Hob (mytysk wêzen)
In hob is in mytysk wêzen út 'e folkloare fan Ingelân. Sokke wêzens wurde foarsteld as geasten fan 'e húshâlding dy't soms by minsken yn 'e hûs wenje, mar soms ek bûtendoar. Foarhinne waard benammen yn it noarden fan Ingelân yn it bestean fan sokke wêzens leaud, en yn 't bysûnder yn Northumbria, by de Skotske grins lâns. Hobs soene de lju gauris helpe mei it wurk yn 'e hûs en om 'e hûs hinne en it boerewurk op pleatsen.
Etymology
bewurkje seksjeHob is yn it Ingelsk in plattelânsk synonym foar kobold (Ingelsk: goblin). It wurd soe ûntstien wêze as in ferkoarte foarm fan goblin, dy't yn gebrûk kaam as in stikje ûnfatsoenlike familiêrens om 'e eangst foar sokke wêzens te ferbergjen. In (net op wierheid berêstende) folksetymology foar hob is dat it in bynamme wie foar Robin Goodfellow, ien fan 'e bekendste hobs, en dat it meitiid in generike term foar alle soksoarte wêzens waard.
Folkloare
bewurkje seksjeTradisjoneel wurde hobs omskreaun as lytse, swierbehierre, ronfelige mantsjes. Yn noardlik Ingelân waarden sokke wêzens sjoen as freonlike, mar ûndogenske geasten, dy't de pleatslike befolking holp as minsken genêzing nedich wiene. In ferneamde hob, dy't de Hobthrust neamd waard, soe yn in saneamde hobhole wenne hawwe by it doarp Runswick Bay yn Noard-Yorkshire, en it fermogen hân hawwe om kinkhoast te genêzen. Fan oare hobs waard sein dat se boeren holpen by de bewurking fan harren ikkers, of in winkelman yn 'e winkel.
Troch folkloristen wurde hobs beskôge as geasten fan 'e húshâlding, dy't it leafst by nacht aktyf wiene, as de minsken op bêd leine, sadat se sûnder gleskegnuvers har wurk dwaan koene. Neffens Katharine Briggs wiene hobs net bûn oan ien beskaat plak, mar kamen en giene se nei eigen kar.
Minsken dy't in hob yn of om 'e hûs hiene, moasten foarsichtich wêze yn 'e omgong mei it wêzen, mei't se maklik misledige wurde koene. Ien fan 'e slimste misledigings dy't men in hob oandwaan koe, wie om him in nij pak klean te jaan; de hob soe dan sa lulk wurde dat er him fuortendaliks ôfjoech en nea wer werom kaam. By lichtere misledigings koene hobs wraak nimme troch de minsken tsjin te wurkjen ynstee fan te helpen. Se koene dan ta in wiere pleach wurde. De gebrûklike manear om fan sa'n misledige, tsjinwurkjende hob ôf te kommen, wie om it wêzen noch djipper te misledigjen en it in nij pak klean te jaan, wêrnei't it him foargoed ôfjoech. Fan guon fan 'e ferfelendste hobs koe men lykwols ûnmooglik ôfkomme.
Yn 'e popkultuer
bewurkje seksjeHobs spylje gauris in rol yn 'e moderne fantasyliteratuer. Yn 'e Harry Potter-rige, fan J.K. Rowling, wurde se net mei namme neamd, mar de saneamde 'hûs-elven', lykas Harry syn freon Dobby, lykje in soarte fan hob te wêzen. De 'hûs-elven' ferrjochtsje taken foar minsklike masters en wurde út harren tsjinst ferdreaun as se by wize fan geskink in pak klean krije. De measte 'hûs-elven' sjogge dat as in beskamsume deportaasje, mar de eksintrike Dobby (en ferskate minsklike personaazjes) beskôgje it as frijlitting út slavernij.
Yn The Hob's Bargain, in op himsels steande roman fan Patricia Briggs, is de Hob in machtich wêzen, mooglik de lêste fan syn soarte, dy't in oerienkomst slút om in doarp tsjin in kweadaardige nekromantikus te ferdigenjen yn ruil foar in frou mei wa't er him fuortplantsje kin. De protagoniste fan it boek, dy't de Hob by it doarp brocht hat, stimt yn mei dy ruil. Yn Small Favor, in diel fan The Dresden Files fan Jim Butcher, komme ek hobs foar, dêr wurde se ôfskildere as boasaardige eachleaze wêzens fan it tsjuster, dy't yn flammen útbarste as se mei ljocht yn kontakt komme en yn namme ûnderhearrich binne oan Mab, de keninginne fan it Winterhôf fan 'e ierdgeasten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |