Summer Knight
Summer Knight is in roman fan it fantasysjenre skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut: "Simmerridder" of "Ridder fan 'e Simmer", mar it is in Ingelske wurdboarterij, mei't "knight", "ridder", mei de stomme k itselde útsprutsen wurdt as "night", "nacht". Kwa útspraak klinkt de titel dus as "Simmernacht". It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it fjirde diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Grave Peril. Yn Summer Knight rekket Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, tsjin wil en tank behelle yn 'e yntriizjes tusken it Winterhôf en it Simmerhôf fan 'e ierdgeasten. It boek waard yn 2002 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books. Yn 2006 waard Summer Knight troch de Science Fiction Book Club werpublisearre yn 'e omnibusedysje Wizard for Hire, yn 'e mande mei Death Masks, it fyfde diel fan The Dresden Files.
Summer Knight | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Jim Butcher | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2002, New York | |
oarspr. útjwr. | Roc Books | |
rige | ||
rige | The Dresden Files | |
● foarich diel | Grave Peril | |
● folgjend diel | Death Masks | |
kodearring | ||
ISBN | 0 45 14 62 750 |
Ynhâld
bewurkje seksjeSummer Knight begjint trijefearns jier nei de foarfallen yn it foargeande diel yn 'e searje, Grave Peril. Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, hat de lêste moannen suver dei en nacht socht nei in magysk genêsmiddel foar syn freondinne Susan Rodriguez. Hja is nammentlik troch de fampieren fan it Reade Hôf heal ta fampier makke en moat inkeld noch bloed drinke en dêrby in minske ombringe om 'e metamorfoaze te foltôgjen (sjoch: Grave Peril). Neitiid hat se har relaasje mei Harry ferbrutsen, om't se bang is dat se ûnder it bedriuwen fan 'e leafde har selsbehearsking ferlieze en him deadzje sil. Tramtearre troch skuldgefoelens en gedachten fan "hie ik mar", hat Harry himsels ferslûnzje en syn wurk fertuteazje litten, oant er safier efter rekke is mei de hier dat er sawol út syn kantoar as út syn appartemint set driget te wurden.
Dêropta komt noch de oarloch yn 'e boppenatuerlike wrâld, tusken it Reade Hôf fan 'e fampieren en de Wite Ried fan 'e tsjoenders, dy't Harry feroarsake hat om Susan te rêden. De oare leden fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij binne dêr, om it sêft út te drukken, net bliid mei, en der is in algemiene gearkomste belein yn Chicago om oer Harry syn hâlden en dragen te oardieljen. Underwilens besykje de fampieren fan it Reade Hôf en harren bûnsgenoaten, lykas de ghouls fan 'e LaChaise-clan, oanhâldend en romje Harry út 'e wei. As Summer Knight iepenet, hat Harry in moeting mei Billy Borden, de lieder fan 'e Alpha's, in ridel jonge wearwolven foar wa't Harry as in soarte fan mentor fungearret. Wylst Billy Harry ta it besef besiket te bringen dat it libben trochgiet en dat de hier betelle wurde moat, ûntkomme se op ljochtskyndei yn in park mar nauwerneed oan in moardoanslach troch in froulike ghoul en in groepke minsklike trewanten.
Neitiid beseft Harry dat Billy miskien wol gelyk hat, en dat hy him de lêste moannen yndie tefolle fan 'e wrâld ôfsûndere hat. Billy hat in moeting regele mei in frou Sommerset, dy't Harry as privee-detektive ynhiere wol, mar as Harry mei har yn petear giet, docht al rillegau bliken dat er net mei in minske, mar mei in ierdgeast fan dwaan hat. Ta Harry syn skrik jout 'frou Sommerset' ta nimmen oars te wêzen as de Mab, de monarch fan it Winterhôf, keninginne fan Lucht en Tsjuster. Hja is in hege sídhe en ien fan 'e machtichste ierdgeasten dy't der binne, mar justjes minder machtich as in godheid. Hja fertelt Harry dat se de skuld oernommen hat dy't er hie by syn peetmuoike, de Leanansidhe (sjoch: Grave Peril). Se wol in oerienkomst mei him slute: Harry moat trije kear wat foar har dwaan om 'e skuld ôf te lossen, en hy mei ûnbeheind dingen wegerje sûnder dat syn skuld dêrtroch oprint. Om't er gjin oare kar hat, giet Harry dêrmei akkoart. Mab freget him dan as earste fan 'e trije dingen om as har offisjele gesant de moard op in minske, de keunstner Ronald Reuel, te ûndersykjen. Harry wegeret, mar foar't se har ôfjout, seit Mab dat se der wis fan is dat er him betinke en har har sin jaan sil.
Neitiid hastiget Harry him nei de gearkomste dy't de Wite Ried fan Tsjoenderij yn Chicago hâldt. Dêr moetet er syn âlde pleechheit en mentor wer, Ebenezar McCoy, in Skot dy't al sûnt de Frânske en Yndiaanske Oarloch yn Noard-Amearika tahâldt (tsjoenders libje tige lang) en de lêste pear iuwen yn it heuvellân fan Missoery wennet. Dyselde ferteld him dat it tige faai mei him stiet: Arthur Langtry, de Merlyn (de foarsitter fan 'e Hege Ried fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij), wol fan Harry ôf. Dêrom hat Ebenezar twa leden fan 'e Hege Ried meibrocht om mei Harry yn 'e kunde te kommen, de Afro-Amerikaanske tsjoenster Martha Liberty, en de Yndiaanske medisynman Joe Listens-to-Wind. In trêde lid dat mooglik sympatyk foar Harry oer stean soe, de Rus Simon Pietrovich, blykt lykwols by in oanfal fan 'e reade fampieren op syn wente yn Archangelsk omkommen te wêzen. As fuort nei it begjin fan 'e gearkomste de Merlyn it frijkommen plak yn 'e Hege Ried opfolje wol mei ien fan syn meistanners, stekt Ebenezar dêr in stokje foar en nimt er sels dat plak yn, dêr't er omreden fan syn senioriteit rjocht op hat. Hy hat in grouwéligen hekel oan it wurk dat mei sa'n posysje mank giet, en docht dit inkeld om Harry te rêden.
Der folget in útinoarsetting troch Donald Morgan, it haad fan 'e warders fan 'e Wite Ried, oer de oarlochssitewaasje mei it Reade Hôf. De Wite Ried is yn it neidiel yn in moderne striid, mei't tsjoenderij fan natuere moderne technology sabotearret. Tsjoenders kinne harren dêrtroch bygelyks net yn fleantugen ferpleatse. Om dat neidiel op te heffen is it fan it grutste belang dat de Wite Ried in oerienkomst slút mei ien fan 'e keninginnen fan 'e ierdgeasten, sadat se har fluch nei oare parten fan 'e wrâld ferpleatse kinne fia de parallelle boppenatuerlike wrâld fan it Nevernever. De boadskipper dy't útstjoerd wie nei keninginne Titania, is weromkommen mei it beskie dat it Simmerhôf neutraal bliuwe sil yn 'e oarloch tusken de Wite Ried en it Reade Hôf. De boadskipper dy't útstjoerd wie nei keninginne Mab is noch net weromkeard.
Dan komt de kwestje fan Harry oan 'e oarder. De Merlyn en in oar lid fan 'e Hege Ried, Aleran LeFortier, hawwe swiere krityk op Harry syn hâlden en dragen as fertsjintwurdiger fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij, wêrmei't er de oarloch mei it Reade Hôf útlokke hat (sjoch: Grave Peril). LaFortier makket bekend dat in gesant fan it Reade Hôf, don Paolo Ortega, oanjûn hat dat it Reade Hôf mei gragens frede slute wol, sadree't de Wite Ried Harry útlevere hat, dy't de reade fampieren beskôgje as in moardner dy't de deastraf krije moat. Salang't Harry lykwols de rang fan tsjoender fan 'e Wite Ried hat, kin fan útlevering gjin sprake wêze. Dêrom pleatst de Merlyn fraachtekens by it punt oft Harry dy rang wol ea wier fertsjinne hat. Hy wol de hiele gearkomste stimme litte oer de fraach oft Harry syn rang as tsjoender ôfnommen wurde moat, mar dêr leit Ebenezar McCoy it near op troch in berop te dwaan op syn rjocht as lid fan 'e Hege Ried om 'e stimming te beheinen ta inkeld de sân leden fan 'e Hege Ried.
As dêrnei de stimming holden wurdt, binne de Merlyn, LaFortier en Oerâlde Mai, in Easterske tsjoenderesse, foar it ôfnimmen fan Harry syn rang as tsjoender, wylst Ebenezar, Martha Liberty en Joe Listens-to-Wind dêrop tsjin binne. De beslissende stim is oan it sânde lid fan 'e Hege Ried, de mysterieuze Middeneastlike tsjoender dy't bekendstiet as 'de Poartewachter'. Dyselde jout oan dat er earst hearre wol wat de boadskipper te sizzen hat. Wylst de oare oanwêzigen har yn betizing ôffreegje wêr't er it oer hat, wurde de doarren fan 'e seal iepensmiten en wurdt de heal beferzen boadskipper binnenbrocht dy't de Wite Ried nei keninginne Mab stjoerd hie. Ear't er it bewustwêzen ferliest, wit de man út te bringen dat it Winterhôf fan 'e ierdgeasten de leden fan 'e Wite Ried frije trochtocht jout troch syn diel fan it Nevernever op it betingst dat foldien wurdt oan it fersyk dat keninginne Mab al dien hat. Net ien dy't wit hokker fersyk dat is, behalven Harry, dy't beseft dat Mab him moai fêstset hat. Hy jout foar de Ried oer ta dat Mab him earder dy deis opsocht hat mei it fersyk om as har offisjele gesant in moard te ûndersykjen. De Poartewachter stelt foar om dat in test wêze te litten foar Harry: as er foar de Wite Ried de meiwurking fan keninginne Mab wit te winnen, sil er syn rang fan tsjoender behâlde; slagget him dat net, dan ferliest er syn rang en wurdt er útlevere oan it Reade Hôf.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Om't er no twongen is om dochs ûndersyk te dwaan nei de moard op Ronald Reuel, giet Harry jûns let noch del by syn freondinne Karrin Murphy, it haad fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan 'e Plysje fan Chicago. Hy komt har wat oer it mad, en ûntdekt dan wat dat se al trijefearns jier foar him geheim holden hat: dat se in trauma oerholden hat oan 'e magyske oanfal op har troch de warlock Leonid Kravos (sjoch: Grave Peril). Dy krong har nammentlik har geast binnen en liet har de ferskriklikste dingen sjen, en al is Kravos al lang dea en begroeven en hat Harry Kravos syn spûk útinoarskuord dat it weiwaard, dochs lijt Murphy noch altyd ûnder oanhâldende nachtmerjes en sliepeleasheid.
As Harry har freget om it plysjedossier oer de dea fan Ronald Reuel ynsjen te meien, giet Murphy dêrmei akkoart op betingst dat sy by it ûndersyk belutsen wurde sil. Hoewol't Harry har it leafst sa folle mooglik beskermje en dus sa fier mooglik by Mab-en-dy wei hâlde soe, beseft er dat dat net kin, en dat it foar Murphy sels miskien wol it bêste is as se har eangsten ûnder eagen sjocht. Dat, hy stimt yn mei har betingst, en Murphy printet dy dielen fan it plysjedossier foar him út dy't se thús fia de kompjûter besette kin. Ronald Reuel, in keunstner fan yn 'e santich, is thús ûnder oan 'e trep fûn mei in brutsen nekke en ferwûnings dy't oerienkomme mei in fal. De plysje hat dêrom ornearre dat syn dea in ûngelok wie. Mab neamde it lykwols in moard, en Harry hat gjin reden om datoangeande oan har kennis fan saken te twifeljen. Yn it plysjerapport ûntdekt er boppedat oanwizings dy't derop wize dat immen troch in poarte út it Nevernever wei de wente fan Reuel ynkrongen is. As dat sa is, is it ek gjin wûnder dat de befeiligingskamera's om it hûs hinne neat ûngewoans registrearre hawwe.
Nei syn besyk oan Murphy komt Harry te neare nacht thús, dêr't er opwachte wurdt troch de offisjele gesant dy't troch keninginne Titania fan it Simmerhôf fan 'e ierdgeasten oansteld is om 'e moard op Reuel te ûndersykjen. Dat blykt nimmen oars te wêzen as Elaine Mallory, Harry syn earste leafde. Elaine is in tsjoenster dy't tegearre mei Harry fan tsien- oant en mei sechstjinjierrige leeftyd yn 'e gryp fan 'e warlock Justin DuMorne ferkeard hat. Meitiid rekken se fereale opinoar en krigen se ferkearing. Doe't DuMorne Harry ferliede woe ta it kwea, en Harry him ôfstegere, besocht DuMorne Harry syn frije wil te ûntnimmen. Harry focht werom en troch mear gelok as wiisheid wist er de warlock te ferslaan en deadzjen yn in brân dy't it hiele hûs ferwuostge. By dy konfrontaasje waard Harry ferret troch Elaine, dy't him bûn mei magyske bannen, sadat DuMorne oer him gear koe. Harry hat altyd miend dat Elaine krekt as DuMorne ek yn 'e flammen omkommen wie dy't hy oproppen hie, en om har sûn en wol werom te sjen is foar him dan ek in grutte skok.
Elaine fertelt him dat DuMorne har in pear wiken foar de konfrontaasje mei Harry har frije wil al ôfnommen hie, en dat se gjin oare kar hie as om DuMorne te helpen. Under it gefjocht mei Harry fersloppen de magyske bannen dy't DuMorne har oplein hie, en koe se har yn in steat fan folsleine betizing út 'e fuotten meitsje ear't Harry it hûs yn ljochte lôge sette. Neitiid socht Elaine in skûlplak en krige se asyl yn it Simmerhôf. Dêrtroch stiet se no djip yn 'e skuld by keninginne Titania, en as se net bewize kin dat Reuel troch in lid fan it Winterhôf fermoarde is, sjocht it der min foar har út. Harry besiket Elaine te bepraten om help te sykje by de Wite Ried, mar Elaine wol neat mei dy organisaasje te krijen hawwe. Dêrmei makket se it harsels tige dreech, want de Wite Ried beskôget alle tsjoenders dy't har net ûnderwerpe oan syn gesach as kriminelen. As Donald Morgan, it haad fan 'e warders fan 'e Wite Ried, ynienen foar Harry syn doar stiet, moat Elaine har dan ek ferbergje yn 'e sliepkeamer. Morgan besiket Harry sa lulk te krijen dat dy him oanfalt, sadat Morgan him deadzje kin. Mar op it lêste stuit kriget Harry foar it ferstân wat der geande is en beseft er dat Morgan troch de Merlyn stjoerd is om him, en dêrmei de problemen mei it Reade Hôf, út 'e wrâld te helpen.
Nei't er Morgan it gat fan 'e doar wiisd hat, en as ek Elaine ôfset is, kin Harry einlings en te'n lêsten wat sliep ynhelje. As er lykwols troch in nachtmerje oer Susan út 'e sliep helle wurdt, bejout er him nei syn laboratoarium, dêr't er Bob om rie freget oangeande de saak-Reuel. Bob is in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't in skedel bewennet op 'e boekeplanke yn Harry syn laboratoarium. Harry hat him 'urven' fan DuMorne, en as er Bob fertelt dat Elaine noch libbet, is Bob net botte ferheard om't er Harry al jierrenlang foarholden hat dat dat skoan kinne soe. Wat Reuel oangiet, fertelt Bob dat de man de Simmerridder wie. Sawol it Simmerhôf as it Winterhôf hawwe in minske dy't de keninginnen bejeftigje mei boppenatuerlike macht om as harren fêste fertsjintwurdiger yn 'e minsklike wrâld te fungearjen. Ronald Reuel beklaaide dy posysje foar it Simmerhôf.
Om't sokke ridders tige dreech te deadzjen binne, krimpt dêrmei Harry syn list fan fertochten flink yn. In tsjoender soe it dwaan kinnen hawwe (hoewol wierskynlik net op sa'n temûke wize as it dien is), mar hast alle tsjoenders binne op 't heden besteld mei de oarloch mei it Reade Hôf. Elaine, sa beseft Harry, is wol in mooglike fertochte. Fierders soe de Winterridder it dien hawwe kinne en ien fan 'e keninginnen. Bob leit út dat sawol it Simmerhôf as it Winterhôf eins trije keninginnen hat: de hjoeddeistige keninginne, de eardere keninginne (de 'mem') en de takomstige keninginne (de 'frouwe'). De hjoeddeistige keninginnen binne Mab en Titania, wylst de frouwen Maeve en Aurora hjitte. Bob wiist der ek op dat de moard op in ridder foar Mab en Titania net sa'n grut probleem wêze soe, mei't ridders komme en geane. Dat bringt Harry yn 't sin dat Mab tsjin him sein hat dat der by de moard op Reuel wat stellen wie dat weromfûn wurde moast. Hy en Bob riddenearje dat it allinnich mar gean kin om 'e macht dêr't Titania Reuel mei bejeftige hie. Normaal sprutsen soe dy by de dea fan 'e Simmerridder weromkeare moatte nei Titania, mar as dat net bard is, is Titania no swakker as Mab. Dêrmei is it lykwicht wei, en dat hat alderhanne aaklike gefolgen foar ûnder mear it waar en it klimaat, want as Mab oanhâldend sterker bliuwt, kin de minsklike wrâld him tariede op in nije iistiid.
Mei dy wittenskip giet Harry der de oare deis op út om ris yn it appartemint fan Reuel om te sneupen. As er dêr arrivearret, is de doar lykwols al iepenbrutsen en trappearret er in reuseftige keardel dy't Reuel syn ynboel oer de kop hellet op 'e siik nei it ien of oar. Hy hat al in pûdfol guod sammele. Harry docht him foar as in besoarger (sa is er ek by de portier lâns kommen) en lit de man tekenje foar in pakje wylst er in stikje papier út 'e iepensteande pûde gaudievet. De namme dy't de man jout is "Grum". Hoewol't er net sjoen hat dat Harry wat út 'e pûde pakt hat, seit er dat er magy rûke kin en falt er Harry oan. It blykt in oger te wêzen, dy't, as er syn falske minsklike uterlik ferliest, 3.65 m lang is en boppedat ymmún foar Harry syn tsjoenderij. De konfrontaasje hie nei alle gedachten Harry syn dea wurden, as in âlde buorfrou net lûdroftich begûn wie te kleien oer it kabaal fan 'e fjochtpartij en dêr it boadskip oan tafoege hie dat se de plysje skille hie. Grum makket him dan út 'e fuotten, en as Harry wat bekommen is, docht er itselde. It stikje papier blykt in foto te wêzen fan Reuel mei fjouwer jongere minsken, twa manlju en twa froulju.
Neitiid giet Harry nei it krematoarium dêr't de routsjinst foar Reuel holden wurdt, en dêr't er de beide jongemannen en ien fan 'e froulju fan 'e foto sjocht. As se him gewaar wurde, jouwe se har troch de efterdoar ôf. Hy folget harren, mar wurdt troch de jonge frou yninoar slein en yn in ôffalcontainer smiten ear't er útlizze kin wat er fan harren wol. Dêr fynt Billy Borden, de jonge wearwolf, him, dy't Harry opskille hie om him te helpen. Lykas frege hat Billy in pizza meinommen. Harry ropt it elfke Toet-toet en dy syn trewanten op, wêrnei't er harren omkeapet mei de pizza, dêr't elfkes sljocht nei binne, om te fertellen wêr't Maeve, de frouwe fan it Winterhôf, en Aurora, de frouwe fan it Simmerhôf, har ophâlde. Toet-toet fertelt dat Maeve har ferline hjerst, doe't troch tadwaan fan 'e geast fan Kravos de grinzen tusken dizze wrâld en it Nevernever tige poreus wurden wiene (sjoch: Grave Peril), yn 'e ferlitten tunnels ûnder Chicago fêstige hat. Dêrop is ek Aurora út it Nevernever oerkommen om har boppe-op ien fan 'e wolkekliuwers yn 'e stêd nei wenjen te setten.
Harry en Billy litte har troch it elfke Elidee nei it plak yn 'e tunnels ûnder Chicago liede, dêr't Maeve har fêstige hat. Nei't se dêr oankommen binne, wegeret Maeve lykwols antwurd te jaan op 'e fraach oft sy Reuel fermoarde of fermoardzje litten hat. Ynstee stjoert se ien fan har ûnderhearrigen, de boppenatuerlik kreaze Jen, dy't griene tosken hat, op Harry ôf om him te ferlieden. Harry is lykwols net sa maklik ôf te lieden. By Maeve komt Harry ek yn 'e kunde mei de Winterridder, de gewelddiedige drugsferslaafde Lloyd Slate. Dy ûntkent dat er Reuel fermoarde hat, mar hy is in minske, en kin dus planút lige, eat dat ierdgeasten net kinne. Slate bringt Maeve it ien of oar dêr't se tige nei útsjocht, mar as se it doaske iepene hat, blykt der net yn te sitten wat se ferwachte. Se reägearret har dan ôf op Slate, dy't him dêrop tsjin har keart. Maeve is al har tsjoenderij nedich om him tsjin te hâlden, wêrnei't se him troch Jen mei in ynjeksje fan drugs delbêdzje lit. Hoewol't Harry fan Maeve gjin antwurd op syn fraach krigen hat, ornearret er dat de Winterfrouwe de moardner net wêze kin om't se te ympulsyf is om in stekhâldend moardplan te betinken en boppedat magysk net feardich genôch om 'e Simmerridder te ferslaan.
Neitiid wurde Harry en Billy ûnderweis nei Harry syn auto oanholden troch de jonge frou en ien fan 'e jonge manlju dy't mei Ronald Reuel op 'e foto stiene. De jonge frou stelt harsels foar as Meryl, de jongeman as Fix en harren ôfwêzige freon as Ace. Meryl biedt Harry har ûntskuldigings oan foar it feit dat se him earder dy deis by de efterdoar fan it krematoarium yninoar slein en yn in ôffalcontainer smiten hat. Se skriuwt dat no ta oan in panykreäksje. Se fertelt Harry dat sy, Fix, Ace en harren fjirde freon Lily allegear healbloedbern binne dy't fuortkommen binne út relaasjes tusken minsken en ierdgeasten. Sa is de poatige Meryl de dochter fan in frou dy't ferkrêfte waard troch in trol. Om't se as healbloeden minder machtich binne as folbloed-ierdgeasten, waarden se yn it ferline tramtearre troch Maeve, de Winterfrouwe, oant Ronald Reuel harren ûnder syn hoede naam. No is Lily ferdwûn, en Meryl fermoedet dat Lloyd Slate, de Winterridder, dêrefter sit, dy't altyd al in ûnoangename belangstelling foar Lily hie. Meryl freget Harry om Lily te finen, mar Harry, dy't al mear as genôch te dwaan hat, moat har ôfwize. As se lykwols oanbiedt om dûbeld syn gebrûklike salaris te beteljen, beseft Harry, dy't fanwegen syn efterstallige hier driuwend ferlet fan jild hat, en dy't fan Mab en de Wite Ried gjin reade sint betelle kriget, dat er der it frij net ta hat om wurk te wegerjen. Dat hy ûnthjit Meryl dat er syn bêst dwaan sil om har freondinne werom te finen.
Neitiid stjoert Harry Billy derop út om 'e sikehuzen yn Chicago ôf te gean om nei Lily te sykjen, in saai putsje dat de jonge wearwolf lykwols sûnder gefaar op eigen manneboet dwaan kin. As Harry by syn auto komt, leit Elaine swierferwûne op 'e passazjiersstoel. Syn earste ympuls is om har nei it sikehûs te bringen, mar foar't se it bewustwêzen ferliest, makket Elaine him dúdlik dat se dat beslist net wol. Hy moat har nei Aurora, de Simmerfrouwe, ta bringe, op 'e top fan it Rothschild Hotel. Elaine hat der alle fertrouwen yn dat dy har genêze kin. Harry jout ta en bringt har dêrhinne, en de lytse Elidee, dy't noch altyd by him is, lit him sjen hoe't er by de Simmerfrouwe komme moat. Dêr hat Harry earst in konfrontaasje mei de sintaur Korrick en mei Talos, de seneskalk fan 'e Simmerfrouwe. As er úteinlik Aurora sels moetet, blykt hja in byldhouster te wêzen, dy't ferskate bylden fan Lily yn har tún stean hat om't it fanke gauris foar har posearre. Harry befreget har Lily, mar Aurora kin him datoangeande net helpe.
Wol stabilisearret de Simmerfrouwe Elaine. Se leit Harry ek út wêrom't de normaal sa kalme sídhe, dy't ommers ûnstjerlik binne en alle tiid hawwe, mei de saak-Reuel no ynienen sa'n haast lykje te hawwen. De macht dy't keninginne Titania oan Reuel jûn hat, en dy't no stellen is, makket in oansjenlik diel fan har magy út. De ierdgeasten fan it Simmerhôf binne dus ferswakke, en se binne der wis fan dat de ierdgeasten fan it Winterhôf dêr gebrûk fan meitsje sille troch harren oan te fallen sadree't it harren útkomt. Oer twa dagen is it midsimmer, de langste dei, as de it Simmerhôf op it toppunt fan syn macht is. Dêrnei sil it Winterhôf stadichoan wer oan macht winne. Dus as der striid komt, hawwe de ierdgeasten fan it Simmerhôf no de bêste kâns om te winnen. Keninginne Titania risselwearret dêrom foar oarloch, en no't Elaine neat mear dwaan kin, is Harry de iennichste dy't dy oarloch keare kin.
Harry beseft nei it petear mei Aurora dat er net folle tiid hat om 'e saak-Reuel op te lossen, en hy reälisearret him ek dat er ferlet hat fan help. Dêrom praat er jûns let mei Murphy ôf yn in Walmart-winkelsintrum, dêr't er har yn it byhearrende kafee foar it earst alles fertelt: oer DuMorne en Elaine, de Wite Ried, Susan en de oarloch mei it Reade Hôf dy't er begûn is, en oer de opdracht fan Mab, wat er oangeande de saak-Reuel oant safier ûntdutsen hat en hoe't it lân derhinne leit mei it Winterhôf en it Simmerhôf. Murphy stelt Harry dan in pear skerpsinnige fragen, dy't him beseffe litte dat er Mab nei alle gedachten, krekt as Maeve, Aurora en Lloyd Slate, fan syn listke mei fertochten skrasse kin.
Ear't Harry en Murphy alhiel útpraat binne, wurde se yn it winkelsintrum ynienen oanfallen troch deselde froulike ghoul dy't Harry de deis tefoaren yn it park besocht te fermoardzjen, en dy't Murphy identifisearret as in sochte hierlinge en searjemoardneresse dy't maskerearret as in minske ûnder de namme 'de Tigerinne'. Harry miende mar dat de Tigerinne foar it Reade Hôf wurke, mar as se fersterking kriget fan in ûnbekende skerpskutter, de oger Grum en in út planten gearstald meunster dat net oer izer kin (en dus in soarte fan ierdgeast wêze moat), begjint er him ôf te freegjen oft soms ien fan 'e keninginnen fan 'e ierdgeasten him al fan it begjin ôf oan dea hawwe wol. Harry en Murphy witte mar amperoan libben fuort te kommen trochdat Murphy de ghoul trochsingelet mei kûgels en sawol de oger as it planteding te liif giet mei in keatlingseage fan stiel (dat in soarte fan izer is). Se ûntkomme oan 'e skerpskutter trochdat sirenes de komst fan 'e plysje oankundigje. Harry bringt Murphy, dy't yn it gefjocht har knibbel ferknoffele hat, nei de Alpha's ta, dy't mei har nei it sikehûs geane.
Underwilens moat Harry keninginne Mab en keninginne Titania en de beide keninginnen-mem noch oer de moard op Reuel ûnderstean. Dêrta hat er ferlet fan in gids troch it Nevernever, dat hy siket in stil plak oan 'e noardlike stedsrâne fan Chicago by de kust fan 'e Michiganmar op, dêr't er syn peetmuoike opropt, de Leanansidhe (of 'Lea', sa't se har neame lit). As Harry har it ferwyt makket dat sy inkeld nei him omsjocht as it har útkomt, lit se him witte dat sy him dy deis al twa kear it libben rêden hat: Lea die har foar as de âlde buorfrou fan Reuel dy't foarkaam dat Grum Harry deasloech, en sy brocht ek it lûd fan 'e plysjesirenes fuort dat makke dat de skerpskutter by it winkelsintrum útnaaide, sadat Harry en Murphy dêrwei ûntkomme koene. Lea stimt dermei yn om Harry mei te nimmen nei it Nevernever, mar ynstee dat se him by Mab of Titania bringt, lit se him dêr de Stiennen Tafel sjen, in magysk foarwerp dat de macht fan 'e besitter fuortsterket troch it bloed dat derop fergetten wurdt. Fan midwinter oant midsimmer is de Tafel yn besit fan it Simmerhôf, en fan midsimmer oant midwinter is er yn it besit fan it Winterhôf. No, twa dagen foar midsimmer, hat Titania har legermacht opdracht jûn om 'e Stiennen Tafel te ferdigenjen tsjin 'e legers fan 'e Winter. Ut 'e maneuvers kin Harry opmeitsje dat Titania tinkt dat immen út it Winterhôf de macht stellen hat dy't se oan Ronald Reuel jûn hie, wylst Mab reägearret op in manear dy't derop wiist dat se ûnwis is wat Titania yn 't sin hat, wat betsjutte soe dat Mab net efter de dieverij sit. Nei't er dat sjoen hat, bringt Lea Harry wer werom nei de stjerlike wrâld, mei't se net machtigernôch is om him by de keninginnen-mem te bringen.
Neitiid spoart Harry Elaine op, dy't fan har ferwûnings genêzen is troch Aurora. Se ferbliuwt op dat stuit yn in hotel by de Ynternasjonale Lofthaven O'Hare, mei't se fan doel is út te piken ear't de oarloch útbrekt. Harry hat ûnderwilens útriddenearre dat Lloyd Slate, de Winterridder, efter de oanfal op Elaine siet, en dat it doaske dat er yn oanwêzigens fan Harry by Maeve brocht, in mês befette mei Elaine har bloed derop. Om't Elaine har tsjin syn oanfal ferdigene hie troch fjoer op te roppen, wie it bloed lykwols útdrûge rekke en dêrmei ûnbrûkber wurden foar magy (wat Maeve har teloarstelling en lulkens ferklearre). Ek de oanfal op Harry en Murphy yn it Walmart-winkelsintrum soe ferklearre wurde kinne as Maeve derefter sit, mar Harry tinkt dat se dêr net fernimstich genôch foar is. Elaine helpt him út 'e dream troch him dúdlik te meitsjen dat Maeve graach beare mei dat se in psychoatyske nymfomane is, mar dat dat mar in rol is dy't se spilet.
Harry bepraat Elaine om har kontakten yn it Simmerhôf te brûken en beset in gids dy't harren nei de keninginnen-mem bringe kin. Ear't se dêr komme kinne, moatte se earst in demoanyske ienhoarn oerwinne dy't it wenplak fan 'e beide keninginnen-mem bewekket. Wylst Elaine de ienhoarn yn betwang hâldt, bejout Harry him nei de wente fan Mem Winter en Mem Simmer, de beide machtichste wêzens fan it Nevernever. Dy dogge harren foar as in pear âlde wyfkes dy't tegearre yn in arbeidershúske wenje. Ynstee fan dat se Harry syn fragen beäntwurdzje, twinge se him om logysk nei te tinken. De macht fan 'e Simmerridder, dy't stellen is, kin net yn isolaasje bestean. As de Simmerrider stjert, sa fertelt Mem Simmer, keart de macht dêr't er mei bejeftige is daliks werom nei de neiste foarm fan 'e Simmerkeninginne, dy't der in nije Simmerridder mei bejeftiget. It bestiet net dat Titania net witte soe wêr't har eigen macht is, of it moat wêze dat de macht fêstsit yn eat dat gjin minske is. Harry beseft dan dat de macht fan 'e Simmerridder by de dea fan Reuel daliks weromkeard wêze moat nei Aurora, de Simmerfrouwe, dy't har ommers yn Chicago befûn en dus de neiste foarm fan 'e Simmerkeninginne wie. As Aurora de macht net mear hat, betsjut it dat se immen oars dermei bejeftige hat. Harry tinkt werom oan 'e bylden fan 'e healbloed Lily yn Aurora har tún en reälisearret him dat Aurora de macht fan 'e Simmerridder trochjûn hawwe moat oan Lily, dy't se fuort dêrnei betsjoend hat om in stânbyld fan stien te wurden. De macht fan 'e Simmerridder sit dêrom fêst yn 'e stien en kin net waarnommen wurde.
Mem Simmer kin Harry fierders net helpe om't se net fanwegen komme kin tsjin ien fan 'e oare Simmerkeninginnen. Mem Winter jout Harry in breide lapke, dat eltse betsjoening ferbrekke sil as er it derop leit en it jern úthellet. Harry beseft dat er dêrmei ek Susan har fampirisme genêze kin, en stiet fuort yn twastriid wat er mei it lapke oan sil. As er fuortgiet, ûntskuldiget er him foar de skea dy't hy en Elaine oan 'e ienhoarn tabrocht hawwe, wat foar Mem Winter oanlieding is om te freegjen: "Hokker ienhoarn?" Om't Harry yn gedachten tefolle dwaande is mei wat er mei it lapke fan Mem Winter dwaan kin, beseft er te let wat dat betsjut. Hy wurdt fuort bûten de wente fan 'e keninginnen-mem oerfallen en bewusteleas slein, en as er wer bykomt, is er finzennommen troch Aurora (dy't him it breide lapke ôfnommen hat), de oger Grum, de ienhoarn, Elaine en de Winterridder Lloyd Slate, dy't blike gear te wurkjen. Harry kin dan de lêste puzelstikjes teplak lizze: Slate hatet Maeve, de Winterfrouwe, en hat it dêrom op in akkoartsje goaid mei Aurora, dy't him wraak ûnthjitten hat. Dêrta hat Slate foar har Reuel fermoarde. Grum en de ienhoarn binne twa oare trewanten fan Aurora: har seneskalk Talos en de sintaur Korrick. As er dat lûdop seit, litte dy beiden yndie harren falske uterlik slûpe en nimme harren wiere foarm oan. Aurora blykt geastlik net alhiel te dogen: se is derop út om 'e syklus fan striid tusken it Simmerhôf en it Winterhôf te trochbrekken troch in oarloch út te lokjen. Dat de stjerlike wrâld dêr de dupe fan wurde sil, nimt se op 'e keap ta. Elaine helpt har om't se djip by Aurora yn 'e skuld stiet.
De Simmerfrouwe beslút dat Harry tefolle wit, en dat er dea moat. Elaine bynt him mei in betsjoening en Aurora makket de grûn ûnder syn fuotten ta driuwsân dêr't er yn fuortsakket. Sa litte se him efter. As er lykwols frijwol hielendal yn it driuwsân weisakke is, ûntdekt Harry dat Elaine mei opsetsin deselde betsjoening brûkt hat dy't se eartiids as bern by harren oefenings brûkten, en dat er wit hoe't er loskomme moat. Nei't er himsels befrijd hat fan sawol de betsjoening as it driuwsân, moetet er de Poartewachter fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij, dy't ûnder syn beproeving in eachje yn it seil holden hat. Hy jout Harry in lyts stikje stien dat ôfbrutsen is fan 'e Stiennen Tafel, sadat Harry dat plak weromfine kin. Harry keart werom nei Chicago, dêr't er Billy en de Alpha's om help freget en noch wat oare tariedings docht. Mei de wearwolven komme ek de healbloed-ierdgeasten Meryl en Fix, dy't helpe wolle. Ear't se lykwols ôfsette kinne nei it Nevernever, wurde se besketten, wêrby't Meryl lichtferwûne rekket. De Tigerinne dûkt wer op en wol diskear foargoed mei Harry ôfweve, mar de wolven falle fan efteren op har oan en skuorre de ghoul útinoar. Dêrop bringt ien fan 'e wolven Harry, Meryl en Fix by de skerpskutter dy't hieltyd al mei de Tigerinne gearwurke. Dat blykt nimmen minder te wêzen as Ace, de fjirde healbloed-ierdgeast. Hy jout ta dat er beskerming tsjin Maeve socht hat by it Reade Hôf, en dat de priis foar dy beskerming de dea fan Harry wie. Hoewol't it by de oanfal yn 'e Walmart wol liek as wurken de Tigerinne en Ace gear mei Grum en it plantemeunster, wiene it eins twa aparte oanfallen op Harry dy't tafalligerwize tagelyk útfierd waarden. Meryl jout Ace in pear flinke wâden yn 't liif en hjit him op te donderjen.
As Harry mei de Alpha's, Meryl en Fix yn 'e neite fan 'e Stiennen Tafel it Nevernever ynkringt, stjitte se op in slachfjild: de oarloch tusken it Winterhôf en it Simmerhôf is al útbrutsen. Harry rapportearret syn befinings oer Aurora oan Mab, dy't him oanwizings jout hoe't er by de Stiennen Tafel komme kin. Harry en syn selskipslju klearje harsels in wei dwers troch it striidgeraas, oant se deunby de Stiennen Tafel op Aurora en har trewanten stjitte. Wylst de Simmerfrouwe sels en de sintaur Korrick, dy't it stiennen byld fan Lily draacht, har nei de Stiennen Tafel ta hastigje, geane har ûnderhearrigen ûnder lieding fan har seneskalk Talos en de Winterridder Lloyd Slate de striid mei Harry-en-dy oan. Meryl wurdt deadlik ferwûne troch Slate, dy't har yn 'e rêch oanfalt. Dat bringt de spjochtige monteur Fix ta razernij, en hy slacht de Winterridder heal dea mei in oergrutte stielene bako. Underwilens wit Harry sels Talos bûten gefjocht te stellen troch him del te sjitten. As Harry-en-dy ûnder de foet rûn drige te wurden troch Talos syn ûnderhearrigen, wurde se rêden troch in rutertroep fan it Winterhôf dy't ûnder lieding stiet fan 'e Winterfrouwe Maeve.
Harry set efter Aurora oan, en wylst de Alpha's Korrick ôfliede, ûntfytmannet er har it lapke fan Mem Winter. Se oermasteret him lykwols mei har sterkere magy en nimt it ding werom, wylst se himsels fêstset oan 'e grûn. It lêst oerbleaune lid fan Talos syn rutertroep komt dan op him ta, mar as dy de helm ôfdocht, blykt it Elaine te wêzen. Se helpt Harry om los te kommen en de Stiennen Tafel wer te berikken. It is ûnderwilens nei midsnacht, sadat de Tafel ta it Winterhôf heart. Aurora hat mei it lapke de ferstienning fan Lily ûngedien makke, en no risselwearret se om it betize fanke op 'e Stiennen Tafel te deadzjen, sadat de macht fan 'e Simmerridder foargoed nei it Winterhôf gean sil. Harry besiket har tsjin te hâlden, mar rekket yn gefjocht mei Talos, dy't wer by besleur kommen is. Talos wurdt op syn beurt útskeakele troch de stjerrende Meryl. Harry spilet dan syn lêste troefkaart út troch de sporttas te iepenjen dy't er al dy tiid oer it skouder hingjen hie. Dêrút komt Toet-toet oan it haad fan in swaarm elfkes te foarskyn, dy't Harry bewappene hat mei stielene meskes mei plestik hânsels. Se falle fan alle kanten op Aurora oan, dy't gjin ferwar hat tsjin stiel, dat ommers in soarte fan izer is. Aurora stjert yn Harry syn earms, wêrnei't er sels ek in skoftke út 'e tiid rekket.
As er wer by besleur komt, is de oarloch stillein. Mab freget Harry om 'e nije Winterridder te wurden, mar dat stegeret Harry wisberet ôf. Dêrop seit Mab dat se dan mar sjen moat om 'e finzennommen Lloyd Slate yn libben te hâlden oant se Harry op 'e nij freegje kin. Ek seit se ta har oan 'e ôfspraak te hâlden: Harry hat no in trêdepart fan syn skuld oan har ynlost, en de Wite Ried mei gebrûk meitsje fan 'e paden troch it Nevernever dy't oer de gerjochtichheid fan it Winterhôf rinne. Neitiid komme Ebenezar McCoy en de Poartewachter, dy't Harry en de Alpha's nei hûs ta bringe. Letter, nei't Harry yn syn eigen bêd wekker wurden is, fertelt Billy him dat de Alpha's allegear libben út 'e striid kommen binne, hoewol't se yn totaal 155 hechtings nedich wiene. De nije Simmerfrouwe, Lily, siket Harry op om him te betankjen foar it rêden fan har libben. Se leit him út dat de macht fan 'e Simmerfrouwe op har oergien is by de dea fan Aurora, om't sy, trochdat se in ierdgeast is en de macht fan 'e Simmerridder hie, blykber op dat stuit de neiste foarm 'e Simmerkeninginne wie. De macht fan 'e Simmerridder hat se ûnderwilens trochjûn oan Fix, de iennichst oerbleaune fan har freonen. Letter wurdt Harry opsocht troch Elaine, dy't ôfskie nimme wol. Se set ôf mei ûnbekende bestimming. En Harry, dy't har eins oanjaan moatte soe by de Wite Ried, beslút dat net te dwaan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
The Dresden Files | |
---|---|
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things | |
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases |