AAAA Wizardry is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. It ferhaal is skreaun yn it ik-perspektyf en makket diel út fan 'e urban fantasyrige The Dresden Files. De titel is in wurdboarterij, dy't lêzen wurde kin as fersuchting: "Aaah, Tsjoenderij", mar eins stiet der "A-A-A-A-Tsjoenderij". Yn dit ferhaal besiket tsjoender en privee-detektive Harry Dresden oan 'e hân fan syn eigen ûnderfinings en de 'fjouwer A's' in groep jonge tsjoenders de begjinsels fan paranormaal detektivewurk by te bringen. Yn 'e ynterne gronology fan The Dresden Files spilet it ferhaal tusken de foarfallen yn dy't beskreaun binne yn 'e romans Proven Guilty en White Night.

AAAA Wizardry
algemiene gegevens
auteur Jim Butcher
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre fantasy
1e publikaasje 2010
oarspr. útjwr. Evil Hat Productions
bondel The Dresden Files Roleplaying Game, Volume Two: Our World
Brief Cases
rige
rige The Dresden Files

Publikaasjeskiednis

bewurkje seksje

Butcher skreau AAAA Wizardry foar de hânlieding fan it boerdspul dat op basis fan syn romansearje makke waard, The Dresden Files Roleplaying Game. Dat kaam yn 2010 by Evil Hat Productions út. AAAA Wizardry stie yn it bygeande boekje The Dresden Roleplaying Game, Volume Two: Our World, dat gearstald waard ûnder redaksje fan Amanda Valentine. Yn 2018 waard it ferhaal werútjûn as ûnderdiel fan Butcher syn ferhalebondel Brief Cases, dy't ferskynde by útjouwerij Ace Books. Neffens it foarwurd dat Butcher yn dy bondel oan AAAA Wizardry tafoege, woed er mei it ferhaal sjen litte dat Harry Dresden folwoeksener en ferantwurdliker waard troch him de rol fan learaar en mentor fan jongere tsjoenders ta te partsjen.

No't Harry Dresden, praktisearjende tsjoender en privee-detektive te Chicago, troch de Wite Ried fan Tsjoenderij yn it ramt fan 'e oangeande oarloch tsjin 'e fampieren fan it Reade Hôf oansteld is as ien fan 'e warderkommandanten yn Noard-Amearika, is him frege om in lichting jonge, griene tsjoenders de begjinsels fan paranormaal detektivewurk by te bringen. Harry docht dat troch middel fan 'e fjouwer A's:

  • Ascertain ("stel fêst") - stel fêst wat de bedriging is;
  • Analysis ("analyze") - ûndersykje de redens en oarsaken fan wat der bart;
  • Assemble ("stal gear") - pas alle puzelstikjes yninoar en beslút ta in plan fan oanpak;
  • Act ("gryp yn").

Harry yllustrearret syn útlis mei in saak út it ferline, dy't yn it ferhaal yn flashbacks werjûn wurdt.

Harry kriget in oprop fan it Paranet, in organisaasje fan lju mei paranormale jeften dy't lykwols net sterk genôch binne om yn 'e Wite Ried fan Tsjoenderij opnommen te wurden. Him wurdt frege om yn Peculiar te kommen, in foarstêd fan Kansas City (Missoery). Ien fan 'e leden fan it Paranet, in Megan Yardley, hat dêr in probleem mei har bern. Harry wurdt dêr jûns ûntfongen troch Megan, in allinnichsteande mem en in bejeftige heldersjende, en har broer Ben, in plysjeman dy't tige skeptysk foar alles oer stiet dat mei it boppenatuerlike te krijen hat. Megan har dochters Kat, fan tolve, en Tamara, fan 4, hawwe al in healjier lang gjin hiele nacht sliep krigen, om't se tramtearre wurde troch nachtmerjes. Megan fermoedet in boppenatuerlike oarsaak.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Harry is dêr yn 't earstoan skeptysk oer, mar as de beide famkes ûnder Harry syn besyk beide kritend fan eangst wekker wurde, docht er ûndersyk yn harren sliepkeamers. Hy taastet mei syn magy it hûs ôf, mar fynt inkeld de libbenenerzjyen fan Megan en har bern en Ben werom. Yn 'e sliepkeamer fan 'e lytse Tamara is lykwols in ynboude kast dêr't er hielendal neat gewaarwurde kin. Dat jout dúdlik oan dat dêr in bûzeman húsmannet, in soarte fan 'fobofaach' (eangst-iter) dy't it fermogen hat om syn oanwêzigens foar folwoeksenen te ferbergjen. Om't bûzemannen foar folwoekenen net botte gefaarlik binne, liket it Harry skoan ta dat Megan it ding sels ferdriuwt. Hy ferwachtet dat soks har mear selsfertrouwen jaan sil.

De oare jûns makket er sadwaande in magyske sirkel fan sâlt yn 'e sliepkeamer fan Tamara. Hy jout Megan in hierlok fan Tamara en ien fan Kat en omwikkelet dy mei in lok fan Megan har eigen hier. Om't Megan sa'n nauwe bân mei har dochters hat, sil de bûzeman no it ferskil tusken harren net mear opmerke oant it te let is en it wêzen fêstsit yn magyske sirkel by Megan. Dat sil Megan de kâns jaan om it wêzen foargoed út te bannen. Wylst Harry en Ben foar de sliepkeamerdoar ôfwachtsje, reitsje se oan 'e praat. Ben fertelt oer syn wurk as plysjeman en de ferskriklike dingen dy't er sjoen hat. Hy hie syn suster en de bern krekt it hûs yn Peculiar besoarge om se út 'e binnenstêd fan Kansas City en yn in feilige buert te krijen, en no dit. As Kat begjint te gillen en fuort dêrnei Tamara ek, freget Harry him ôf wat der misrûn is. Hy en Ben kringe de sliepkeamer binnen, en wylst Ben de bern yn feilichheid bringt, rjochtet Harry him op Megan. Dy sit finzen yn 'e magyske sirkel mei de grutste bûzeman dy't Harry ea sjoen hat. Om't it ding ûntsnappe sil sadree't immen de sirkel trochbrekt, kin Harry har net aktyf helpe, mar hy coacht har om har eangst te oerwinnen en de bûzeman út te bannen.

Werom yn it hjoed freget Harry syn studinten wat er fout dien hie. It antwurd is dat er te wis fan syn saak wie, dat er miende krekt te witten wat der oan 'e hân wie, wylst de saak eins oars yninoar stiek. Mei it foardiel fan wittenskip efterôf kin Harry no fêststelle dat omke Ben de plysjeman de oarsaak fan it probleem wie. Hy hie yn syn wurk safolle aaklike dingen sjoen, dat er in trauma oprûn hie en der oanhâldend oan syn wurkûnderfinings tinke moast. Kat hie in paranormale gefoelichheid fan har mem urven; se fong de tinzen fan har omke ûnbewust op en krige der nachtmerjes fan. Om't se behalven bylden oppikke ek bylden útstjoere koe, en om't se in tige neie bân mei har suske hie, joech se har nachtmerjes ûnbewust troch oan Tamara. De bûzeman hie de eangst by de beide famkes net feroarsake, mar wie dertroch oanlutsen. It wêzen hoegde sels neat te dwaan en hie oerfloedich iten, sadat er grutter groeie koe as foar syn soarte gewoan wie. It resultaat fan Harry syn mispleatste selsfertrouwen wie dat Megan troch har mentale gefjocht mei de mânske bûzeman sels skeind rekke en mear as in jier lang nachtmerjes hie. Harry learde Kat neitiid techniken oan om har eigen geast ôf te sluten foar de ynfloeden fan bûtenôf en foar ûnbewuste beynfloeding nei bûten ta. Uteinlik kaam alles goed, mar dat wie mear gelok as wiisheid.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Butcher, Jim, AAAA Wizardry, yn: Valentine, Amanda, (red.), The Dresden Files Roleplaying Game, Volume Two: Our World, New York, 2010 (Evil Hat Productions), sûnder ISBN.
  • Butcher, Jim, AAAA Wizardry, yn: Butcher, Jim, Brief Cases, New York, 2018 (Ace Books), ISBN 0 45 14 92 102.
The Dresden Files
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases