In fermissing (in resint lienwurd op basis fan it Nederlânske wurd vermissing) is it ûntrêstgjende ûnfynber wêzen fan almeast in persoan. Hoewol't in fermissing fan in húsdier of in foarwerp fansels ek mooglik is, wurdt dat yn 'e regel net mei dizze term oantsjut. Yn Nederlân wurde elts jier tusken de 16.000 en 20.000 minsken by de plysje as fermist opjûn. Dêrfan is likernôch 85% binnen 48 oeren wer teplak. Likernôch 20 peroanen yn 't jier bliuwe yn Nederlân langer wei as in jier, en dêrfan ferdwine ûngefear 15 permanint. It is dus sa dat wat langer oft in persoan fermist is, wat lytser de kâns dat hy of sy noch weromfûn wurde sil. De plysje hat fêste metoaden ûntwikkele foar de behanneling fan fermissingssaken.

In poster fan 'e FBI mei de foto fan in fermiste famke.

De kritearia foar it fêststellen fan in fermissing binne net altyd like dúdlik. Sa kin it by guon lju relatyf lang duorje (ferskate dagen oant sels ferskate wiken) ear't immen harren ôfwêzigens opmerkt en him of har begjint ôf te freegjen wêr't sa'n persoan bedarre is. By oaren wurdt de ôfwêzichheid frijwol fuortendaliks opmurken. Dat ferskil hâldt ferbân mei de wize fan libjen: as it om in lid fan in gesin giet, sille de oare gesinsleden him of har daliks misse. As it lykwols giet om in allinnichsteande, en as dy bgl. wurkleas is en mar in bytsje sosjale kontakten hat, kin hy of sy ferdwine sûnder dat immen der euvelmoed yn hat.

Skaaimerken fan in fermissing binne yn elts gefal dat de oangeande persoan fan it iene op it oare momint ûnfynber is, en dat dêr gjin oanwiisbere reden foar is, wylst der ek nimmen is dy't wit wêr't sa'n persoan bedarre is. De Plysje yn Nederlân hantearret de folgjende kritearia foar in fermissing:

  • de fermiste persoan is ûnferwachts ferdwûn út syn of har eigen feilige om-en-by;
  • it is ûnbekend wêr't dy persoan no is;
  • it is yn it belang fan 'e fermiste persoan sels dat hy of sy fûn wurdt.

Oarsaken fan in fermissing kinne wêze:

  • De fermiste persoan is op eigen manneboet ôfset. Men kin dan tinke oan:
    • In bern dat útnaaid is.
    • Immen dy't him/har earne oars ûnder in nije identiteit nei wenjen sette wol, bgl. om te ûntsnappen oan in ûnoangename thússitewaasje of oare ûnoangename omstannichheden, of om te profitearjen fan bettere libbensomstannichheden op it nije ferbliuwplak.
    • Immen is ûnderdûkt om't hy/sy bedrige wurdt, of om't hy/sy socht wurdt troch de plysje, of om't hy/sy yllegaal yn in lân ferbliuwt en útset driget te wurden.
  • De fermiste persoan is it slachtoffer wurden fan in ûntfiering en wurdt finzen en ferburgen holden. As bliken docht dat dat is wat der oan 'e hân is, sprekt men dêrnei net mear fan in fermissing, hoewol't it ferbliuwplak fan 'e ûntfierde persoan fansels likegoed ûnbekend bliuwt.
    • De fermiste persoan hat, om hokfoar reden dan ek, syn eigen ûntfiering yn sêne set om oaren tinke te litten dat er it slachtoffer wurden is fan in ûntfiering.
  • De fermiste persoan is it slachtoffer fan in ûngemak of misdriuw wurden en hat dêrom net mear nei hûs weromkeare kinnen. Soks komt gauris foar, bgl. as immen mei de auto te wetter rekke en ferdronken is, of as immen yn bercheftich gebiet yn in rotsspjalt of in steil ravyn fallen is.
    • De fermiste persoan hat, om hokfoar reden dan ek, syn eigen dea yn sêne set om oaren tinke te litten dat er ferstoarn is.
  • De fermiste persoan is ferdwaald en hat dêrom net mear nei hûs weromkeare kinnen. Soks kin bgl. bern of geastlik beheinde of deminte lju oerkomme.
  • De fermiste persoan is fermoarde of troch de skuld fan in oar omkommen, en de moardner of dejinge dy't skuldich is oan syn of har dea (bgl. immen dy't men drank op efter it stjoer siet en de fermiste persoan deariden hat), hat it stoflik omskot ferburgen of op in oare wize ferdwine litten om oan bestraffing te ûntkommen.
  • De fermiste persoan is fier fan hûs (bgl. op in fakânsjebestimming) kommen te ferstjerren of leit dêr yn koma of bewusteleas yn it sikehûs, sûnder dat hy of sy in identitikaasjebewiis by him of har hie.
  • De fermiste persoan hat selsmoard dien.
 
In muorre mei foto's fan lju út Sily dy't ferdwûnen nei de steatsgreep fan 1973 en noch altyd fermist wurde.

It opspoaren fan in fermist persoan

bewurkje seksje

Ofhinklik fan it gefal en de gearfandele ynformaasje bepaalt de plysje wêr't de fermiste persoan wêze kinne soe oft hy of sy noch libbet, en/of wêr't syn of har stoflik omskot wêze kinne soe as hy of sy stoarn is. Wêr't en hoe't socht wurdt, hinget fansels sterk ôf fan 'e fraach oft men ferwachtet in libbene persoan of in lyk te finen. As der kâns bestiet dat de fermiste persoan noch libbet, is it finen fan him of har folle driuwender om't de persoan dan mooglik te min iten, wetter, lucht, ensfh. hat om lang yn libben te bliuwen, of yn oare drege omstannichheden ferkeart (bgl. ferwûnings hat dy't fersoarge wurde moatte). Oan it finen fan in lichem wurdt ek in soad wearde hechte, ta befêstiging fan it ferstjerren, en yn it gefal fan in moard, foar it krijen fan oanwizings dy't helpe om 'e dieder te identifisearjen. Mar wylst by de syktocht nei in libbene persoan in pear oeren it ferskil tusken libben en dea betsjutte kinne, meitsje in pear ekstra oeren yn it gefal fan in lyk net folle ferskil.

Oanwizings dy't fan belang wêze kinne foar it ûndersyk by in fermissing, binne û.m.:

Dêrnjonken docht de plysje soms in berop op it publyk, bgl. mei in plysjeberjocht op 'e tillefyzje (folgjend op it nijs), troch in Amber Alert útgean te litten (yn it gefal fan in fermist bern) of fia it tillefyzjeprogramma Opsporing Verzocht. Ek binne der soms spontane inisjativen fan boargers om mei te sykjen. De plysje hat dan wol graach dat soks yn oerlis bart, sadat der bgl. gjin spoaren útwiske wurde dy't noch ûndersocht wurde moatte.

Net alle ynformaasje dy't de plysje hat, wurdt oan it publyk trochjûn. Guon dingen wurde ta beskerming fan 'e privacy fan 'e fermiste persoan geheim holden of om foar te kommen dat kriminelen har foardiel dermei dwaan kinne. Oare dingen wurde geheim holden om letter in fertochte trappearje te kinnen op saneamde diederkennis: dingen dy't inkeld de dieder witte kin.

Behanneling fan in fermissing

bewurkje seksje

Fermissings kinne opjûn wurde by de plysje, wêrnei't almeast in siikaksje úteinset. As der gjin oanwizings binne dat de fermiste persoan troch in misdriuw ferdwûn is of om in oare reden yn gefaar ferkeart, wurdt ornaris nei de oanjefte 24 oeren wachte om mei de siikaksje te begjinnen. Yn 'e praktyk wurdt 75% fan 'e as fermist opjûne persoanen binnen dy 24 oeren weromfûn. As lykwols oannimlik is dat de fermiste persoan yn gefaar ferkeart, wurdt daliks aksje ûndernommen.

De gongbere proseduere by fermissings is faak dat minsken frege wurdt om út te sjen nei de fermiste persoan. Sa kinne der ôfbyldings fan 'e persoan yn kwestje ferspraat wurde op of by plakken dêr't hy of sy foar it lêst sjoen is. Op 'e tillefyzje kin nei ôfrin fan it nijs in plysjeberjocht útstjoerd wurde en de fermissing kin opnommen wurde yn tillefyzjeprogramma's lykas Opsporing Verzocht en Vermist. Fierders besteane der websiden dy't oandacht oan fermissings besteegje. Efterbliuwers kinne ek terjochte by de Helpline Fermiste Persoanen. Dat is in organisaasje dy't de neisten fan fermisten op emosjoneel en praktysk mêd ûnderstipet.

Yn it gefal fan 'e fermissing fan in bern jilde yn Nederlân spesjale prosedueres, om't dy mear gefaar rinne, bgl. foar ûntfiering. De plysje kin dan in saneamd Amber Alert útgean litte, dat nei de mobile tillefoanen stjoerd wurdt fan eltsenien dy't him dêrfoar opjûn hat. Boppedat giet yn it gefal fan bern it rjocht om te ferdwinen, dat folwoeksenen wol hawwe, net op; de plysje hat de wetlike taak om útnaaide minderjierrigen dy't harsels oan it wetlik gesach fan harren âldelju of fâd ûntlutsen hawwe, wer ûnder dat gesach werom te bringen.

Yn in protte lannen wurdt in fermist persoan automatysk offisjeel dea ferklearre as hy of sy sân jier nei de fermissing noch altyd net weromfûn is. Soks kin de efterbliuwers helpe om harren libben wer op 'e rails te krijen, al wie mar op praktysk mêd (bgl. sadat de erfenis regele wurde kin). Yn Nederlân moat de famylje fan 'e fermiste sa'n deaferklearring sels oanfreegje, mar sa'n oanfraach is hjir al mooglik fanôf fiif jier nei de fermissing. Yn guon gefallen, wêrby't der reedlikerwize fan útgien wurde kin dat immen omkommen is (lykas by in fleanramp wêrby't fan ien of mear fan 'e ynsittenden fan it delstoarte fleantúch neat weromfûn is) kin dat ek earder. Yn 'e simmer fan 2019 waard bgl. de Nederlanner Arjen Kamphuis, dy't in jier earder by in kajaktocht oer in mar yn Noarwegen ferdwûn wie, troch de Noarske autoriteiten deaferklearre. Hoewol't syn stoflik omskot nea weromfûn wie, waard nei yngeand ûndersyk besletten dat de iennichste reedlike ferklearring foar syn ferdwining wie dat er in ûngemak krigen hawwe moast en ferdronken wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.