It Shedd Aquarium (eins it John G. Shedd Aquarium) is in iepenbier akwarium en dolfinarium yn 'e Amerikaanske stêd Chicago. It omfiemet 19 miljoen liter wetter en 32.000 bisten fan 1.500 ûnderskate soarten, ynkl. fisken, seesûchdieren, fûgels, slangen, amfibyen en ynsekten. It gie iepen yn 1930 en wie lange tiid it grutste binnendoarakwarium fan 'e wrâld. It wie ek it earste akwarium mei in permaninte kolleksje seefisken dat fier fan 'e see ôf lei. It Shedd Aquarium is fêstige yn 'e binnenstêd fan Chicago, oan South Lake Shore Drive, fuort oan 'e igge fan 'e Michiganmar, en makket mei it deunby steande Field Museum en Adler Planetarium diel út fan 'e Museum Campus Chicago. It wie yn 2005 it bêst besochte akwarium yn 'e Feriene Steaten, yn 2007 de bêste besochte attraksje fan Chicago, en mocht yn 2015 mear as 2 miljoen besikers ferwolkomje. It gebou fan it Shedd Akwarium hat sûnt 1987 de status fan monumint.

Shedd Aquarium
  dieretún
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Illinois
county Cook County
plak Chicago
adres 1200 South Lake Shore Drive
koördinaten 41°52′04″ N 87°36′50″ W
bysûnderheden
type iepenbier akwarium
oerflak 4 ha
ynh. tanks 19.000 (19 miljoen liter)
tal bisten 32.000 (2022)
tal soarten 1.500 (2022)
besikers 2.020.000 (2015)
netwurk(en) AZA, AMMPA, WAZA
skiednis
ferneamd nei John G. Shedd
iepening 1930
gebou
namme gebou Shedd Aquarium
arsjitekt Graham, Anderson, Probst
   & White
boujier 1927-1929
boustyl neoklassisisme
monumint. status NRHP 1987, NHL 1987
monumintnûmer NRHP 87000820
boukosten $3 miljoen
offisjele webside
www.sheddaquarium.org
kaart
Shedd Aquarium (Chicago)
Shedd Aquarium
Lokaasje fan it Shedd Aquarium yn Chicago.

It Shedd Aquarium wie in geskink oan 'e stêd Chicago fan John G. Shedd, in magnaat út 'e detailhannel. Hoewol't Shedd langernôch libbe om 'e earste sketsen fan 'e arsjitekt te besjen, wie it syn widdo Mary R. Shedd, dy't yn syn namme de iepening ferrjochte. De bou fan it akwarium sette op 2 novimber 1927 útein en koste $3 miljoen, de oarspronklike 132 útstallingstanks ynbegrepen. It gebou waard oplevere op 19 desimber 1929, wêrnei't noch de ynrjochting folge, sadat de offisjele iepeningsseremoanje pas op 30 maaie 1930 holden waard.

 
It Shedd Aquarium by moarnsdage.

Doedestiden wie it Shedd Aquarium it earste publike akwarium dat tûzenen km fan 'e see ôf lei en dochs in permaninte kolleksje seefisken hie. Dêrfoar wie men oant 1959 ôfhinklik fan in spesjaal yn opdracht fan it akwarium boud type tankwagon, de Nautilus, om fisken en seewetter te ferfieren. Yn 1930 waarden troch tweintich Nautilus-wagons acht reizen fan Key West, yn 'e Florida Keys, en Chicago makke, wêrby't 3,8 miljoen liter seewetter nei it akwarium oerbrocht waard. Doe't yn 1933 yn Chicago foar de twadde kear de wrâldtentoanstelling holden waard, krige it Shedd Aquarium, dat fuort benoarden it tentoanstellingsterrein lei, grutte bekendheid by in ynternasjonaal publyk.

Yn 1971 waard it akwarium útwreide mei it ûnderdiel Caribbean Reef, dêr't in koraalrif út 'e Karibyske See yn neimakke waard. Datselde jiers stjoerde it Shedd Aquarium foar it earst in skip út foar wittenskiplik ûndersyk en de samling fan eksimplaren fan fisken en oare bisten dy't yn it akwarium tentoansteld wurde koene. De reis gie nei it Karibysk Gebiet. Yn 1985 waard dat skip ferfongen troch it hjoeddeistige ûndersyksskip fan it akwarium, de Coral Reef II. John Shedd Reed, de pakesizzer fan John G. Shedd, dy't earder algemien direkteur fan 'e Atchison, Topeka and Santa Fe Railroad west hie, tsjinne fan 1984 oant 1994 as foarsitter fan 'e ried fan bestjoer fan it akwarium en bleau oant syn ferstjerren yn 2008 aktyf by it akwarium belutsen.

Yn 1991 iepene it Shedd Aquarium in reuseftich nij ûnderdiel, it saneamde Oceanarium, dat sûnt 2010 offisjeel it Abbott Oceanarium hjit. Dêryn wurde ferskate soarten seesûchdieren en teffens pinguïns holden. Yn 2003 waard it ûnderdiel Wild Reef tafoege. It Shedd Akwarium wûn de priis foar de bêste útstalling fan 'e Association of Zoos and Aquariums (AZA) yn 1999 foar Seahorse Symphony, yn 2001 foar Amazon Rising en yn 2004 foar Wild Reef.

 
It Amazon Rising-akwarium.

Arsjitektuer

bewurkje seksje

It gebou fan it Shedd Aquarium waard yn neoklassisistyske boustyl ûntwurpen troch it foaroansteande arsjitekteburo Graham, Anderson, Probst & White. It mei in koepeldak oerdutsen sintrale gebou is achthoekich, mei by de yngong fjouwer Doaryske pylders boppe-oan in brede treppen. Oeral binne akwatyske motiven yn it gebou ferwurke. Skylpodden, dolfinen, oktopussen, weagen en sels de trijetine fan Poseidon, de god fan 'e see út 'e Grykske mytology, kinne rûnom weromfûn wurde, sawol binnendoar as bûtenom. Ek waard in protte gebrûk makke fan 'e tegels ûntwurpen troch Mary Chase Perry Stratton.

It Shedd Aquarium waard yn 1987 opnommen yn it Amerikaanske National Register of Historic Places (NRHP). Datselde jiers krige it ek de status fan National Historic Landmark (NHL). It Oceanarium, de grutste lettere oanbou, dy't datearret út 1991, hat in modernere styl dy't it Amerikaanske Noardwesten fertsjintwurdiget, mar dochs naadleas oanslút by it âldere diel fan it gebou. Whale Harbor, de grutste tank fan it Oceanarium, mei 7,6 miljoen liter seewetter, hat oan 'e efterkant ruten mei oan 'e bûtenkant de iepen wetters fan 'e Michiganmar.

Underskate akwaria en presintaasjes

bewurkje seksje

Permaninte útstallings

bewurkje seksje
Amazon Rising

Amazon Rising is in ûnderdiel mei in oerflak fan 800  yn 'e foarm fan in galerij mei oan wjerskanten tanks dy't it troch de rivier de Amazône oerstreamde reinwâld fan Brazylje sjen litten, mei de omjaande jungle op 'e eftergrûn. It wetter stiet oant 1.80 m. De útstalling omfiemet 250 ferskillende soarten bisten, wêrûnder anakonda's, piranja's, spinnen, kaaimannen en swietwetterpylroggen.

 
Nickel, in sopskylpod yn it Shedd Aquarium.
Caribbean Reef

It ûnderdiel Caribbean Reef waard yn 1971 op 'e earste ferdjipping tafoege, en kaam yn it plak fan 'e alderearste útstalling fan it Shedd Aquarium, Tropical Pool. Yn dit ûnderdiel is in libben koraalrif út 'e Karibyske See te sjen. In gimmick dy't by Caribbean Reef tapast wurdt, is in dûker dy't ynteraksje mei de bisten sjen lit wylst er praat tsjin 'e besikers. De grutste tank fan dit ûnderdiel, dê't 340.000 liter wetter yn sit, is rûn, sadat it publyk der hielendal omhinne rinne kin om alles sekuer te besjen. Dat wie ien fan 'e earste habitats dy't it hâlden en dragen fan fisken yn in iezing (Nederlânsk: school) sjen liet. De meast opfallende bisten binne tarpons, pylroggen, kaphammerhaaien en de rêden sopskylpod Nickel.

Stingray Touch

Stingray Touch is ien fan 'e nijste ûnderdielen fan it Shedd Aquarium, dêr't besiker kowesnútroggen en giele pylroggen oanreitsje kinne wylst se troch in bûtendoartank fan 76.000 liter op it Súdterras fan it akwarium swimme. Om foar de hân lizzende redens is dit ûnderdiel inkeld iepen fan maaie oant oktober.

 
It Wild Reef-akwarium.
Waters of the World

Waters of the World is ien fan 'e âldste ûnderdielen fan it Shedd Aquarium, dat ferskate útstallings omfettet oer seeën, rivieren en marren, wêrûnder de Michiganmar en ferskate oare wetters yn en om Chicago. Der binne û.m. in Pasifyske reuze-oktopus (of reuzekreak), blauwe leguanen, seestjerren, seehynderkes en alligatorskylpodden te sjen.

Wild Reef

It ûnderdiel Wild Reef, dat twa ferdjippings ûnder de begeane grûn fan it Shedd Aquarium leit, waard yn 2003 iepene. De grutste tank fan Wild Reef hat bûgde ruten fan 3.70 m heech en befettet 1,5 miljoen liter seewetter foar de werskepping fan in koraalrif út it Filipynske seereservaat om it eilân Apo hinne, kompleet mei libben koraal, in grut tal soarten fisken en roggen, seachfisken en sânbank-, sebra- en swartpuntrifhaaien.

Oceanarium

It Oceanarium waard yn 1991 yn it Shedd Aquarium iepene. Fan 2010 ôf hjit it offisjeel it Abbott Oceanarium. It omfiemet ferskate tanks mei yn totaal 11 miljoen liter wetter. De grutste tank draacht de namme Whale Harbor, en befettet 7,6 miljoen liter wetter. Dêryn libje ferskate soarten seesûchdieren: wytstreekdolfinen, wite dolfinen (of belûga's) en Kalifornyske seeliuwen. It Oceanarium hat twa ferdjippings; de boppeste ferdjipping lit de Whale Harbor fan boppe wetter sjen, wylst men op 'e ûnderste ferdjipping de bewenners fan 'e grutte tank ûnder wetter omswimmen sjen kin. See-otters hawwe harren eigen tank op 'e ûnderferdjipping. Dêrnjonken heart ek de saneamde Polar Play Zone ta it Oceanarium, in ynteraktyf boartersgebiet foar bern, mei magelhaenpinguïns en noardlike rotspinguïns.

 
Wite dolfinen (of belûga's) yn it Abbott Oceanarium.

Yn 2009, doe't it Oceanarium renovearre waard, wiene de bewenjende bisten tydlik oerbrocht nei oare dieretunen. Doe waard ek it saneamde 4D Theater tafoege, dêr't 3D-filmfertoanings holden wurde, oanfolle mei in 'ekstra' diminsje lykas geur. Films dy't dêr te sjen west hawwe, binne û.m. Coastal Predators, Sea Monsters, The SpongeBob SquarePants Movie, Planet Earth, Ice Age en Dora the Explorer.

One World

One World is in akwatyske presintaasje dy't yn 2013 foar it earst holden waard, hoewol't de show sterk stipet op it earder Fantasea, dat fan 2009 oant 2010 bestie. By One World wurde wite dolfinen, wytstreekdolfinen, seeliuwen, pinguïns, in hauk en sels hûnen belutsen. Yn novimber en desimber wurdt soms in spesjale krystferzje optuge.

Tydlike útstallings

bewurkje seksje

Fan 2011 oant 2015 wie yn it Shedd Aquarium de útstalling Jellies te sjen, dy't ta doel hie om kwabben sjen te litten en de misferstannen omtrint dy bisten út 'e wrâld te helpen. Fan 2015 oant 2018 waard yn it Shedd Aquarium de útstalling Amphibians holden, oer amfibyen. Der wiene 40 ferskillende soarten te bewûnderjen, wêrûnder ien fan 'e grutste libbene amfibyen, de seldsume Japanske reuzesalamander. Fan 2018 ôf is as tydlike útstalling Underwater Beauty te sjen, mei hûndert ferskillende soarten fisken dy't útkeazen binne om't se der moai útsjogge.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.