Heorot (koart ferhaal)
Heorot is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel ferwiist nei de feestseal mei deselde namme yn it Aldingelske epos Beowulf. It ferhaal is skreaun yn it ik-perspektyf, en makket diel út fan 'e urban fantasyrige The Dresden Files. Yn 'e ynterne gronology fan dy searje spilet it tusken de foarfallen yn 'e romans White Night en Small Favor. Yn Heorot moat tsjoender en privee-detektive Harry Dresden in breid opspoare dy't inkele oeren nei it sluten fan har houlik ferdwûn is. Butcher skreau Heorot foar de blomlêzing My Big Fat Supernatural Honeymoon, dêr't ek ferhalen fan oare fantasy-auteurs yn stiene. It boek waard yn 2007 ûnder redaksje fan P.N. Elrod útjûn troch St. Martin's Griffin. Yn 2010 waard Heorot werpublisearre yn Butcher syn ferhalebondel Side Jobs, dy't ferskynde by de New Yorkske útjouwerij Ace Books.
Heorot | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Jim Butcher | |
taal | Ingelsk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2007 | |
oarspr. útjwr. | St. Martin's Griffin | |
bondel | My Big Fat Supernatural Honeymoon Side Jobs | |
rige | ||
rige | The Dresden Files |
Ynhâld
bewurkje seksjeHarry Dresden, tsjoender en privee-detektive te Chicago, wurdt opskille troch Mac, de eigner fan syn stamkroech MacAnally's, dy't swijen suver ta in keunstfoarm ferheft hat. Dat as er seit: "Ik haw ferlet fan dyn help," is dat de earste kear dat Harry him safolle wurden efterinoar brûken heard hat yn alle jierren dat er de man ken. Hy begypt sadwaande daliks dat der wat slims oan 'e hân is, dat hy en syn ûnnatuerlik yntelliginte hûn Mouse, in reuseftige Tibetaanske mastyf dy't ôfstammet fan in godlike beskermgeast en in stjerlike hûn, hastigje har nei Mac ta. Dy befynt him op dat stuit yn 'e Long Island Pub, fuort by it honkbalstadion Wrigley Field, dêr't de Chicago Beer Association de Night of the Living Brews organisearret, in festival op it mêd fan, en wedstryd yn, it brouwen fan spesjaalbieren.
Ien fan 'e dielnimmers, in Roger Braddock, is dy moarns troud en sil dy jûns mei syn breid Elizabeth op houliksreis. Om't er lykwols in fanatyk amateur-bierbrouwer is, woed er de Night of the Living Brews net misse. Mar no is Elizabeth in pear oeren lyn ferdwûn, en Roger is der wis fan dat se net samar útnaaie soe, mei't er har al ken sûnt se beide fyftjin jier wiene. De plysje wol lykwols net nei har sykje foar't se 24 oeren fermist wurdt, dat Roger is syn rie te'n ein. Mac, sels in beleard brouwer fan spesjaalbieren, dy't op dat mêd in bytsje as mentor foar Roger fungearret, hat Harry syn help ynroppen, en Harry wit dat er dat net dien hie as er tocht hie dat it loas alaarm wie. It feit dat Elizabeth har hântaske en har mobile tillefoan efterlitten hat, wiist der ek op dat se net samar ôfset is. As Harry freget oft de lampen yn it kafee ek knippere hawwe, befêstiget Mac dat mei it antwurd: "Twaris." Magy en moderne technology kinne inoar dreech ferneare, en wylst kompjûters en kamera's oer it algemien hielendal nei de Filistinen geane as se mei magy konfrontearre wurde, oerlibje lampen it meastal, hoewol't se wol eefkes út- en dan wer oangeane.
In oare dielnimmer oan 'e Night of the Living Brews, in Caine, dat in echte bruier is, mist syn fet mei mea, in drank dy't makke wurdt fan hunich. Hy fertinkt syn rivaal Roger Braddock derfan dat dy it fet stellen hat, en Harry moat yngripe om in fjochtpartij foar te kommen. Letter makket Harry gebrûk fan 'e hierren fan 'e hierboarstel út Elizabeth har hântaske om in betsjoening út te fieren. Dêrmei fynt er yn 'e steech efter de Loon Island Pub it spoar fan in boppenatuerlik wêzen dat de jonge frou ûntfierd hat. Wylst er dêrmei dwaande is, wurdt er oanfallen troch Cain en twa fan syn maten. Hoewol't de mannen Harry oer it mad komme, kriget hy al fjouwer jier stôkfjochterslessen fan syn freondinne Karrin Murphy, dat hy wit se fan him ôf te slaan mei syn tsjoendersstêf en de help fan Mouse.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Fuort neitiid wurdt Harry oansprutsen troch Miss Gard, in lange blondine dy't as feilichheidsadviseur fan Monoc Securities ynhierd is troch maffiabaas "Gentleman Johnny" Marcone. As Harry mient dat se hjir is foar Marcone, helpt Gard him út 'e dream: it is har frije dei, en se is op jacht nei it wêzen dat Elizabeth Braddock ûntfierd hat. Ut in sporttas hellet se in ûnbidige twablêdige striidbile foar 't ljocht, wêrmei't se Harry derfan oertsjûget dat it har mienen is. Se beslute gear te wurkjen, en troch in kombinaasje fan syn betsjoening en de skerpe noas fan Mouse folgje se it spoar fan it wêzen nei in yngong fan 'e tunnels ûnder Chicago. Under de grûn bestiet nammentlik suver in twadde stêd, mei't Chicago mear as hûndert jier lang oanhâldend weisakke is yn 'e sompen, sadat der hiele gebouwen yn 'e grûn ferdwûn binne dêr't neitiid oerhinne boud is. Letter groef de maffia ûnder de Drûchlizzing tunnels foar de smokkel en yllegale ferkeap fan alkohol, yn 'e 1950-er en 1960-er jierren groeven bewenners skûlkelders foar in mooglike kearnoarloch en de oerheid hat metrotunnels oanlein en wurktunnels om 'e metrotunnels te ûnderhâlden, en gean samar troch.
Wylst Harry, Mouse en Gard omleech geane en harren speurtocht yn 'e tunnels fuortsette, fertelt Gard dat it wêzen dêr't se op jeit in grendeling is, in neikommeling fan it oarspronklike meunster Grendel, dat beskreaun is yn it Ier-Midsiuwske epos Beowulf. Grendelingen hawwe it foar de moade om jonge froulju te ûntfieren, te ferkrêftsjen en dêrnei op te fretten. Dat der diskear ek in fet mea stellen is, is in faai teken, mei't grendelingen mea nedich hawwe om fruchtber te wurden. It wêzen is dus fan doel om jongen oan te setten by Elizabeth Braddock, en dat wurdt har dea, want jonge grendelingen wurde net op 'e normale wize berne, mar klauwe en bite har in wei út it lichem fan har mem. Under har ferhaal hellet Gard de Slach by Hastings, fan 1066, oan as hie se der sels by west, en as Harry dêr op wiist, freget se oft it sa ûnoannimlik wêze soe as se dêr wier by west hie, mei't tsjoenders lykas Harry ek iuwenlang libje.
It spoar fan 'e grendeling liedt troch it territoarium fan in troep malkins, dat tige gefaarlike kateftige ierdgeasten fan it Winterhôf binne, likernôch ter grutte fan in lynks. Harry sprekt in betsjoening oer himsels, Gard en Mouse út dy't har derút sjen lit as malkins, en Gard blykt feardich te wêzen mei runemagy en brûkt in rune fan Rûtine om neat nuvers of ûnfolsleins oan 'e yllúzje fan Harry syn malkins opfalle te litten. Sa komme se ûnskansearre by de ierdgeasten lâns. Ut it praat dat se dêrby opfange, docht bliken dat it ûngewoan grutte tal malkins him hjir sammele hat om Harry op te wachtsjen en te deadzjen. Se ornearje nammentlik dat om't de grendeling yn Harry syn territoarium jaget, de tsjoender ier of let delkomme moat om mei it wêzen ôf te weven. It is harren bedoeling om dan earst Harry út 'e ljochten te helpen en syn holle by de Erlkönig te bringen om dy syn geunst te winnen, mei't Harry noch wat tegoede hat fan 'e Erlkönig (sjoch: Dead Beat). Dêrnei wolle se weromkomme om 'e grendeling te deadzjen.
Ienris foarby de malkins fine Harry-en-dy al rillegau de wente fan 'e grendeling, yn in romte dy't like grut en heech is as it skip fan in tsjerke. Elizabeth Braddock leit dêr neaken en fêstbûn op in platte stien, en it meunster, dat in ûnsjoch, tige hierrich, minsk-eftich wêzen fan 3 m lang blykt te wêzen, risselwearret om geslachtsmienskip mei har te hawwen. Harry prebearret de grendeling te deadzjen troch fjoer op te roppen, mar it ding blykt fierhinne ymmún foar tsjoenderij te wêzen. Gard falt daliks oan, en fertrout dêrby op Harry om mei in betsjoening de romte te ferljochtsjen. Se ferwûnet it meunster, mar de grendeling goait in stien nei Harry, dy't sa hurd rekke wurdt, dat er omsmiten wurdt en it skouder út it potsje kriget. Troch de pine ferliest er syn konsintraasje, mei as gefolch dat it ljocht útgiet. Yn it tsjuster heart er Gard in gjalp jaan, en dêrnei neat mear. Harry klaut wer oerein en jout Mouse opdracht om 'e malkins hjirhinne te lokjen. Underwilens praat de grendeling tsjin Gard, dy't amper noch by bewustwêzen is, en neamt har in "Geatyske slet" en in "Kiezer". Tsjin Harry foeget er dêr sydlings oan ta dat famyljerûzjes altyd it slimst binne.
Harry hastiget him de romte yn en lûkt de oandacht fan it meunster by Gard en Elizabeth Braddock wei wylst er in nije betsjoening tariedt. As de grendeling him smoare wol, en tagelyk Mouse wer by de yngong fan 'e romte ferskynt, leit Harry in nije yllúzje oer himsels en it meunster hinne, dy't him it uterlik fan 'e grendeling jout en de grendeling it uterlik fan Harry Dresden. Sadree't de malkins, dy't Mouse op 'e hakken sitte, Harry sjogge, falle se mei man en macht op him oan. De echte Harry makket ûnderwilens Elizabeth Braddock los, dy't alhiel yn panyk is, en jout Mouse opdracht om har fuort te lieden. Dêrnei helpt er Gard oerein en spilet er sels ek fan rutens. Tsjin dy tiid ûntglûpt him de yllúzjetsjoen, mar hy smyt mei syn tsjoenderij mei krêft in grutte heap skerpe bonken fan 'e eardere slachtoffers fan it meunster nei de fjochtsjende grendeling en malkins, dy't harren allegear slim ferwûnje. Teffens set er de romte mei syn magy yn ljochte lôge. Gard hellet in runestien foar 't ljocht dy't se in rune fan Spjalting neamt. Se brekt it ding midstwa en smyt it yn 'e romte. In momint letter is der in flits read ljocht en stoart hiele romte yn. Harry en Gard ûntkomme mar kwealk oan 'e dea as it plafon fan 'e tagongstunnel ek ynstoart.
Neitiid bringe se earst in besyk oan 'e earste help fan it Cook County Hospital, dêr't Harry syn skouder wer yn 't potsje set wurdt en Gard har brutsen earm yn it gips komt. Elizabeth Braddock wurdt ek hielendal neisjoen, mar hat lichaamlik neat oprûn fan har njoere aventoer. Se wurdt weriene mei har tankbere brêgeman, dy't net mear nei syn bierfestival omsjocht. Harry en Gard geane dêr wol hinne, en wurde elts traktearre op in heale liter bier fan Mac, dy't de brouwedstryd wûn hat. Harry hat dan wat fragen foar Gard, dy't tajout dat se in walkuere (in kiezer fan 'e deaden) is, en in dochter fan 'e Geatyske held Beowulf. As Harry seit dat er miende dat walkueren de keine dochters fan 'e god Odin wiene, moat Gard freeslik laitsje en jout se him in tongtút dy't alles behalven kein is. Wylst se ôfset, seit se dat har wiere namme Sigrún is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
The Dresden Files | |
---|---|
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things | |
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases |