Kleverige knolamanyt
De kleverige knolamanyt (wittenskiplike namme: Amanita virosa) is in skimmelsoarte út 'e stamme fan 'e stâltsjeswammen (Basidiomycota), it skift fan 'e plaatsjesswammen (Agaricales), de famylje fan 'e amanyteftigen (Amanitaceae) en it skaai fan 'e amaniten (Amanita), dy't foarkomt yn Jeropa. It is in tige giftige poddestoel dy't amatoksine en fallotoksine befettet, en dy't yn potinsje deadlik is foar de minske. Hy stiet sadwaande yn it Ingelsk bekend as de destroying angel ("ferdylgjende ingel") en yn it Frânsk as de ange de la mort ("ingel fan 'e dea"), temear om't ûnfolwoeksen eksimplaren op beskate ytbere poddestuollen lykje. De kleverige knolamanyt waard foar it earst yn 1866 beskreaun troch de Sweedske mykolooch Elias Magnus Fries. De wittenskiplike soartenamme virosa komt fan it Latynske wurd virosus ("giftich"), dêr't ek ús wurd "firus" fan ôflaat is.
kleverige knolamanyt | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Amanita virosa | ||||||||||||
(Fr.) Bertillon, 1866 | ||||||||||||
Fersprieding en biotoop
bewurkje seksjeDe kleverige knolamanyt komt yn frijwol hiel Jeropa foar, hoewol't it yn in soad gebieten in tige seldsume poddestoel is. Yn Nederlân is dat ek sa, en dêrom stiet er op 'e Nederlânske Reade List foar poddestuollen. Kleverige knolamaniten komme foar yn leafwâld en nullewâld, mar benammen yn mingd wâld, dêr't se op moassige grûn oan 'e ein fan 'e simmer en hjerstmis faak ûnder bjirken groeie.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe kleverige knolamanyt ferskynt boppe de grûn as in wyt, aaifoarmich objekt, beklaaid mei in universeel felum. Neigeraden dat er groeit, brekt de hoed frij út 'e aaifoarmige húl. Dy hoed hat in diameter fan tusken de 5 en 10 sm en is altyd wyt fan kleur, hoewol't de midden wat ivoarkleurich lykje kin. Hy is earst kegelfoarmich, mar plattet letter ta en wurdt dan skiiffoarmich. De hoed is ornaris keal en befettet mar selden felumresten.
De opfallend slanke stâle is beklaaid mei ôfsteande wite skobben. It fruchtlichem hat in dúdlike wite beurs wêrfan't kwabben tsjin 'e stâle oan lizze of ôfsteand binne. Yn 't earstoan hat it wite fleis fan 'e kleverige knolamanyt mar in swakke rook, mar neigeraden dat de poddestoel langer folwoeksen is, begjint it in ûnoangenaam swiete geur ôf te jaan. As men it yt (net dwaan!), skynt it nei radys te smeitsjen. De spoaren binne amyloïde en hawwe in min ofte mear rûne foarm fan 8 oant 10 µm by 7 oant 9 µm.
Giftigens
bewurkje seksjeDe kleverige knolamanyt heart, yn 'e mande mei ferskate oare soarten amaniten, ta de giftichste poddestuollen fan 'e wrâld. Guon gesachhawwende boarnen riede sels ôf om 'e kleverige knolamanyt mei de bleate hân oan te reitsjen, en alhielendal om se yn kontakt komme te litten mei oare poddestuollen, dy't men letter opite wol (bgl. troch se yn deselde koer te lizzen).
De kleverige knolamanyt hat yn it ferline al foar ferskate stjergefallen soarge troch poddestoelfergiftiging. As in poddestoel skyld wurde kin, wurdt dat gauris beskôge as in teken fan ytberens, mar by dizze soarte is dat in potinsjeel fatale tinkflater. It is ûndúdlik wêrom't de kleverige knolamanyt, dy't sterk liket op beskate ytbere poddestuollen, minder deaden feroarsake hat as de nau besibbe en ek tige giftige, mar der hiel oars útsjende griene knolamanyt (Amanita phalloides). Mooglik hat dat dermei te krijen dat de kleverige knolamanyt sa seldsum is.
Kleverige knolamaniten befetsje twa aktive gifstoffen: amatoksine en fallotoksine. Fallotoksine bestiet út teminsten sân ferbinings, en hoewol't it tige giftich is, draacht it net in soad by oan 'e reäksje op konsumpje fan 'e kleverige knolamanyt, om't it net troch it minsklik lichem opnommen liket te wurden. Amatoksine is in groep fan teminsten acht ferbinings, wêrfan't alfa-amanitine de giftichste is. Dat taast sawol de lever as de nieren oan, yn 'e regel mei deadlike ôfrin. De symptomen begjinne lykwols oer it algemien pas ferskate oeren nei de konsumpsje fan 'e poddestoel, wat de kleverige knolamanyt noch problematysker makket.
Ferwikseling
bewurkje seksjeUnfolwoeksen eksimplaren fan 'e kleverige knolamanyt lykje op ferskate ytbere poddestuollesoarten, lykas sjampinjons, wat de kâns op fergiftiging by fersin grutter makket. It ferskil is te sjen oan 'e kleur fan 'e plaatsjes, dy't by de kleverige knolamanyt wyt binne. By sjampinjons is dat nea sa, en binne se rôze oant poarperswart.
Behanneling
bewurkje seksjeKonsumpsje fan 'e kleverige knolamanyt is in medysk needgefal dêr't men foar opnommen wurde moat yn it sikehûs. Der bestiet gjin antygif foar. De earste behanneling is yn 'e regel om troch ynname fan houtskoal of mei in maachspieling it spiisfertarringskanaal skjin te krijen. Om't de earste symptomen fan fergiftiging troch kleverige knolamaniten pas oeren nei de konsumpsje begjinne, is it dêr faak al te let foar. Tatsjinning fan floeistoffen, om 'e mei de fergiftiging mank geande útdrûgingsferskynsels tsjin te gean, en oare lichemsûnderstypjende behannelings folgje. Fierders binne der beskate middels dêr't in pasjint op basis fan eardere gefallen baat by hawwe kinne soe, lykas in ynfús mei in hege doazis penisilline G of mei silibinine. As in pasjint dêrmei oerlibje kin, moat er 36 oeren nei de konsumpsje fan 'e poddestoel wer opbettere wêze. As de fergiftiging te fier hinne is, kin it lykwols wêze dat inkeld in levertransplantaazje noch útsicht op oerlibjen biedt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|