B Is for Bigfoot is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut: "B stiet foar bigfoot". It ferhaal is skreaun yn it ik-perspektyf, en makket diel út fan 'e urban fantasyrige The Dresden Files. Yn 'e ynterne gronology fan dy searje spilet it tusken de foarfallen yn 'e romans Fool Moon en Grave Peril. Yn B Is for Bigfoot wurdt de help fan tsjoender en privee-detektive Harry Dresden ynroppen troch in sasquatch, waans heal-minsklike soan problemen hat op skoalle.

B Is for Bigfoot
algemiene gegevens
auteur Jim Butcher
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre fantasy
1e publikaasje 2012
oarspr. útjwr. Random House
bondel Under My Hat: Tales from
   the Cauldron

Working for Bigfoot
Brief Cases
rige
rige The Dresden Files

Publikaasjeskiednis

bewurkje seksje

Butcher skreau B Is for Bigfoot foar de blomlêzing Under My Hat: Tales from the Cauldron, dêr't ek ferhalen fan oare fantasy-auteurs yn stiene. It boek waard yn 2012 ûnder redaksje fan Jonathan Strahan útjûn troch Random House Books for Young Readers. Yn 2015 waard B Is for Bigfoot yn 'e mande mei twa oare ferhalen fan The Dresden Files dy't oer in sasquatch geane (I Was a Teenage Bigfoot en Bigfoot on Campus) werútjûn yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot, dy't yn in beheinde oplaach útkaam by Subterranean Press yn Burton (Michigan). Yn 2018 waarden dy trije ferhalen ek tafoege oan in nije ferhalebondel fan The Dresden Files, mei as titel Brief Cases.

Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, is ferheard as in nije kliïnt him tillefoanysk freget om foar in moeting alhiel nei de wâlden fan noardlik Wisconsin te kommen. As er dêr op it ôfsputsen plak arrivearret, blykt it om in reuseftige sasquatch te gean, dy't himsels foarstelt as Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders. It docht bliken dat it wêzen in relaasje mei in minsklike frou krigen hat, de argeologe Helena Pounder, dy't er troffen hat doe't se lykme-allinne in opgraving die yn 'e wyldernis fan súdlik Ontario. Ut dy relaasje is in soan berne, Irwin, dy't neat wit fan syn boppenatuerlik erfskip. Irwin wennet mei syn mem yn Chicago, dêr't er problemen hat op skoalle. Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders, dy't 2.70 m lang is en sa breed as twa folwoeksen minsken, kin sels net nei stêd ta om't er dêr frijwat opfalle soe. Dêrom hiert er Harry yn om him te fertsjintwurdigjen. Hy seit dat de mem fan 'e jonge better útlizze kin wat der oan 'e hân is, en jout Harry by wize fan oanbetelling in goudklomp ter grutte fan in golfbal.

Werom yn Chicago nimt Harry kontakt op mei dr. Helena Pounder. Dat blykt in mânsk frommes fan hast twa meter lang te wêzen, dy't sels ek foar in part ôfstammet fan in sasquatch. Se nimt foar har soan oer in hiel beskermjende hâlding oan, en sit dêrom tige yn noed oer wat Irwin de lêste moannen oerkommen is. Hy kaam nammentlik allegeduerigen fan skoalle thús mei kniezings en blauwe plakken, en om't er fanwegen syn heite magy hiel fluch genêst, is syn mem der wis fan dat de ferwûnings oarspronklik noch folle slimmer wiene. Doe't se him deroer ûnderstie, kaam er mei ferlechjes dy't er dúdlik op dat stuit betocht. Se hat him de lêste tiid hieltyd nei skoalle brocht en wer ôfhelle sadree't de skoalle útkaam, en dat hat tydlik holpen, mar se moat mei koarten fuort foar in nije opgraving, en se wol dat de kwestje foar dy tiid oplost wurdt. Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders hat fia syn kontakten yn 'e Yndianereservaten fan noardlik Wisconsin (deselden dy't him ek holpen hawwe om Harry op te skiljen om harren moeting te regeljen) bewurkmastere dat de skoalle fan syn soan in pear dagen sûnder konsjerzje sit. (De konsjerzje hat nammentlik yn in Yndiaansk kasino in reis nei Hawaiï wûn.) It plan is dat Harry no op 'e skoalle ynfalle sil as konsjerzje om út te sykjen wat der oan 'e hân is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Op syn earste wurkdei as konsjerzje hâldt Harry de jonge Irwin goed yn 'e rekken. Hoewol't er noch mar in jier as tsien is, stekt er al mei kop en skouders boppe de oare learlingen út. It is in kalme, betochtsume jonge, dy't graach lêze mei eins gjin freonen hat. Hy wurdt narre troch in pear klasgenoaten, twa bruorren, en Harry is der tsjûge fan hoe't dy klieren yn it middeisskoft Irwin syn tsjinblêd mei syn iten fan 'e tafel ôf en oer him hinne kiperje. Se dogge dat op sa'n rûtinemjittige wize, dat it grif net de earste kear is, en se binne al in hiel ein fuort as alle oare bern yn 'e kantine harren fanwegen it lawaai omdraaie en nei Irwin sjogge, dy't allinnich oan in tafel sit. Ien fan 'e leararen, dy't Coach Pete neamd wurdt, is der as de âlde roeken by om Irwin te beskrobjen foar syn ûnhandigens en him oan te sizzen dat er dy middeis neibliuwe moat.

As er it foarfal yn him omgean lit, fynt Harry dat Coach Pete der wat al te gau by wie. Hy siket de man op, dy't, sa't er al fermoede, gjin minske blykt te wêzen. It is in svartálfr, in soarte fan dwerch út Svartálfheim. Dat binne geduchte wêzens, dêr't Harry it leaver net mei oan 'e stôk krije wol. As er de svartálfr oansprekt op syn hâlden en dragen, fertelt dy him dat hy as beskermer oannommen is fan 'e beide bruorren, dy't ek in boppenatuerlike âlder hawwe. Mei makket er Harry dúdlik dat er net tastean sil dat Harry yngrypt yn 'e sitewaasje, om't, sa seit er, Irwin goed is foar de beide bruorren. As Harry dêr tsjinyn leit dat de beide bruorren net goed binne foar Irwin, seit de svartálfr dat dat syn probleem net is. Harry driget de mishanneling fan Irwin troch de beide bruorren oan te jaan by de skoallieding, mar de svartálfr seit dat dat er him dêr gjin soargen oer makket, om't de âlden fan 'e beide jonges tsien kear safolle finansjele stipe oan 'e skoalle jouwe as Irwin syn mem. Harry beseft dat op in priveeskoalle lykas dizze de misdragings fan 'e beide bruorren wierskynlik yndie mei de mantel der leafde bedutsen wurde sille.

Oan 'e ein fan 'e middei, as Irwin yn 'e kantine ûnder it tasjend each fan Coach Pete syn strafwurk makket, wylst de beide bruorren yn 'e buert omhingje mei de oerdúdlike bedoeling om Irwin in pak op 'e hûd te jaan, sprekt Harry de jonge oan. Irwin is in sêftaardige, freonlike jonge, dy't leard hat dat geweld altyd ferkeard is. Harry hat der klauwen oan om him wat op te skerpjen. Uteinlik wit er ta Irwin troch te kringen as er seit dat in wan bruien soms ek in ûnmisbere les wêze kin. As er de jonge allinnich lit mei syn strafwurk, komme de beide bruorren al rillegau neieroan. Se smite Irwin oer de flier en begjinne op him yn te slaan mei in rubberen slang. Harry stiet op it punt om yn te gripen en de striid mei de svartálfr oan te gean, mar diskear jout Irwin him lykwols net oer. Behalven syn lingte blykt er noch wat fan syn heit urven te hawwen, want hy smyt ien fan 'e bruorren mear as trije meter fuort en tilt de oare sûnder muoite mei ien hân oan syn kraach fan 'e grûn ôf om him trochinoar te skodzjen. Dan fertelt er harren kalmkes dat er dit soarte hâlden en dragen net mear tastean sil. Nei't de beide bruorren har slûksturtsjend ôfjûn hawwe, seit Harry tsjin 'e svartálfr dat Harry him in geunst bewiisd hat troch Irwin oan te fiterjen om him te fersetten. Hy leit út dat de bruorren no krekt leard hawwe dat guon proaien te gefaarlik binne om oan te fallen, en dat se dêr net iens in skramke by oprûn hawwe. De svartálfr kin net oars as it dêrmei iens wêze.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Butcher, Jim, B Is for Bigfoot, yn: Strahan, Jonathan, (red.), Under My Hat: Tales from the Cauldron, New York, 2012 (Random House Books for Young Readers), ISBN 978-0 37 58 68 047.
  • Butcher, Jim, B Is for Bigfoot, yn: Butcher, Jim, Working for Bigfoot, New York, 2015 (Subterranean Press), ISBN 1 59 60 67 306.
  • Butcher, Jim, B Is for Bigfoot, yn: Butcher, Jim, Brief Cases, New York, 2018 (Ace Books), ISBN 0 45 14 92 102.
The Dresden Files
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases