Maui
Maui (Ingelsk: Maui, útspr.: ['maʊ.i:], likernôch: "mô-ii"; Hawaïaansk: Maui, útspr.: ['mɐwi], likernôch "muh-ûi") is it op ien nei grutste eilân fan 'e Hawaï-eilannen, in arsjipel yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. Teffens is it it op ien nei grutste eilân fan 'e Amerikaanske steat Hawaï, nei it eilân Hawaï. Bestjoerlik fal Maui, dat de bynamme the Valley Isle ("it Eilân fan 'e Delling") draacht, yn 'e mande mei trije oare eilannen ûnder de county Maui County. Kwa befolkingsgrutte is Maui nei Oähû en Hawaï it trêde eilân fan Hawaï. It grutste plak op Maui is Kahului, mar de haadstêd is Wailuku.
Maui | ||
It Kahakuloa-klif. | ||
polityk | ||
soarte gebiet | eilân | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Hawaï | |
haadplak | Wailuku | |
grutste plak | Kahului | |
sifers | ||
ynwennertal | 144.000 (2010) | |
oerflak | 1.883,4 km² | |
befolkingstichtens | 76,5 / km² | |
oar | ||
tiidsône | UTC –10 | |
simmertiid | gjin simmertiid | |
offisjele webside | ||
www.co.maui.hi.us |
- Dizze side giet oer it Hawaïaanske eilân Maui. Foar oare betsjuttings, sjoch: Maui (betsjuttingsside).
Etymology
bewurkje seksjeNeffens de Hawaïaanske tradysje soe Maui troch de legindaryske ûntdekker fan 'e Hawaï-eilannen, Hawai‘iloa, ferneamd wêze nei dy syn soan, dy't wer neamd wie nei de healgod Māui. Earder soe it eilân 'Ihikapalaumaewa' hjitten hawwe. Tsjintwurdich wurdt Maui ek wol the Valley Isle ("it Eilân fan 'e Delling") neamd, fanwegen de leech leine lâningte dy't de súdeastlike en noardwestlike dielen mei-inoar ferbynt.
Geografy
bewurkje seksjeMaui hat in oerflak oan lân fan 1.883,4 km². Trije oaren fan 'e Hawaï-eilannen lizze deunby. Yn it noardwesten wurdt Maui fan it buoreilân Molokaï skaat troch it Pailolo-kanaal, yn it westen fan Lanaï troch it ‘Au‘au-kanaal en yn it súdwesten fan Kahoölawe troch it ʻAlalākeiki-kanaal. Kahoölawe leit sa tichtby dat in fitte swimmer by hege need (en goed waar) dêrwei oerstekke kin nei Maui. Oan 'e súdeastkant fan Maui leit it eilân Hawaï in stik fierderôf, oare kant it ʻAlenuihāhā-kanaal, mar dochs noch tichtbyernôch dat de toppen fan 'e fulkanen de Mauna Kea en de Mauna Loa fanôf Maui te sjen binne.
Maui bestiet út in grutter rûchwei trijehoekich diel yn it súdwesten, dêr't him yn it noardwesten in lytser rûn diel as skiereilân oan fêstklammet. It eilân is foarme út it fulkanysk stiente dat útstaat is troch twa fulkanen, dy't oarspronklik twa aparte eilannen foarmen. De âldere, no deade, noardwestlike fulkaan is troch rivieren sterk erodearre, en foarmet no de toppen fan it West-Mauiberchtme (Hawaïaansk: Mauna Kahalawai). Dêrfan is de Pu‘u Kukui it heechste, op 1.764 m boppe seenivo. De gruttere, sliepende, súdeastlike fulkaan, de Haleakalā, stekt mear as 3.000 m boppe seenivo út en mjit mear as 8 km fan seeboaiem oant top, wêrmei't it ien fan 'e heechste bergen fan 'e wrâld is. Yn 'e eastlike fangen fan beide fulkanen binne rivieren djip ynsliten, en de Lâningte fan Maui, dy't de beide dielen fan it eilân mei-inoar ferbynt, is foarme út sân dat troch wettereroazje út it West-Mauiberchtme de see ynspield is.
De lêste fulkaanútbarsting op Maui (fan 'e Haleakalā) die him foar yn 1790. Fulkanologen ornearje dat de Haleakalā no sliept, mar warskôgje dat der yn 'e takomst bêst noch nije útbarstings plakfine kinne. Geologysk sjoen makket Maui diel út fan in folle grutter ferbân, yn 'e mande mei de eilannen Molokaï, Lanaï en Kahoölawe en it eardere eilantsje Penguin Bank, dat derûnder strûpt is. Under ferskate prehistoaryske perioaden dat it seenivo tige leech wie, lykas 20.000 jier lyn, foarmen se fanwegen de ûndjipte fan 'e tuskenlizzende kanalen ien grut eilân.
Skiednis
bewurkje seksjeOm 300 (n.Kr.) hinne arrivearren de earste minsken op 'e Hawaï-eilannen, dat Polyneziërs wiene dy't nei alle gedachten fan 'e Markwesaseilannen yn it hjoeddeiske Frânsk-Polyneezje kamen. Maui wie ien fan 'e earste eilannen dy't troch harren kolonisearre waarden. In twadde migraasjeweach, mei kolonisten fan Raiateia en Bora Bora (ek yn Frânsk-Polyneezje), folge yn 'e alfde iuw. It eilân waard lang troch rivalisearjende ali‘i (haadlju) bestjoerd, oant it omtrint de midden fan 'e alfde iuw feriene waard ûnder it bestjoer fan Paumakua, de earste kening fan Maui. De macht fan it keninkryk Maui berikte in hichtepunt yn 'e tiid fan Kahekili II, dy't regearre fan 1765 oant 1794. Neitiid waard de hiele Hawaïaanske arsjipel yn 1795 feriene ta ien keninkryk ûnder de hearskippij fan Kamehameha de Grutte, dy't ôfkomstich wie fan it buoreilân Hawaï.
Maui waard foar it earst troch in Jeropeaan beskreaun troch de Britske ûntdekkingsreizger James Cook, dy't de Hawaï-eilannen yn 1778 ûntdiek. Om't er lykwols gjin goed lâningsplak fine koe, sette er nea foet op Maui. De earste Jeropeaan dy't dat wol die, wie de Frânske admiraal Jean-François de la Pérouse, dy't op 29 maaie 1786 oan lân gie by wat no de La Perouse-baai hjit. Neitiid folgen blanke keaplju, walfiskfarders, houthakkers (foar it sandelhout) en sindelingen, dy't yn 1831 op Maui de earste skoalle iepenen.
Yn 'e heechtijdagen fan 'e walfiskfeart (1843-1860) wie Lāhainā, op Maui, in wichtich havenplak, dat yn ien seizoen oandien waard troch mear as 400 skippen, wêrfan 100 tagelyk. Dat late ek ta heechtijdagen fan dronkenskip en prostitúsje, dêr't de sindelingen om 'e nocht tsjin krewearren. Uteinlik wie it de ferfanging fan walfiskoalje troch petroaleum, yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw, dy't in ein makke oan 'e gong fan saken yn Lāhainā. Yn 1898 kaam Maui troch de Amerikaanske anneksaasje fan Hawaï ûnder Amerikaansk bewâld.
Yn 1937 fûn op Maui de lêste staking fan 'e Hawaï-eilannen plak fan etnysk Hawaïaanske fjildarbeiders tsjin blanke plantaazje-eigners. Dêrby easke it fakbûn Vibora Luviminda hegere leanen en it ûntslach fan fiif hate foarlju. Hoewol't Manuel Fagel en njoggen oare fakbûnslieders oppakt waarden en fjouwer moanne yn it tichthûs trochbrochten foar de ûntfiering fan in arbeider, wûnen de arbeiders nei 85 dagen staken in leansstiging fan 15%. Under de Twadde Wrâldoarloch waard Maui troch de Amerikanen brûkt as treningsbasis en ferlofbestimming.
Bestjoer
bewurkje seksjeIt eilân Maui makket bestjoerlik diel út fan 'e county Maui, dy't ek de buoreilannen Kahoölawe en Lanaï omfiemet, mei dêropta Molokaï útsein it Kalaupapa-skiereilân. It haadplak fan Maui County, de stêd Wailuku, leit op Maui.
Ekonomy
bewurkje seksjeDe ekonomy fan Maui rêst op twa pylders: lânbou en toerisme. Resint hat Maui him fierders troch de fêstiging fan ferskate bedriuwen út 'e kompjûtersektor ûntjûn ta in lyts sintrum fan 'e ynformaasjetechnology. Op it mêd fan 'e lânbou produsearret it eilân benammen kofje, nuten, papaja's, sûker, ananassen en blommen. Foarhinne wie it eilân fierhinne oerdutsen mei sûkerreidplantaazjes, mar dy tiid is foarby. Kontroversjeel is noch wol de metoade dy't brûkt wurdt om it restearjende sûkerreid te rispjen. Dy wurdt nammentlik krekt foar de rispinge yn 'e brân stutsen, sadat inkeld de weardefolle stâlen oerbliuwe. De reek dy't dit opsmyt, hinget lang boppe de sintrale delling fan Maui, en de jiske, dy't oantsjut wurdt as 'Maui-snie', komt dan del op 'e ûnderwynske dielen fan it eilân. Fanwegen it tropyske klimaat is der gjin fêste rispingstiid, en fynt dit njoggen moannen per jier plak.
Toeristen komme op Maui foar de natoerskientme en om te snorkeljen, djipseedûken, planksurfen, wynsurfen, kiteboarden of gewoan te sinnebaaien op 'e strannen. Yn 2007 mochten de fjouwer eilannen fan Maui County (wêrfan't Maui sels fierwei it wichtichst is) yn totaal 2.639.929 toeristen ferwolkomje, dy't der foar $3,5 miljard útjoegen. Hoewol't de measte Japanners en Jeropeänen dy't de Hawaï-eilannen besykje, op it haadeilân Oähû bliuwe, is Maui tige yn trek by toeristen fan it Amerikaanske fêstelân en út Kanada. It eilân is troch de loft berikber fia it Kahului Airport op sintraal Maui, it Hana Airport op eastlik Maui en it Kapalua Airport op westlik Maui, mar in protte toeristen komme ek yn cruiseskippen.
Demografy
bewurkje seksjeYn 1950 hie Maui in ynwennertal fan 40.000 minsken, mar tsjin 1960 wie dat sakke oant 36.000. Sûnt de santiger jierren hat it eilân lykwols in flugge befolkingsgroei trochmakke, mei 63.000 ynwenners yn 1980, 91.000 yn 1990 en 118.000 yn 2000. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Maui doe in befolking fan 144.000 minsken, wat delkomt op in befolkingstichtens fan 76,7 minsken de km². It grutste plak op it eilân, en teffens it kommersjele en finansjele hert fan Maui, is Kahului, mei in ynwennertal yn 2010 fan rom 26.000 minsken. It op ien nei grutste plak is Kīhei (21.000) en op it trêde plak komt Wailuku (15.000), dat it bestjoerssintrum is.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|