Griene knolamanyt
De griene knolamanyt (Amanita phalloides) is ien fan 'e giftigste poddenstuollen yn 'e wrâld. Dêrfandinne wurdt de poddestoel yn it Ingelsk ek wol death angel of death cap neamd.
Griene knolamanyt | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Amanita phalloides | ||||||||||||
(Vaill. ex Fr.) Link (1833) | ||||||||||||
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe hoed hat in trochsnit fan 4 oant 12 sm. Ynearsten is de hoed bolfoarmich dy't letter plat wurdt. De kleur fan 'e hoed is ljocht oliifgrien oant gielich en wurdt nei bûten ta bleker. De plaatsjes binne wyt. De stâl is ek wyt en hat in hingjende ring mei oan 'e boppekant in groefeftich fertikaal patroan. Om 'e bolle ûnderkant sit in grutte wite, sekeftiger beurs. Griene knolamaniten rûke weeïch swiet, itjinge slimmer wurdt as se âlder wurde.
Foarkommen
bewurkje seksjeGriene knolamaniten komme yn Europa, Noard-Afrika en West-Aazje foar. Dêrnjonken is de soarte yntrodusearre yn Noard-Amerika, East- en Súd-Afrika, Súd-Amerika, Austraalje en Nij-Seelân. Se binne algemien yn leafbosk by ike-, bûke-, hazze- en kastanjebeammen op 'e boaiem yn groepkes fan july oant oktober te finen.
Betizing
bewurkje seksjeDe griene knolamanyt kin mei oare soarten betiizge wurde dy't ytber binne. As er noch lyts is wurdt de griene knolamanyt somtiden foar in gewoane sjampinjon oansjoen. Oare soarten dy't der op lykje binne de tropyske beursswam (Volvariella volvacea) of de gielgriene ridderswam (Tricholoma flavovirens).
Fergiftigens
bewurkje seksjeIn lyts bytsje fan 30 oant 50 gram fan 'e griene knolamanyt ite kin al ta de dea liede. Amatoksine en fallotoksine feroarsaakje nei konsumpsje yn in pear oeren tiid slimme pine yn 'e búk, spuie en diarree. Dan is it lykwols al te let en helpt it útpompen fan 'e mage net mear. In ynfús mei in leverbeskermend middel of in levertransplantaasje kin dan noch helpe. Nei in pear dagen soarget de knolamanyt foar selskea, itjinge begjint mei it útfallen fan 'e lever.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|