World Trade Center (New York)
It World Trade Center (WTC, Wrâld Hannelsintrum) yn New York City bestie út sân gebouwen mei in totaal flieroerflak fan 1,24 miljoen kante meter. It wie ûntwurpen troch de Amerikaanske arsjitekt Minoru Yamasaki en sivyl yngenieur Leslie Robertson, it waard fierders ûntwikkele troch de Port Autority Of New York and New Jersey. It kompleks waard boud nei in idee fan David Rockefeller. It World Trade Center wie, lykas hast alle World Trade Centers op de wrâld, lid fan de World Trade Centers Association.
It WTC wie ferneamd om harren twa wolkekliuwers dy't heech boppe de stêd New York útstutsen, de North Tower en de South Tower. Tegearre hienen dizze tuorren de bynamme Twint Towers (Twilling Tuorren). De twa tuorren hienen in hichte fan, efter mekoar, 417 meter en 415 meter, wêrmei't se in skoftlang, twa jier, de heechste gebouwen fan de wrâld wienen (fan 1972 oant 1973, doe't de Willis Tower ree wie). De twa gebouwen hawwe lange tiid it symboal fan de Feriene Steaten en New York west.
Yn 2001 op 11 septimber (ek wol bekend as 9/11) wie der in terroristyske oanslach op it WTC; twa fleantugen waarden de tuorren ynflein. Beide gebouwen fleagen yn de brân en stoarten yn.
Foarhinne (op 26 febrewaris 1993) hie it wrâld hannelsintrum in bomoanslach oerlibbe, nei ien moanne koe it wer iepene wurde. Direkt nei de Twadde Wrâldkriich wie de hannel yn 'e wrâld folle better wurden, de havenstêd New York woe dêr graach fan profiteare en boude it wrâld hannelsintrum.