], likernôch "o-uh-hû") is it op twa nei grutste en fierwei it tichtstbefolke eilân fan 'e Hawaï-arsjipel, in eilannegroep yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. Op Oähû wennet sa'n twatrêde part fan 'e befolking fan 'e Amerikaanske steat Hawaï, en de bynamme fan it eilân is dan ek the Gathering Place ("it Plak fan Gearkomste"). It grutste plak op Oähû is Honolulu, de haadstêd en it politike en kommersjele sintrum fan Hawaï. Deun dêrby leit de Amerikaanske marinehaven Pearl Harbor, dêr't de Japanners yn 1941 in ferrassingsoanfal op útfierden dy't de Feriene Steaten aktyf yn 'e Twadde Wrâldoarloch behelle. Tsjintwurdich is Oähû ien fan 'e populêrste toeristyske bestimmings fan Oseaanje. It lânskip fan it eilân waard yn 'e 1980-er jierren as dekôr brûkt foar de populêre detektivesearje Magnum, P.I.

Oähû
De kust fan Oähû by Honolulu sjoen út in helikopter.
De kust fan Oähû by Honolulu sjoen út in helikopter.
polityk
soarte gebiet eilân
lân Feriene Steaten
steat Hawaï
haadplak Honolulu
grutste plak Honolulu
sifers
ynwennertal 953.000 (2010)
oerflak 1.545,4 km²
befolkingstichtens 616,7 / km²
oar
tiidsône UTC –10
simmertiid gjin simmertiid
offisjele webside
www.honolulu.gov

It wurd O‘ahu hat yn 'e Hawaïaanske taal gjin oare betsjutting as de namme fan it eilân. Neffens de Hawaïaanske mytology soe Oähû ferneamd wêze nei in soan fan 'e legindaryske Polynezyske seefarder Hawai‘loa, dy't as earste minske de Hawaï-arsjipel ûntdutsen hawwe soe. As bynamme wurdt Oähû ek wol the Gathering Place neamd, "it Plak fan Gearkomste".

 
De lizzing fan Oähû yn 'e Hawaï-eilannen.

Oähû hat in totaal oerflak fan 1.545,4 km², wêrby't ferskate lytse eilantsjes foar de kust ynbegrepen binne, lykas Ford en de eilannen yn 'e Kaneohe-baai. Dêrmei is it ien fan 'e grutste en noardlikste eilannen fan Polyneezje en it op 19 nei grutste eilân fan 'e Feriene Steaten. Yn 'e Hawaï-arsjipel is Oähû it op twa nei grutste eilân, nei it eilân Hawaï en Maui. Oähû hat rûchwei de foarm fan in rút, en mjit 71 km fan east nei west en 48 km fan noard nei súd. It eilân hat in totale kustline mei in lingte fan 365 km.

Oan 'e súdeastkant wurdt Oähû troch it 40 km brede Kaiwi-kanaal skaat fan it buoreilân Molokaï. Yn it noardwesten foarmet it 116 km brede Kaʻieʻie Waho-kanaal de skieding tusken Oähû en it oare buoreilân, Kauaï. Krekt as de rest fan 'e Hawaï-arsjipel is Oähû oarspronklik foarme troch fulkanyske aktiviteit. Dat is dien troch twa (no deade) fulkanen, wêrfan't de restanten it Wai‘anae-berchtme yn it westen en it Ko‘olau-berchtme yn it easten fan it eilân foarmje. Dy beide bercheftige kriten wurde mei-inoar ferbûn troch in brede delling, dy't de Flakte fan Oähû neamd wurdt en fan it súdeasten nei it noardwesten dwers oer it eilân rint.

 
In loftfoto fan 'e lagune Pearl Harbor, mei de Amerikaanske marinebasis mei deselde namme.

It heechste punt fan Oähû is de Mount Ka‘ala, yn 'e Wai‘anae-bergen, dy't 1.220 m boppe seenivo útstekt. De súdkust fan it eilân is wêr't fierwei de measte minsken wenje; de eastkust stiet derom bekend dat dêr guon fan 'e moaiste strannen fan 'e wrâld te finen binne; de noardkust of North Shore is ferneamd fanwegen de geunstige omstannichheden foar planksurfen.

Om 300 (n.Kr.) hinne arrivearren de earste minsken op 'e Hawaï-eilannen, dat Polyneziërs wiene dy't nei alle gedachten fan 'e Markwesaseilannen yn it hjoeddeiske Frânsk-Polyneezje kamen. Oähû wie ien fan 'e earste eilannen dy't troch harren kolonisearre waarden. In twadde migraasjeweach, mei kolonisten fan Raiateia en Bora Bora (ek yn Frânsk-Polyneezje), folge yn 'e alfde iuw. Lang waard Oähû regearre troch rivalisearjende ali‘i (haadlju), oant it yn 'e twadde helte fan 'e fyftjinde iuw feriene waard ûnder it bewâld fan Mailikukahi, de earste kening fan Oähû, dy't it eilân syn tradisjonele wetten joech.

Yn 1773 waard Kahahana de lêste lânseigen kening fan Oähû, mei't it eilân tsien jier letter, yn 1783, ferovere waard troch Kahekili II, de kening fan Maui. Dy sette de regearjende keninklike famylje oan 'e kant en holp syn soan Kalanikupule op 'e troan fan Oähû. Yn 1795 waard Kalanikupule yn 'e Slach by Nu‘uanu ferslein troch Kamehameha de Grutte, de kening fan it eilân Hawaï, dy't earder Maui en de oare tuskenlizzende eilannen al ferovere hie. Hoewol't de Hawaï-arsjipel net folslein ûnder ien kening feriene wêze soe oant yn 1810 ek kening Kaumuali‘i fan Kauaï en Niïhau him ûnder it bewâld fan Kamehameha deljoech, wurdt de ferovering fan Oähû ornaris beskôge as de stifting fan it Keninkryk Hawaï.

 
Honolulu, de haadstêd fan Oähû en fan hiel Hawaï.

De earste dokumintearre waarnimming fan Oähû troch Westerske eagen waard dien troch de Britske ûntdekkingsreizger James Cook, dy't de Hawaï-eilannen ein 1778 ûntdiek. Nei't Cook op 14 febrewaris 1779 by in skermutseling mei de lânseigen befolking op it eilân Hawaï omkommen wie, waard syn pleatsferfanger kaptein Charles Clerke de earste blanke dy't op Oähû foet oan lân sette. Dat foarfal fûn plak op 28 febrewaris 1779, yn 'e Waimea-baai.

De haadstêd fan it Keninkryk Hawaï waard yn 1845 troch kening Kamehameha III definityf ferpleatst fan Lāhainā, op Maui, nei Honolulu. It ‘Iolani Paleis, dat dêr neitiid boud waard as de keninklike residinsje, stiet noch altyd, en is it iennichste keninklik paleis op Amerikaanske boaiem. Yn dyselde snuorje ûntjoech Oähû him ta it politike en kommersjele sintrum fan 'e arsjipel, dêr't har blanke sindelingen, keaplju en plantaazje-eigners fêstigen. It ferbouwen fan sûkerreid waard yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw de wichtichste ekonomyske sektor op it eilân.

 
It Tinkteken foar de USS Arizona, yn 'e lagune Pearl Harbor.

Yn 1893 waard de Hawaïaanske monargy ûnder fuotten helle, wêrnei't de blanke plantaazjehâlders en keaplju de Republyk Hawaï oprjochten, wylst de lânseigen befolking ûnderdrukt waard. Fiif jier letter, yn 1998, soargen de blanke machthawwers, dy't ûnder ien tekken skûlen mei fertsjintwurdigers fan it Amerikaanske regear, derfoar dat de Feriene Steaten Hawaï sûnder in protte swierrichheden anneksearje koene, wêrby't de Hawaïanen op snoade wize har eigen lân ûntfytmanne waard. De Amerikanen rjochten neitiid de natuerlike haven fan Pearl Harbor, fuortby Honolulu, yn as harren wichtichste marinebasis yn 'e Stille Oseaan, dêr't de Amerikaanske Pasifyske Float stasjonearre waard.

Op 'e iere moarn fan 7 desimber 1941 fierden bommesmiters fan 'e Japanske Keizerlike Marine in ferrassingsoanfal op Pearl Harbor en oare doelen op Oähû út. Dêrby waarden 21 marineskippen ta sinken brocht of earnstich skansearre en 188 militêre fleantugen ferneatige. Teffens kamen 68 boargers en 2.335 Amerikaanske soldaten en matroazen om, wêrfan't 1.177 ferdronken yn it sonken slachskip de USS Arizona. Fan gefolgen rekken de Feriene Steaten doe aktyf yn 'e Twadde Wrâldoarloch behelle.

 
It ferneamde Waikiki Beach, by Honolulu.

Uteinlik waard Hawaï yn 1959 as in folweardige steat yn 'e Amerikaanske Uny opnommen. Neitiid ûndergie Oähû in lange ekonomyske heechkonjunktuer en ûntjoech it eilân him ta ien fan 'e wichtichste toeristyske bestimmings fan 'e Stille Oseaan. Yn 'e 1980-er jierren waard it lânskip fan Oähû wrâldferneamd makke trochdat it as dekôr tsjinne foar de populêre Amerikaanske detektivesearje Magnum, P.I., mei akteur Tom Selleck yn 'e haadrol. Yn 2006 waard Oähû troffen troch in ierdbeving fan 6,7 op 'e Skaal fan Richter, dy't syn episintrum op it eilân Hawaï hie, mar op Oähû it hiele eilân yn it tsjuster sette en foar mear as $200 miljoen oan skea oanrjochte.

Fierwei de wichtichste pylder fan 'e ekonomy fan Oähû is it toerisme, mar dêrnjonken kin de hannel ek net fuortsifere wurde. Jiers bringe 5 miljoen toeristen, benammen fan it Amerikaanske fêstelân en út Japan, har fakânsje troch op Oähû. It sintrum fan 'e toeristyske yndustry op it eilân is Waikiki, in wyk fan Honolulu dy't bekend is fan it strân Waikiki Beach. De ynternasjonale lofthaven fan it eilân, it Honolulu International Airport, foarmet de wichtichste tagongspoarte foar toeristen, wylst de haven fan Honolulu it sintrum fan 'e hannel is.

 
De Honolulu Hale, it stedhûs fan Honolulu, dêr't it steds- en countybestjoer syn sit hat.

Oähû omfiemet ien county, dy't it hiele eilân beslacht, te witten Honolulu County. De county is bestjoerlik ferraand mei de stêd Honolulu, en it countybestjoer en it stedsbestjoer binne sadwaande deselde organisaasje.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Oähû doe in befolking fan 953.000 minsken, wat delkomt op in befolkingstichtens fan 616,8 minsken de km². Neffens in offisjele skatting fan it Amerikaanske Folkstellingsburo út 2013 hie Oähû doe 1 miljoen ynwenners. Dêrmei wennet 72% fan 'e ynwenners fan 'e Amerikaanske steat Hawaï op Oähû. Fan 'e eilânbefolking wennet likernôch 81% oan 'e súdkust fan Oähû. It grutste plak op it eilân is Honolulu, mei 391.000 ynwenners yn 2010. Honolulu is de haadstêd fan 'e steat Hawaï is en it politike, kommersjele en toeristyske sintrum fan 'e Hawaï-arsjipel.

 
In sjintoïstyske timpel, boud troch en foar Japanske ymmigranten, oan 'e eastkust fan Oähû.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Oähû 13,4% âlder as 65 jier en 23,8% jonger as 18 jier. Fierders bestie 28,2% fan 'e húshâldings út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 46,0% Aziaten; 21,3% blanken; 8,9% etnyske Hawaïanen en oare Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 6,7% Latino's; 2,4% swarten; 0,3% Yndianen; 14,4% oaren of fan mingd etnysk komôf.

 
It eilantsje Mokoli‘i, byneamd Chinaman's Hat ("Sinezehoed"), foar de kust fan Oähû.

Oähû hat in drûch tropysk klimaat, mei in fierhinne drûch simmerskoft en in reinige winter. Der falt jiers trochinoar 433 mm delslach, en der binne yn trochsneed 278 sinneskyndagen om 89 reinige dagen jiers. Utsein de delslach bestiet der mar in hiel lyts bytsje ferskil tusken de jiertiden, mei't de temperatuer suver it hiele jier gelyk bliuwt. Oerdeis is it (op seenivo) trochinoar 27-32 °C en nachts 18-24 °C. Yn trochsneed leit de temperatuer oerdeis 38 dagen yn 't jier boppe de 32 °C, wylst er trochinoar twa kear jiers by nacht omleechdûkt nei 14-15 °C.

It eilân stiet der yn meteorologyske fermiddens om bekend dat der de langste reinbui út skiednis fallen is, dy't op 'e Kaneohe Ranch fan 27 augustus 1993 oant 30 april 1994 foar 247 dagen oanhâldende rein soarge. Hoewol't Oähû yn 'e tropen leit, komme orkanen der mar komselden foar; de lêste dy't neamensweardige skea oanrjochte, wie de orkaan Iniki, yn 1992. Tornado's binne ek ûngewoan, mar likernôch ienris yn 'e fyftjin jier komt der in wynhoas foar. Wetterhoazen sjocht men faker, likernôch ienris yn 'e fiif jier.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.