Erlkönig (personaazje)
De Erlkönig (útspr.: ['ɛrlkø:niɡ], likernôch: "erl-keu-nyk") is de oantsjutting dy't yn 'e Dútsktalige Romantyk brûkt waard foar it mytysk wêzen dat wol omskreaun waard as de kening fan 'e ierdgeasten. "Erlkönig" betsjut letterlik "elzekening" of "kening fan 'e elzen". It wurdt oer it algemien oannommen dat de beneaming in ferbastering is fan it Deenske ellekonge, in figuer út 'e Deenske folkloare. Ellekonge is in dialektyske foarm fan elverkonge, dat "elvekening" of "kening fan 'e elven" betsjut. De oantsjutting Erlkönig waard foar it earst brûkt yn 1778 troch Johann Gottfried Herder yn syn ballade Erlkönigs Tochter, en waard ferneamd makke troch it gedicht Erlkönig fan Johann Wolfgang von Goethe, út 1782, dat troch û.o. de komponist Franz Schubert op muzyk set is. Yn oare talen wurdt it Dútske Erlkönig faak mar heal oerset, lykas yn it Ingelsk as Erlking.
Erlkönig | ||
In stânbyld fan 'e Erlkönig op it tsjerkhôf fan Keltern. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | elf | |
berop/amt | kening fan 'e elven | |
oare ynformaasje | ||
attributen | Wylde Jacht | |
geastlike heit | Johann Gottfried Herder | |
ûntstean | 1778 |
Oarsprong
bewurkje seksjeNeffens folklorist Jacob Grimm soe de oantsjutting Erlkönig weromgean op it Deenske wurd ellekonge, dy't ferwiist nei in figuer út 'e Deenske folkloare, de kening fan 'e elven. Ellekonge is in dialektyske foarm fan it wurd elverkonge, wat persiis dy betsjutting hat. De ellekonge is benammen yndirekt bekend, fia it personaazje fan ellekongens datter, "de dochter fan 'e elvekening", dy't ferantwurdlik wêze soe foar it ferlieden en bestrûpen fan minsken (benammen manlju), mei as bedoeling om har begear, jaloerskens of langst nei wraak te befredigjen.
In oare teory (dy't net folle oanhing hat) is dat de term Erlkönig net fan ellekonge komt, mar fan Herla, de namme fan in figuer út 'e Midsiuwske folkloare fan Ingelân, waans namme letter yn it Frânsk ferbastere waard ta Herlequin of Hellequin. Fan oarsprong soe dat de lieder fan 'e Wylde Jacht west hawwe, dy't yn it Frânsk bekend stiet as maisnie Hellequin ("de hofhâlding fan Hellequin"); dêrmei soe dit wêzen synonym wêze mei de Germaanske god Weda, dy't troch de âlde Germanen as de lieder fan 'e Wylde Jacht beskôge waard. Yn 'e Midsiuwen soe de lieder fan 'e Wylde Jacht ûnder ynfloed fan it kristendom en de oanboazjende ûnkunde op it mêd fan it Germaanske heidendom omfoarme wêze ta in algemien soarte 'duvel'. (Itselde personaazje wie trouwens yn 'e sechstjinde iuw ek de oarsprong fan 'e harlekyn, in type komysk tsjinstfeint yn toanielstikken.)
Herla is yn it tolfde-iuwske De Nugis Curialium, fan Walter Map, in kening fan 'e Keltyske Brittanjers dy't troch omstannichheden trije iuwen trochbringt yn 'e wrâld fan 'e elven en dêrtroch de Angelsaksyske kolonisaasje fan Brittanje mist en pas weromkeart as syn lân net mear bestiet. De oarsprong fan 'e namme 'Herla' is it Oergermaanske erilaz, dat yn it Aldsaksysk ta erl waard en yn it moderne Ingelsk ta earl ("greve").
Ferskate oare suggestjes oer de oarsprong fan Erlkönig binne dien. Sa wurdt wol tocht oan Herrequin, in njoggende-iuwske greve fan Bastenaken dy't sa kweadaardich wie, dat it sprekwurdlik wurden is. En yn 1836 oppenearre Karl Halling dat der mooglik in ferbân bestie tusken de Erlkönig en de Altayske god fan 'e dea Erlik Chan.
Erlkönigs Tochter
bewurkje seksjeJohann Gottfried Herder yntrodusearre de Erlkönig yn 'e Dútsktalige literatuer yn Erlkönigs Tochter ("De Dochter fan 'e Erlkönig"), in ballade dy't yn 1778 publisearre waard yn 'e bondel Stimmen der Völker in Liedern. Herders syn wurk wie basearre op 'e Deenske folksballade Hr. Oluf Han Rider ("Hear Oluf Hy Riidt"), dy't yn 1739 ôfprinte waard yn 'e bondel Danske Kæmpeviser. Herder gie dêrby út fan in frije fertaling, wêrby't er it Deenske elvermø ("elvefaam") oersette as "de dochter fan 'e Erlkönig". It dialektyske Deenske ellekonge waard troch him nei alle gedachten misbegrepen as "elzekening", mei't in elzebeam yn it Deensk ek in elletræ is. Sadwaande makke er dêr yn it Dútsk Erlkönig ("elzekening") fan. Hoewol't men der oer it algemien tinkt dat Herder in flater makke, is ek wol suggerearre dat er ellekonge mei opsetsin ferkeard oersette om't er de boasaardige geast út it oarspronklike ferhaal de assosjaasje mei in wâld jaan woe.
It ferhaal giet oer in man fan kwizekwânsje, hear Oluf, dy't ûnderweis nei syn brulloft ûnder de betsjoening rekket fan 'e muzyk fan 'e elven. In elvefaam (yn Herder syn ferzje de dochter fan 'e Erlkönig) ferskynt oan him en nûget him út om mei har te dûnsjen. Hy stegeret har lykwols ôf en allyksa har oanbod fan presinten en goud. Dêrop ûntstekt hja yn grime, jout him in terwinkel en stjoert him fuort. Deadsbleek riidt Oluf fierder. De oare moarns, de dei fan syn brulloft, treft syn breid him dea oan ûnder syn skarlekkene mantel.
Der Erlkönig
bewurkje seksjeHoewol't Johann Wolfgang von Goethe him dúdlik troch de ballade fan Herder ynspirearje liet, wykt syn gedicht Erlkönig, út 1782, dêr dochs sterk fan ôf. Yn it ferhaal fan it gedicht is de antagonist net de dochter fan 'e Erlkönig, mar de Erlkönig sels. Dy makket gjin folwoeksenen fan it tsjinstelde geslacht ta proai, mar sit efter bern oan, hoewol't syn motiven dêrfoar nea dúdlik útlein wurde. Utsoarte is de Erlkönig fan Goethe folle mear besibbe oan 'e Germaanske foarstelling fan elven en walkueren: in wêzen mei macht oer libben en dea ynstee fan in ienfâldige boppenatuerlike geast.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |