Rit fan de Walkueren
Rit fan de Walkueren (Dútsk: Walkürenritt) is de oantsjutting foar it likernôch acht minuten duorjende begjin fan it trêde bedriuw fan Die Walküre, de twadde fan 'e fjouwer opera's dy't mei-inoar de syklus Der Ring des Nibelungen fan 'e Dútske komponist Richard Wagner foarmje. As in selsstannich spile muzykstik heart men Rit fan de Walkueren gauris yn in poer yntrumintele ferzje, dy't soms mar in minút as trije duorret. Yn 'e mande mei it Breidskoar út Lohengrin is Rit fan de Walkueren ien fan Wagner syn bekendste stikken.
Kontekst
bewurkje seksjeYn 'e opera Die Walküre nimt Rit fan de Walkueren likernôch acht minuten yn beslach, begjinnend yn 'e prelude fan it trêde bedriuw. Dêrby wurde opienfolgjende lagen muzyk opboud troch mei lytse tuskenskoften mear ynstruminten ta te foegjen, oant it doek opgiet en sa in berchtop ûntbleatet dêr't fjouwer fan 'e acht susters fan 'e Walkuere Brünhilde gearkommen binne yn risselwaasje om 'e sneuvele helden nei it Walhalla te bringen. As de oare fjouwer susters fan Brünhilde harren ek by it selskip jouwe, wurdt de meldij troch it hiele orkest spile, wylst de Walkueren inoar dêr boppe-út begroetsje en harren striidgjalp sjonge.
Utsein de sang fan 'e Rynfammen yn Das Rheingold is Rit fan de Walkueren yn 'e earste trije opera's fan 'e Der Ring des Nibelungen it iennichste stik dat troch it folsleine orkest spile wurdt.
Skiednis
bewurkje seksjeIt wichtichste tema fan Rit fan de Walkueren, it saneamde leitmotif, waard foar it earst troch Wagner optekene op 23 july 1851. It waard yn 1854 yn syn hjoeddeistige kontekst pleatst doe't Wagner de opera Die Walküre komponearre, dy't er tsjin ein maart 1856 foltôge.
Die Walküre waard foar it earst yn syn folsleinens útfierd op 26 juny 1870 yn it Nationaltheater München, hoewol't Wagner dêr sels beswier tsjin makke. Tsjin jannewaris fan it foljgende jier ûntfong de komponist oanhâldend fersiken om Rit fan de Walkueren los fan Die Walküre spylje te litten, mar dêr lei er it near op om't er soks beskôge as "in folsleine ûnnoazelheid". Nettsjinsteande dat waard yn Leipzig dochs blêdmuzyk fan it stik printe en ferkocht, in feit dêr't Wagner him skriftlik oer beklage yn in lulk brief oan 'e útjouwerij, Schott Music.
De brieven mei fersiken foar selsstannige útfierings fan Rit fan de Walkueren holden lykwols oan as kâld wetter. Wagner hold de poat stiif oant de earste opfiering fan 'e folsleine Ring-syklus yn 1876 yn Bayreuth, mar dêrnei joech er ta oan 'e druk. Hy wie sels op 12 maaie 1877 as dirigint by in opfiering yn Londen belutsen, dêr't er Rit fan de Walkueren as tajefte brûkte.
Yn 'e popkultuer
bewurkje seksjeRit fan de Walkueren is neitiid gauris brûkt as eftergrûnmuzyk. Sa makke it stik diel út fan 'e soundtrack fan films as The Birth of a Nation (1915) en What's Opera, Doc? (1957). Ien fan 'e bekendste gefallen wie de anty-oarlochsfilm Apocalypse Now (1979), fan Francis Ford Coppola, wêryn't ûnder de Fjetnamoarloch Rit fan de Walkueren út 'e lûdsprekkers fan 'e helikopters fan it Amerikaanske 9e Kavaleryrezjimint spile wurdt by wize fan psychologyske oarlochfiering, wylst se in troch de Vietcong behearske doarp oanfalle.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |