De Geaten of Gauten (Aldnoarsk: gautar, útspr.: ['ɡɑu̯tɑr], likernôch: "gau-tar"; Sweedsk: götar, útspr.: ['jø:tar], likernôch: "jeu-tar") wiene in Noardgermaansk folk dat yn 'e Midsiuwen it middensuden fan Sweden bewenne. De lânstreek Götaland ("Geatelân") en de Sweedske provinsjes Västergötland ("Westergeatelân") en Östergötland ("Eastergeatelân") binne nei harren ferneamd. Se binne yn it ferline gauris lykslein mei de Goaten en de Gotlanners, en hoewol't se sûnder mis besibbe wiene oan dy beide folken, binne saakkundigen it der noch altyd net oer iens hoe nei oft dy besibskip wie. De Geaten binne letter mei de stamme fan 'e Sweden (Svear) opgien yn it moderne folk fan 'e Sweden. Behalven yn toponimen libbet de neitins oan harren benammen fuort yn it Aldingelske epos Beowulf oer de Geatyske held mei deselde namme.

Geaten

Skandinaavje yn 'e tolfde iuw.
     Geaten          Sweden (stamme)          Gotlanners
algemiene ynformaasje
oare namme(n) Gauten
taal Geatysk
godstsjinst Germaansk heidendom,
letter kristendom
historiografy
tiidrek 2e iuw15e iuw
gebiet súdlik Sweden

Etymology bewurkje seksje

It etnonym 'Geaten' komt fan it Aldingelske Geatas, dat tebek giet op it Proto-Germaanske *Gautōz (inkeltal: *Gautaz). De synonime foarm 'Gauten' komt fan it Aldnoarske Gautar, dat ek weromgiet op it Proto-Germaanske *Gautōz. De nammen fan 'e Goaten en de Gotlanners geane werom op it Proto-Germaanske *Gutaniz (inkeltal: *Gutô). *Gautōz en *Gutaniz binne allebeide ablautfoarmen fan it Proto-Germaanske *geutaną, dat "jitte" betsjut. Oer it algemien wurdt oannommen dat beide nammen ûntstien binne as oantsjuttings foar "manlju (fan 'e stamme)", mei de letterlike betsjutting "dejingen dy't harren sied [út]jitte".

Skiednis bewurkje seksje

Ierste boarnen bewurkje seksje

De ierst bekende fermelding fan 'e Geaten stiet yn it wurk fan Ptoleméus, út 'e twadde iuw, dy't harren oantsjut as Goutoi. Yn 'e sechsde iuw skriuwt Jordanes oer de 'Gautigoaten' en de 'Ostrogoaten', dy't er lykslacht mei de Getae, wylst Prokopius ferwiist nei de Gautoi. De Aldnoarske sêgen hawwe it oer de Gautar, en yn 'e Aldingelske literatuer (Beowulf en Widsith) wurde se Gēatas neamd. Yn 'e sêgen en yn Beowulf wurde ek ferskate Geatyske keningen neamd, mar inkeld fan Hygelac is bekend dat it in histoarysk persoan wie, mei't er ek neamd wurdt yn 'e Liber Monstrorum (as rex getarum, "kening fan 'e Geaten") en yn in kopy fan 'e Historiæ Francorum (as rege gotorum). Yn dy boarnen wurdt fernijd oer in ynfal yn Fryslân om 516 hinne, dy't ek neamd wurdt yn Beowulf.

Opname fan 'e Geaten yn it Sweedske keninkryk bewurkje seksje

Tradisjoneel wiene de Geaten ferdield oer ferskate lytse keninkrykjes, dy't allegear harren eigen ding en wetten hiene. It grutste fan dy keninkrykjes wie Västergötland, en it wie dêre dat elts jier it Ding aller Geaten holden waard, yn 'e neite fan Skara. Foarôfgeande oan 'e Konsolidaasje fan Sweden wiene de Geaten polityk ûnôfhinklik fan 'e Sweden (Sweedsk: Svear; Aldingelsk: Sweonas). By it ferskinen fan 'e ierst oerlevere skriflike boarnen út Skandinaavje, om 'e ein fan 'e tsiende iuw hinne, wurde de lannen fan 'e Geaten beskreaun as ûnderdiel fan in noch hiel swak en desintraal organisearre Sweedsk keninkryk, mar hoe't de Sweedsk-Geatyske ienwurding yn 'e tuskentiid krekt ferrûn, is noch altyd ûnderwerp fan in soad diskusje ûnder histoarisy.

Op grûn fan it gebrek oan Ier-Midsiuwske boarnen, it feit dat de Geaten oarspronklik ûnôfhinklik wiene en it feit dat se letter ûntsjinstriidber ûnderdiel úmakken fan in feriene keninkryk dat bestjoerd waard út 'e histoaryske lannen fan 'e Sweden wei, waard tradisjoneel oannommen dat de Sweden de Geaten yn in feroveringsoarloch ferslein en harren keninkryk of keninkriken anneksearre hiene. De iennichste oerlevere ferhalen oer Sweedsk-Geatyske oarloggen binne lykwols semy-legindarysk fan aard, en steane yn Beowulf, it wurk fan Jehannes Magnus, en oare soksoarte boarnen. Dêr komt by dat yn Beowulf it ferhaal eins is dat de Geatyske kening de rjochtmjittige erfgenamt fan 'e Sweedske troan helpt om in usurpator te ferslaan en foar dyselde yn it plak kening te wurden. Dat liket net op 'e machtsferhâldings dy't nedich wêze soene foar in Sweedske feroveringsoarloch tsjin 'e Geaten.

 
It wurd Geata ("Geaten") yn in manuskript fan it Aldingelske epos Beowulf.

Hjoeddeistige histoarisy binne fan tinken dat it skoan kinne soe dat it keninkryk fan 'e Geaten de driuwende krêft efter in Sweedske ienwurding wie. Dat soe útlein wurde kinne troch de Geatyske belutsenens by de oarloggen fan 'e Goaten yn súdliker dielen fan Jeropa, dy't de befolking fan Götaland in soad Romeinsk goud brocht, mar dy't tagelyk de befolking fan it gebiet ynkrimpe liet. Oanwizings dêrfoar binne werjûn yn it Nordisk familjebok en galmje teffens nei yn tradysjes dy't weromgeane oant de fjirde iuw en dy't fêstlein binne yn 'e Hervarar Saga. Yn dat wurk falle de Hunnen de lannen fan 'e Goaten binnen en driigje it leger fan kening Angantyr ûnder de foet te rinnen; op 'e wanhopige fersiken om help stekt de Geatyske kening Gizur mei syn troepen de Eastsee oer. Hoewol't der gjin bewiis bestiet dat sa'n Geatyske ynvaazje fan it fêstelân fan Jeropa wier plakfûn hat, liket it wierskynlik dat it ferhaal net hielendal los stiet fan 'e doetiidske reäliteit.

Histoarisy tinke dêrom hjoed de dei dat it Keninkryk Sweden yn 'e Midsiuwen oprjochte waard trochdat de Sweden en de Geaten de lapen gearsmieten om sterker te stean tsjin fijannen fan bûtenôf, benammentlik de Denen. Neffens Curt Weibull soe dy folsleine yntegraasje fan 'e Geaten yn it Sweedske keninkryk om it jier 1000 hinne plakfûn hawwe, mar guon fan syn kollega-histoarisy binne fan tinken dat soks earder barde, teminsten foàr de njoggende iuw en mooglik al sa ier as de sechsde iuw. Neffens harren is it swijen oer it Geatyske keninkryk yn histoaryske boarnen út 'e njoggende iuw te ferklearjen trochdat dat keninkryk doe net mear bestie. Dat soe befêstige wurde troch it ferslach fan Rimbert oer it sindelingewurk fan Ansgar, wêryn't de Sweedske kening foarsteld wurdt as de iennichste soeverein yn syn kontrei, dy't net inkeld nauwe bannen ûnderhâldt mei de kening fan 'e Denen, mar ek mei dy fan 'e Franken. Oan 'e oare kant litte de âldste Midsiuwske Sweedske boarnen in Sweedsk keninkryk sjen dat yntern ferskillen hat op it mêd fan wetjouwing en fan mjitten en gewichten tusken de lannen fan 'e Sweden en de Geaten. Ek meitsje dyselde boarnen der gewach fan dat der oant yn 'e tolfde iuw keningen wiene dy't harsels rex gothorum neamden, en dat ien fan dy keningen de earste monarch fan in feriene Sweden waard.

Oarloggen mei de Noaren bewurkje seksje

Behalven mei de Sweden en de Denen hiene de Geaten ek gedoente mei de Noaren. Yn 'e Heimskringla skreau de Iislânske skald Snorri Sturluson dat der yn 'e njoggende iuw oarloch wie tusken de Geaten en de Noarske kening Harald Skienhier. By de fjildtocht fan Harald Skienhier yn Götaland krigen de Geaten gjin stipe fan 'e Sweedske kening Earik Emundsson. Sturluson neamde ek de ynfal fan Haakon I fan Noarwegen yn Götaland, de striid fan 'e Deenske kening Harald Blautosk tsjin jarl Ottar fan Östergötland en de fjildslaggen dy't Olaf II fan Noarwegen mei de Geaten útfocht yn syn oarloch mei de Sweedske kening Olaf II fan Sweden.

Lettere skiednis bewurkje seksje

Doe't yn 'e alfde iuw it Sweedske keningshûs Munsö útstoar mei de dea fan Edmund de Alde, waard Stenkil, in Geat, keazen ta kening fan Sweden. De Geaten wiene ek tige ynfloedryk yn it omfoarmjen fan Sweden ta in kristlik lân. De ferkiezing fan Stenkil ta de troan late lykwols in lange perioade fan ûnlijigens yn tusken kristenen en heidens en tusken Geaten en Sweden. De skiedlinen tusken dy beide ferdielings foelen fierhinne gear, en dat wie de reden dat de kristlike Sweedske kening Inge de Aldere om 1080 hinne de wyk naam nei Västergötland nei't er ôfset wie yn it foardiel fan Svein de Offerder, dy't him goedgeunstiger opsteld foar it heidendom oer. Mei stipe fan 'e Geaten wist Inge letter de troan te weroverjen, wêrnei't er noch oant syn dea yn likernôch 1100 regearre.

Yn dy tiid waarden de Sweedske keningen keazen troch de Sweden, wylst de Geaten by dy ferkiezings gjin stim yn it kapittel hiene. Nei de ferkiezing makke de kening in rûnreis troch it lân, wêrby't er him begeliede liet troch gizelders út dy krite, sadat er troch de regionale wetsprekkers yn syn funksje befêstige wurde koe. De reis gie earst troch Södermanland, dan troch de Geatyske provinsjes en dêrnei fia Närke en Västmanland werom nei Uppland. Ien fan 'e Sweedske keningen wie Ragnvald Knaphövde, dy't yn 1125 wol troch Västergötland reizge om yn syn amt befêstige te wurden, mar wegere om him beselskipje te litten troch Geatyske gizelders, mei't er de Geaten ferachte. Hy waard dêrop by Falköping troch de Geaten deade.

It ûnderskie tusken Sweden en Geaten bleau bestean oan 'e ein fan 'e Midsiuwen ta, mar de Geaten waarden almar wichtiger foar it Sweedske nasjonale prestiizje fanwegen harren foarâlderlike bannen mei de Goaten. Dêrby waard de twifelige bewearing oanhelle dat de Geaten en de Goaten itselde folk wiene, en om't de Geaten no Sweden wiene, betsjutte dat dat de Sweden it Romeinske Ryk ferslein hiene. Hoewol't der dúdlike tinkflaters yn dy logika sitte, waard dit idee, it saneamde gotisisme, troch de Sweden serieus ynset om foardiel mei te beheljen. It ierst bekende foarfal wie op it Konsylje fan Basel, yn 1434, dêr't de Sweedske delegaasje deilis rekke mei de Spaanske delegaasje oer wa't de wiere Goaten wiene. De Spanjerts ornearren nammentlik dat sy ôfstammen fan 'e heldhaftige Fisigoaten dy't derop úttein wiene om 'e Romeinen te ferslaan, wylst de Sweden ôfstammen fan 'e leffe efterbliuwers dy't nea út Skandinaavje weigien wiene.

Pas nei't yn 'e fyftjinde iuw de Uny fan Kalmar sletten waard, mei as gefolch dat hiele Skandinaavje yn ien keninkryk feriene waard, begûnen de Sweden en de Geaten harsels as ien folk te sjen. Dat proses gie doe nei alle gedachten flugger om't se mei de Denen en de Noaren yn ien lân libben. Tsjintwurdich is der fan in aparte Geatyske identiteit alhiel gjin sprake mear en binne de Geaten fan âlds folslein opgien yn 'e Sweden. Inkeld toponimen lykas dy fan 'e lânstreek Götaland ("Geatelân") en de Sweedske provinsjes Västergötland ("Westergeatelân") en Östergötland ("Eastergeatelân") dogge noch oan harren tinken. Ek de stêd Goateboarch (Sweedsk: Göteborg, útspr.: [jø:të'bɔrj], likernôch: "jeu-tuh-borj"), dy't trouwens pas yn 1621 stifte waard, is nei harren ferneamd en net nei de Goaten.

 
     Götaland (Geaten)
     Gotlân (Gotlanners)
     3e-iuwske Wielbarkkultuer (Goaten)
     4e-iuwske Tsjernjachovkultuer (Goaten)
     fierste útwreiding fan it Romeinske Ryk, yn 117 n.Kr.

Geaten en Goaten bewurkje seksje

It is in âlde kontroverse oft de Geaten en de Goaten itselde folk wiene en dêrom mei-inoar lykslein wurde kinne. Sawol Aldnoarske as Aldingelske teksten meitsje dúdlik ûnderskie tusken de beide etnyske groepen: Aldnoarsk: Gautar, resp. Gotar; Aldingelsk: Gēatas, resp. Gotenas. De histoarikus Jordanes lykwols, dy't sels in Goat wie, skreau dat de Goaten oarspronklik fan it eilân Skandza (almeast ynterpretearre as Gotlân) kamen. Hy woe ek hawwe dat der op dat eilân trije stammen libben: de 'Gautigoaten', de 'Ostrogoaten' en de 'Vagoaten'. Dy stammen binne wol identisearre as de Geaten fan Västergötland, de Geaten fan Östergötland en de Gotlanners.

Uterings fan Skandinavyske deaderituëlen, lykas stiennesirkels (domarringar), dy't it measte foarkommen yn Götaland en op Gotlân, en stêlen (bautastenar), ferskynde yn 'e earste iuw n.Kr. ynienen yn wat no noardlik Poalen is. Dat wiist op in ynfluks fan Skandinavyske kolonisten yn it begjinstadium fan 'e Goatyske Wielbarkkultuer. Boppedat is der oare kant de Eastsee, yn it Sweedske Östergötland, yn dyselde snuorje in ferdwining fan in protte doarpen fêststeld. Kontemporêne boarnen begjinnend yn 'e fjirde iuw assosjearje de Goaten fierders mei de ierdere Getae fan Daasje (no Roemeenje), mar dy identifikaasje is sels noch kontroversjeler.

It is yn 'e moderne wittenskip frij algemien akseptearre dat de Goaten oarspronklik fan Gotlân en/of út súdlik Sweden kamen. Logyskerwize hâldt dat yn dat se nau besibbe wiene oan 'e Geaten. Mar oft se no fan oarsprong itselde folk wiene of in susterstamme, yn elts gefal is it dúdlik dat se har ûntwikkelen ta in selsstannich folk nei't se ienris it lân fan harren foarâlden ferlitten hiene. It is dus hoe dan ek ûnsinnich om yn 'e Midsiuwen noch Geaten en Goaten ta ien folk lyk te slaan.

Oare hypotezen bewurkje seksje

De Jutske hypoteze bewurkje seksje

Der bestiet in hypoteze, foar it earst foarsteld yn 1884 troch Pontus Fahlbeck, dat de âlde Jutten (fan Jutlân) ek Geaten wiene. Hy wiisde derop dat yn 'e (oan Alfred de Grutte taskreaune) Aldingelske oersetting fan 'e (oarspronklik yn it Latyn stelde) Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum fan Beda de Jutten ienris oantsjut wurde as Gēata (genityf) en twaris as Gēatum (datyf). Dat binne ferbûgings dy't by Gēatas hearre, it Aldingelske wurd foar 'Geaten'.

Lykwols, de algemien akseptearre identifikaasje fan it Aldingelske Gēatas mei it Aldnoarsk Gautar en it Sweedske Götar is basearre op 'e waarnimming dat de ēa-twaklank fan it Aldingelsk korrespondearret mei de au-twaklank yn it Aldnoarsk en de ö-fokaal yn it Sweedsk. Dêrby komt noch dat yn it Aldingelske epos Beowulf fernijd wurdt dat de Gēatas eastlik fan 'e Dani wenje; de Dani binne de Denen, dy't yn 'e Iere Midsiuwen yn har wengebiet beheind wiene ta de Deenske Eilannen en de súdpunt fan it fêstelân fan Sweden. Fierders wurde de Jutten yn Beowulf ek neamd, nammentlik as Ēotena (genityf) en Ēotenum (datyf). Ek yn it Aldingelske gedicht Widsith wurde sawol de Geaten as de Jutten neamd, en de Jutten hjitte dêr Ȳtum.

De hypoteze fan Fahlbeck waard yn 1907 wjerlein troch Henrik Schück, dy't opmurk dat in oare Aldingelske boarne, de Angelsaksyske Kronyk, de Jutten oantsjut as Īutna, Īotum of Īutum. Boppedat wiisde Schück derop dat de oersetting fan Alfred de Grutte de Jutten yn boek IV, haadstik 14, side 16 Ēotna neamd en yn ien manuskript Ȳtena. Edwin August Björkman stelde op basis dêrfan yn 1908 foar dat yn 'e oersetting fan Alfred de Grutte de Geaten en de Jutten mei-inoar betize wurde fanwegen de Westsaksyske foarmen Geotas ("Jutten") en Gēatas ("Geaten").

De Gotlânske hypoteze bewurkje seksje

Sûnt de njoggentjinde iuw bestiet der ek in hypoteze dat de Geaten út it epos Beowulf eins Gotlanners wiene, fan it eilân Gotlân yn 'e Eastsee. It gedicht sprekt nammentlik fan "Waar-Geaten" en "See-Geaten", dy't eastlik fan 'e Denen libje, mar fan 'e Sweden skaat wurde troch brede wetters. Guon ûndersikers, lykas de argeologen Gad Rausing en Bo Gräslund, fine it fiersocht om 'e marren fan súdlik Sweden, Vänern en Vättern, as "wide wetters" te beskôgjen. De ferwizing nei it waar yn "Waar-Geaten" en nei de see yn "See-Geaten" lykje fierders te wizen nei in folk dat oan in fan stoarmen teheistere seekust libbet, wylst de Geaten fan Götaland foar it meastepart yn it binnenlân wennen. It liket sokken dan ek mear foar de hân te lizzen dat de Geaten út Beowulf eins ôfkomstich wiene fan Gotlân, dat ommers troch de Eastsee, in wiid wetter, fan it lân fan 'e Sweden skaat wurdt. As dat wier is, wol dat net sizze dat der yn Västergötland en Östergötland fan âlds gjin Geaten wennen, allinnich dat de Geaten dy't yn Beowulf neamd wurde, fan Gotlân kamen. It soe lykwols al betsjutte dat de Geaten en de Gotlanners folle nauwer besibbe wiene as dat oer it algemien tocht wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.