Bigfoot on Campus
Bigfoot on Campus is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "In Bigfoot op 'e Kampus". It ferhaal is skreaun yn it ik-perspektyf, en makket diel út fan 'e urban fantasyrige The Dresden Files. Yn 'e ynterne gronology fan 'e searje spilet Bigfoot on Campus tusken de foarfallen yn 'e romans Turn Coat en Changes. Yn it ferhaal moat Harry foar de trêde kear in jonge sasquatch te help komme dy't yn 'e swierrichheden rekke is.
Bigfoot on Campus | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Jim Butcher | |
taal | Ingelsk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2012 | |
oarspr. útjwr. | St. Martin's Griffin | |
bondel | Hex Appeal Working for Bigfoot Brief Cases | |
rige | ||
rige | The Dresden Files |
Publikaasjeskiednis
bewurkje seksjeButcher skreau Bigfoot on Campus oarspronklik foar de blomlêzing Hex Appeal, dêr't ek ferhalen fan oare fantasy-auteurs yn stiene. Dat boek waard yn 2012 útjûn troch St. Martin's Griffin, ûnder redaksje fan P.N. Elrod. Yn 2015 waard Bigfoot on Campus yn 'e mande mei twa oare ferhalen fan The Dresden Files dy't oer in sasquatch geane (B Is for Bigfoot en I Was a Teenage Bigfoot) werútjûn yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot, dy't yn in beheinde oplaach útkaam by Subterranean Press yn Burton (Michigan). Yn 2018 waard it ferhaal werpublisearre yn Butcher syn ferhalebondel Brief Cases, dy't ferskynde by de New Yorkske útjouwerij Ace Books.
Ynhâld
bewurkje seksjeHarry Dresden, tsjoender en privee-detektive te Chicago, kriget berjocht fan Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders dat er wer in putsje foar him hat. Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders is in sasquatch foar wa't Harry al twa kear earder wat dien hat (sjoch: B Is for Bigfoot en I Was a Teenage Bigfoot). Beide kearen hie it te krijen mei de heal-minsklike soan fan Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders, en diskear is it net oars. De jonge, Irwin Pounder, is ûnderwilens in jier as achttjin, en hy studearret oan 'e Universiteit fan Oklahoma yn Norman. Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders, dy't Irwin noch nea met hat mar ynstee fan in ôfstân syn âlderlike plichten besiket nei te kommen, hat in faaie dream hân, en troch Harry yn te skeakeljen wol er bewissigje dat alles noch goed is mei syn soan.
De sasquatch wol Harry lykas de foarrige kearen betelje mei in klompke goud ter grutte fan in golfbal, mar Harry hat al langer syn betinkings oer it hâlden en dragen fan Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders yn ferhâlding ta syn soan, en diskear makket er fan 'e gelegenheid gebrûk om himsels te bemuoien mei wat er as in opfiedingsprobleem sjocht. Hy seit tsjin Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders dat er him wol helpe wol, mar dat syn priis dêrfoar is dat de sasquatch einlings en te'n lêsten syn soan persoanlik moetsje moat. Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders is dêr net bliid mei, en it reuseftige wêzen is it ek net wend om troch oaren ûnder druk set te wurden, mar nei't er it spul nochris eefkes beprakkesearre hat, stimt er dermei yn,
Harry bejout him nei de kampus fan 'e Universiteit fan Oklahoma, dêr't er Irwin opsiket, dy't noch net folgroeid is, mar no al mei kop en skouders boppe alle oare studinten útstekt. De jonge hat in freondinne, Connie, mei wa't Harry ek yn kunde komt. It is in tsjep, yntelligint en garismatysk fanke, mar der is wat mei har dêr't Harry earst net alhiel de finger op lizze kin. Oant er beseft dat se in fampier fan it Wite Hôf is. Fampieren fan it Wite Hôf tarre net op bloed, lykas oare soarten fampieren, mar op 'e libbensenerzjy fan harren slachtoffers, dy't se ta harren nimme troch seks te hawwen. Irwin hat dúdlik gjin idee dat Connie in fampier is, en nei't er mei harren út te iten west hat yn in pleatslik restaurant kringt úteinlik it besef ta Harry troch dat it fanke it sels ek net wit.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Wylst er noch beprakkesearret wat er no moat, dûkt Connie har heit op, de oalje- en gasmagnaat Charles Barrowill. Harry ken him werom as in oanhinger fan it Hûs Raith, dy't inkele jierren earder oanwêzich wie by de slach yn 'e Djipten, doe't telgen fan 'e Huzen Skavis en Malvora de kening fan it Wite Hôf besochten te ûnttroanjen (sjoch: White Night). Barrowill makket yn net mis te fersteane bewurdings dúdlik dat Harry him net mei syn dochter en har freon bemuoie moat, of oars… Harry warskôget him dat de jonge konneksjes hat, en dat Barrowill better by him wei bliuwe kin.
Letter dy jûns bejout Harry him nei in lyts hoekje bosklân op 'e kampus, dêr't er Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders moetet. Hy leit him út wat er ûntdutsen hat. Dat Connie net wit dat se in fampier is, liket frjemd, mar is dat net. Harry is soks alris faker tsjinkommen (sjoch: Blood Rites). Fampieren fan it Wite Hôf krije pas al harren krêften as se foar de earste kear seksuële omgong hawwe. Harren 'honger' wurdt harren dan oermânsk, en se deadzje harren minner(esse). Aldelju hâlde dat faak geheim foar de bern út eangst dat dy oars besykje sille harren minner(esse) te sparjen troch gjin seks te hawwen. Ut harren hâlden en dragen is Harry lykwols ûntsjinstriidber dúdlik wurden dat Irwin en Connie in pearke binne dat gauris it bêd dielt. Irwin soe de earste kear net oerlibje moatten hawwe, mar hat dat blykber wol dien. Harry syn teory is dat dat te krijen hat mei it folle gruttere reservoir oan libbensenerzjy dêr't Irwin as in healbloed-sasquatch oer beskikt.
Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders is de earste dy't sjocht wêr't it gefaar yn dizze sitewaasje skûlet. Charles Barrowill hat syn eigen earste minneresse wol fermoarde, en hy hat letter fan syn heit te hearren krigen dat soks is sa't it heart. Syn hiele libben hat er himsels dat foarholden, en hy hat besocht syn dochter op deselde wize grut te bringen. Allinnich, har earste minner is net deagien. As er it der no by sitte lit, sil dat betsjutte dat syn hiele eigen libben in leagen is. Dus Irwin moat dea, as it net rjochtsom kin, dan mar linksom. Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders betanket Harry foar syn help. Hy wit no wêr't de foarke fêstsit, dat no rêdt er it fierders sels wol. Harry is dêr noch net sa wis fan. De sasquatch libbet net yn 'e minsklike maatskippij, en dat betsjut dat er oars tinkt as minsken, en ek as fampieren, dy't ommers wól diel útmeitsje fan 'e minsklike maatskippij. Hy soe der samar nochris in moanne foar útlûke kinne om it spul te beprakkesearjen, en Harry hat wol goed foar it ferstân dat Barrowill dêr net op wachtsje sil.
Sadwaande giet Harry noch dyselde jûns nei de studinteflat op 'e kampus dêr't Irwin wennet. Dêr fielt er in betsjoening sa't er dy alris earder meimakke hat fan in fampier fan it Wite Hôf. As er by de keamer fan 'e jonge komt, blykt dy lykwols lûdroftige seks mei Connie te hawwen. Sels as Harry de doar yntrapet, merke se him net iens op, sa binne se ûnder de betsjoening dy't Barrowill harren oplein hat. Foar't Harry harren lykwols útinoar helje kin, wurdt er fan efteren delslein troch Barrowill. As er wer bykomt, wurdt er yn betwang holden troch in stik as wat ghouls dy't by Barrowill yn 'e tsjinst steane. De fampier leit him út dat er Connie en Irwin krekt sa lang seks hawwe litte sil oant Irwin syn libbensenerzjy op is en de jonge it bestjert. Hy is fan doel om Harry neitiid as seksslaaf oan Connie te jaan; sa sil der mar ien lyk wêze, fan in jonge sporter dy't drugs nommen hat en in hertstilstân krigen hat. Allegear prima út te lizzen, dus der sille gjin problematyske fragen wêze.
Harry besiket him derop te wizen dat hysels net samar ferdwine kin en dat Irwin net samar in jonge sporter is, mar Barrowill wol net harkje. Op dat stuit wurdt Barrowill syn limûsine, mei de deade ghoul dy't syn sjauffeur wie der noch yn, dwers troch trije muorren hinne it studintehûs yn smiten, sadat er oan 'e foartsjillen ta Irwin syn keamer ynkringt. It reuseftige stal fan Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders komt der efteroan, en as Barrowill syn tweintich ghouls op 'e sasquatch ôfstjoert, makket dy gehak fan harren. Dêrop skuort Barrowill syn dochter fan Irwin ôf, smyt har oer syn skouder en kiest it hazzepaad. Harry giet him efternei en hâldt him tsjin by de doar nei bûten. Hy beseft dat it in drege opjefte wêze sil om Barrowill te ferslaan, mar hy wit ek dat er de fampier inkeld langernôch hoecht tsjin te kearen oant Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders klear is mei de ghouls. It is lykwols net de sasquatch dy't efter harren oankomt en Barrowill in wan bruien begjint te jaan sa't er noch nea hân hat, mar Irwin. De jonge healbloed-sasquatch is noch lang net helder, mar ien ding wit er wol: Barrowill woe Connie fan him stelle. Uteinlik is Connie sels nedich om foar te kommen dat Irwin har heit hielendal deaslacht.
Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders hat inkele ghouls yn libben litten en draacht harren op om 'e liken fan harren maten en harren bewusteleaze master mei te nimmen en te sjen dat se fuortkomme. De ghouls, dat guon fan 'e taaiste fjochters fan 'e boppenatuerlike mienskip binne dy't Harry ea tsjinkommen is, wolle diskear wol om lyk en witte net hoe gau't se dwaan moatte wat harren sein wurdt. Neitiid moetsje Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders en Irwin inoar foar de earste kear, en moat oan Connie útlein wurde dat se in fampier is. Om't it pear op 'e kampus harren libbens net wis wêze sille as Barrowill wer wekker wurden is, nimt Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders harren allebeide op 'e noed en wurde se mei him wei yn 'e wyldernis. Harry bliuwt efter om 'e ravaazje yn it studintehûs út te lizzen, wat him net slagget, mei as resultaat dat er wer ris in nacht yn 'e sel trochbringe moat op beskuldiging fan fersteuring fan 'e iepenbiere oarder.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
The Dresden Files | |
---|---|
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things | |
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases |