Horrible Bosses is in Amerikaanske swarte komeedzje út 2011 ûnder rezjy fan Seth Gordon, mei yn 'e haadrollen Jason Bateman, Charlie Day en Jason Sudeikis. De titel betsjut "Ferskriklike Bazen". It ferhaal giet oer trije freonen dy't alle trije ûnder in freeslike baas wurkje moatte. Dyselden ûntnimme har alle libbensfreugde, en fanwegen de Bankekrisis kinne se ek net maklik ûntslach nimme en in oare baan bemachtigje. Harren oplossing foar it probleem is dêrom om harren respektivelike bazen te fermoardzjen. Horrible Bosses krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie ek kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. Yn 2014 ferskynde in ferfolchfilm ûnder de titel Horrible Bosses 2.

Horrible Bosses
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Seth Gordon
produsint Brett Ratner
Jay Stern
senario Michael Markowitz
John Francis Daley
Jonathan Goldstein
kamerarezjy David Hennings
muzyk Christopher Lennertz
filmstudio New Line Cinema
RatPac Entertainment
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Jason Bateman
Charlie Day
Jason Sudeikis
byrollen Kevin Spacey
Jennifer Aniston
Colin Farrell
Jamie Foxx
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 30 juny 2011
foarm langspylfilm
sjenre swarte komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 98 minuten
budget en resultaten
budget $35-37 miljoen
opbringst $209,6 miljoen
filmsearje
filmsearje Horrible Bosses
● folgjend diel Horrible Bosses 2

Nick Hendricks, Dale Arbus en Kurt Buckman binne trije freonen dy't allegearre lije ûnder problemen op har wurk. Nick hat in kantoarbaan yn 'e finansjele sektor en wurket ûnder de sadistyske Dave Harken. Dyselde hintet allegeduerigen dat Nick yn oanmerking komt foar promoasje, en set him ûnder druk om fan moarns ier oant jûns let troch te bodzjen wylst er him op raffinearre wize narret. Dale wurket as toskedoktersassistint foar de froulike, troch seks obsedearre toskedokter Julia Harris, dy't him oan ien wei troch seksueel yntimidearret. De seksferslaafde Kurt is boekhâlder by in gemysk bedriuw en kin poerbêst mei syn baas Jack Pellit. Syn swierrichheden begjinne lykwols as Jack op in dei in hertoanfal kriget en dearekket, wêrnei't syn soan Bobby Pellit, in kokaïnesnuvende, huorrerinnende liddichgonger, de lieding oer it bedriuw oernimt. Dyselde sjocht de ûndernimming inkeld as wat dêr't er sa fluch mooglik safolle mooglik jild út wringe kin, sûnder dat it him ek mar wàt skele kin wat soks mei de wurknimmers docht.

As se inoar op in jûn yn 'e kroech moetsje om in bierke te drinken, beprate Nick, Dale en Kurt harren problemen. Se tinke deroer om ûntslach te nimmen, mar treffe dan Kenny Sommerfeld, in âld-klasgenoat fan 'e middelbere skoalle, dy't ûnder de Bankekrisis syn baan kwytrekke is, en no sjen moat te oerlibjen troch oare manlju op it húske fan 'e kroech ôf te lûken. De trije freonen beslute dan dochs mar ôf te sjen fan it ûntslachnimmen. Kurt oppenearret heal by wize fan grap dat se harren problemen ek oplost wêze soene as se har bazen fermoarden. Syn beide maten laitsje dat earst fuort, mar dêr komme se op werom troch foarfallen yn 'e folgjende dagen. De promoasje dêr't Nick him foar út 'e naad wurke hat, giet nammentlik oan him foarby as Harken beslút de fakante post yn syn eigen funksje op te nimmen, sadat er syn salaris hast ferdûbelje kin. Underwilens driget Julia, as Dale bliuwt by syn wegering om seks mei har te hawwen, om oan Dale syn ferloofde Stacy neakenfoto's fan Dale en harsels sjen te litten, dy't se nommen hat doe't se Dale ûnder narkoaze hie foar in toskhielkundige behanneling.

Nick, Dale en Kurt beslute dat se sels de know-how foar it beramen fan 'e moarden misse, dat se wolle in hiermoardner yn 'e earm nimme. Earst besiket Dale oer it ynternet mei sa'nent yn kontakt te kommen, mar dat blykt by neier ynsjen in man te wêzen dy't yn ruil foar jild oer oare manlju hinne pisset. Dêrop geane se nei in rûge kroech dêr't se plompwei oan 'e barkeeper freegje oft der ek hiermoardners mank syn kliïntêle binne. Se wurde de kroech útbonsjoerd, mar ien fan 'e klanten, in eks-detinearre dy't har fraach opfongen hat, komt har efternei. Hy stelt him foar as Motherfucker Jones, en seit in hiermoardner te wêzen. Nei't de trije freonen in dei letter mei $5.000 op 'e lapen kommen binne, feroaret er dat lykwols yn 'hiermoardadviseur'. Nick, Dale en Kurt binne dêr net bliid mei, mar as Motherfucker harren oanriedt om 'e moarden derút sjen te litten as ûngelokken, liket dat harren dochs wol in fernimstich idee ta.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It net bjuster skrandere trijetal hâldt de wacht by de wente fan Bobby Pellit oant dy fan hûs giet. Se brekke yn en ferkenne it spul op 'e siik nei wat dat se brûke kinne om him ferûngelokje te litten. Kurt fynt Bobby syn mobile tillefoan, dy't er stelt. Yn 'e badkeamer nimt er de tiid om 'e toskboarstel, it skearmês en alles wat er fierder mar fine kin fan 'e hate Bobby, hinne en wer yn syn eigen anus te heljen. Underwilens ûntdekke Nick en Dale yn in oar part fan it hûs in grutte foarrie kokaïne, dy't se by fersin omreagje, wêrnei't se allebeide stoned reitsje fan it opstowende drugspoeier.

Neitiid geane se nei de wente fan Harken ta, dêr't Kurt en Nick de knoffelige Dale, dy't noch altyd high is, yn 'e auto wachtsje litte wylst sy sels nei binnen geane. Harken komt lykwols ûnferwachts thús en sjocht hoe't Dale in plesktik ferpakking fan in stik bôle mei nútsjesmoar op 'e dyk smyt. Hy pakt it ôffal op en konfrontearret dan op hege poaten Dale mei syn misdraging. Midden ûnder syn tirade kriget Harken lykwols in akute allergyske reäksje op 'e nútsjesmoar dy't noch oan it plestik siet. Dale rêdt him it libben troch him te ynjektearjen mei epinefrine (dat Harken út foarsoarch blykber altyd by him hat). Ut 'e hûs wei sjogge Nick en Kurt Dale op Harken ynstekken en nimme oan dat er de man besiket te fermoardzjen. Yn panyk spylje se fan ruten, wêrby't Kurt de mobile tillefoan fan Bobby Pellit ferliest. As se letter foar it ferstân krije dat Dale Harken net deastutsen hat, binne se earst opluchte, mar as se deroer neitinke en beseffe dat Harken no dea west hie as Dale gewoan neat dien hie, wurde se wer lulk.

De trije freonen beslute Harken te deadzjen mei pinda's en Bobby Pellit troch syn kokaïne oan te lingjen mei rottefergif. De folgjende jûns giet Dale nei Harken syn hûs ta om pinda's yn syn shampoo te dwaan, wylst Nick nei Pellit syn hûs ta giet mei in grut pak rottefergif. Underwilens hâldt Kurt it hûs fan Julia Harris yn 'e rekken om út te finen wat se mei har oan moatte. De paranoïde Harken is der al tiden fan oertsjûge dat syn frou Rhonda mei oare manlju omslacht, allinne kin er dêr nea bewizen foar fine. As er dy jûns wer ris op 'e sneup is, treft er ûnder de bank de mobile tillefoan fan Bobby Pellit oan. Mei de adresynformaasje út 'e tillefoan set Harken breinroer ôf. By it hûs fan Pellit is Nick der tsjûge fan hoe't Harken dêr opdaagjen komt en oanbellet. As Bobby Pellit iependocht, hellet Harken in pistoal foar 't ljocht en sjit him dea. Neitiid flechtet Nick yn panyk fuort en riidt deunby it hûs fan Pellit troch in read stopljocht. Hy wurdt sadwaande op 'e foto set troch in ferkearskamera, wêrmei't er syn oanwêzigens by it plak delikt fêstleit. Underwilens hat Kurt, ynstee dat er in manear siket om Julia om te bringen, it mei har oanlein en mei har op bêd west.

Neitiid, as Nick, Dale en Kurt byinoar komme om te bepraten wat der bard is, wurde se foar ûnderfreging meinommen troch de plysje, dy't oan 'e hân fan 'e foto fan Nick fermoedet dat hy dejinge is dy't Bobby Pellit deasketten hat. Der is lykwols net genôch bewiismateriaal om Nick of syn maten te arrestearjen, dat Dale, in fêste sjogger fan 'e plysjesearje Law & Order, stelt fêst dat se dan frij binne om fuort te gean, en de resjersjeurs dy't de moard ûndersykje, moatte tajaan dat er dêr gelyk oan hat. Se freegje Motherfucker wer om advys, mar it docht bliken dat dy net yn it tichthûs sitten hat foar moard, sa't de trije freonen oannamen, mar foar skeining fan auteursrjochten. Hy riedt harren oan om Harken mei harren wittenskip fan syn misdie konfrontearjen, him safier te krijen dat er tajout de moardner te wêzen en te soargjen dat se dy bekentenis opnimme.

Dat, Nick, Dale en Kurt sette nei Harken ta, dêr't se by fersin syn jierdeisfeest crashe. Nick en Dale krije Harken safier dat er ferskate kearen mei safolle wurden seit dat er Bobby Pellit fermoarde hat, mar ûntdekke dan dat Kurt, dy't de bekentenis opnimme soe, net mear by harren is. Dy hat him nammentlik ôfliede litten troch Rhonda, de tsjeppe frou fan Harken, troch wa't er him op it húske ôfsûge lit. Harken fertelt Nick en Dale dat er him net troch harren sjantearje lit en dat er fan doel is om harren allegear te fermoardzjen. Om't er eefkes dwaande is om syn pistoal út syn fjoerwapenklûs te heljen, hawwe se lykwols rom de tiid om te ûntkommen. Weriene mei Kurt naaie se út yn 'e auto, mar as se by Kurt syn hûs oankomme, sjogge se dat de plysje dêr hûssiking docht en ride se troch sûnder te stopjen. Nick en Dale begripe net hoe't de plysje Kurt mei de moard op Pellit ferbûn hawwe kin, mar Kurt moat opbychtsje dat er frijwat DNA by Pellit thús efterlitten hat doe't er de toskboarstel ensfh. fan 'e man yn syn kont stoppe.

Underwilens komt Harken de trije maten efternei yn syn SUV en raamt harren ferskate kearen sawat fan 'e wei ôf. Dêrop wurde Nick, Dale en Kurt befrege troch de betsjinner fan it navigaasjesysteem fan 'e auto, in wurknimmer fan in callcenter yn Yndia dy't Gregory hjit (eins Atmanand, mar dat is in namme dy't Amerikanen net útsprekke kinne). Hy kin oan 'e sensors fan 'e auto sjen dat se by in oanriding belutsen west hawwe. As de trije freonen him stom genôch fertelle dat se op 'e flecht binne foar in moardner èn foar de plysje, skeakelet Gregory fan op ôfstân de motor fan 'e auto út en ljochtet er de plysje yn oer harren lokaasje. Harken arrivearret lykwols it earst. Hy lit Nick, Dale en Kurt útstappe wylst er harren ûnder skot hâldt mei syn pistoal. Hy skept op 'e nij op oer syn moard op Bobby Pellit en beslút de trije freonen net te fermoardzjen, mar harren foar de moard opdraaie te litten. En net allinne dàt, se hawwe ek noch besocht om in tsjûge fan 'e moard út 'e wei te romjen: Harken sels. Dêrom sjit er himsels yn 'e skonk en smyt dan de ûnnoazele Dale syn pistoal ta, dy't it yn in refleks opfangt, sadat syn fingerôfdrukken op it wapen sitte.

Fuort dêrnei arrivearje de resjersjeurs dy't de moard op Pellit ûndersykje. Dy leauwe earst Harken syn ferhaal, mar Kurt komt mei syn lûdsopname op 'e lapen, dêr't Harken syn bekentenis op fêstlein wêze moat. It docht lykwols bliken dat dêr wol de orale seks fan Kurt mei Harken syn frou op fêstlein is, mar net it hiele ferhaal dat Harken no krekt tsjin 'e trije freonen ôfstutsen hat, om't de opname beëinige is doe't Harken harren fan 'e dyk ried. It sjocht der min út foar de trije freonen, mar se wurde rêden troch Gregory, dy't noch altyd mei de auto yn ferbining stiet en fertelt dat syn bedriuw petearen tusken it callcenter en klanten altyd opnimt. Hy beskikt sadwaande oer in opname fan alles dat der sûnt de oanriding sein is, Harken syn bekentenis ynbegrepen. Dêrop wurdt Harken arrestearre foar de moard op Bobby Pellit. Kurt wriuwt noch even sâlt yn 'e wûne troch him te fertellen dat de frou op 'e opnamen syn frou Rhonda is. Harken fljocht him oan, wat Nick de kâns jout om in fantasij yn 'e praktyk te bringen dy't er al hiel lang koesteret, troch Harken del te slaan.

Yn 'e neisleep fan alle trelit wurdt Harken feroardiele ta 25 jier oant libbenslang. De bemuoienissen fan 'e trije freonen mei de moard op Pellit wurde troch de plysje troch de fingers sjoen om't se harren úteinlik nei de wiere moardner ta laat hawwe. Lokkigernôch foar Kurt binne der gjin wetten tsjin it besmoargjen fan oarmans toskeboarstels troch se yn jins kont te stopjen. Kurt behâldt syn âlde funksje mar komt no ûnder in normale baas te wurkjen. Nick kriget promoasje en wurdt beneamd yn 'e funksje fan Harken, dêr't er lykwols te meitsjen krigen mei de algemien direkteur fan syn bedriuw, dy't it foar de moade hat syn assistinten yn syn kofferbak op te sluten as se him kâlde kofje foarsette. En Dale leit mei help fan Motherfucker Jones en Kenny Sommerfeld op fideo fêst wat Julia mei har pasjinten útheeft nei't se dy ûnder narkoaze brocht hat. Troch har mei dat filmke te sjantearjen, wit er in ein oan har seksuele yntimidaasje te meitsjen en har ek noch betelje te litten foar syn houliksreis.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Jason Bateman.
 
Charlie Day.
 
Jason Sudeikis.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Nick Hendricks Jason Bateman
Dale Arbus Charlie Day
Kurt Buckman Jason Sudeikis


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Dave Harken Kevin Spacey
toskedokter Julia Harris Jennifer Aniston
Bobby Pellit Colin Farrell
Motherfucker Jones Jamie Foxx
Jack Pellit Donald Sutherland (cameo)
plysje Wilkens Isaiah Mustafa
Rhonda Harken Julie Bowen
resjersjeur #1 Wendell Pierce
resjersjeur #2 Ron White
Gregory (eins Atmanand) Brian George (as stimakteur)
Stacy Lindsay Sloane
Kenny Sommerfeld P.J. Byrne
Jamie (FedEx-famke) Meghan Markle (cameo)
urineman Ioan Gruffudd (cameo)
Louis Sherman Bob Newhart (cameo)
Carter John Francis Daly

