Curses (koart ferhaal)
Curses is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "Flokken" (yn 'e sin fan ûnheilsbeswarrings). It ferhaal is skreaun yn it ik-perspektyf, en makket diel út fan 'e urban fantasyrige The Dresden Files. Yn 'e ynterne gronology fan 'e searje spilet Curses tusken de foarfallen yn 'e romans Small Favor en Turn Coat. Yn it ferhaal wurdt tsjoender en privee-detektive Harry Dresden frege om 'e Curse of the Billy Goat op te heffen, dêr't de Chicago Cubs al fan 1945 ôf ûnder lije. Butcher skreau Curses oarspronklik foar de blomlêzing Naked City: Tales of Urban Fantasy, dêr't ek ferhalen fan oare fantasy-auteurs yn stiene. Dat boek waard yn 2011 útjûn troch St. Martin's Griffin, ûnder redaksje fan Ellen Datlow. Yn 2018 waard it ferhaal werpublisearre yn Butcher syn ferhalebondel Brief Cases, dy't ferskynde by de New Yorkske útjouwerij Ace Books.
Curses | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Jim Butcher | |
taal | Ingelsk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2011 | |
oarspr. útjwr. | St. Martin's Griffin | |
bondel | Naked City: Tales of Urban Fantasy Brief Cases | |
rige | ||
rige | The Dresden Files |
Ynhâld
bewurkje seksjeHarry Dresden, tsjoender en privee-detektive te Chicago, wurdt yn syn kantoar opsocht troch Donovan, in abbekaat dy't wurket foar in entertainmentbedriuw dat anonym bliuwe wol. Hy wol de tsjinsten fan Harry ynhiere foar in saak dy't te krijen hat mei in flok. Harry begrypt fuort om hokker 'entertainmentbedriuw' it gean moat: de Chicago Cubs, in honkbalteam dat al desennia lang, sa't eltsenien wit, te lijen hat ûnder de saneamde Curse of the Billy Goat ("Bokkeflok"). By in honkbalwedstryd yn 1945 waard nammentlik in Sianis, in beteljende besiker, út it stadion Wrigley Field set, om't de geit dy't er by wize fan maskotte by him hie (en dy't troch troch beämten fan it stadion talitten wie) stonken hawwe soe doe't it begûn te reinen. Wylst er troch befeiligingspersoniel ôffierd waard, soe Sianis in flok op 'e Chicago Cubs lein hawwe, sadat se nea wer de World Series winne koene.
Donovan wol Harry in bulte jild betelje as er derfoar soargje kin dat de flok opheft wurdt, dat Harry seit ta dêr ûndersyk nei dwaan te sillen. Hy giet te rie by Bob, in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't in skedel bewennet op 'e boekeplanke yn Harry syn geheime laboratoarium, yn 'e kelder ûnder syn appartemint. Om't flokken, krekt as oare betsjoenings, by eltse moarnsdage wat mear oan krêft ferlieze, ornearret Bob dat it nea om ien flok gean kin, mei't de magyske krêft dy't nedich is om in flok 65 jier aktyf te hâlden sa grut is dat de wrâld dertroch ferwoastge wurde soe. Dus òf der is hielendal gjin flok en de Cubs binne it slachtoffer fan neat boppenatuerlikers as ûngelok en tafal, òf de flok wurdt geregeldwei fernijd.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As Harry by nacht Wrigley Field binnenkringt en dêr ris om him hinne sjocht, stelle hy en Bob fêst dat der yndie sprake is fan in flok. It is in betsjoening dy't folle kundiger makke is en folle mear tichtheid hat as in minsklike tsjoender ea oprêde kinne soe, wat betsjut dat der in oar wêzen ferantwurdlik foar wêze moat. Troch ynformaasje op te freegjen by de Wite Ried fan Tsjoenderij komt Harry derefter dat Sianis yn 1945 troch de Wite Ried ûndersocht is, en dat bliken dien hat dat er in gewoane minske wie, dy't net oer de minste tsjoenderij beskikte, likemin as lykfol hokker lid fan syn Gryksk-Amerikaanske famylje. Eefkes stiet Harry foar in riedsel, mar dan beseft er dat de oplossing foar de hân leit: it wie net Sianis mar de geit, dy't de flok op 'e Cubs lein hat.
Harry wit dat de Welske ierdgeasten, de tylwyth teg, stalferwikselders binne mei in bysûndere affiniteit foar geiten. As er om him hinne freget by syn kontakten, kriget er de tip om ris nei de tylwyth teg te fernimmen by Jill, de barfrou fan 'e Llyn y Fan Fach Tavern, in kroech yn Chicago dy't rjochte is op 'e Welske mienskip yn 'e stêd. Harry set dêrhinne, en komt der al rillegau efter dat de tsjeppe Jill eins in jili ffrwtan is, in hege frouwe fan 'e tylwyth teg. Hy wit har fertrouwen te winnen, en as er har freget om immen te wurd te kinnen mei sizzenskip oer de Curse of the Billy Goat, nimt se him troch in rûnte fan poddestuollen yn 'e kelder ûnder de kroech mei nei in diel fan it Nevernever, de parallelle wrâld fan 'e ierdgeasten, dat it Annwn fan 'e tylwyth teg is.
Dêr leveret Jill Harry, ta syn skrik, ôf by de kening fan 'e tylwyth teg, de út Welske myten ferneamde Gwynn ap Nudd. Dyselde blykt in fanatyk fan fan honkbal te wêzen. Hy leit Harry út dat er troch omstannichheden yn 1945 ris te let kaam om noch in kaartsje foar in wichtige wedstryd fan 'e Cubs te krijen en yn minsklike foarm it stadion yn te gean. Om't er de wedstryd dochs bywenje woe, feroare er himsels yn in geit en liet er him as maskotte it stadion binnenbringe. Gwynn hâldt út dat er in perfekte geit wie, en geiten begjinne no ienris te stjonken as se wiet wurde. Hy wurdt wer lulk wylst er fertelt hoe't er út it stadion set waard om't syn foarm as geit sa goed wie. Harry hat begryp foar de gefoelens fan 'e kening, mar hy leit der tsjinyn dat it no 65 jier lyn is, en dat de measte lju dy't by it ynsidint belutsen wiene, al lang stoarn binne.
Dêrop antwurdet Gwynn dat er syn betsjoening al desennia lang net mear as flok sjocht, mar mear as beskerming tsjin 'e kommersjalisearring dy't him master makke hat fan oare teams yn it Amerikaanske honkbal. As Harry dêr ris oer neitocht hat, moat er Gwynn gelyk jaan. Trochdat de Cubs de World Series nea winne kinne, lizze se har op oare dingen ta en hawwe se ien fan 'e trouste fangroepen út 'e Amerikaanske profsport. Gwynn foeget der noch oan ta dat syn betsjoening de Cubs net ivich tsjinhâlde kin, en dat se der ier of let op eigen krêft trochhinne brekke sille. Harry nimt dan syn fersyk om 'e flok op te heffen werom, en giet nei hûs, dêr't er Donovan opskillet en de man fertelt dat er him net helpe kin.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
The Dresden Files | |
---|---|
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things | |
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases |