Skiednis fan de Feriene Steaten

De Skiednis fan de Feriene Steaten as lân begjint mei de trettjin koloanjes dy't harsels yn 1776 ûnôfhinklik ferklearren.

Archeologen miene dat it gebiet fan de hjoeddeistige Feriene Steaten bewenne waard troch minsken dy't oer de Beringlânbrêge út Aazje wei yn it gebiet kamen. Dy migraasje begûn sa'n 30.000 jier lyn. Sa likernôch 10.000 jier lyn wie de lânferhuzing dien. It wetter kaam heger, sadat de Berinlânbrêge ûnder it wetter weiwaard. De earste bewenners wennen yn stamferbân en waarden troch de Europeanen Yndianen neamd. De Yndianen wienen yn earstoan nomaden en jagers. Sa jagen de Yndianen fan de Great Plains bygelyks op bisons. Sa'n 5.000 jier lyn begûnen de Yndianen yn it súdwesten fan de Feriene Steaten mei lytsskalige lânbou. It tiidrek fan de Yndianen foar de komst fan Kristoffel Kolumbus yn it jier 1492 wurdt de foar-Kolumbiaanske tiid neamd.

Kolonisaasje

bewurkje seksje

Mei de ûntdekking fan Amearika troch Kolumbus setten ferskillende ûntdekkingsreizen fan de Spanjerts út ein. Pas yn de twadde helte fan de 16e iuw begjinne ek de Britten mei it ûntdekken fan de hjoeddeiske Feriene Steaten. De earste Europeeske delsettings wienen fan de Spanjerts en de Frânsen yn de 16e iuw. Nederlânske en Britske kolonisten hienen har earste delsettings oan it begjin fan de 17e iuw. Om it jier 1750 hinne wie it suden fan de Feriene Steaten bewenne fan Spanjerts, it sintrale gebiet troch Frânsen en de eastkust benammen troch Britten. Nei de Sânjierrige Kriich komme de Frânske gebieten eastlik fan de rivier Mississipy ûnder it bewâld fan de Britten (1763). De gebieten westlik dêrfan binne dan fan de Spanjerts.

Unofhinklikens

bewurkje seksje
 
Unôfhinklikensferklearring fan de Feriene Steaten.

Tusken 1607 en 1733 kamen de trettjin koloanjes ta stân. It wienen Ingelske koloanjes dy’t letter Britsk waarden. De Britten leinen ferskate belestingen op lykas de Sugar Act (1764), de Stamp Act (1765) en de Townshend Duties (1767). De kolonisten fersetten har fûl tsjin de belestings. Yn 1775 kamen de trettjin koloanjes tsjin it Britske bewâld yn opstân. Yn de Amerikaanske ûnôfhinklikenskriich (1775-1783) ferklearren sy har ûnôfhinklik fan Ingelân. Op 4 july 1776 waard de ûnôfhinklikensferklearring fan de Feriene Steaten goedkard troch it Continental Congress. Skriuwers fan de ferklearring wienen Benjamin Franklin, John Adams en Thomas Jefferson. De earste formele erkenning fan dy ûnôfhinklikens kaam fan de Steaten fan Fryslân op 26 febrewaris 1782.[1]

Utwreiding yn it westen

bewurkje seksje
 
Utwreiding fan de Feriene Steaten.

Yn 1789 waard George Washington de earste presidint fan de Feriene Steaten. De haadstêd fan de nije naasje, Washington, waard nei him neamd.

Yn 1803 kocht de Feriene Steaten foar 15 miljoen dollar sa likernôch 2,1 miljoen km² grûn fan Frankryk. It gebiet leit westlik fan de rivier de Mississippy en wurdt de Louisiana Purchase neamd. Mei de Louisiana Purchase ferdûbele de Feriene Steaten sawat syn grûngebiet. It gebiet tusken de Rocky Mountains yn it westen en de Mississipy yn it easten beslacht de hjoeddeiske dielsteaten Louisiana, Arkansas, Missouri, Iowa, Minnesota, North Dakota, South Dakota, Nebraska, Kansas, Oklahoma, Texas, New Mexico, Colorado, Wyoming en Montana.

Yn 1810 kamen Britske kolonisten yn opstân tsjin it Spaanske bewâld oer Florida. Op 23 septimber 1810 ferklearren de Britten har ûnôfhinklik fan Spanje. Nei de Britsk-Amerikaanske oarloch (1812-1815) kaam it easten fan Florida ûnder it bewâld fan de Feriene Steaten. Yn 1819 die Spanje formeel ôfstân fan Florida, ûnder it betingst dat Teksas Spaansk gebiet bliuwe soe. Yn 1836 fochten de saneamde Anglo-Teksanen har los fan de Spanjets en ferklearren Teksas ta in ûnôfhinklike republyk. Yn 1845 waard Teksas anneksearre troch de Feriene Steaten.

Nei de Meksikaansk-Amerikaanske Kriich (1846-1848) krige de Feriene Steaten it noardlike diel fan it Meksikaanske grûngebiet, dêr't de letter de dielsteaten Kalifornië, New Mexico, Arizona en Nevada út ûntstean soenen. Fuort nei de kriich waard yn Kalifornië goud fûn. Doe't dat nijs bekend waard teagen tsientûzenen minsken yn de wiken dêrnei nei it noarden fan Kalifornië. Dat ferskynsel soe de skiednis yngean as de California Gold Rush (goudkoarts).

Amerikaanske Boargeroarloch

bewurkje seksje

Healwei de 19e iuw wie der ûnienichheid tusken de blanken út it suden fan de F.S. en de blanken út it noarden fan de F.S. oer de oerheid, ekonomy, mienskip en de slavernij. Om 1860 hinne wienen der sa'n fjouwer miljoen slaven yn de Feriene Steaten, allegear fan Afrikaanske komôf. De slaven wurken benammen op de katoenplantaazjes yn it suden fan it nije lân. Yn 1860 waard Abraham Lincoln keazen as de 16e presidint fan de Feriene Steaten. De súdlike steaten dy't poer tsjin him wienen skieden har ôf yn 1861 en ferienigen har yn de Confederate States of America mei Richmond yn Virginia as haadstêd. Mei in oanfal fan de súdlike steaten op it Fort Sumter yn 1861 begûn kriich. De striid einige yn 1865 mei de oerwinning troch it noarden. De slavernij waard yn 1865 mei in grûnwetsferoaring ôfskaft.

Opkommende wrâldmacht

bewurkje seksje

Nei de boargeroarloch waarden de súdlike dielsteaten wer ûnderdiel fan de Uny en de yndustrialisaasje sette troch. Ut Europa kamen grutte kloften lânferhuzers. Op it lêst fan de 19e iuw krige de FS grûnbesit yn de Filipinen, Kuba, Gûam as ek ferskate eilannen yn de Grutte Oseaan. Yn 1917 waard de FS yn de Earste Wrâldkriich behelle. Yn de saneamde roaring twenties wie de FS sawol kultureel as ekonomysk yn opkomst. De beurscrash fan 1929 wie fuort de ein fan dat sukses. De Grutte Depresje dy't dêrop folge krige syn hichtepunt yn 1933 en yn de jierren dêrnei kaam der amper ferbettering. Nei de Earste Wrâldkriich keas it Amerikaanske folk foar it isolasionisme; mear op ynlânske saken rjochte as op ynternasjonale. Troch it politike isolasionisme hold de FS him frij lang bûten de Twadde Wrâldkriich. Nei de Japanske oanfal op Pearl Harbor beslute it Amerikaanske regear om dochs mei de alliearden te striden tsjin Japan en Dútslân.

Kâlde Kriich

bewurkje seksje

Nei de Twadde Wrâldkriich is de Feriene Steaten ien fan de beide supermachten fan de wrâld. De oare supermacht is de Sowjetuny. Politike strideraasjes en erchtinken wienen oanlieding foar it opsetten fan ynternasjonale organisaasjes dy’t elkoar militêr holpen. Oan de kant fan de Feriene Steaten en de westlike Europeeske lannen waard de NAFO oprjochte, de kommunistyske Sowjets hienen dêrfoar harren eigen alliânsje, it Warsjaupakt. In direkte kriich tusken beide supermachten hat der noait west. De militêren fan de beide machtsblokken waarden wol ynset yn de Korea Kriich fan 1950-53.

Yn 1960 waard John F. Kennedy keazen as presidint. Under Kennedy besocht de Feriene Steaten om as earste yn de romte en letter as earste op de moanne te kommen. De Sowjets makken yn 1961 de earste bemande romtereis, de Amerikanen hienen yn 1969 as earste in man op de moanne krigen. Oare wichtige foarfallen yn de amtstiid fan Kennedy wienen de ynvaazje yn de Bargebaai op Kuba en de Kubakrisis dy’t dêrop folge. De Kubakrisis wie yn 1962 in atoomoarloch dy't drige, doe't de Amerikanen it foarnimmen fan de Sowjets ûntdutsen, om nuklêre wapens op Kuba del te setten. Kuba wie yn 1959 kommunistysk wurden ûnder Fidel Castro, en hie him nei de mislearre ynvaazje yn de Bargebaai op de Sowjetuny rjochte, dy't har militêr bystean woe as dat nedich wie.

 
Ronald Reagan sprekt yn Berlyn (1987).

Yn de sechtiger jierren groeide de minskerjochtebeweging ûnder Martin Luther King. De Civil Rights Act (1964) en de Voting Rights Act (1965) waarden ûnder presidint Lyndon B. Johnson ratifisearre.

Tusken 1959-75 fochten Amerikaanske troepen tsjin de kommunistyske Fietkong yn Fietnamkriich. Yn juny 1969 makke de nije presidint Nixon bekend dat der gau in begjin makke wurde soe mei it weromlûken fan de Amerikaanske troepen út Súd-Fietnam. It weromlûken fan de lêste Amerikaanske troepen einige yn maart 1973.

Troch it Watergateskandaal fan 1974 waard Richard Nixon de earste Amerikaanske presidint dy't ôftrede moast foar de ein fan syn presidintstermyn. Op it stuit dat Nixon presidint fan de Feriene Steaten waard, wie Spiro Agnew syn fise-presidint. Troch Watergateskandaal stapte earst Spiro Agnew op. Gerald Ford folge Agnew op as fise-presidint. Doe’t koart dêrnei Richard Nixon opstapte wie Gerald Ford ynienen presidint fan de Feriene Steaten. Ford wie de earste presidint fan de Feriene Steaten dy’t noait troch it folk keazen is.

Jimmy Carter wie de opfolger fan Gerald Ford en wie fan 1977 oant en mei 1981 presidint fan de Feriene Steaten. Syn opfolger Ronald Reagan hie twa amtsterminen (1981-1989). De saneamde ‘’Malta Summit’’ mei Mikhail Gorbatsjov en George H. W. Bush yn 1989 wie de definitive ein fan de Kâlde Kriich.[2]

 
Oanslach op it World Trade Center yn New York City.

Yn 1989 waard George H. W. Bush de 41e presidint fan de Feriene Steaten. Yn syn amtstiid hie de FS in liedende rol yn de Golfkriich en de kriich yn it eardere Joegoslaavje. Bill Clinton wie presidint fan 1993 oant en mei 2001. Clinton waard fan ferskillende seksskandalen beskuldige, lykas it seksskandaal mei Monica Lewinsky yn 1998. Clinton hat letter tajûn dat er sawol mei Monica Lewinsky as mei Gennifer Flowers seksuele hannelingen dien hat.

By de presidintsferkiezings fan 2000 waard George W. Bush presidint. Op 11 septimber 2001 fleane Al Kaida terroristen mei fleantugen yn beide tuorren fan it World Trade Center yn New York City en it Pentagon yn Washington, D.C.. Sa likernôch trijetûzen minsken rekken by dy oanslaggen dea. In direkt gefolch fan dy oanslaggen wie de "War on Terrorism" dy't ein fan 2001 begûn mei de Amerikaanske ynvaasje yn Afganistan.

De "Coalition of the Willing" (koalysje fan reewilligen) foel Irak oan yn 2003. De koalysje ûnder lieding fan de Feriene Steaten wûn de Irakkriich nei ien moanne fjochtsjen tsjin it leger fan diktator Saddam Hoessein. Minskerjochtenorganisaasjes beskuldigen de Feriene Steaten fan it net neikommen fan ynternasjonale ôfspraken op it mêd fan minskerjochten.[3] Op 4 novimber 2008, yn de kredytkrisis, waard Barack Obama keazen as presidint. Hy is de earste swarte presidint fan de Feriene Steaten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frisians first to recognize USA
  2. [ http://news.bbc.co.uk/onthisday/hi/dates/stories/december/3/newsid_4119000/4119950.stm BBC] ‘’1989: Malta summit ends Cold War’’
  3. Ferslach fan Amnesty International