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Horrible Bosses waard regissearre troch Seth Gordon nei in senario fan Michael Markowitz, John Francis Daley en Jonathan Goldstein op basis fan in idee fan Markowitz. As produsinten wiene Brett Ratner en Jay Stern by it projekt belutsen foar de filmstudio's New Line Cinema en RatPac Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber dat, ôfhinklik fan 'e boarne, op $35 of 37 miljoen steld wurdt. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan David Hennings, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Christopher Lennertz. De opnamen fûnen plak yn Los Angeles en omkriten.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Horrible Bosses waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 30 juny 2011 yn premiêre yn Grauman's Chinese Theatre yn Hollywood. Hy iepene dêrnei op 8 july yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 5 july by platemaatskippij WaterTower Music. Horrible Bosses waard op 11 oktober 2011 útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Horrible Bosses oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 31/2 fan 4 stjerren. Hy neamde Horrible Bosses "goed cast" en hie yn 't bysûnder lof foar Kevin Spacey yn 'e rol fan 'freeslike baas' nûmer 1 Dave Harken ("swiid") en Jennifer Aniston as freeslike baas nûmer 2 Julia Harris ("in ferrassing"). Ek Lisa Schwarzbaum fan Entertainment Weekly wie posityf oer de film, dy't se kwalifisearre as "in hearlik smoarch ferhaal fan wrok, wanhoop en ymmorele wraak." Yn The New York Times fûn A.O. Scott "de komyske timing fan 'e cast sûnder lek of brek".

Justin Chang fan it tydskrift Variety priizge it aktearjen fan 'e cast ek, mar fûn 'e plot fan 'e film "foarsisber debyl, fulgêr en studintikoas". Yn The Hollywood Reporter joech Kirk Honeycutt Horrible Bosses in negative resinsje. Hy fûn de grappen yn 'e film mislearre en skreau ek: "[Regisseur] Seth Gordon toant gjin inkele oanlis foar it omsetten fan 'e absurde sitewaasjes en cartooneske personaazjes út it skript ta wat dat mear is as in samling fan mominten dy't bedoeld binne om laitsjen op te wekjen."

 
De haadrolspilers (f.l.n.rj.) Jason Sudeikis, Charlie Day en Jason Bateman by de Australyske premiêre fan Horrible Bosses yn augustus 2011.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Horrible Bosses in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 220 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] sit fol ôfwaaid praat, hat in ûngelikens tempo en is fier fan orizjineel, mar tanksij in fernimstich gearstalde cast dy't in prima útgongspunt treflik útwurket, komt Horrible Bosses dochs goed út 'e ferve." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Horrible Bosses in goedkarringspersintaazje fan 57%, basearre op 40 resinsjes.

Horrible Bosses brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $117,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $92,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $209,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $35 oant 37 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $172,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Horrible Bosses wûn yn 2012 de MTV Movie Award foar bêste rotsak op it wite doek (Jennifer Aniston as Julie Harris). De film waard ek nominearre foar de Satellite Award foar bêste byrol fan in akteur (Colin Farrell as Bobby Pellit), de Critics' Choice Award foar bêste komeedzjefilm, de Teen Choice Award foar favorite simmerfilm en noch twa oare MTV Movie Awards, foar bêste rotsak op it wite doek (Colin Farrell) en bêste transformaasje yn in film (ek Colin Farrell).

Yn 2014 kaam in ferfolchfilm op Horrible Bosses út, mei as titel Horrible Bosses 2. Dêryn kearden Jason Bateman, Charlie Day, Jason Sudeikis, Jennifer Aniston, Jamie Foxx en Kevin Spacey werom yn har âlde rollen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.