Subterranean Press
Subterranean Press is in lytse Amerikaanske útjouwerij dy't fêstige is yn Burton, yn 'e steat Michigan. Dit bedriuw publisearret benammen sjenrefiksje, wêrûnder horror, detektiveferhalen, fantasy en science fiction. Subterranean Press (dat letterlik "Undergrûnske Utjouwerij" betsjut) waard yn 1995 oprjochte troch William Schafer en Tim Holt. Der ferskine by de útjouwerij tusken de 30 en 50 nije boeken yn 't jier.
Subterranean Press | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
fêstige yn | Burton (Michigan) | |
oprjochte | 1995 | |
oprjochter | William Schafer, Tim Holt | |
offisjele webside | ||
subterraneanpress.com |
De útjouwerij publisearret net inkeld edysjes foar de massamerk, mar ek beheinde oplagen, wêrfan't de nûmere eksimplaren dan yn 'e regel foarsjoen binne fan in hantekening fan 'e skriuwer. Behalven romans, novelles en ferhalebondels bringt Subterranean Press ienris yn it fearnsjier ek in tydskrift út mei de titel Subterranean Magazine. Dat leit him ta op it publisearjen fan koarte fiksje en ferskynt ûnder redaksje fan William Schafer. Yn 2008 rjochte Subterranean Press syn earste ymprint op, mei as namme Far Territories.
By Subterranean Press binne û.m. ferskynd: The Boar fan Joe R. Lansdale (1998); First Meetings fan Orson Scott Card (2002); Dreamsongs: A RRetrospective fan George R.R. Martin (2003); Alabaster fan Caitlin R. Kiernan (2007); Rite: Short Work fan Tad Williams (2007); Songs of a Dead Dreamer fan Thomas Ligotti (2010); Multiverse: Exploring Poul Anderson's Worlds, ûnder redaksje fan Greg Bear en Gardner Dozois (2014); en Penric's Mission fan Lois McMaster Bujold (2017).
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |