Cold Case (koart ferhaal)

Cold Case is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel is in wurdboarterij en betsjut letterlik "In Kâlde Saak" (om't it ferhaal op in kâld plak spilet), mar in cold case is ek in misdriuw dêr't gjin ûndersyk mear nei dien wurdt. Cold Case is skreaun yn it ik-perspektyf, en makket diel út fan 'e urban fantasyrige The Dresden Files. Oars as by de rest fan 'e searje it gefal is, wurdt de haadrol (ik-persoan) net spile troch Harry Dresden, mar troch syn tsjoenderslearlinge Molly Carpenter. Yn 'e ynterne gronology fan 'e searje spilet Cold Case tusken de foarfallen yn 'e romans Cold Days en Skin Game. Yn it ferhaal komt Molly, dy't no de Winterfrouwe is, yn 'e kunde mei har nije krêften en beheinings.

Cold Case
algemiene gegevens
auteur Jim Butcher
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre fantasy
1e publikaasje 2016
oarspr. útjwr. Tor Books
bondel Shadowed Souls
Brief Cases
rige
rige The Dresden Files

Publikaasjeskiednis bewurkje seksje

Butcher skreau Cold Case oarspronklik foar de blomlêzing Shadowed Souls, dêr't ek ferhalen fan oare fantasy-auteurs yn stiene. Dat boek waard yn 2016 útjûn troch Roc Books, ûnder redaksje fan Butcher sels en Kerrie L. Hughes. Yn 2018 waard it ferhaal werpublisearre yn Butcher syn ferhalebondel Brief Cases, dy't ferskynde by de New Yorkske útjouwerij Ace Books.

Ynhâld bewurkje seksje

Molly Carpenter, de eardere learlinge fan tsjoender Harry Dresden, is troch ûnfoarsjoene omstannichheden de nije Winterfrouwe fan it Winterhôf fan 'e ierdgeasten wurden (sjoch: Cold Days). Har foargongster Maeve hie har taken al twahûndert jier fertutearzje litten en joech har inkeld oer oan har eigen plezierkes, dat Molly sjocht tsjin in ûnbidige berch efterstallich wurk oan. Har earste taak is om 'e skatting te ynjen dy't de Miksani, in stamme fan ierdgeasten, skuldich binne oan Mab, de Winterkeninginne. Dy skatting is al ferskate jierren net betelle. De Miksani binne stalferwikselers, dy't fan harren minsklike uterlik feroarje kinne yn ielskolfers. Hja libje op Unalaska, in eilân dat ûnderdiel útmakket fan 'e Aleoeten, in arsjipel dy't fan 'e kust fan Alaska de Stille Oseaan yn rikt yn 'e rjochting fan it Sibearyske Kamtsjatka-skiereilân.

Oankommen op Unalaska merkt Molly al rillegau op dat der wat net yn 'e heak is. Yn in kroech dêr't se oanstekke wol, wurdt se oansprutsen troch in keardel dy't Clint hjit; dy wol wat fan har en wol gjin nee as antwurd oannimme. Foarhinne soe dat Molly benaud makke hawwe, mar mei har nije krêften fan 'e Winterfrouwe hat se fan sokken neat mear te frezen. Wol apart is dat de oare lju yn 'e kroech allegearre de oare kant út sjogge, as binne se deabang foar Clint. Ear't se mei Clint ôfweve kin, wurdt Molly lykwols holpen troch in âlde bekende: Carlos Ramirez, in warder fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij. Dyselde jout Clint in wan bruien en smyt him út 'e kroech. De reäksje fan 'e oare kroechgasten is om fluch-fluch ôf te rekkenjen en har út 'e fuotten te meitsjen. De útbaatster slút har gelegenheid fuort dêrnei en set Molly en Ramirez bûtendoar.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It stânplak fan Ramirez is Los Angeles, en as Molly him freget wat er hjirre moat, leit de tsjoender har út dat er berjochten oer fermissings en oare nuvere dingen op Unalaska heard hat. Molly waard foarhinne, nei't Harry Dresden troch syn (tydlike) dea har net mear de hân boppe de holle hâlde koe, troch de Wite Ried fan Tsjoenderij beskôge as in fuortflechtige krimineel, mar Ramirez bewissiget har derfan dat soks foarby is no't se de Winterfrouwe wurden is. Boppedat hat hy nea bot syn bêst dien om har op te spoaren: as Harry Dresden sei dat se te fertrouwen wie, fûn hy dat bêst genôch, en boppedat hied er wol bettere dingen mei syn krappe tiid te dwaan. Molly merkt dat har bejeftiging mei de krêften fan 'e Winterfrouwe ek har libido sterk ferhege hat, en se hat muoite om fan 'e knappe Ramirez ôf te bliuwen.

As se neitiid de kroech yn it each hâlde, sjogge Molly en Ramirez dat Clint weromkeart mei in skipslading rûge fiskerslju. De kaptein ûnderstiet de útbaatster fan 'e kroech oer Molly en Ramirez troch mei tsjoenderij har geast binnen te kringen. Dêrmei brekt er de Trêde Wet fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij, in misdriuw dêr't foar minsken de deastraf op stiet, mar Molly tinkt net dat de fiskers minsklik binne, of alteast net mear. As de fiskers sûnder wat bedijd te hawwen wer ôfsette, folgje Molly en Ramirez harren ûnder in wale fan ûnsichtberens (Molly har spesjaliteit) nei in fiskersskip, de Betsy Lee. Om mear oer de fiskers te witten te kommen, beslute se earst kontakt te meitsjen mei de Miksani. Dêr wachtet Molly in tige kâld wolkom as sy en Ramirez in begraffenisritueel ûnderbrekke. It docht bliken dat de Miksani twa jier lyn al in smeekbea om help stjoerd hawwe nei Maeve, dy't sy fansels straal negearre hat. De fiskers fan 'e Betsy Lee, of de meunsters dy't no yn 'e minsklike hulen fan 'e fiskers libje, meitsje jacht op 'e Miksani. De deis tefoaren binne tsien Miksani-bern troch de fiskers fongen, en doe't de Miksani harren besochten te befrijen, is harren lieder sneuvele. Molly ûnthjit harren dat se de bern by harren werombringe sil.

As Molly en Ramirez weromkeare nei de Betsy Lee, treffe se it fiskersskip leech oan. Spoaren yn 'e snie liede nei in houten tsjerkegebou dat (neffens in buordsje oan 'e muorre) de "Katedraal fan 'e Hillige Opfeart fan Us Hear" is. Ramirez beseft daliks dat it gjin kristlike oantsjutting is, mar dat se hjir ynstee te krijen hawwe mei in kultus fan 'e Slieper, in oerâld godlik wêzen dat nei't it skynt yn deadssliep yn in tombe ûnder de Stille Oseaan leit. As Molly en Ramirez de 'katedraal' binnenkringe, docht bliken dat de fiskers de Miksani-bern oan 'e Slieper offerje wolle, mei't genôch fan sokke minske-offers de Slieper wekker wurde litte sille. Wylst Molly troch de doar nei binnen giet en de fiskers ôfliedt, kringt Ramirez oan 'e efterkant fan it gebou troch de houten bûtenwand hinne en rêdt de bern. Clint beslûpt Molly fan efteren en slacht har bewusteleas, en as se wer bykomt, leit se sels op it alter dêr't de fiskers de bern offerje woene. Mar de mannen hawwe mei har tefolle hea op 'e foarke nommen. No't se net mear hoecht yn te sitten oer it wolwêzen fan 'e bern, jout Molly de macht fan 'e Winter frij spul. Skerpe iispjutsen sjitte oeral út 'e grûn dwers troch de planken flier hinne omheech en de fiskers wurde speetst dat se it bestjerre.

Neitiid bringe Molly en Ramirez de bern werom by de Miksani. As har frege wurdt oft se no fuortendaliks de skatting hawwe wol, antwurdet Molly dat dat wol wachtsje kin oant de oare dei. De Miksani lykje dêr botte tankber foar te wêzen. Molly en Ramirez nimme in keamer yn in pleatslik hotel, dêr't se mei-inoar op bêd wolle. Dêrnei wit Molly neat mear. Se komt wer ta harsels as se de oare moarns allinnich ûnder de dûs sit yn in laachje wetter dat rôzich is fan it bloed. Yn 'e hotelkeamer treft se Ramirez hielendal yninoar slein en mei brutsen bonken oan. Se begrypt net wat der bard is, en ropt Mab op troch trije kear efterinoar har namme te roppen. Mab leit har út wat se al wist: dat der seis keninginnen fan 'e ierdgeasten binne: faam, mem en âldwiif, foar sawol it Winterhôf as it Simmerhôf. Wat Molly lykwols net beseft hie, is dat Mab de mem is, en sysels de faam. De macht fan 'e Winterfrouwe sil net tastean dat de faam besiket om mem te wurden, wat betsjut dat Molly gjin seksuele omgong mei in man hawwe kin. Eltse kear dat se dat besiket, sil de man it belije moatte.

Molly is poerrazen dat Mab har dat net earder útlein hat, mar Mab seit dat Molly net harkje woe doe't se har de macht en de beheinings fan 'e macht fan 'e Winterfrouwe útlizze woe, om't se fan harsels miende dat se alles al wist. Mab hat al kontakt opnommen mei de Wite Ried fan Tsjoenderij, en de bêste magyske genêzers binne ûnderweis. Se wol dat Molly it hotel ferlit om 'e skatting fan 'e Miksani op te heljen, mar Molly wol Ramirez net allinne litte. Mab begrypt net wêrom net, want de tsjoender rint gjin gefaar om yn 'e kommende pear oeren oan syn ferwûnings te beswiken, mar Molly leit har út dat fatsoenlike minsken soks gewoan net dogge. Se ferlit Ramirez mei in tút op syn foarholle en triennen yn 'e eagen, en kriget dan in nije skok te ferwurkjen as se ûntdekt dat de skatting dy't se ophelje moat, bestiet út 'e bern fan 'e Miksani. Mab bringt har de ivige oarloch by de Bûtenste Poarten tebinnen om 'e bûtensteanders út dizze reäliteit te hâlden (sjoch: Cold Days). Dêrfoar binne legers fan hûnderttûzenen krigers nedich, en dit is de wize dêr't dy legers op gearstald wurde. Molly is it mei dizze gong fan saken net iens, hoewol't se net oars kin as har derby dellizze. Se swart lykwols dat se in oare, bettere manear fine sil.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Butcher, Jim, Cold Case, yn: Butcher, Jim en Hughes, Kerrie L., (red.), Shadowed Souls, New York, 2016 (Roc Books), ISBN 978-0 45 14 74 995.
  • Butcher, Jim, Cold Case, yn: Butcher, Jim, Brief Cases, New York, 2018 (Ace Books), ISBN 0 45 14 92 102.
The Dresden Files
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases