Small Favor is in roman fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "Lytse Geunst" (yn 'e sin fan "a small favor"), mar it is in wurdboarterij dy't ek lêzen wurde kin as "net bot yn 'e geunst stean [by immen]" (fan "to be in small favor [with someone]"). It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it tsiende diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op White Night. Yn Small Favor rekket Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, yn it nau fanwegen in âlde geunst dy't er skuldich is oan Mab, de keninginne fan it Winterhôf. Small Favor waard yn 2008 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books.

Small Favor
algemiene gegevens
auteur Jim Butcher
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2008, New York
oarspr. útjwr. Roc Books
rige
rige The Dresden Files
● foarich diel White Night
● folgjend diel Turn Coat
kodearring
ISBN 0 45 14 61 894

Ynhâld bewurkje seksje

As yn Chicago de winter al om Halloween hinne ynfalt, mei in tsjûk pak snie dat de stêd bedekt, rekket tsjoender en privee-detektive Harry Dresden behelle yn in nij aventoer. In sniebalgefjocht by de Carpenters, de húshâlding dêr't syn jonge learlinge Molly ta heart, wurdt wreed ûnderbrutsen as in stikmannich geit-eftige wêzens út it Nevernever, de parallelle wrâld fan it boppenatuerlike, besykje om Harry, Molly en Molly har jonge bruorren en susters te fermoardzjen. Harry wit de wêzens langernôch dwaande te hâlden dat Molly, har âldste broer Daniel en harren mem Charity de bern yn feilichheid bringe kinne. As Charity dêrnei fanwegen komt mei in spikerpistoal, blaze de geitwêzens gau-gau de ôftocht om't se beslist net kinne oer de oanrekking fan izer of stiel (dat in bewurke foarm fan izer is). Ien fan harren bliuwt dea yn 'e snie efter.

Thús kommen oerleit Harry oer de oanfal mei Bob, in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't in skedel bewennet op 'e boekeplanke yn Harry syn laboratoarium, yn 'e kelder ûnder syn appartemint. Bob ornearret dat de geitwêzens ierdgeasten fan it Winterhôf wêze moatte, dy't wraak nimme wolle foar it binnenkringen troch Harry en Charity fan Arctis Tor, it kastiel fan 'e winterkeninginne Mab (sjoch: Proven Guilty). Mar Harry hat it gnabjende gefoel dat er ris wat oer sokke geitwêzens lêzen hat. Nei in lange syktocht fynt er wat er siket yn in âld manuskript. It blykt te gean om gruffs, bekend út it (fan oarsprong Noarske) mearke The Three Billy Goats Gruff. It is foar Harry in faai teken dat de gruffs yn it mearke allegearre in âldere broer hawwe, dy't eltse kear grutter en sterker is. Noch faaier is dat de gruffs ierdgeasten fan it Simmerhôf binne, en operearje as hiermoardners yn 'e tsjinst fan 'e simmerkeninginne Titania. Harry moat dus wat dien hawwe dêr't er de grime fan Titania mei oer him ôfroppen hat, mar hy soe net witte wat. Utsein, fansels, dat er jierren lyn Aurora, de sljochtsinnich wurden dochter fan Titania, om hals brocht hat (sjoch: Summer Knight).

Harry lit de saak earst rêste as er troch syn goede freondinne Karrin Murphy, dy't wurket by de Spesjale Undersyksienheid fan it Chicago Police Department, by in nuvere saak roppen wurdt. In leechsteand flatgebou is op mysterieuze wize ferrinnewearre, sadat ien side hielendal fuortslein is. Harry stelt op it plak fêst dat soks dien is troch it gebrûk fan magy, mar hy kin him suver net foarstelle wa't sa'n ûnbidige soad magy brûke kin (of wol) foar sa'n nuveraardich doel. Murphy jout him in oanwizing: it gebou is eigendom fan "Gentleman Johnny" Marcone, de maffiabaas fan Chicago, dy't mei strange hân de pleatslike ûnderwrâld regearret. Harry, dy't Marcone net lije mei, hat troch de jierren hinne ferskate kearen gedoente mei him hân. De lêste kear wie in goed fearnsjier lyn, doe't er troch omstannichheden twongen wie om 'e help fan Marcone yn te roppen (sjoch: White Night). As tsjinprestaasje hat Harry Marcone neitiid holpen om him as frijhear oan te sluten by de Unseelie Akkoarten, in ferdrach tusken de ûnderskate boppenatuerlike naasjes; Marcone hope dêrmei syn ynfloed ek út te wreidzjen nei de boppenatuerlike wrâld en Harry hope Marcone in motyf te jaan om Chicago te ferdigenjen tsjin ynkringing troch boppenatuerlike wêzens.

Om mear te witten te kommen oer wat der mei it leechsteande flatgebou bard is, ropt Harry de help yn fan Toet-toet, in elfke dat him al faker holpen hat. Harry stiet tige goed oanskreaun by de minuskule fleanende wêzentsjes, mei't er harren geregeldwei op pizza traktearret en om't er noch net sa lang lyn de frijlitting fan in stikmannich fan harren bewurkmastere hat, dy't finzennommen wiene troch ien fan syn bûnsgenoaten (sjoch: White Night). Toet-toet giet daliks op ûndersyk út om te sjen oft ien fan 'e oare elfkes ek tsjûge west hat fan wat der mei it flatgebou bard is, mar hy komt yn panyk werom en hjit Harry te draven foar syn libben. Harry komt lykwols net fier foar't in sniestoarm him alle sicht benimt en him desoriïntearre efterlit. Yn it hert fan 'e stoarm ferskynt Mab, de keninginne fan Lucht en Tsjuster, hearskeresse oer it Winterhôf fan 'e ierdgeasten en ien fan 'e machtichste wêzens dêr't Harry ea gedoente mei hân hat. Hja hat jierren lyn trije geunsten fan Harry tegoede krigen, wêrfan't er ûnderwilens ien ynlost hat. No wol se de twadde geunst fan him hawwe, en dêrta lit se him sjen wat der mei it ferrinnewearre flatgebou bard is. Harry sjocht Marcone, begelaat troch syn trouwe liifwacht Hendricks en syn befeiligingsadviseur Miss Gard (eins de walkuere Sigrún) by it gebou arrivearjen. Se wurde oanfallen troch in ûnsjoene fijân, flechtsje it gebou yn en slute harrensels op yn in panykkeamer. Nei't it gebou mei magy ferrinnewearre is, slepe ûnbekenden Marcone nei bûten ta en ûntfiere him. Mab wol dat Harry Marcone opspoart en befrijt. Harry is dêr net bliid mei, mar dat lit de winterkeninginne kâld. Wol jout se him noch mei, foar't se like mysterieus ferdwynt as se ferskynd is, dat sy net it gefaar wie dêr't Toet-toet him foar warskôge.

Sadree't Mab ferdwûn is, en mei har de sniestoarm, sjocht Harry twa gruffs op him ôfkommen. Hy naait út, wit nauwerneed in trêdenien te ûntwiken en flechtet in gebou mei in izeren tagongsdoar yn, dêr't er fia it dak ûntkomme kin. Hy siket beskûl yn in kafee, dêr't er him ôfhelje lit troch syn healbroer Thomas Raith, in fampier fan it Wite Hôf. As se ûnderweis nei hûs oanstekke wolle by in restaurant, komt Fix, de Simmerridder, harren dêr oer it mad. Dat is ornaris in freon fan Harry, mar no hâldt en draacht er him oars as oars en besiket er Harry mei bedriging en yntimidaasje safier te krijen dat dy him net mei de ûntfiering fan Marcone bemuoit. It duorret eefkes foar't it Harry begjint te daagjen, mar dan begrypt er dat Fix op 'e nij in betsjoening fan Titania, de simmerkeninginne, oplein krigen hat, dy't makket dat er Harry net helpe kin. Hy besiket dat no dochs te dwaan op 'e iennichste manear dy't foar him noch mooglik is. Ek makket er Harry dúdlik dat de gruffs efter him oansitte om't er de gesant fan Mab is, wat betsjut dat Titania earder fan Mab har bedoelings ôfwist as Harry sels. Fix jout him ôf mei de opmerking dat Harry om it ikeblêd tinke moat. Dat is in sulveren ûnderskieding dy't er fan Titania krigen hat yn ferbân mei syn bestoarming fan Arctis Tor, mar troch Fix syn stille wink beseft Harry no dat it ding ek funksjonearret lykas in trackingapparaatsje, sadat de gruffs Harry oeral fine kinne. Om wraak te nimmen en wat bewegingsfrijheid te krijen, hinget Harry it ding thús boppe syn makette fan 'e binnenstêd fan Chicago en lit syn kat Mister dermei boartsje nei't er der in betsjoening op lein hat dy't makket dat Harry foar de gruffs oeral yn it echte Chicago liket te wêzen dêr't Mister it ikeblêd yn 'e makette hinne slacht.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Mei Thomas bejout Harry him nei Executive Priority Health, in sportskoalle fan Marcone dy't eins in front is foar de Velvet Room, in tige eksklusyf bordeel. Dêr siket er de madam op, Miss Demeter, dy't eins Helen Beckitt hjit (sjoch: White Night). Hja is de faam of mêtresse fan Marcone, en Harry besiket út har ynljochtings los te krijen oer wat der mei Marcone bard is. Demeter hâldt de boat lykwols ôf, oant in Torelli opdaagjen komt, ien fan Marcone syn ûnderhearrigen, dy't mient dat er de boel oernimme kin no't de grutte baas der net is om him yn it stokramt te hâlden. As Demeter wegeret om him ynsjoch te jaan yn 'e boekhâlding fan it bordeel, stjoert Torelli twa fan 'e fjouwer bruiers, dy't er by him hat, op har ôf om har in pak op 'e hûd te jaan. Dat giet Harry, dy't Demeter net lije mei en him oant safier ôfsidich holden hat, te fier. Hy en Thomas weve handich mei Torelli-en-dy ôf, wêrnei't dy mannen mankepoatsjend ôfdrippe. Dêrnei wol Demeter Harry wol fertelle wat se wit, al lit se him ûnthjitte dat er syn bêst dwaan sil om Marcone te helpen foar't se him trochwiist nei in ûnderdûkadres yn in noch fierhinne leechsteande nijbouwyk yn in noardlike foarstêd fan Chicago.

As Harry en Thomas dêr arrivearje, docht bliken dat Hendricks en Gard harren dêr beskûl hâlde. Gard is swierferwûne oan 'e búk, mar se is gjin gewoane minske, en se bewissiget derfan Harry dat se der net oan stjerre sil. Harry besiket har út te kloarkjen oer de ûntfiering fan Marcone, mar ear't se him fertelle kin wa't dêrefter sit, wurdt it hûs oanfallen troch leden fan 'e Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje. Dat binne minsken dy't elts ien fan 'e Tritich Sulverstikken fan Judas Iskariot opnommen hawwe, dêr't fallen ingels oan ferbûn binne dy't harren boppenatuerlike krêften jouwe. Harry hat alris earder mei harren te krijen hân (sjoch: Death Masks), dat hy wit wat er oan harren hat. Hy en Thomas witte de oanfal ôf te slaan, wêrnei't ien fan harren, in jonge frou dy't har feroarje kin yn in soarte fan reuseftige fleanende bidsprinkhoanne, mei Harry besiket te ûnderhanneljen. De denaarjers binne ferantwurdlik foar de ûntfiering fan Marcone, en se wolle dat Harry harren Hendricks en Gard ek jout, wêrnei't se him en Thomas libben gean litte sille. Harry slacht ynstee foar dat de denaarjers op stel en sprong Chicago ferlitte sille, en dat hy harren dan net om hals bringe sil. It bidsprinkhoannefanke jout him fiif minuten betinktiid en giet werom nei har trewanten, mar sy en de oaren falle fuort dêrnei op 'e nij oan. Dat komt Harry net oer it mad, want dêr hied er al op rekkene. Hy blaast mei syn tsjoenderij de hiele foargevel fan it hûs derút, en wylst de measte denaarjers tydlik ûnder de brokstikken fêstsitte, spylje Harry en Thomas mei Hendricks en Gard fan rutens yn Thomas syn auto.

Pas dêrnei docht bliken dat Thomas, dy't omreden fan it winterwaar wanten draacht, ien fan 'e sulverstikken opkrigen hat, dy't te foarskyn rûgele doe't er ien fan 'e denaarjers deade. Harry behannelet it ding mei ekstreme soarchfâldichheid en beseft dat se it daliks oerdrage moatte oan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, dy't metoaden ûntwikkele hat om mei sokke nuodlike foarwerpen om te gean. Syn kontaktpersoan, pastoar Anthony Forthill fan 'e Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels, sil lykwols frijwol wis troch de denaarjers yn it each holden wurde, dat Harry beslist om mei syn passazjiers en it sulverstik nei Michael Carpenter te gean. Dat is de heit fan syn learlinge Molly, mar it is ek in Ridder fan it Krús, ien fan trije troch God bejeftige striders dy't tarist binne mei in swurd dêr't in spiker yn ferwurke is dy't brûkt is by de Krusiging fan Jezus. As Harry-en-dy by it hûs fan 'e Carpenters oankomme, docht bliken dat Sanya dêr ek is, in negroïde Rus dy't de oare hjoeddeistige Ridder fan it Swurd is (de posysje fan 'e trêde ridder is noch altyd fakant, sjoch: Death Masks).

Michael nimt it sulverstik fan Harry oer, en hy identifisearret it bidsprinkhoannefanke as Tessa, dy't beset is troch de fallen ingel Imariël. As Harry einlings tiid hat om nei te tinken oer de ûntfiering fan Marcone en de redens dy't de leden fan 'e Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje dêrfoar hawwe kinne, komme twa motiven by him op: òf se binne lulk dat in sljochtwei minske talitten is ta de Unseelie Akkoarten (dy't de Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje blykber ek ûndertekene hat), òf, en dat is noch helte minder, se wolle Marcone ien fan harren meitsje troch him te besetten mei in fallene ingel. By dy gedachte slacht Harry de skrik om it hert; der gjin sizzen fan wat de geniale Marcone wol net útheve kinne soe as er bejeftige wie mei de krêften en de kweadaardigens dy't in fallen ingel him jaan soe… Op 'e fraach fan Michael oft Marcone eins sels wol rêden wurde wol, antwurdet Harry mei wissichheid fan ja; Marcone mei in smearlap wêze, mar hy is in smearlap dy't inkeld foar himsels wurket en nea oaren beslissings foar him nimme lit. Harry ornearret dat dat de reden is dat Tessa-en-dy Hendricks en Gard libben hawwe woene, sadat se Marcone syn meiwurking ôftwinge koene troch syn ûnderhearrigen te folterjen of dermei te driigjen harren te deadzjen. Sanya oppenearret dat soks oars Tessa har styl net is; sy siket altyd nije leden fan 'e Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje út op basis fan harren reewilligens om har dêrby te jaan. (En Sanya kin it witte, want hy hat sels fiif jier lang in denaarjer west foar't er ta ynkear kaam en syn sulverstik fuortsmiet.) Harry en Michael konkludearje dat Tessa net oan it haad stiet fan dizze operaasje, wat betsjut dat Nicodemus, de heechstpleatste denaarjer, yn Chicago wêze moat.

Harry en Sanya wolle Nicodemus-en-dy opspoare en oanfalle foar't er harren oanfalle kin, mar Michael wiist derop dat de Ridders fan it Krús der net binne om oaren oan te fallen, mar om oaren te beskermjen. En ta dy oaren hearre ek de minsklike denaarjers dy't ûnder de oerhearsking fan 'e fallen ingels yn 'e Tritich Sulverstikken kommen binne te fallen. Hy wol bewiis sjen dat se net om lyk wolle foar't er Nicodemus-en-dy oanfalle kin. Dêrop stelt Harry foar om in moeting tusken him en Nicodemus te bewurkmasterjen; Nicodemus sil dan perfoarst ferrie dwaan, en as Michael en Sanya harren deunby ophâlde, sille se harren bewiis hawwe en fuortendaliks yngripe kinne. Om sa'n moeting te regeljen, nimt Harry kontakt op mei de Wite Ried fan Tsjoenderij, dêr't hy in warder fan is. Hy skillet Anastasia Luccio op, dy't oan it haad stiet fan 'e oplieding fan rekruten. Mei har stiet er op goede foet (sjoch: Dead Beat), en sy hat ynfloed op 'e Hege Ried, it bestjoer fan 'e Wite Ried. As Luccio lykwols freget wat de Wite Ried te krijen hat mei in skeel tusken Marcone en de Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje, moat Harry syn taflecht nimme ta bedroch. Hy liicht net, mar kiest syn wurden sa, dat Luccio mient dat Mab de tsjoenders fan 'e Wite Ried de tagong ta har diel fan it Nevernever ûntsizze sil as se net tuskenbeiden komme. Dy tagong kin de Wite Ried beslist net misse yn 'e slepende oarloch mei it Reade Hôf fan 'e fampieren. Luccio seit dan ta de saak foar de Hege Ried te bringen, sadat dy by de Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje in formeel protest yntsjinje sil tsjin 'e behanneling fan Marcone, dy't ommers ek oansletten is by de Unseelie Akkoarten, en ûnder de yn dat ferdrach fêstleine oerienkomsten oanspraak meitsje kin op beskerming. Om 'e saak te ûndersykjen sil in ûnpartijige midsman oansteld wurde, en Harry jout oan dat er it leafst it Argyf yn dy rol sjen soe. Neitiid bliuwt Michael, dy't tsjûge wie fan it tillefoanpetear, yn betizing efter. As Harry syn beswieren tsjin in direkte oanfal op Nicodemus fan tafel reage en syn eigen sin trochset hie, hie Michael net ôfsidich bliuwe kinnen, en hied er him by Harry en Sanya jûn. Ynstee hat Harry it uterste dien om Michael syn leauwensoertsjûgings te sparjen en dêrfoar himsels yn gefaar brocht, want as Harry syn bedragerij útkomt, sil er djip yn 'e swierrichheden sitte mei de Wite Ried.

Harry set mei Thomas en syn learlinge Molly, Michael syn âldste dochter, ôf nei syn stamkroech MacAnally's, dêr't er mei Murphy ôfsprutsen hat. As Harry har fertelt dat deselde lju wer yn Chicago binne dy't in tal jierren lyn op 'e Ynternasjonale Lofthaven O'Hare húsholden hawwe (sjoch: Death Masks), wol Murphy de Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje foar in terroristyske organisaasje oanmerke en der mei plysje, FBI en leger op ôf. Harry, dy't ynsjocht dat soks op in bloedbad útdraaie soe, wit har dat idee foarearst te ûntpraten, mar Murphy betinget dêrby wol dat sy fan no ôf oan folslein by de saak belutsen wurde sil. As Harry, Murphy, Molly en Thomas letter by Harry thús ûnder in miel de kwestje nochris beprate, beriddenearje se dat Marcone in ferrieder yn syn organisaasje hawwe moat, om't de denaarjers krekt wisten wêr't syn panykkeamer wie. Harry wol dêr Gard ris oer ûnderstean, mar om't er ornearret dat de gruffs syn appartemint yn 'e rekken hâlde, leit er Thomas in betsjoening op dy't derfoar soarget dat syn healbroer der krekt sa út komt te sjen as hysels. Murphy, Molly en Mouse ferlitte it appartemint, mei Harry ûnder wale fan ûnsichtberens dy't de spesjaliteit fan Molly is. De bedoeling is dat Thomas letter fuortgean sil en de gruffs meilokje, sadat Harry in skoft frij fan harren efterfolging is.

Underweis nei Michael Carpenter syn wente merkt Murphy dat se folge wurde. Har auto wurdt fan 'e dyk riden en bedarret yn in sniebank. Twa hiermoardners besykje Harry-en-dy te fermoardzjen, wêrby't Murphy yn 'e earm sketten wurdt. Harry sjit ien fan 'e beide mannen yn 'e knibbel en de oare jout him oer. As Harry him ûnderfreget ûnder bedriging fan tsjoenderij, jout de twadde man ta dat er ynhierd is troch Torelli om Harry út 'e wei te romjen. Hy fertelt ek dat Torelli him al in pear wike lyn oannommen hat om te helpen by de oername fan 'e organisaasje fan Marcone, wat logyskerwize betsjut dat Torelli yn 't foar wist dat Marcone ûntfierd wurde soe. Op dat stuit wit de oare, ferwûne hiermoardner syn ôfseage jachtgewear wer te bemachtigjen, mar Mouse rêdt Harry syn libben troch de man oan te fallen. It skot giet by Harry lâns en rekket de twadde hiermoardner yn 'e stuten. Harry, dy't der wis fan is dat omwenjenden yn dizze keurige buert de plysje al skille hawwe nei it hearren fan 'e skotten, lit de beide mannen yn 'e snie lizze en makket him út 'e fuotten foar't er sels by harren betrape wurde kin. Murphy har skotwûne wurdt neitiid troch Michael Carpenter fersoarge, mei't se net nei it sikehûs kin, dêr't ommers stiiffêst ferfelende fragen steld wurde as immen mei sa'n ferwûning binnenkomt. As Harry har deroer ûnderstiet, jout Gard ta dat de net bjuster yntelliginte Torelli mooglik it lek yn Marcone syn organisaasje wêze kinne soe as er fan bûtenôf oanstjoerd waard. Hy wie net op 'e hichte fan 'e lokaasje fan Marcone syn panykkeamer, mar soe dy ynformaasje grif wol te witten kommen wêze kinne troch de juste oannimmers of boufakkers te befreegjen.

Harry freget Gard om hierstalen fan sawol Marcone as Torelli, mei't hier, bloed of neilknipsels brûkt wurde kinne om mei in betsjoening de oangeande persoan op te spoaren. Hy is der wis fan dat Gard foarsoarchsmaatregels nommen hawwe sil troch sa'n samling fan Marcone en de wichtichste lju yn dy syn organisaasje oan te lizzen. Gard lit him earst swarre dat er inkeld it hier fan Marcone en Torelli brûke sil en inkeld foar dizze saak, wêrnei't se him de kaai fan in klúske yn Chicago Union Station jout. Harry giet mei Michael en Mouse nei it stasjon ta, mar as se har nei de romte mei de klúskes bejouwe, wurdt it ynienen tsjuster. Harry besiket mei in betsjoening ljocht op te roppen, mar it slagget him net. Michael hat ûnderwilens syn swurd Amoracchius út in grutte sporttas helle en op syn flústere wurden "Heit, wy binne Jo help nedich," ûntstekt it stiel fan it swurd yn in ljochtjaande glâns dy't it tsjuster om harren hinne fuortbaarnt. Dan sjogge se dat se besingele binne troch swarte, boasaardige, baviaan-eftige, eachleaze wêzens fan it tsjuster dy't Harry weromken as hobs. De wêzens haatsje it ljocht, dat harren fysyk sear docht, en falle Harry-en-dy oan. Harry beseft dat de hobs it tsjuster mei in betsjoening oproppen hawwe, en dat eins alle lampen noch brâne, hoewol't se no net mear sichtber binne. Om't streamend wetter alle betsjoenings ferbrekt, lit er it sprinklersysteem fan Union Station ôfgean. It út it plafon sproeiende wetter makket koarte metten mei de betsjoening en as it ljocht fan 'e lampen wer sichtber wurdt, docht bliken dat Harry gelyk hie. It docht ek bliken dat it ljocht fan Amoracchius dat earder te sjen wie, mar in swakke skynsel wie fan it ljocht dat it swurd wier útsmyt, dat sa fel is, dat it suver de sinne wol belykje kin.

Wylst Michael mei syn swurd efter de by him wei klauwende hobs oan skonket, dy't sels al wurde se net troch Amoracchius rekke, dochs yn flammen útbarste, kriget Harry it oan 'e stôk mei in reuseftige, twa ton weagjende âldere broer gruff, dy't ynienen opdaagjen komt. Dan hat Harry spyt dat er syn tsjoendersstêf en syn mei beskermjende betsjoenings beleine learene lange jas oan Thomas meijûn hat. Hy naait út en wit de gruff op in diel fan 'e flier dat krekt yn 'e waaks set is, útglydzje te litten. Ear't er wer oereinklauwe kin, sabotearret Harry yn dat diel fan it stasjon de lampen, mei as gefolch dat tsientallen hobs dêr harren taflecht sykje. De gruff weeft lykwols sûnder swierrichheden mei de wêzens ôf en komt op 'e nij efter Harry oan. Dan komt Harry de warskôging fan Gard tebinnen, dat er net rjocht foar it klúske stean moat as er it iependocht. Hy lokket de gruff mei nei de romte mei de klúskes en wit de timing krekt goed te krijen dat de gruff him lyk foar Gard har klúske befynt as Harry it fansiden ôf iependocht. Der fljocht in soarte fan wjerljochtslach fan Gard har runemagy út it klúske, dy't de gruff fol rekket en him einlings bûten gefjocht stelt. Ear't er him ôfjout nei it Nevernever, warskôget de gruff Harry lykwols dat er no mei syn âldere broer te meitsjen kriget.

Harry hellet hiel hoeden it doaske mei de hierstalen út Gard har klúske en jout him wer by Michael, dy't ûnderwilens in wiere slachting ûnder de hobs oanrjochte hat. It docht bliken dat Harry-en-dy eins inkeld mei de efterbliuwers te krijen hiene, en dat de measte hobs besochten by in trein te kommen dy't krekt arrivearre wie. Under de passazjiers blike kaptein Anastasia Luccio fan 'e Wite Ried te wêzen, yn 'e mande mei it Argyf en har liifwacht, de hierling en heal-demon Jared Kincaid, mei wa't Harry earder gedoente hân hat (sjoch: Death Masks en Blood Rites). It Argyf is in minsklik famke fan in jier as tolve, wa har holle it bewarplak is fan alle minsklike kennis en wiisheid. Hja is kommen om as midsman te fungearjen tusken de Wite Ried fan Tsjoenderij en de Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje, mar immen (dejinge dy't de hobs oproppen hat) wist dat se mei de oangeande trein kaam en woe har dúdlik net yn Chicago hawwe. It Argyf, of Ivy, sa't Harry har neamt, is not amused, en om't se ien fan 'e kundichste tsjoensters is dy't Harry ea met hat, kin dejinge dy't ferantwurdlik is foar wat eins in moardoanslach wie, him of har mar better bergje. Dat de hobs eins ierdgeasten fan it Winterhôf binne en dêrom ûnder de hearskippij fan Mab falle, makket de hiele saak allinnich mar dizeniger.

De oare deis beävensearret Ivy in gearkomste foar ûnderhannelings mei de Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje yn it fanwegen it winterwaar ferlitten Shedd Aquarium. Harry tsjocht dêrhinne mei Luccio, Gard en Hendricks, wylst Murphy har tsjin 'e beswieren fan 'e oaren yn ek by de groep jout. Michael en Sanya sille harren deunby beskûl hâlde om by te springen yn gefal fan ferrie. Harry ferwachtet dat lykwols no noch net, want Nicodemus Archleone, de lieder fan 'e denaarjers, wol wat fan harren; oars hied er net akkoart gien mei ûnderhannelings. Om't Harry-en-dy datjinge grif net yn 'e bûse hawwe, ornearret Harry dat de earste moeting net botte riskant is. Oankommen by it Shedd Aquarium is Kincaid, dy't it spul foar Ivy regelet, net bliid mei de oanwêzigens fan Murphy, in sljochtwei minske, en ien mei wa't er boppedat út en troch in relaasje ûnderhâldt (sjoch: Dead Beat). Murphy is lykwols net fan har stik te bringen, dat Harry en Kincaid lizze de kwestje fan har oanwêzigens by de ûnderhannelings foar oan Ivy, dy't it goed fynt salang't beide partijen der gjin beswier tsjin hawwe. Sadwaande nimt Kincaid Harry mei nei Nicodemus, dy't ek akkoart giet, op betingst dat Murphy net wapene is, se har net bemuoit mei saken dy't neat mei de hanthavening fan 'e iepenbiere oarder yn Chicago te krijen hawwe, en dat er foarôfgeande oan 'e ûnderhannelings fiif minuten ûnder fjouwer eagen mei Harry prate kin. Harry stimt dêrmei yn en Kincaid lit harren allinne.

Nicodemus wol prate oer it feit dat Harry noch altyd net tajûn hat oan 'e oandriuw fan 'e ôfdruk fan 'e fallen ingel Lasciël yn syn holle om ien fan 'e Tritich Sulverstikken op te nimmen dêr't Lasciël oan ferbûn is (sjoch: Death Masks). Wat er net wit, is dat Harry dy ôfdruk net mear hat (sjoch: White Night). As Harry gjin krimp jout, begjint Nicodemus oer it feit dat der yn 'e Hege Ried fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij in ferrieder sit dy't belutsen is by in skimmige organisaasje dy't Harry de 'Swarte Ried' doopt hat. Harry neamt dêrop dat er oars mei eigen eagen sjoen hat dat by de oanfal troch de Swarte Ried op Arctis Tor (sjoch: Proven Guilty), it kastiel fan keninginne Mab, hellefjoer brûkt is, in wapen dat inkeld fallene ingels brûke kinne. Nicodemus hat dus ek teminsten ien ferrieder yn syn eigen organisaasje. Dat stikje ynformaasje liket Nicodemus oer it mad te kommen, mar hy stelt Harry syn konklúzje daliks by yn 'e sin dat it ek gean kin om immen yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, dy't ommers in stikmannich fan 'e sulverstikken mei de dêroan ferbûne fallene ingels yn bewarring hat. As Nicodemus mar trocheamelet, begjint Harry him op in stuit ôf te freegjen wêrom't syn fijân ynienen sa spraaksum is. Dan kringt it besef by him troch dat Nicodemus oan it tiidrekken is, wat betsjut dat er Harry by him hâlde wol, wat betsjut dat earne oars wat bart dêr't er Harry net by hawwe wol. Harry komt ta de konklúzje dat de ûntfiering fan Marcone en alle omballingen net mear as in stik ark wiene om him ta in beskate reäksje te manipulearjen, nammentlik: om it Argyf by de saak te belûken. Ivy is it wurklike doelwyt fan Nicodemus-en-dy, Ivy dy't alle kennis yn 'e wrâld besit yn it lichem fan in famke. Harry beseft ek dat de reuseftige betsjoening dy't brûkt waard by de ûntfiering fan Marcone neat oars as in generale repetysje wie foar de ûntfiering fan Ivy. Nicodemus-en-dy wolle de sintrale romte fan it Shedd Aquarium mei sa'n betsjoening ôfslute fan 'e bûtenwrâld, sadat Luccio, Hendricks, Gard en Murphy, dy't har noch yn 'e hal befine, har der net mei bemuoie kinne en sadat Ivy sels boppedat net ûntkomme kin fia it Nevernever.

Harry jout Nicodemus mei syn tsjoenderij in fikse terwinkel om him tydlik út te skeakeljen en hastiget him werom nei de haadromte fan it Shedd Aquarium wylst er mei útset lûd Kincaid warskôget. Underweis rekket er slaande deilis mei in denaarjer, Toarne Namshiël, dy't ymmún liket foar syn tsjoenderij. As Harry mei de moed der wanhoop noch in lêste kear besiket om 'e denaarjer mei syn tsjoenderij te reitsjen, is it krekt as wurdt er troch immen oanstompt sadat syn betsjoening der justjes oars út komt te sjen as dat er bedoeld hie. Harry syn nije betsjoening, dy't út him raast mei in soarte enerzjy dy't er noch nea ûnderfûn hat, foarmet in reuseftige, sulverkleurige hân dy't yn 'e loft hinget en alle bewegings fan Harry syn eigen rjochterhân kopiëarret. Harry makket koarte metten mei de denaarjer troch him mei de reuseftige hân op te pakken en suver fyn te knipen. Hoewol't Harry syn goede rjochterhân neitiid tydlik ferlamme is, blykt syn skeinde lofterhân (sjoch: Blood Rites) ynienen krekt wer optimaal te funksjonearjen. Hy hat lykwols no gjin tiid om him dwaande te hâlden mei de fraach hoe't dat kin. Oankommen yn 'e haadromte fan it akwarium bine Harry en Kincaid de striid oan mei de leden fan 'e Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje, mar troch harren nûmerike oermacht slagget it harren om Harry finzen te nimmen. Dêrnei brûkt Tessa Harry syn freonskip mei Ivy om it famke út har skûlplak te lokjen. Ivy is troch har folsleine kennis miskyn wol de bêste tsjoender dy't Harry ea met hat, mar troch de ôfslutingsbetsjoening dy't Nicodemus-en-dy om 'e haadromte fan it akwarium hinne lein hawwe, is der yn it gebou mar in beheinde hoemannichte magy beskikber. Ivy wart har tige, en mei help fan Kincaid syn skerpskuttersfeardichheden wit Harry te ûntkommen, mar as er it famke yn feilichheid besiket te bringen, rekket einlings de magy yn it gebou op, wêrnei't se warleas binne foar de denaarjers oer. Ivy wurdt oan Harry's gryp ûntskuord en finzen nommen. As Tessa Harry mei syn eigen revolver deasjitte wol, einiget lykwols de ôfslutingsbetsjoening, dy't ek mar in beheinde tiid yn stân holden wurde kin. Nije magy raast it gebou yn, dy't Harry brûkt om it glês fan it akwarium stikken te slaan. Miljoenen liters wetter oerspiele alles en Harry rekket bewusteleas.

As Harry wer bykomt, is er krekt troch Michael en Murphy reänimearre. Se fertelle him dat se guon leden fan 'e Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje oer it mad kamen doe't dy him út it wetter skuorden, en dat se ferskaten fan harren deade hawwe. It docht bliken dat Nicodemus by it treffen yn it Shedd Aquarium alve leden fan syn Oarder kwytrekke is, en de denaarjes binne opfandele troch Harry en Michael. Yn 'e mande mei de trettjin fan 'e Tritich Sulverstikken dy't de Roomsk-Katolike Tsjerke al op 'e noed hie, betsjut dat dat Nicodemus en Tessa noch mar fjouwer aktive folgelingen hawwe: harren dochter Deirdre en fierders Magog, Rosanna en Toarne Namshiël. Dat makket dat Michael derfan dreamt om foargoed mei de Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje ôf te weven en alle Tritich Sulverstikken gear te fandeljen, sadat der minder kwea yn 'e wrâld wêze sil en hysels mear tiid mei syn gesin trochbringe kinne sil. Harry ferflokt himsels dat er de dream fan syn freon yn tûzen diggels útinoar spatte litte moat, mar der sit neat oars op. De denaarjers binne nammentlik net mei tsjoenderij op te spoaren, want as dat Mab net slagge, sil it Harry perfoarst ek net slagje. Dus as Harry Ivy rêde wol, sil er soargje moatte dat Nicodemus kontakt mei hìm opnimt.

Werom by Michael thús wurdt de yn 't lêst fan it gefjocht swierferwûne rekke Kincaid fersoarge en op bêd stoppe. Harry leit dêrnei de oaren syn plan foar om Nicodemus de alve yn it akwarium gearfandele denaarjes te jaan yn ruil foar Ivy. Hy lit Luccio fia-fia kontakt opnimme, wylst er sels einlings ynstoart en him deljout op 'e bank. As er oeren letter wer wekker wurdt trochdat er syn gefoel weromkriget yn syn rjochterhân, dy't sadwaande begjint te tinteljen, fangt er in diel fan in ûntrêstigjend petear op dat syn freonen oer him hawwe. Dyselde jûns ferskynt Nicodemus sels by Michael oan 'e doar, en hawwe hy en Harry in ûnderhâld yn 'e snie op 'e strjitte foar it hûs. Nicodemus blykt lykwols gjin belangstelling te hawwen foar de ruil fan Ivy tsjin 'e alve denaarjes. It Argyf is it opslachplak fan alle kennis, dat oarspronklik kreëarre is om te soargjen dat net alle kennis weireitsje kin yn it gefal fan in wrâldwide ramp. Dat betsjut dat sadree't der wat opskreaun wurdt, it automatysk yn it Argyf opnommen wurdt. Nicodemus mient dat er mei dy kennis de striid tusken goed en kwea winne kin, dat syn plan is om Ivy sa te terrorisearjen dat se in munt oannimt. Ien fan syn folgelingen, Toarne Namshiël, is (troch Harry syn tadwaan) sa skeind út 'e striid yn it akwarium kommen, dat er op it stuit neat oan him hat, en Nicodemus is mear as ree om him te deadzjen sadat der in denaarje frijkomt foar Ivy.

Op Harry syn fraach wêrom't se dit petear dan hawwe, antwurdet Nicodemus dat er Harry noch in lêste kâns jaan wol om him by de Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje te jaan. Hy ferkeart nammentlik noch altyd yn 'e ûnderstelling dat de ôfdruk fan Lasciël noch yn Harry syn holle aktyf is. Hy freget Harry ek oft syn freonen al efter syn rêch om oer him begûn binne te flústerjen, en Harry beseft dat dat yndie sa is. Nicodemus leit him laitsjend út dat it út harren eachpunt allegear hiel apart lykje moat. Se witte dat Harry de ôfdruk fan Lasciël yn syn holle hat, dy't him allegeduerigen besiket te ferlieden; se witte dat Harry Murphy meinommen hat nei it Shedd Aquarium, wat late ta in ûnderhâld ûnder fjouwer eagen mei Nicodemus; se witte net wat der dêrnei yn 'e haadromte fan it akwarium bard is, want se wiene bûtensletten troch de grutte betsjoening, mar doe't dy weistoar, wie it earste wat se seagen dat leden fan 'e Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje Harry fan 'e ferdrinkingsdea rêden troch him út it wetter te skuorren (dat diene se om't Harry ûnder it gefjocht in pear denaarjes opkrigen hie dy't se weromhawwe woene, mar dat wisten syn freonen net). Sa besjoen liket it spul yndie fertocht. Harry stegeret Nicodemus syn oanbod ta gearwurking lykwols ôf. As Nicodemus dêrop ôfsette wol, ferheget er lykwols syn eigen oanbod: yn ruil foar Ivy biedt er de alve denaarjes oan plus Fidelacchius, ien fan 'e swurden fan 'e Ridders fan it Krús, dat Harry sûnt de dea fan Shiro Yoshimo (sjoch: Death Masks) op 'e noed hat en dat yn 'e paraplubak by syn foardoar stiet. Dat is in oanbod dat Nicodemus net ôfslaan kin, temear, sa wit Harry, om't er hielendal net fan doel is om Ivy op te jaan.

Nei't se ôfspraken oer de útwikseling makke hawwe, giet Harry wer yn 'e hûs, dêr't er in konfrontaasje mei Michael hat. Hy freget syn freon planút oft dy him net mear fertrout, en úteinlik jout Michael ta dat er syn twifels hat. Harry hâldt by heech en by leech út dat der neat mei him oan 'e hân is, mar as Michael him freget wêr't syn fjoerroede is (in magysk stik ark dat Harry brûkt foar bettere presyzje fan syn fjoerbetsjoenings), heart er dat wurd wol, mar betsjut it neat foar him. Hy falt derhinne, en Michael leit him de hannen op en ropt de help fan God yn. In ferheftige waarmte giet troch Harry hinne en in betsjoening yn syn holle barst yn tûzen stikjes útinoar, wêrnei't alle oantinkens oan syn fjoerroede, dy't troch de betsjoening weisletten wiene, him ynienen wer tebinnen komme. Neitiid wit Harry noch hieltyd net wêr't it ding is, noch wa't him de betsjoening oplein hat sûnder dat er it murken hat. Hy hie syn fjoerroede wis noch by him in pear dagen lyn, doe't de gruffs him en Charity en de bern yn 'e eftertún oanfoelen, dat de betsjoening moat him dêrnei oplein wêze.

Neitiid wit Luccio de lokaasje te finen dêr't it Argyf fêstholden wurde moat, op in eilantsje yn 'e Michiganmar. Harry betinkt ien fan syn healwize plannen om it famke te rêden en bejout him mei Michael en Sanya, de alve munten en it swurd Fidelacchius nei de Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels, dêr't er ôfpraat hat mei Nicodemus. Dy hat Rosanna, ien fan syn oerbleaune folgelingen, stjoerd om harren op te heljen. Sa't Luccio al foarsein hie, nimt Rosanna harren mei nei de haven, dêr't se oan board geane fan in boatsje dat harren nei it eilantsje yn 'e mar bringe moat. Underweis wurde se lykwols oanfallen troch kelpies, wetterwêzens fan it Simmerhôf dy't gearwurkje mei de gruffs. Nei't se de oanfal ôfslein hawwe, berikke se feilich it eilân, dêr't Harry in aldernuveraardichste ûnderfining hat. It eilân liket wol te libjen, en noch frjemder: Harry, dy't der noch nea west hat, wit dingen oer it eilân, lykas it tal triemmen fan 'e trep dy't by in rots omheech liedt nei in heal ynstoarte fjoertoer, of dat de hutte dy't mei it pún fan 'e toer boud is, in efterdoar hat dy't stykjen bliuwt as it reint. Hy kin him dêr no lykwols net drok om meitsje, om't er in famke befrije moat.

Yn 'e ruïne fan 'e fjoertoer hawwe Nicodemus-en-dy Ivy neaken en keal skeard fêstset yn ien fan 'e meast yngewikkelde betsjoenings dy't Harry ea sjoen hat. In neakene Marcone is dêr ek, mar dy is simpelwei oan 'e muorre fêstbûn. Beiden drage de bewizen fan 'e martelings dy't se ûndergien hawwe. Nicodemus, Tessa, Deirdre, Magog en Toarne Namshiël wachtsje Harry, Michael en Sanya op as Rosanna harren by de fjoertoer bringt. Om 'e toer hinne hawwe se in hiele ridel ferskuorrende hellebisten sammele en tusken it strewelleguod lizze harren minsklike trewanten mei slûpskuttergewearen yn 'e oanslach. Nicodemus mient dat er Harry-en-dy persiis hat wêr't er se hawwe wol, en dat er net inkeld de munten en Fidellacchius krije sil, mar ek it Argyf hâlde kin. Harry docht lykwols wat dat er net ferwachte hie as hy mei in felle ljochtflits de slûpskutters tydlik ferblinet en dan mei Michael en Sanya de fjoertoer bestoarmet. De beide Ridders fan it Krús weve flot ôf mei de hellebisten, wylst de kjel wurden denaarjers, dy't net tûzenen jierren libbe hawwe troch risiko's te nimmen, gehoar jouwe oan harren earste ynstinkt en gau fan rutens spylje. Inkeld Toarne Namshiël, dy't troch syn ferwûnings sa gau net fuortkomme kin, giet de striid oan, en hy wit Harry hast te smoaren wylst er him útflokt foar it gebrûk fan eat dat er 'sielefjoer' neamt, mar dan slacht Michael him mei Amoracchius de holle ôf en nimt syn denaarje yn beslach.

As Harry de fjoertoer ynkomt, is it earste wat de tramtearre Marcone tsjin him seit: "Dresden, kinst it bern helpe?" Harry, dy't de maffiabaas graach as túch fan 'e richel beskôgje wol, hat der in grouwéligen hekel oan as Marcone him as in normale, woltinkende minske hâldt en draacht. De betsjoening dêr't Ivy mei finzen holden wurdt, giet Harry syn pet fier te boppen, mar lokkigernôch hoecht er net by steat te wêzen om sa'n betsjoening op te bouwen as er him inkeld ôfbrekke wol. Mei syn tsjoendersstêf slacht er mei brute krêft alle ûnderdielen fan 'e magyske sirkel om it famke hinne stikken, wêrnei't de magy yn it neat weiwurdt. Hy bewuollet de bewusteleaze Ivy yn 'e mantel fan Michael, wylst Sanya syn mantel oan Marcone ôfstiet. De slûpskutters binne ûnderwilens wer by steat om wat te sjen, en it liket derop dat Harry-en-dy no yn 'e fjoertoer finzen sitte. Dan skâlet Wagners Rit fan 'e Walkueren út 'e lûdsprekkers dy't Gard ûnder har helikopter befêstige hat, wylst se der roerdelings mei oer it eilân skeart en by de fjoertoer yn 'e loft op ien plak sweven bliuwt. As de doar iepengiet, wurdt Hendricks sichtber, dy't efter in reuseftich masinegewear mei in tal rotearjende lopen sit en it fjoer iepenet op 'e denaarjers en harren minsklike helpers.

Der wurdt in tou út 'e helikopter nei ûnderen smiten dat fêstsit oan in ierdwine dy't betsjinne wurdt troch Luccio. Wylst Hendricks derfoar soarget dat harren fijannen net út dekking komme kinne sûnder oan grôt sketten te wurden, stjoert Harry earst Marcone mei Ivy omheech en dan Sanya. Dy jout Harry syn mitrailleur foar't er omheechtakele wurdt. It is de bedoeling dat Harry as folgjende omheech giet, mar dan sjocht er tafallich troch it glês fan it foarrút fan 'e helikopter hoe strak oft de Gard nei Michael stoarret. Om't se in Walkuere is, dy't ommers op it slachfjild de sneuvele krigers útkieze om nei it Walhalla te bringen, slacht de skrik Harry om it hert dat syn freon op it punt stiet om te stjerren. Op it alderlêste momint smyt er it spul dêrom ympulsyf om en stjoert er Michael yn syn plak omheech. As Michael healwei de helikopter oan it tou bungelet, dûke Tessa en Rosanna ynienen njonken Harry op, dy't se ûnder in magyske wale fan ûnsichtberens beslûpt hawwe. Tessa skuort Harry de mitrailleur fan Sanya út 'e hân en iepenet it fjoer op 'e warleaze Michael, dy't ytlike kearen rekke wurdt. Ek de helikopter wurdt rekke, en as der reek út 'e motor komt, moat Gard sjen dat se it fêstelân berikt foar't se delstoart. De helikopter fljocht fuort mei Michael der noch ûnder hingjend, en Harry bliuwt as iennichste fan 'e groep op it eilân efter.

Hy is sa poerrazen troch wat Tessa Michael oandien hat, dat er Rosanna fan him ôfsmyt, en mei in machtiger fjoerbetsjoening as er ea dien hat sûnder syn fjoerroede te brûken, boarret er har in gat dwers troch it boppeliif hinne. In part fan syn ferstân dat kalm bleaun is, beseft op dat stuit dat syn brûken fan fjoerbetsjoenings, dy't er in pear jier earder ris ferfrissele hat mei de macht fan Lily, de Simmerfrouwe (sjoch: Proven Guilty), it sadwaande foar de tsjinners fan it Simmerhôf mooglik meitsje moat om him op te spoaren. Hy beslút dat it Mab west hawwe moat dy't him syn fjoerroede ôfnaam en him de betsjoening oplei om it ding en alle fjoerbetsjoenings te ferjitten, sadat er himsels net eltse kear oan 'e gruffs en harren bûnsmaten ferriede soe as er yn it nau rekke. Dat betsjut dat de âldste gruff no krekt wit wêr't er Harry fine moat. Op itselde stuit beseft Harry ek dat er it net allinne tsjin 'e denaarjers en harren minsklike trewanten opnimme kin, nettsjinsteande al syn lulkens om wat Michael oerkommen is. Dat sadree't er Tessa útskeakele hat, begjint er te draven as hinget syn libben derfan ôf, wat ek sa is. Syn iennichste hope is om 'e boat te berikken dêr't Rosanna him en de beide Ridders fan it Krús mei op it eilân brocht hat.

As er hast by de wetterkant is, heart er lykwols de fallen ingel Magog efter him oankommen, dy't in meunsterlike foarm oannommen hat fan wat noch it measte op in reuseftige gorilla liket. Harry dûkt in heal ynstoarten gebou yn dat oarspronklik wierskynlik in fiskferwurkjend fabrykje west hat. Wylst er him dêr ferskûlet, heart er de swiere fuotstappen fan 'e âldste gruff oankommen, dan it útdaagjend brullen fan Magog, it rêstige fersyk fan 'e âldste gruff oan 'e fallene ingel om út syn paad te gean, noch wer wat gebrul, en in lêste warskôging fan 'e âldste gruff, folge troch in ynkringende klap. Dan fljocht it deade lichem fan Magog it fabryksgebou yn om oan 'e fuotten fan Harry lizzen te bliuwen. De âldste gruff, fan wa't Harry ferwachte hie dat er reuseftige grut wêze soe, blykt mar lyts fan stal te wêzen, mar wat er mist oan grutte, makket er goed troch syn behearsking fan tsjoenderij. It is de earste gruff dy't yntelligint genôch liket om in normaal petear mei te fieren, en hy jout oan dat er Harry hielendal net deadzje wol, mar dat dat no ienris de opdracht is dy't er krigen hat. Harry wiist derop dat er Marcone en Ivy al rêden hat, en dat syn dea dêr no neat mear oan feroarje kin, mar de âldste gruff seit dat Harry him noch op it slachfjild befynt, en dat syn opdracht jildich bliuwt oant Harry weromkeard is nei Chicago. Harry, dy't wol foar it ferstân hat dat er dit wêzen mei tsjoenderij net oer kin, betinkt dan in list. Hy hat it sulveren ikeblêd fan keninginne Titania by him, dat him it rjocht jout op in geunst fan it Simmerhôf. De âldste gruff jout him ta beskie dat syn opdracht boppe in geunst giet, en dat er him net sparje kin, mar Harry seit dat er dat ek net freget. Hy wol as syn geunst inkeld in farsk bakte doughnut hawwe fan in type dêr't er in sekuere omskriuwing fan jout. De âldste gruff snapt dan syn bedoeling, en seit dat it wolris in skoftke duorje kin foar't er persiis sa'n doughnut opspoard hat. Harry hat dêr alle begryp foar en seit dat er it him mar rêstich oan tiid dwaan moat.

Nei't de âldste gruff him ôfjûn hat om 'e doughnut te sykjen, gaudievet Harry de denaarje fan Magog mei en bejout him dan nei de boat fan Rosanna. Dêr wurdt er lykwols opwachte troch Nicodemus, dy't as earste fan him de ponge mei de alve denaarjes hawwe wol dy't him ûnthjitten wiene. Op dat stuit ûntdekt Harry dat er dy ponge net mear by him hat. It is Nicodemus dy't útriddenearret dat Toarne Namshiël se fan Harry bûsehifke hawwe moat wylst er him by de fjoertoer oan it smoaren wie. Dat betsjut dat se no wer yn it besit binne fan Tessa en Rosanna. Dêrop jout Nicodemus de ôfdruk fan Lasciël yn Harry syn holle opdracht om Harry te oermasterjen. Harry spilet it spultsje mei en beart dat er him net mear bewege kin, mar as Nicodemus deunby komt, jout er him in bêste opstopper en grypt er nei it iennichste swakke plak fan Nicodemus. Dat is de strûpe fan tou dy't him om 'e hals hinget, deselde strûpe dêr't Judas Iskariot selsmoard mei dien hat. It ding makket dat Nicodemus net deade wurde kin, mar, sa't Harry earder ris ûntdutsen hat (sjoch: Death Masks), de strûpe beskermet Nicodemus net tsjin 'e strûpe sels. Sadwaande pakt Harry de it tou beet en begjint syn fijân te smoaren mei de strûpe. Nettsjinsteande Nicodemus syn wjerstân hâldt er fol, ek nei't de syn fijân al bewusteleas rekke is.

Harry wol no foar iens en foar altyd mei Nicodemus ôfweve, mar hy wurdt ûnderbrutsen troch Deirdre. Hy is dan twongen om Nicodemus oerboard te smiten ear't er alhiel dea is, sadat Deirdre him rêde moat en Harry tiid hat om mei de boat te ûntkommen. Deirdre stjoert trije boatfollen minsklike trewanten fan 'e denaarjers efter him oan, en Harry syn boat wurdt lek sketten. Hy wit krekt it rif om it eilân hinne te heljen, dêr't er fêst komt te sitten op in út it wetter opstekkende rotspunt. Hy wurdt rêden troch syn healbroer Thomas, dy't mei Murphy op syn âld boat de Water Beetle bûten it rif wachte by wize fan in reserveplan dat Harry foar de moeting op it eilân betocht hie. Wylst se him oan board hise, dûkt Deirdre op út it wetter en besiket Harry dea te meitsjen foar wat er har heit oandien hat. Mar Murphy lûkt it swurd Fidelacchius, dat Harry noch altyd op syn rêch draacht, in lyts eintsje út 'e skie. Dêrop smyt it swurd sa'n fel ljocht ôf dat eltsenien dertroch ferbline rekket. Deirdre flechtet yn dea-eangst fuort, en Thomas skuort Harry oan board en set koerts nei de haven fan Chicago. As Murphy Harry freget wat der no krektlyn barde, antwurdet Harry har dat it him taliket dat har in baan oanbean is. Murphy tinkt dêr eefkes oer nei, mar seit dan dat se al wurk hat.

Nei't er yn 'e haven de rest fan 'e nacht op 'e Water Beetle trochbrocht hat en wat fan al syn ynspannings bekommen is, lit Harry him troch Thomas nei it John H. Stroger Jr. Hospital of Cook County bringe, dêr't Michael behannele wurdt. Yn 'e auto fan syn healbroer leit in farske doughnut op him te wachtsjen, wêrfan't Thomas net wit wêr't dy wei komt, mar Harry wol. Oankommen yn it sikehûs heart Harry fan Charity dat Michael binnenbrocht is mei slimme ferwûnings oan 'e lever, in nier dy't sa slim skansearre is dat er ferwidere wurde moat, in ynklapte long, in skansearre rêchbonke, in tebrizele rib wêrfan't guon bonkesplinters syn hert binnenkrongen binne, in bekken dat op twa plakken brutsen is, in tebrizele kaakbonke, in harsensskodding, in skansearre eachkas mei in each wêrfan't ûndúdlik is oft it rêden wurde kin, en mooglik ek harsensletsel. De dokters binne de rest fan 'e dei dwaande mei operaasjes. Wylst er sit te wachtsjen, freget Harry him ôf wat foar swierrichheden der fuortkomme sille út it feit dat in heal delsketten helikopter in mei skotwûnen trochsingele man by it sikehûs ôflevere hat. Mar dan beseft er dat se dêr nei alle gedachten nea wer wat fan fernimme sille, want Marcone hat oeral yn Chicago ynfloed. As der immen is dy't sokke swierrichheden ferdwine kinne lit, is hy it, en wat je ek fan Marcone sizze kinne, hy betellet syn skulden altyd ôf.

Harry wrakselet de rest fan 'e dei mei syn skuldgefoelens, om't er goed foar it ferstân hat dat hysels it wêze moatten hie dy't dêr oan it tou hong en besketten waard. Hy doarmet nei de kapel fan it sikehûs ta, dy't alhiel ferlitten is, en fart dêr út tsjin God om't er fynt dat dy Syn ferplichtings foar Michael oer net neikommen is. Harry is ûnderwilens ta de konklúzje kommen dat der foar de grutte betsjoenings dy't Nicodemus-en-dy by Marcone syn skûle en yn it Shedd Aquarium útfierd hawwe, sa'n ûnbidige mjitte fan magy nedich wie, dat se dêrfoar sûnder mis ferlet hân hawwe fan 'e help fan bygelyks in aartsingel – en der bestiet mar ien (eardere) aartsingel dy't de denaarjers helpe soe. Dat Satan him sa iepentlik mei de saak bemuoid hat, bringt Harry ta razernij, temear om't fan 'e aartsingels fan God net ien in hân útstutsen hat om him tsjin te hâlden. Wylst er God it mannewaar opseit, wurdt er ûnderbrutsen as der in âldman yn komt mei de klean fan in skjinmakker oan en de namme "Jake" op syn boarstbûse. Hja reitsje oan 'e praat, en Jake besiket him oan it ferstân te bringen dat de Gods wurkwize miskien net altyd direkt begryplik is, mar úteinlik dochs it bêste útpakt. Harry wol dêr net nei harkje en keart him de rêch ta, dat Jake seit dat er him allinne litte sil. Ear't er him ôfjout, merkt er lykwols op dat Harry net alles wit. Miskien hat der him wol deeglik in aartsingel fan God mei de saak bemuoid, en miskien hat dy Harry sels wol "in hantsje holpen". As er dy wurden heart, komt Harry de grutte sulverkleurige swevende hân yn 't sin wêrmei't er yn it Shedd Aquarium Toarne Namshiël lytsman makke hat. Hy skuort himsels yn 'e rûnte, mar "Jake" is yn it neat weiwurden.

Inkele mominten letter ferskynt Mab ynienen yn 'e kapel. As Harry har ûnderstiet oer de mysterieuze Jake, antwurdet se dat er krekt in moeting hân hat mei Uriël, de Wachter, de stilste fan 'e fjouwer aartsingels fan God. Mab, dy't yndie dejinge wie dy't Harry de betsjoening oplein hie dêr't er syn fjoermagy troch fergeat, jout him no syn fjoerroede werom. Hy wol fan har witte wêrom't se har yn in saak mongen hat dy't har net direkt oangie, troch de hobs te stjoeren om it Argyf út 'e wei te romjen, sadat Nicodemus-en-dy har kennis net te pakken krije koene, en troch Harry sels as in soarte fan plan B yn te skeakeljen foar as de hobs yn harren opset fale soene. Mab antwurdet dat it brekken fan har Unseelie Akkoarten troch de Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje al mear as genôch reden wie, mar dat Nicodemus-en-dy brûkt waarden troch de Swarte Ried (dy't harren organisaasje ynfiltrearre hat) om it Argyf yn 'e hannen te krijen. Harry leit de puzelstikjes byinoar en beseft dat Toarne Namshiël de agint fan 'e Swarte Ried yn 'e Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje wêze moat. Mab befêstiget dat dyselde ek dejinge wie dy't hellefjoer brûkt hat by de bestoarming troch de troepen fan 'e Swarte Ried fan har kastiel Arctis Tor. Soks ferjout Mab net en ferjitte docht se neat. (Harry printet himsels goed yn om har nea te dwerseidzjen.)

Tsjin 'e jûn wurdt dúdlik dat Michael it helje sil, hoewol't er nea wer de âlde wêze sil. Harry bejout him nei Murphy har wente, dêr't Ivy troch Luccio yn 'e sliep holden is oant hy der wie, om't se bang binne wat it Argyf dwaan kin as se middenmank frjemden wekker wurdt. Harry makket har wekker en treastget it famke en dan komt Kincaid mankeskonkjend del om him by Ivy te jaan. Neitiid freget Harry Luccio mei út op in ôfspraakje, en sy stimt ta. Yn 'e Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels moetet Harry Sanya, dy't graach de alve denaarjes fan him oernimme wol. Harry moat him dan fertelle dat er dy kwytrekke is, mar hy kin him wol Magog syn sulverstik jaan. Sanya moat op syn beurt bekenne dat se earne ûnderweis fan it eilân nei it sikehûs de denaarje fan Toarne Namshiel, dy't Michael yn 'e bûse hie, kwytrekke binne. Hy langet oan Harry Amoracchius oer, it swurd fan Michael, krekt sa't dy al in pear jier Fidelacchius yn bewarring hat. Harry hat it fermoeden dat der yn 'e himel ien (of Ien) om him sit te laitsjen.

Neitiid siket Harry Marcone op yn 'e Velvet Room, dêr't er him it fraachstik fan 'e ferdwinende denaarje fan Toarne Namshiël foarleit. Marcone seit dat dêr neat fan wit, mar is dat wier of liicht er? Underweis nei bûten stekt Harry noch eefkes by Miss Demeter oan en lit har witte dat er har trochhat. Eltsenien tinkt dat Torelli it lek yn Marcone syn organisaasje wie, mar Harry hat ien en ien byinoar optelt, en is ta de konklúzje kommen dat it folle logysker is dat Demeter, dy't tinkt dat har dochter jierren lyn by in sjitpartij tusken Marcone en in oare krimineel omkommen is (sjoch: Storm Front), de lokaasje fan Marcone syn skûlplak trochspile hat oan Nicodemus-en-dy. Eins leit it famke yn koma en wurdt se geregeldwei troch Marcone besocht (sjoch: Death Masks en White Night). Harry fertelt Demeter dat er har ferrie net oan Marcone útbringe sil as sy út en troch ris wat ynformaasje oer Marcone en syn organisaasje oan him trochspilet.

Wer thús, dêr't no twa swurden fan Ridders fan it Krús yn 'e paraplubak steane te wachtsjen op nije gadingmakkers foar dy funksje, giet Harry te rie by Bob. Hy freget wat Toarne Namshiël bedoelde mei 'sielefjoer', en Bob fertelt him dat dat likernôch itselde is as hellefjoer, mar dan "fan it oare plak" komt. Betsjoenings dy't oandreaun wurde mei sielefjoer binne folle sterker as gewoane betsjoenings, mar Harry moat der wol mei oppasse, want sielefjoer tart op syn eigen siel. De sulveren hân dy't er yn it Shedd Aquarium troch tuskenkomst fan Uriël tsjin Toarne Namshiël brûkte, wie makke fan sielefjoer, en dat betsjut dat Harry no in stikje fan syn siel mist. Bob bewissiget him dat it yn in pear wiken tiid wer oangroeie sil, mar as er ea ris safolle fan sielefjoer gebrûk meitsje soe dat syn siel oprekke, dan soed er deagean. As Harry dy jûns op syn ôfspraakje mei Luccio is, komme syn frjemde gewaarwurdings op it eilân op 't aljemint. Luccio wiuwt syn soargen fuort en bewissiget him derfan dat alle tsjoenders op in stuit op beskate plakken it gefoel hawwe dat se der withoefaak west hawwe sûnder dat se der ea in foet set hawwe. Dat hjit foarkennis, en it is in teken dat dat plak yn 'e takomst fan grut belang wurde sil yn it libben fan 'e oangeande tsjoender.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Dresden Files
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases