Under My Hat: Tales from the Cauldron
Under My Hat: Tales from the Cauldron is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Australyske redakteur Jonathan Strahan. De titel betsjut "Under Myn Hoed: Ferhalen út 'e Heksetsjettel". De bondel omfettet 18 koarte ferhalen fan it fantasysjenre dy't allegearre geane oer tsjoenders, heksen en tsjoenderij. De ferhalen binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Tanith Lee, Neil Gaiman en Jim Butcher. Alle ferhalen út Under My Hat waarden yn dizze bondel foar it earst publisearre, hoewol't de measten neitiid troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn binne yn eigen ferhalebondels. Under My Hat: Tales from the Cauldron waard yn 2012 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Random House Books for Young Readers.
Under My Hat: Tales from the Cauldron | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Jonathan Strahan (red.) | |
taal | Ingelsk | |
foarm | ferhalebondel | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2012, New York | |
oarspr. útjwr. | Random House Books for Young Readers | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 37 58 68 306 |
Ferhalen
bewurkje seksje- Diana Peterfreund, Stray Magic
- Frances Hardinge, Payment Due
- Garth Nix, A Handful of Ashes
- Holly Black, Little Gods
- Charles de Lint, Barrio Girls
- Tanith Lee, Felidis
- Neil Gaiman, Witch Work
- Ellen Klages, The Education of a Witch
- Ellen Kushner, The Threefold World
- Delia Sherman, The Witch in the Wood
- Patricia A. McKillip, Which Witch
- Tim Pratt, The Carved Forest
- M. Rickert, Burning Castles
- Isobelle Carmody, The Stone Witch
- Jane Yolen, Andersen's Witch
- Jim Butcher, B Is for Bigfoot (ûnderdiel fan The Dresden Files)
- Peter S. Beagle, Great-Grandmother in the Cellar
- Margo Lanagan, Crow and Caper, Caper and Crow
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|