Meghan, hartoginne fan Sussex, berne as Rachel Meghan Markle (Los Angeles, 4 augustus 1981), is in earder Amerikaansk aktrise, model en aktiviste. By it grutte publyk waard se bekend troch har rol fan Rachel Zane yn de abbekaterige Suits.

Meghan Markle
akteur
Meghan, hartogin fan Susseks, 2018
Meghan, hartogin fan Susseks, 2018
persoanlike bysûnderheden
echte namme Rachel Meghan Markle
nasjonaliteit flagge fan de Feriene Steaten
berne 4 augustus 1981
berteplak Los Angeles
jierren aktyf 2002 - 2017
offisjele webside
Profyl Meghan Markle IMDb
Prins Harry mei Meghan Markle (2017)

Biografy bewurkje seksje

Markle waard berne yn Los Angeles as Rachel Meghan Markle. Se is in dochter fan in Afro-Amerikaanske mem en heit mei ûnder oare Ierske en Nederlânske woartels. Se gie nei de Northwestern University en helle dêr bachelortitels yn de poadiumkeunsten en ynternasjonale betrekkingen. Dêrnei wurke se in skoft op de Amerikaanske ambassade yn Buenos Aires.

Yn 2002 begûn har aktearkarriêre mei in gastrol yn de searje General Hospital. Dêrnei spile hja ûnder mear yn Century City, The War at Home, 90210, Knight Rider, Without a Trace, CSI: NY en Castle en yn films as A Lot Like Love en Remember Me. Fierders wie se ien fan de kofferkesdragers yn de Amerikaanske ferzje fan Deal or No Deal.

By it grutte publyk waard se fan 2011 ôf bekend fan har rol as Rachel Zane yn de abbekatesearje Suits.

Markle hie fan 2004 oant 2013 in relaasje mei akteur en produsdint Trevor Engelson mei wa't se yn 2011 troude. It pear gie út elkoar yn augustus 2013. Sûnt juny 2016 hat se in relaasje mei Prins Harry. Harren ferloving waard yn novimber 2017 buorkundich makke. Op sneon 19 maaie 2018 boasken se yn de St. George's Chapel fan it Kastiel fan Windsor. Foar dy tiid waard Markle lid fan de Anglikaanske Tsjerke. Op 6 maaie 2019 krige it pear in soan, Archie Harrison Mountbatten-Windsor.

Filmografy bewurkje seksje

Telefyzje bewurkje seksje

Jier Titel Rol Opmerkingen
2002 General Hospital Jill 1 episoade
2004 Century City Natasha "A Mind is a Terrible Thing to Lose" (seizoen 1: episoade 4)
2005 Cuts Cori "My Boyfriend's Back" (seizoen 1: episoade 5)
2005 Love, Inc. Teresa Santos "One on One" (seizoen 1: episoade 9)
2006 1 vs. 100 Harsels Mob member nûmer 7
2006 The War at Home Susan "The Seventeen-Year Itch" (seizoen 1: episoade 17)
2006 CSI: NY Veronica Perez "Murder Sings the Blues" (seizoen 3: ôflevering 7)
2006 Deceit Gwen TF-film
2007 Deal or No Deal Harsels
2008 90210 Wendy "We're Not in Kansas Anymore" (seizoen 1: ôflevring 1)
"The Jet Set" (seizoen 1: ôfl.2)
2008 'Til Death Tara "Joy Ride" (seizoen 3: ôfl. 2)
2009 Knight Rider Annie Ortiz "Fight Knight" (seizoen 1: ôfl. 14)
2009 Without a Trace Holly Shepard "Chameleon" (seizoen 7: ôfl. 15)
2009 Fringe Junior FBI-agint Amy Jessup "A New Day in the Old Town" (seizoen 2: ôfl. 1)
"Night of Desirable Objects" (seizoen 2: ôfl. 2)
2009 The League Samar in famke "The Bounce Test" (seizoen 1: ôfl. 2)
2010 CSI: Miami Plysje Leah Montoya "Backfire" (seizoen 8: ôfl. 20)
2010 The Boys and Girls Guide to Getting Down Dana Telefyzjefilm
2011–2017 Suits Rachel Zane Haadrol; fêste akteur
2012 Castle Charlotte Boyd/Sliepend kreas famke "Once Upon a Crime" (seizoen 4: ôfl. 17)
2014 Extant Famke oan de tafel? "Extinct" (seizoen 1: ôfl. 2)
2014 When Sparks Fly Amy Peterson Hallmark Channel (telefyzjefilm)
2016 Dater's Handbook Cassandra Brand Hallmark Channel (telefyzjefilm)

Film bewurkje seksje

Jier Titel Rol Notysjes
2005 A Lot like Love Passazjier yn fleantúch
2010 Get Him to the Greek Tatiana Net op ôftiteling
2010 Remember Me Megan
2011 Horrible Bosses Jamie (FedEx-famke)
2015 Anti-Social Kirsten

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Tekst oerset fan it artikel yn de Nederlânsktalige Wikipedia. Filmografy is oernaam fan de Ingelsktalige Wikipedia.