John H. Stroger Jr. Hospital of Cook County

It John H. Stroger Jr. Hospital of Cook County, histoarysk (en yn 'e folksmûle noch altyd) bekend as it Cook County Hospital, is in iepenbier sikehûs yn 'e Amerikaanske stêd Chicago, yn 'e steat Illinois. It is in akademysk sikehûs, dat yn 'e mande mei it Provident Hospital of Cook County en ferskate lytsere ynstellings op it mêd fan 'e sûnenssoarch ûnderdiel útmakket fan it Cook County Health and Hospital System. Dat is in koepelorganisaasje dy't polyklinyske, klinyske en ferplegende help biedt oan 'e ynwenners fan Cook County, in gebiet dat rûchwei gearfalt mei Chicago.

John H. Stroger Jr. Hospital
of Cook County
  sikehûs
It âlde gebou fan it Cook County Hospital.
It âlde gebou fan it Cook County Hospital.
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Illinois
county Cook County
plak Chicago
adres 1969 W. Ogden Avenue
koördinaten 41°52′33″ N 87°40′22″ W
bysûnderheden
type akademysk sikehûs
streaming sekulier
diel fan Cook County Health and
   Hospital System
bêden 464
wurknimmers >700 dokters
flieroerflak 110.000 m²
skiednis
ferneamd nei John H. Stroger jr.
hist. namme Cook County Hospital
oprjochting 1857
gebou
namme gebou Cook County Hospital
   Administration Building
arsjitekt Paul Gerhardt sr.
boujier 1912
boustyl beaux arts
monumint. status NRHP (2006)
monumintnûmer 06001017
oerflak 3.658 m²
ferdjippings 8
offisjele webside
www.cookcountyhhs.org/locations/john-h-stroger-jr-hospital
kaart
John H. Stroger Jr. Hospital of Cook County (Chicago)
John H. Stroger Jr. Hospital of Cook County
Lokaasje yn Chicago.

Fasiliteiten en lokaasje

bewurkje seksje

It John H. Stroger Jr. Hospital of Cook County is fêstige oan 1905 West Harrison Street, yn it sintrum fan Chicago, en beslacht in oerflak fan 3.658 . It omfiemet 464 bêden en der wurkje 300 oanstelde dokters en mear as 400 oare genêskundigen. It John H. Stroger Jr. Hospital of Cook County is in akademysk sikehûs, dêr't oankommende dokters oplaat wurde. Yn dat ferbân wurket it sikehûs nau gear mei it Rush Medysk Kolleezje (RMC), in hegeskoalle foar genêskundige opliedings. It sikehûs makket fierders diel út fan it Illinois Medical District, yn 'e West Side fan Chicago, dat mei in mienskiplik oerflak fan 1,2 km² ien fan 'e grutste konsintraasjes fan medyske fasiliteiten yn 'e wrâld is.

It Cook County Hospital gie iepen yn 1857 en tsjinne as akademysk sikehûs foar it Rush Medysk Kolleezje oant it útbrekken fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch yn 1861, doe't it omfoarme waard ta in legerhospitaal. Nei't de boargeroarloch yn 1865 beëinige wie, krige it sikehûs syn oarsponklike funksje as in sintrum foar medysk ûnderwiis werom. Yn 1866 rûnen yn it Cook County Hospital foar it earst yn 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten dokters staazje yn in sikehûs. Tsjin 'e tweintichste iuw stie it Cook County Hospital ûnder tafersjoch fan sjirurgen en oare dokters út Chicago dy't yn it sikehûs ûnbetelle frijwilligerswurk diene. Yn 1912 ferhuze it sikehûs nei it hjoeddeistige gebou.

 
It earste gebou fan it Cook County Hospital, foarôfgeande oan 'e ferhuzing fan 1912.

It Cook County Hospital stie yn 'e earste helte en de midden fan 'e tweintichste iuw bekend as ien fan 'e grutste en bêste akademyske sikehuzen yn 'e wrâld, en genêskundigen út alle wynrjochtings kamen deropta om nije genêskundige yngrepen te learen. Ynnovaasjes as de oprjochting fan 'e earste bloedbank fan 'e wrâld en it sjirurgysk fiksearjen fan bonkebrekken waarden foar it earst yn it Cook County Hospital dien. Yn 'e iere 1960-er jierren hie William Shoemaker, in âld-learling fan 'e ferneamde fysiolooch Francis Moore, de lieding oer in reorganisaasje fan 'e sjirurgyske soarch foar pasjinten yn kritike tastân, wêrby't de earste trauma-ienheid fan 'e wrâld oprjochte waard.

Yn 1986 waard Agnes D. Lattimer oansteld as medysk direktrise fan it Cook County Hospital, wat de earste kear wie dat in Afro-Amerikaanske frou dy post ferfolle yn in grut Amerikaansk sikehûs. Yn 2001 waard it Cook County Hospital omneamd ta it John H. Stroger Jr. Hospital of Cook County, nei John H. Stroger jr., de doetiidske foarsitter fan 'e ried foar sûnenssoarch fan Cook County. Yn desimber 2002 waard it nije gebou fan it John H. Stroger Jr. Hospital of Cook County iepene, dat fuort njonken it âlde gebou út 1912 stiet. It âlde gebou waart neitiid leechhelle en renovearre.

It âlde gebou fan it Cook County Hospital waard yn 1912 boud yn beaux arts-styl, nei in ûntwerp fan arsjitekt Paul Gerhardt sr. fan it arsjitekteburo John Griffiths & Sons. It hat in monuminte status en waard op 8 desimber 2006 opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken (NRHP).

Yn 'e popkultuer

bewurkje seksje

It County General Hospital, in fiktyf sikehûs dat yn 'e 1990-er en 2000-er jierren tsjinne as dekôr foar de ferneamde sikehûssearje E.R., wie loskes basearre op it Cook County Hospital. It sikehûs komt ek foar yn 'e Amerikaanske spylfilm The Fugitive, út 1993, en fierders figurearret it geregeldwei yn 'e romansearje The Dresden Files, fan auteur Jim Butcher.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.