In sintaur is in figuer út 'e Grykske mytology (âld-gryksk: κένταυρος = kêntaurôs). It is in heal-minske, heal-hynder. Sintauren komme yn in protte âlde mearkes foar, yn guon as tige wyld, yn guon as wiis en fredich.

Sintaur

Ek yn hjoeddeiske teltsjes komme sintauren foar, bygelyks yn 'e boeken fan 'e Harry Potterrige. Dêr komt Harry yn syn earste skoaljier in sintaur tsjin, dy't Firenze hjit. Dat healminsk-healhynder beskermet Harry tsjin in tsjuster figuer yn it wâld by Swiniastate wêrnei't er Harry op syn rêch meinimt en yn feiligens bringt. Wannear't oare sintauren dat sjogge, wurdt de sintaur lykwols útskeld, om't er immen op syn rêch ride lit, as wie er in ryddier. Dat is in direkt motyf út 'e mytology, dêr't dat krekt sa bart.

Ek Dante brûkt yn syn Inferno sintauren út de Grykske mytology.