Fjetnamoarloch

(Trochferwiisd fan Fietnamkriich)

De Fjetnamoarloch of Fjetnamkriich, wie in wapene konflikt yn it tiidrek fan de Kâlde Oarloch. It konflikt foel foar yn Fjetnam, Laos, en Kambodja fan 26 septimber 1959 ôf oant 30 april 1975. De oarloch waard útfjochte troch it kommunistyske Noard-Fjetnam, stipe troch har kommunistyske bûnsmaten, en de regearing fan Súd-Fjetnam, stipe troch de Feriene Steaten en oare anti-kommunistyske naasjes. De Fjetnamoarloch wie de earste oarloch dy't op de tillefyzje te sjen wie. It wie ek de earste oarloch dêr't oer de hiele wrâld mânsk tsjin protestearre waard.

Amerikaanske soldaten yn aksje yn Fjetnam
 
Geneefske fredesbesprekkings

It eardere Yndo-Sina (Fjetnam, Laos en Kambodja) wie sûnt healwei de 19e iuw ûnder Frânsk bestjoer oant de Twadde Wrâldoarloch dêr in ein oan makke. Yndo-Sina waard troch de Japanners beset en yn dy tiid ûntstie in fersetsbeweging, de "Fietminh" neamd, besteande út nasjonalistyske kloften dy't harren krêften bondelen. Dizze beweging dêr't Ho Tsji-Minh de grutte lieder fan wie, rjochte harren ynearsten tsjin de Japanners en letter ek tsjin de Frânsken doe't dy nei de Japanske kapitulaasje werom kamen (sjoch: de Earste Yndosineeske Oarloch). De Feriene Steaten waard yn dizze oarloch belutsen doe't sy de Frânsken militêre stipe joegen. De akkoarden fan Geneve, in fredesferdrach, makke yn july 1954 in ein oan dizze oarloch. De koloniale hearskippij fan Frankryk oer Yndo-Sina einige, Laos en Kambodja waarden selsstannich en Fjetnam ferparte yn twa tiidlike sônes (skiedsline de 17e breedtegraad). Ek wie der ôfpraat dat yn 1956 yn hiel Fjetnam ferkiezings hâlden wurde soene.

Al gau die bliken dat de Feriene Steaten gjin fertrouwen hienen yn it fermogen fan de regearings yn Kambodja, Laos en Súd-Fjetnam om op eigen krêft it fierder opkringen fan de kommunisten tsjin te hâlden. Dêrom waard de SEATO oprjochte mei as doel de ûnôfhinklikens fan dizze lannen garandearje te kinnen. Wylst de Amerikanen oan Súd-Fjetnam stipe taseinen, beloofde Sina it noarden help by it werstel fan de ynfrastruktuer. Yn oktober 1955 waard yn it suden in referindum hâlden dêr't de befolking har yn útspruts foar ferfanging fan it regear fan Bao Dai troch syn premier Ngo Dinh Diem, dy't in diktatuer festige. It Noardfjetnameeske regear stie oan op útfiering fan de yn de Geneefske akkoarden bepaalde ferkiezings, sadat Fjetnam wer ferienige wurde koe. Troch Ngo Dinh Diem waarden de Noardfjetnameeske foarstellen lykwols hieltyd ôfwiisd ûnder it mom dat frije ferkiezings yn it noarden ûnder de kommunisten net mooglik wie.

Ferrin fan de oarloch

bewurkje seksje

Fan 1959 ôf besiket Noard-Fjetnam it rezjym yn Súd-Fjetnam te fal te bringen troch it suden yn tanimmende mjitte te ynfiltrearen. It rezjym fan Diem ropt lykwols sels ek in protte ferset op by de befolking. Boeren fersette harren tsjin twongen ferhuzings nei fersterke doarpen, dêr't sy tsjin kommunistyske ynfiltraasje beskerme wêze soenen, mar ek better kontroleare wurde kinne. De ûnrêst yn Súd-Fjetnam nimt hieltyd fierder ta. Op 20 desimber 1960 rjochtsje Súdfjetnameeske gueriljastriders it Fjetnameeske Nasjonale Befrijingsfront (NLF) op, dat meastentiids de Fietkong neamd wurde en dat troch de Noardfjetnameeske kommunisten stipe waard. Troch de Amerikaanske presidint Eisenhouwer wurdt dêrom noch mear help stjoerd yn de foarm fan militêre en ekonomyske stipe. Dizze situaasje hie in oantal ynsidinten as gefolch, wêrûnder de foarfallen rûn de Golf fan Tonkin, dy't úteinlik de direkte oanlieding foar de oarloch wurde soe.

 
Amerikaanske B-52 oan 't bombardearjen

Nei in kommunistyske mortieroanfal op de Amerikaanske loftmachtbasis yn it Súdfjetnameeske Pleikû, joech presidint Johnson yn febrewaris 1965 it befel Noard-Fjetnam te bombardearjen. Yn maaie arrivearren de earste grûntroepen yn Súd-Fjetnam, dêr't it tal tsjin de ein fan it jier fan oanwaakse wie ta 180.000. It meastepart fan de soldaten die mei as frijwilliger, mar dat oandiel soe gau ferminderje doe't de oarloch eskalearre. It optreden fan de Amerikaanske presidint wie wifeljend. Hy woe de oarloch winne, mar sûnder neidielige politike gefolgen. De bombardeminten dêr't hy opdracht foar joech (sawol yn Noard- as Súd-Fjetnam), kostje in protte slachtoffers ûnder de boargers. Fierder spile mei dat de Fietkong hieltyd hurder werom begûn te fjochtsjen neigeraden dat it tal bombardeminten tanomd. It die bliken dat in loftoarloch allinnich net genôch wie. Tsjin in fijân dy't oeral oanwêzich is en himsels sûnder probleem fermomme koe as boarger is it dreech fjochtsje.

Tusken 1965 en 1968 waard de Amerikaanske oanwêzigens hieltyd fierder opboud en begûn de oarloch oare foarmen oan te nimmen. Behalve offinsive bombardeminten moasten de hieltyd swierder wurdende oanfallen fan de Fietkong tsjin hâlden wurde. Dêrfoar moast it oantal soldaten noch fierder útwreide wurden. It tal rûn op oant 536.000 troepen yn 1968. Wienen de Amerikaanske slachtoffers yn 1965 noch mar 636, dat oantal wie yn 1968 oprûn ta goed 30.600 Amerikaanske deaden. De Amerikaanske media wie ynearsten posityf west oer de Fjetnamoarloch, mar rûn 1966 en 1967 begûn sy in krityske toan oan te slaan, doe't sy yn de gaten krigen dat de oarloch eskalearre. Meardere kranten en de grutte tv-senders begûn fragen te stellen oer de Fjetnam-polityk. Dêrneist waard harren berjochtjouwing hieltyd minder sekuer, wêrtroch de yndruk waard wekt dat Amerikaanske soldaten grouwélige moarden pligen, en gjin oerwinnings mear behelle koenen, en dat Amearika yn hopeleaze oarloch fersyld rekke wie. It publyk reageare ûntset op it grutte tal deaden en wûnen. Hieltyd gruttere oantallen manlju wegeren yn militêre tsjinst te gean. Dêrtroch waard de Amerikaanske regearing twongen om mear minsken, fral earmen en swarten sûnder konneksjes, yn tsjinst te gean; de riken koenen makliker de tsjinst ûntrinnen. Dat sette in soad kwea bloed. Tusken 1967 en 1971 stige it persintaazje minsken dat tsjinst wegere op morele grûn fan 8% nei 43%.

De resultaten wienen min en ein 1968 begûn it saneamde Tet-offinsyf fan de NLF en Noardfjetnameeske troepen op de ferneamste stêden en bases yn Súd-Fjetnam. De Amerikaanske ferliessifers rûnen op. It Tet-offinsyf soe it kearpunt yn de oarloch wurde. Foar dat offinsyf foarfoel hienen de Amerikanen it idee dat in oerwinning op de Noardfjetnamezen mooglik wie, dêrnei waard allinnich noch mar neitocht op hokker wize weromlûken sûnder gesichtsferlies mooglik wie. Het Tet Offinsyf makke in ein oan de eskalaasje fan de Fjetnamoarloch en foarme it begjin fan de besikings fan Amearika om har werom te loken út de oarloch. Presidint Johnson ferkleare dat hy ree wie om fredesbesprekkings te hâlden mei de Fietkong en dat er him net wer ferkiesber stelle soe foar de presidintsferkiezings fan dat jier.

 
Undertekening fan it fredesakkoard yn Parys

Yn juny 1969 makke de nije presidint Nixon bekend dat gau in begjin makke wurde soe mei it weromlûken fan de Amerikaanske troepen út Súd-Fjetnam en mei 'fjetnamisearing' fan de oarloch (feitlik in weromkear ta de boargeroarloch). Yn maart 1972 wienen der noch 60.000 man Amerikaanske grûntroepen oerbleaun dy't net mear oan de gefjochtshannelingen meidienen. Wol waarden de bombardeminten op Noard-Fjetnam yn desimber 1971 troch de Amerikanen ferfette en yn april 1972 útwreide. Yn opdracht fan Nixon wiene der fan 18 oant 30 desimber mânske bombardeminten op de grutte Noardfjetnameeske stêden.

Op 23 jannewaris 1973 waarden troch Henry Kissinger en troch de Noardfjetnameeske ôffurdige Le Duc Tho de saneamde Akkoarden fan Parys sletten, dêr't offisjeel in ein mei kaam oan de Fjetnamoarloch. It weromlûken fan de lêste Amerikaanske troepen einige yn maart 1973.

Yn Noard-Fjetnam begûn de regearing-Pham Fan Dong, neidat de frede sletten wie, oan de weropbou fan it lân. De Súdfjetnameeske presidint Thieu, dy't him allinnich tanksij Amerikaanske finansjele stipe hanthavenje koe, negeare lykwols de Paryske akkoarden en wegere oer te gean ta it frijlitten fan de politike finzenen en meiwurking te jaan by it ta stân kommen fan frije ferkiezings, in nij parlemint en in koalysjeregearing. De striid tusken de regearing fan Thieu en de Fietkong gie dan ek troch. Yn de maaitiid fan 1975 twong in grutskipske oanfal troch de Fietkong, mei stipe fan Noard-Fjetnam, Thieu ta it oerjaan fan it Sintrale Heechlân, itjinge dat late ta de ynstoarting fan de Súdfjetnameeske definsje. Op 30 april naam de Fietkong de macht oer yn Saigon wêrmei in ein kaam oan de boargeroarloch.

Keppeling om utens

bewurkje seksje