John Adams (Braintree. 30 oktober 1735 - (Quincy, 4 july 1826 ) wie in Amerikaansk gesant en letter de 2de Presidint fan de Feriene Steaten fan 1797 oant 1801.

John Adams

Earder wie er de 1ste fisepresidint ûnder presidint George Washington fan 1789 oant 1797. Adams wie ien fan de wichtichste minsken dy't de Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearing mooglik makke hawwe. Syn soan John Quincy Adams wie fan 1825 oant 1829 de 6de Presidint fan de Feriene Steaten.

Gesant bewurkje seksje

Adams gong yn de simmer fan 1780 nei Amsterdam om yn de Republyk fan de Feriene Nederlannen polityke en finansjele stipe te finen foar de Amerikaanske opstân tsjin de Ingelsen. Syn soanen John Quincy (13) en Charles (10) hâlden him selskip.

Adams frege yn 1781 talitting as gesant by de Steaten Generaal. De Fryske steaten sprutsen har fan alle gewesten as earste út foar syn talitting en foar in freonskips- en hannelsferdrach. Se erkenden sa de ûnôfhinklikheid fan Amearika. Dit beslút wie oanlieding ta it slaan fan in tinkpinning en foar feesten yn Frjentsjer. Fan Amerikaanske kant is yn it Provinsjehûs in tinkstien oanbrocht yn 1909.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J. H. en oaren, Encyclopedie van Friesland 1953, Adams, John.