Grave Peril is in roman fan it fantasysjenre skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut: "Earnstich Gefaar", mar it is in Ingelske wurdboarterij, mei't "grave" ek it wurd foar "grêf" is. De titel kin dus ek útlein wurde as "Gefaar út it Grêf". It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it trêde diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Fool Moon. Yn Grave Peril kriget Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, it oan 'e stôk mei geasten en fampieren, en lokket er úteinlik in oarloch yn 'e boppenatuerlike wrâld út. Grave Peril waard yn 2001 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books. Yn 2005 waard de roman troch de Science Fiction Book Club werpublisearre yn 'e omnibusedysje Wizard for Hire, mei it earste en twadde diel fan The Dresden Files: Storm Front en Fool Moon. In Nederlânsktalige oersetting fan Grave Peril (troch Robert Neugarten) waard yn 2010 troch De Vliegende Hollander publisearre ûnder de titel Doodsnood.

Grave Peril
algemiene gegevens
auteur Jim Butcher
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2001, New York
oarspr. útjwr. Roc Books
rige
rige The Dresden Files
● foarich diel Fool Moon
● folgjend diel Summer Knight
kodearring
ISBN 0 45 14 62 343

Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive yn Chicago, wurdt opsocht troch in kreaze jonge frou dy't har wiere namme net jaan wol, mar harsels Lydia neamt. Se seit dat se hjitfolge wurdt troch in gefaarlike geast dy't har fermoardzje wol en freget Harry om help. Harry is skeptysk oer har ferhaal, en hy is boppedat hastich. Mar hy jout har in talisman tsjin boppenatuerlike oanfallen troch geasten en spûken, en dêropta it adres fan 'e Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels, dêr't pastoar Anthony Forthill, oan wa't Harry kunde hat, har op wijde grûn de nacht trochbringe litte sil as se seit dat se troch "de freon fan Michael" stjoerd is.

Chicago wurdt de lêste tiid teheistere troch in wiere pleach fan gefaarlike spûken, en dyselde jûns kriget Harry berjocht dat it wer rekke is, diskear op 'e kreamôfdieling fan it Cook County Hospital. Hy set dêr op ta mei syn freon Michael Carpenter, in timmerman mei in grutte húshâlding, dy't njonken syn gewoane wurk ien fan 'e Ridders fan it Krús is en ien fan 'e trije swurden draacht wêryn't in spiker ferwurke is dy't brûkt is by de krusiging fan Jezus Kristus. Harry brekt alderhanne ferkearsregels om sa fluch mooglik yn it sikehûs te kommen, en as hy en Michael dêr nei in wylde rit mei de plysje op 'e hakken arrivearje, binne se mar krekt op 'e tiid om foar te kommen dat it spûk fan 'e sljochtsinnige njoggentjinde-iuwske Agatha Hagglethorn alle poppen op 'e kreamôfdieling ombringt. Harry en Michael ferdriuwe it spûk, mar Harry wit dat it weromkomme sil as se it net foargoed tsjinhâlde. Dêrom folgje hy en Michael it spûk nei de boppenatuerlike wrâld dy't Harry (nei de film Peter Pan) it Nevernever neamt. Dêr witte se it spûk nei in fûleindige striid te oerwinnen en te ferdylgjen, mar net foar't Harry wat sjoen hat dat him yn 'e gewoane wrâld ûntkomd wie: it spûk is omwikkele mei in stikeltriedeftige betsjoening dy't it oanhâldend folteret en gek makket fan pine. Gjin wûnder dat it wêzen it sa mâl die. Harry begjint no te tinken dat de pleach fan spûken feroarsake wurdt troch immen dy't de spûken betsjoend hat, al hat er dit soarte betsjoenings noch nea earder sjoen.

Foar't Harry en Michael it Nevernever wer ferlitte kinne, komt de Leanansidhe harren dêr oer it mad. Dat is in machtige ierdgeast, ien fan 'e hege Sidhe, yn 'e foarm fan in tige tsjeppe frou. Hja hat in bysûndere belangstelling foar Harry, mei't hja syn peetmuoike is. (Wat syn mem silger besielde om in Sidhe ta syn peetmuoike te meitsjen, wit Harry net.) As opslûpen jonge hat er lykwols yn uterste need in oerienkomst mei Lea (sa't de Leanansidhe har neame lit) sletten, dat er himsels yn ruil foar har help oan har oerjaan soe. Sûnt hat er dêr frijwat spyt fan, en dêrom besiket er sa min mooglik yn it Nevernever te kommen, om Lea te ûntrinnen. Dêrmei hat er syn wurd brutsen, wat foar de Sidhe in tige earnstige saak is. Lea easket no dat Harry him daliks oan har oerjout, mar Harry is har te fluch ôf, en hy en Michael witte krekt op 'e tiid nei de gewoane wrâld te ûntkommen. Werom yn it Cook County Hospital wurde se lykwols daliks arrestearre troch de plysje foar fersteuring fan 'e iepenbiere oarder. Michael wurdt op boarchtocht frijlitten nei't syn boarch betelle is troch syn lulke frou Charity, dy't op alle dagen rint en dy't net ûnder stuollen of banken stekt dat se Harry net lije mei. Harry syn boarch wurdt betelle troch Susan Rodriguez, in sjoernaliste fan 'e Arcane, in krantsje dat benammen oer boppenatuerlike saken publisearret, mei wa't er al in jier, oardel in relaasje ûnderhâldt.

As se jûns let by Harry syn appartemint yn it sûterrên fan in flatgebou oankomme, wurde Harry en Susan opwachte troch twa reade fampieren, in Kyle Hamilton en dy syn suster Kelly, dy't Harry in útnûging oerlangje foar de feestlike ferheffing fan Bianca St. Claire ta markgrevinne fan it Reade Hôf. Bianca is in fampier dy't yn Chicago it bordeel The Velvet Room runt. Harry hat alris earder gedoente mei har hân (sjoch: Storm Front), en hat doe in fijân fan har makke. De útnûging is dan ek net oan him persoanlik rjochte, mar oan him yn syn hoedanichheid as de fertsjintwurdiger yn Chicago fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij, de wrâldorganisaasje fan tsjoenders. Likegoed is Harry net fan doel om derhinne, ek al sil dy hâlding him wierskynlik op in reprimande komme te stean fan 'e lieders fan 'e Wite Ried. Susan, oan 'e oare kant, is fanwegen har sjoenalistike eftergrûn daliks entûsjast oer de útnûging, en Harry hat der klauwen oan om har oan it ferstân te bringen dat it in hiel, hiel dom idee wêze soe om har as syn gast mei te nimmen nei in gearkomste fan fampieren.

Nei't Harry en Susan tegearre de nacht trochbrocht hawwe yn syn appartemint, wurdt Harry de oare moarns ier al wekker makke troch Michael. Dy nimt him mei nei de Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels, dêr't pastoar Forthill yn alle steaten is. Hy hat Lydia, de jonge frou dy't Harry nei him ta stjoerd hie, nammentlik ûnderdak bean, en dêrnei is de tsjerke de hiele nacht belegere troch it iene of oare boppenatuerlike wêzen dat besocht deryn te kommen. Hoewol't dat net slagge is, binne alle roazestruken dy't om 'e tsjerke hinne plante wiene, út 'e grûn skuord en alle auto's op it parkearterrein fernield. Dêr skrikt Harry wol fan, want hy hat noch nea heard fan in geast mei safolle macht dat dy yn 'e fysike wrâld sa'n ravaazje oanrjochtsje kin. Doe't it leven bûtendoar tsjin 'e moarnsdage weistoar en pastoar Forthill yn 'e sûs rekke, is Lydia lykwols útpykt. Harry beslút ris syn ljocht op te stekken by oaren dy't yn Chicago by it boppenatuerlike belutsen binne, dat hy bringt in besyk oan Mortimer Lindquist, in medium dat kontakt mei de ferstoarnen siket. As er dêr arrivearret, stiet Lindquist, dy't skitende benaud is foar wat der geande is mei spûken en geasten, op it punt om in lange fakânsje fier fuort te nimmen. Hoewol't Harry en Lindquist net goed kinne, helpt it medium Harry úteinlik troch him de trije boekjes mei oantekenings te jaan dy't er de ôfrûne wiken makke hat.

Ear't Harry dêr oer gear kin, wurdt er opskille troch syn freondinne Karrin Murphy, it haad fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan 'e Plysje fan Chicago. Dy fertelt him dat ien fan har ûnderhearrigen, Micky Malone, yn ien nacht tiid gek wurden is, en freget Harry mei klam oft hy der ris nei sjen kin. Dat Harry bejout him nei it hûs fan Mickey Malone, dy't op bêd fêstbûn is om't er in gefaar foar himsels en oaren foarmet en inkeld noch wartaal útslaan kin. Harry stelt fêst dat immen Malone in selde soarte betsjoening oplein hat as it spûk yn it sikehûs, in betsjoening dy't er fisualisearret as in foarm fan stikeltrie dy't strak om Malone syn hiele lichem wikkele is en mei fjoerskerpe stikels djip yn syn fleis stekt. Mei in uterste magyske krêftsynspanning wit Harry de betsjoening los te skuorren en te ferneatigjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Werom yn syn appartemint freget Harry him neitiid ôf wat Mickey Malone mei de gefaarlike spûken fan 'e lêste tiid te krijen hat, en oft de belegering fan Lydia yn 'e Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels mei deselde saak te krijen hat. Ek kin er mar net begripe hoe't Malone yn syn eigen hûs oanfallen wêze kin, mei't de 'drompel' fan in thús soks ornaris tsjinkeart (dêrom kinne fampieren ek net de wenten fan libbene minsken binnenkringe). Om troch sa'n 'drompel' te brekken is in ûnbidige magyske krêft nedich. Harry syn konklúzje is dat it òf it wurk fan âlde godheid is dy't krêftich genôch is om sûnder folle muoite troch 'drompels' hinne te brekken (en yn dat gefal is der net ien dy't der noch wat tsjin dwaan kin), òf dat it giet om in gewoane geast dy't in manear fûn hat om 'e regels fan magy te omsilen. Yn elts gefal is er fan miening dat Lydia mear wit as dat se him ferteld hat. It is dus saak om har te finen, ek foar har eigen goederbêst, want mei in pear oeren wurdt it wer nacht.

Harry stjoert Bob, in elemintêre geast fan de lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't in skedel bewennet op 'e boekeplanke yn syn laboratoarium, der op út om nei Lydia te sykjen. Om't Bob him inkeld by tsjuster maklik yn geastlike foarm troch de wrâld bewege kin, beset er foar dit putsje Mister, Harry syn kat. Sels tsjocht Harry der ek op út. Hy hat Lydia syn anty-spûketalisman jûn, en no fiert er in tsjoen út om it ding werom te finen, hoewol't it fansels mar de fraach is oft Lydia it noch om hat. Harry folget it magyske spoar fan de talisman nei in âld pakhûs yn in ferlitten diel fan 'e stêd. As er dêr ynbrekt, ûntdekt er in bestelbuske dêr't Lydia bewusteleas efteryn leit. Foar't er har dêrwei helje kin, wurdt er lykwols oanfallen troch twa fampieren, dy't nimmen oars binne as Kyle en Kelly Hamilton, dy't him earder de útnûging foar it feest fan Bianca St. Claire brocht hawwe. Om't se him oer it mad komme, witte se him op in hier nei te ferslaan, mar as Harry mei in fjoerspreuk by fersin it pakhûs yn ljochte lôge set, mei as gefolch dat al rillegau it rynkranke dak ynstoart sadat der sinneljocht ynlitten wurdt, binne de troch it ljocht ferwûne fampiers twongen om te meitsjen dat se fuortkomme. Dat dogge se lykwols yn it bestelbuske, wêrby't se Lydia meinimme.

Harry, dy't troch Kelly bespuid is mei de bedwelmjende flibe fan 'e reade fampieren, wit mar mei muoite syn appartemint wer te berikken. Dêr rekket er yn in djippe sliep en dreamt er oer in saak fan in pear moannen lyn, doe't hy en Michael yn gearwurking mei Murphy en de Spesjale Undersyksienheid fan 'e Plysje fan Chicago de twaddeklas warlock Leonid Kravos ûnder fuotten hellen yn in pakhûs by de haven. Wylst de oare plysjes Kravos syn bedwelme folgelingen yn 'e boeiens sloegen en ôffierden, weefden Harry, Michael, Murphy en Mickey Malone ôf mei Kravos sels en de demon dy't er oproppen hie. Yn it echt makke Michael, mei syn hillige swurd Amoracchius, koarte metten mei de demon, wylst Harry Kravos oermânsk waard, wêrnei't de warlock troch Murphy en Malone oppakt en ôffierd waard. Yn de dream deadet de demon lykwols Michael, Murphy en Malone, wêrnei't er him op Harry stoart en him libben begjint op te fretten wylst Harry dêr neat tsjin dwaan kin. Op dat stuit wurdt er op hurdhannige wize wekker makke troch Bob, dy't him mei Mister syn klauwen in feech yn it gesicht jout.

As er wer by sûpe en stút is, merkt Harry dat er in diel fan syn magyske krêft kwyt is. Ta syn ôfgriis moat er dan fêststelle dat de nachtmerje net samar in boaze dream wie, mar in wiere, magyske oanfal troch in geast dy't er no 'de Nachtmerje' begjint te neamen. Doe't de demon him yn 'e dream libben begûn op te fretten, hat de Nachtmerje dêrmei in diel fan Harry syn magyske krêft ferslynd. Harry begrypt no ek hoe't Mickey Malone yn syn eigen hûs oanfallen wurde koe: de oanfal barde yn syn sliep, dat de Nachtmerje hoegde syn drompel hielendal net oer. Wat oars dat him no dúdlik wurdt, is dat de Nachtmerje wat te krijen hat mei de saak fan Leonid Kravos. In demon is tige dreech te deadzjen. As sa'n wêzen oproppen wurdt, is it measte dat men dwaan kin ornaris om it fysike lichem dat er yn 'e wrâld oannommen hat, te deadzen, sadat de demon sels weromstjoerd wurdt nei de ûnderwrâld. Mar mei in hillich wapen as Amoracchius, sa spekulearret Harry, soe it miskien mooglik wêze om in demon sels te deadzjen. Dan is wêr't se hjir mei te krijen hawwe miskien wol it spûk fan in demon. Yn elts gefal is nei de oanfallen op Mickey Malone en Harry sels dúdlik dat de Nachtmerje it foarsjoen hat op 'e lju dy't by de saak-Kravos belutsen wiene. Dat betsjut dat Murphy en Michael yn gefaar binne.

Harry besiket harren allebeide op te skiljen, mar kriget by Michael gjin gehoar. Murphy nimt wol op, mar grommelet him, ear't se wer ophinget, inkeld ta dat er noris opsjitte moat, om't er tasein hat oer tsien minuten by har te wêzen. Harry beseft dan dat de Nachtmerje mei in grut diel fan syn magyske krêft ek in diel fan syn persoanlikheid ta him nommen hat, en dat it wêzen him no foardwaan kin as Harry Dresden. Hy hastiget him nei it plysjeburo ta, dêr't er arrivearret as de oanfal fan 'e Nachtmerje op Murphy yn folle gong is. Harry wit de Nachtmerje ôf te skrikken, mar tsjin dy tiid sit Murphy fêst yn in nachtmerje dêr't se net mear út komme kin. It iennichste wat Harry foar har dwaan kin is in betsjoening oer har útsprekke sadat se yn in djippere, dreamleaze sliep falt. Hy fertelt John Stallings, Murphy har partner, dat er beslist de grimoire fan Leonid Kravos hawwe moat, dy't de plysje nei de ynfal yn it pakhûs by de haven as bewiisstik meinommen hat. As it de geast fan in demon is dêr't se tsjin fjochtsje, hat Harry nammentlik ferlet fan 'e namme fan 'e demon, en hy is der wis fan dat Kravos dy notearre hawwe sil. Stallings seit dat it "ûnder de omstannichheden" (dêr't er fierder neat oer sizze wol) dreech wêze sil om oan it boek te kommen, mar dat er syn bêst dwaan sil.

De sliepende Murphy fierders oan Stallings-en-dy tafertrouwend, hastiget Harry him nei it hûs fan Michael Carpenter. It is suver neare nacht as er dêr oankomt, mar Michael is noch op om't syn jongste bern, in pjut oardel jier, net sliepe kin. Harry fertelt him wat der oan 'e hân is, en Michael makket him dan daliks ree om der mei him op út om Lydia te sykjen. Pas dan komme se derefter dat Michael syn frou Charity fuort is. Harry fynt in bryfke dat se efterlitten hat, dêr't op stiet dat se fanwegen har swierwêzen ôfgryslike sin oan in iisko hat en even nei de nachtwinkel gien is. Michael wol daliks efter har oan, en as Harry him freget hoe't it dan mei syn bern moat, sûnder babysitter, lit Michael him ien fan 'e foardielen sjen dy't men hat as men foar God wurket (wat de Ridders fan it Krús grif dogge): hy lûkt de foardoar iepen en dêr stiet pastoar Forthill, dy't dy't krekt oanbelje woe. Hy wie troch omstannichheden noch let op 'en paad, doe't syn auto ûnderweis nei hûs suver by Michael foar de doar de geast joech. De bern ûnder de soarch fan 'e pastoar efterlittend, sette Michael en Harry ôf. By de nachtwinkel arrivearje se krekt te let. Wylst Michael de winkel trochsiket, wit Harry fan 'e kassiêre los te krijen dat in frou fan 'e beskriuwing fan Charity út 'e winkel wei ôfset is mei man dy't as twa drippen wetter op Harry sels liek. Harry draaft wer nei bûten ta en sjocht yn 'e fierte, ûnder in lantearnepeal, noch krekt twa lju rinnen.

Yn de streamende rein set Harry de efterfolging yn, dy't einiget op it bekende Graceland Cemetery, in mei muorren omjûn begraafplak yn Chicago. Dêr folget in gefjocht wêrby't de wurge Harry it opnimme moat tsjin 'e Nachtmerje dy't de foarm fan himsels oannommen hat. It wêzen wurdt him oermânsk en smyt him tsjin ien fan 'e pylders fan in mausoleum oan. Harry wol noch wol fierder fjochtsje, mar syn lichem wurket net mear mei. Op dat stuit ferskynt syn peetmuoike, de Leanansidhe, dy't him in nije oerienkomst oanbiedt. It is eins net mear is as in werhelling fan harren âlde oerienkomst: sy jout him krêft en yn ruil dêrfoar jout hy himsels oan har. Harry, dy't him net mear bewege kin, en beseft dat er wat krúsjaals brutsen hat, sjocht gjin oare mooglikheid as om dêryn ta te stimmen. Dêrop genêst Lea him mei in tút en jout se him it kryptyske boadskip dat wat er nedich hat om de Nachtmerje te ferslaan oeral om him hinne is. Harry giet de striid mei it wêzen wer oan en kriget dêrby help fan Michael, dy't him efternei kommen is nei it begraafplak. As de Nachtmerje lykwols driget om Charity mei in grêfsark te ferpletterjen, wurdt Michael twongen om Amoracchius falle te litten. Nettsjinsteande dat is de Nachtmerje fan doel om Charity dochs te deadzjen. Op dat stuit begrypt Harry ynienen wat Lea bedoelde. Troch de rein rinne hjir en dêr oer it begraafplak lytse streamkes wetter, en streamend wetter lit magyske enerzjy fuortrinne. Harry springt de Nachtmerje dêrom op 'e hûd en rôlet mei it wêzen troch ien fan 'e streamkes hinne, wêrnei't it flokkend en mâlgûlend syn fysike lichem ferliest.

Neitiid ferskynt Lea wer en easket dat Harry fuortendaliks syn diel fan 'e oerienkomst neikomt en himsels oan har oerjout. Dat Harry dingen te dwaan hat, lykas útsykje wa't der efter de Nachtmerje sit en foargoed mei it wêzen ôfweve, ynteressearet hat net. Harry pakt Amoracchius op om him tsjin har en har boppenatuerlike jachthûnen te beskermjen, mar in swurd fan God kin net brûkt wurde om jins wurd te brekken, en sadree't Harry mei it limmet ien fan 'e hûnen rekket, dôvet it fjoer fan Amoracchius út en falt it swurd him út 'e hannen. Hoewol't ierdgeasten sa'n hillich foarwerp normaal nea beetpakke kinne soene, is it swurd no troch Harry syn dwaan ûnthillige, en dêrtroch kin Lea it opkrije en dermei útnaaie. Dat bart allegear ta ôfgriis fan Michael, mar dy wit dat God net tastean sil dat it swurd lang yn Lea har hannen bliuwt, en boppedat hat er direktere soargen, want troch it hiele gefjocht op it begraafplak is Charity yn 'e weeën rekke. Hy en Harry nimme har mei nei it Cook County Hospital, dêr't de dokters úteinlik ta in keizersneed beslute. Charity en de poppe, in jonkje, ferkeare lange tiid yn libbensgefaar. Underwilens siket Stallings Harry yn it sikehûs op om him de út it plysjeburo ûntfrjemde grimoire fan Kravos te besoargjen.

Harry bepraat Michael om wiif en bern oan 'e soargen fan de dokters oer te litten en him te helpen om foargoed mei de Nachtmerje ôf te weven. Werom yn syn appartemint besiket Harry de geast fan de demon, dy't Azorthragal hjit, te binen, sadat er inkeld noch Harry sels oanfalle kin. Neitiid sette hy en Michael ôf nei it feest fan 'e fampieren fan it Reade Hôf ta eare fan 'e ferheffing fan Bianca St. Claire. Hoewol't Harry oarspronklik hielendal net fan doel wie om dêrhinne, fermoedet er troch de ûntfiering fan Lydia troch de fampieren Kyle en Kelly Hamilton dat der in bân bestiet tusken de fampieren en de Nachtmerje. Syn besyk oan it feest is dêrom in soarte fan ferkenningsmissy. Neffens de útnûging mocht er ien gast meinimme, en dat is Michael. It is de bedoeling dat alle gasten ferklaaid komme, en Michael giet as Timpelier, wylst Harry, by wize fan gekoanstekkerij oan 'e fampieren, giet as fampier, en net samar in fampier, mar in fampier út in tige minne B-film. As se oankomme by The Velvet Room, it yn in filla fêstige bordeel fan Bianca St. Claire dêr't it feest holden wurdt, moetsje Harry en Michael dêr Thomas Raith, in fampier fan it Wite Hôf, en dy syn minsklike minneresse Justine. (Fampieren fan it Wite Hôf, of wite fampieren, libje fan 'e opsûgde emoasjes fan minsken ynstee fan bloed, dêr't de fampieren fan it Reade Hôf en it Swarte Hôf fan besteane.) In oare gast is de draak Ferrovax, mei wa't Harry it suver oan 'e stôk kriget. Harry, dy't him troch de him ûntstellen magy en alle gefjochten al min fielt, rekket noch beroerder as er wyn drinkt dy't oanlinge is mei de bedwelmjende flibe fan reade fampieren.

De jûn wurdt noch helte minder as Susan Rodriguez opdaagjen komt, ferklaaid as Readkapke. Susan, dy't har nijsgjirrigens net de baas koe, hat in útnûging ferfalske om by it feest binnen te kommen, mar it gefolch dêrfan is dat se no net ûnder de frije trochtocht falt dy't wiere gasten neffens de âlde wetten fan 'e boppenatuerlike wrâld by sokke gelegenheden beskermje. Dat betsjut dat eltse fampier Susan oanfalle en deadzje kin, sûnder dat se dêrmei de regels brekke. Wylst Harry dat Susan oan it ferstân besiket te bringen, docht bliken dat it Winterhôf fan 'e ierdgeasten as fertsjinwurdiger Harry syn peetmuoike Lea stjoerd hat. As dy fan Harry op 'e nij easket dat dy harren oerienkomst neikomt, en Harry dat foar de trêde kear wegeret, keart Harry syn eigen tsjoenderij him tsjin him, en kin er ynienen neat mear, sels net mear prate. Lea leit kalm út wat Harry himsels oandien hat en ûnderhannelet dan mei Susan oer wat dy betelje wol om Harry der boppe-op te helpen. Nei't Lea earst Susan har eagen easke hat, en dêrnei Susan har leafde, stimt Susan der úteinlik mei yn om "in jier fan oantinkens" oan Lea te jaan. Lea hâldt wurd en helpt Harry om frij te kommen fan 'e magyske weromslach dêr't er yn fêstrekke is, mar dan docht bliken dat Lea Susan al har oantinkens oan Harry ôfnommen hat, sadat se him no as in frjemd beskôget.

Harry en Michael beslute dat it better is om it feest, dat yn 'e tún efter de filla holden wurdt, foartidich te ferlitten, mar de iennichste útwei is troch de filla hinne nei de foardoar, en by de efterdoar fan 'e filla wurde se tsjinholden troch Mavra, de fertsjintwurdichster fan 'e fampieren fan it Swarte Hôf (of de 'klassike' fampieren à la Greve Dracula). Dat blykt in âlde fijân fan Michael blykt te wêzen, en ien dy't mei Bianca en de reade fampieren ûnder ien tekken skûlet. De iennichste manear om fuort te kommen, is troch Mavra oan te fallen, mar dêrmei soe Harry de earste wêze dy't de âlde regels fan 'e boppenatuerlike wrâld brekt, wat jammerdearlike gefolgen hawwe soe foar de Wite Ried fan Tsjoenderij, dêr't hy ommers de offisjele fertsjintwurdiger fan is. Wylst Harry wifelet, wurdt it tiid foar Bianca, as koartby ferhefte markgrevinne fan it Reade Hôf, om geskinken út te dielen oan har gasten. Ien foar ien wurde gasten by har roppen om in presint te ûntfangen. It is dan dat Thomas Raith, de fertsjintwurdiger fan it Wite Hôf, it op in akkoartsje goait mei Harry en Michael, om't ek hy in âlde fijân fan Bianca is, en hy derfan oertsjûge rekke is dat it har bedoeling is om fan 'e jûn yn ien kear mei al har fijannen ôf te weven. As Harry by Bianca roppen wurdt, jout se him in grêfsark, mei dêrop de tekst "Hjir rêst Harry Dresden. Hy stoar wylst er it goede besocht te dwaan." As Lea by Bianca roppen wurdt, biedt se Bianca ek in geskink oan út namme fan it Winterhôf fan 'e ierdgeasten, en dat geskink blykt, ta ôfgriis fan Michael, it swurd Amoracchius te wêzen. Yn ruil dêrfoar kriget se fan Bianca in ritueel mês fan grutte wearde werom.

Dan is it Mavra har beurt om in geskink te ûntfangen. Bianca jout har Amoracchius en dêropta in sek dêr't de finzen Lydia yn blykt te sitten. Mavra risselwearret dêrop om "har kado iepen te meitsjen", d.w.s. Lydia dea te stekken mei Amoracchius, wat it hillige swurd foargoed bedjerre sil mei it bloed fan in ûnskuldige. Dan kriget Harry foar it ferstân dat it altyd al Bianca har bedoeling wie om him yn har domein te twingen de regels te brekken, sadat se rjocht en reden oan har kant hawwe sil as se him deadet. Mei Michael, Susan, Thomas en Justine fjochtet Harry him in wei nei it poadium, dêr't er Lydia befrijt. Mar dan reitsje se ynsletten en Harry hat gjin magy mear oer troch te fjochtsjen. As Susan yn 'e hannen fan 'e reade fampieren falt, set Harry mei in lêste krêftsynspanning, berne út razernij, de hiele tún yn ljochte lôge. Reek is oeral en Harry en Michael, dy't de bewusteleaze Lydia oer it skouder nommen hat, kinne gjin útwei finen oant der in tunnel fan skjinne lucht troch de reek ferskynt, dy't harren nei de efterdoar fan 'e filla liedt. De tunnel blykt makke te wêzen troch Lea, dy't noch altyd Harry hawwe wol en der dêrom foar soargje wol dat er de konfrontaasje mei de reade fampieren oerlibbet.

Ienris yn 'e auto rekket Harry út 'e tiid en as er de oare middeis yn syn appartemint wer by besleur komt, blykt dat inkeld hysels, Michael en Lydia oan 'e fjoersee ûntsnapt binne. Harry is der beroerd fan as er Susan dea waant, mar as net lang dêrnei Thomas Raith by him oankloppet, dy't de hiele nacht en dei troch Chicago efterfolge is troch reade fampieren, fertelt dy dat Susan en Justine de flammen ek oerlibbe hawwe. Se wurde no fêstholden yn 'e filla, dy't allinnich oan 'e eftergevel skea oprûn hat fan 'e brân yn 'e tún. By wize fan gebear fan goede wil hat Thomas wat meinommen: it swurd Amoracchius, dêr't er yn 'e gaos yn 'e brânende tún mei útpykt is. Harry fermoedet no dat Bianca en Mavra de Nachtmerje aktyf holpen hawwe, as se him al net hielendal ta syn dieden oanset hawwe. Thomas fertelt dat Mavra de ôfrûne nacht noch fan rutens spile en Chicago ferlitten hat. Underwilens hat Michael Lydia identifisearre as ien fan 'e eardere folgelingen fan 'e ûnder fuotten helle warlock Leonid Kravos, wat útleit hoe't sy mei de saak te krijen hat. Lydia is nei in sliepeleaze nacht no einlings yn 'e sûs rekke, en Harry beseft te let wat dat betsjut.

As er har wekker meitsje wol, blykt it fanke al beset te wêzen troch de Nachtmerje. Der folget in fjochtpartij wêrby't de Nachtmerje yn it lichem fan Lydia besiket om Harry en syn freonen te deadzjen, wylst sy besykje om dat tsjin te hâlden sûnder dat se it lichem fan Lydia bliuwende skea tabringe. Wylst Michael Lydia yn betwang hâldt, fiert Harry in betsjoening út om de geast fan de demon Azorthragal út te bannen, mar dat hellet ta Harry syn ferbjustering neat út. Pas as it al hast te let is, begrypt er hoe't de foarke yn 'e stôk sit: de geast fan 'e demon hat nea wat mei de hiele saak te krijen hân – it is de geast fan 'e warlock Leonid Kravos dêr't se almar tsjin fochten hawwe. Kravos wie nei de konfrontaasje yn it pakhûs by de haven arrestearre troch de plysje, mar hy moat him yn syn sel tekoart dien hawwe, wat Murphy har aparte hâlden en dragen en Stallings syn taspilings oer de grimoire fan Kravos útleit. Harry beseft no dat Bianca en Mavra Kravos holpen hawwe moatte om in betsjoening op te setten dy't fan syn geast in spûk makke hat, mei de bedoeling om wraak te nimmen op Harry en syn freonen. Wylst Thomas Lydia ôfliedt, fiert Harry de útbanning nochris út, no mei de namme fan Kravos sels, en diskear wurdt de Nachtmerje út it lichem fan Lydia útdreaun.

Harry, Michael en Thomas beslute dan om in wraam op 'e filla fan Bianca St. Claire te dwaan. Hoewol't dy goed bewekke wurdt, tinkt Harry der fia it Nevernever yn trochkringe te kinnen. Sadwaande sette se trijeresom mei Bob as gids ôf troch dy boppenatuerlike wrâld. Dêr wurde se lykwols opwachte troch Lea, dy't op 'e nij opeasket dat Harry him oan syn ôfspraak hâldt en him oan har oerjout. Harry is har lykwols in stap foar, en hat der fergif op ynnommen, in eksimplaar fan 'e kleverige knolamanyt, om persiis te wêzen, dy't Lea oan syn siken rûke kin. Se komme oerien dat Lea him foar diskear gean litte sil, sadat Harry it tsjingif ynnimme kin dat Michael by him hat en him neitiid yn it sikehûs behannelje litte kin. Nei't Harry it tsjingif ynnommen hat, seit Lea lykwols dat sy him fan 'e jûn net mear teneikomme kin, mar oaren wol. Dêrop stjoert se har trewanten efter Harry-en-dy oan. Michael en Thomas bliuwe efter om 'e efterfolgers by in brêge oer in rivier tsjin te kearen, wylst Harry mei Bob syn paad ferfolget nei de filla fan Bianca. As er dêr út it Nevernever wei binnenkringt, blykt syn plan lykwols minder geniaal te wêzen as er tocht hie en wurdt er fuortendaliks finzen nommen.

Fanwegen it gif yn syn bloed kinne de fampiers him net leechdrinke, en dêrom sette se him fêst yn 'e kelderfertrek. Dêr is ek Justine, Thomas syn freondinne, dy't emosjoneel labyl blykt te wêzen no't Thomas der net is om 'e gefoelens ôf te flakjen dy't mei har op 'e rin geane. Fierders blykt ek Susan yn deselde kelder finzen te sitten, mar Bianca-en-dy hawwe oer har gear west en se is no heal feroare yn in fampier fan it Reade Hôf. De metamorfoaze sil foltôge wurde as se it bloed fan in minske drinkt oant dy it bestjert. De rook fan Harry syn bloed oerweldiget har op in hier nei, mar hy wit him har fan it liif te hâlden troch in betsjoening út te fieren dy't har har stellen oantinkens oan him weromjout. Dêrnei jout Harry him mei sin del om te sliepen, en sa't er al ferwachte hie, kringt Kravos yn dreamen binnen. Kravos fermoardet Harry yn 'e dream, mar yn 'e echte wrâld wurdt er reänimearre troch Susan. Trochdat Harry stoarn is, ûntstiet der in spûk fan him, en mei syn twaen witte Harry en syn spûk Kravos te oermasterjen. Hy skuort de warlock útinoar en ferslynt alle tsjoenderij dy't Kravos earder fan him stellen hie. De geast fan Kravos is dan definityf ferslein en wurdt wei yn it neat, en itselde bart mei Harry syn spûk, dat syn doel berikt hat.

As er wer wekker is, stiet Harry suver op barsten sa fol sit er no mei magyske enerzjy. Hy blaast de doar fan it kelderfertrek derút en deadet Kyle en Kelly Hamilton, dy't by de doar op wacht steane. Hy fynt de skedel mei Bob deryn en syn oare eigendommen werom, en liedt Susan en Justine by de trep op út 'e kelder wei. Boppe-oan 'e trep wurdt se lykwols opwachte troch Bianca en al har fampieren. Dêr is ek in don Paolo Ortega oanwêzich, in hartoch fan it Reade Hôf, dy't Bianca der as waarnimmer by frege hat. Ortega jout Harry te kennen dat Bianca har strikt oan 'e letter fan 'e Akkoarten tusken it Reade Hôf en de Wite Ried fan Tsjoenderij holden hat, wylst Harry dy oerienkomst al brutsen hat. Wat der no bart, sil troch Ortega streekrjocht trochspile wurde oan 'e Reade Kening, en as Harry net omlyk wol, sil dat oarloch betsjutte tusken it Reade Hôf en de Wite Ried. Bianca biedt Harry dan in kompromis oan: hy mei de filla mei Justine ferlitte en alle ferliezen fan beide kanten sille fierders tsjininoar fuortstreke wurde. Mar Susan bliuwt by har en wurdt ien fan har ûnderhearrigen. Dat is foar Harry net akseptabel, dat hy hoecht net lang nei te tinken om te besluten dat it dan mar oarloch wurde moat. Hy deadet ferskaten fan 'e fampieren, mar kriget dan in helder idee en ropt de geasten op fan 'e slachtoffers fan Bianca-en-dy, de spûken fan hûnderten minsken dy't yn mear as in iuw tiid yn 'e filla troch de reade fampieren fermoarde binne. Dy stoppet er alle magyske enerzjy ta dy't er noch hat, sadat de geasten fysike foarm oannimme kinne. It gefolch is dat de fampieren troch de geasten útinoar skuord wurde. Ek Bianca sels treft dat lot. Harry ûntflechtet mei Susan en Justine de filla foar't it hiele gebou ynstoart.

Harry wurdt nei it Cook County Hospital brocht, dêr't er behannele wurdt foar de gefolgen fan poddestoelfergiftiging, en troch in sadistyske kear fan it lot in keamer diele moat mei Charity Carpenter. Dy begjint him sadree't er wer by sûpe en stút is, it mannewaar op te sizzen. It giet nammentlik in stik better mei har en ek har poppe sil it rêde. Nettsjinsteande Charity har miening oer Harry, beslute sy en Michael letter om it jonkje Harry te neamen. Michael en Thomas binne nammentlik feilich út it Nevernever weromkeard. Thomas is Harry tige tankber foar de rêding fan Justine, fan wa't er oprjocht liket te hâlden, dat Harry hat foar de feroaring ris in freon makke, ynstee fan in fijân. Oan 'e oare kant is de Wite Ried fan Tsjoenderij poerlulk op him, mar dat wie te ferwachtsjen. Fierders is Murphy einlings wekker wurden, en Lydia is fia pastoar Forthill en de Roomsk-Katolike Tsjerke weiwurden om earne oars ûnder in oare namme in nij libben op te bouwen. Susan Rodriguez besiket Harry te ûntrinnen. As er har úteinlik opspoart, freget er har om mei him te trouwen. Drôf fertelt se him lykwols dat se no oanhâldend in gnaujende honger fielt nei bloed, dêr't se beslist net oan tajaan mei. Om't se sa fan him hâldt, kin se wat him oangiet de ferskillende soarten hongers net útinoar hâlde, en soe it mar in kwestje fan tiid wêze foar't se him deade. It liket har dêrom de baas dat se inoar net mear sjogge.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Dresden Files
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases