Universiteit fan Oklahoma

De Universiteit fan Oklahoma (Ingelsk: University of Oklahoma), ôfkoarte ta OU (en net ta it mear foar de hân lizzende UO), is in iepenbiere universiteit yn 'e Feriene Steaten, dy't fêstige is yn Norman, yn 'e Amerikaanske steat Oklahoma. It ynstitút waard yn 1890 oprjochte, santjin jier foardat Oklahoma de status fan in folweardige steat krige. De kampus omfiemet twa foaroansteande museä, it Fred Jones Jr. Museum of Art en it Sam Noble Oklahoma Museum of Natural History. De Universiteit fan Oklahoma stiet benammen bekend om syn sportprogramma's, en de universiteitsteams hawwe ferskate Amerikaanske nasjonale kampioenskippen wûn yn Amerikaansk fuotbal, honkbal, softbal en turnjen. Yn 2008 wurken oan 'e universiteit 2.937 perfesters, dosinten en oare stêfleden, en yn 2019 wiene der 28.564 studinten, wêrfan't 6.412 in postdoktorale stúdzje folgen.

Universiteit fan Oklahoma
University of Oklahoma
Namme
Ofkoarting OU
Biedwurd "Civi et Reipublicae"
"Yn it foardiel fan Boarger en Steat"
Lokaasje
Lân Feriene Steaten
steat Oklahoma
Plak Norman (Oklahoma)
Oare bysûnderheden
Type iepenbier
Oprjochting 1890
Tal studinten 28.564 (hjerst 2019)
Tal meiwurkers 2.937 (2008)
Kleuren karmozyn en krêm          
Netwurken APLU, ORAU, SURA, URA
Offisjele webside
www.ou.edu
Kaart
Universiteit fan Oklahoma (Oklahoma)
Universiteit fan Oklahoma
Lokaasje yn Oklahoma.

Op 18 desimber 1890, santjin jier foar't Oklahoma in folweardige Amerikaanske steat waard, stifte it kongres fan it Territoarium Oklahoma trije universiteiten op syn gerjochtichheid. Dêrby gie it om 'e Territoriale Universiteit fan Oklahoma yn Norman dy't him letter ûntjaan soe ta de Universiteit fan Oklahoma (OU); in lânboukundich en technysk kolleezje yn Stillwater dat letter omneamd wurde soe ta de Steatsuniversiteit fan Oklahoma (OSU); en in normaalskoalle yn Edmond dêr't letter de Universiteit fan Sintraal Oklahoma (OCU) út groeie soe. De gemeente Norman stelde foar de stifting fan 'e universiteit 1,6 km² grûn beskikber. David Ross Boyd, de earste rektor fan 'e universiteit, joech opdracht om dêr beammen te plantsjen foar't de earste stien lein waard, om't er him gjin universiteitskampus sûnder beammen foarstelle koe.

 
It Donald W. Reynolds Center for the Performing Arts (foarhinne Holmberg Hall) lit goed de arsjitektoanyske styl fan 'e universiteitsgebouwen sjen.

De earste studinten skreaune har yn 1892 yn, en datselde jiers giene de kolleezjes fan start. Om't der yn Oklahoma ferlet wie fan aptekers, stifte de universiteit yn 1893 in Skoalle foar Aptekerij, dêr't yn 1896 de earste studinten ôfstudearren. Op 6 jannewaris 1903 baarnde it iennichste gebou fan 'e universiteit ôf, wêrby't de measte argyfstikken oangeande it begjin fan 'e universiteit ferlern giene. Der waard mei ienriedige stipe fan 'e mienskip fan Norman fuortendaliks úteinset mei de werbou, om't ferskate oare plakken besochten en krij de universiteit safier dat dy dêrhinne ferhuze. It nije gebou en ek lettere gebouwen waarden set yn in unike boustyl dy't wol Sjerokygotyk neamd wurdt: it stipet sterk op 'e gotyk, mar fermingt dy mei eleminten út 'e Yndiaanske kultueren (de Sjeroky binne it grutste Yndiaanske folk fan Oklahoma). De term 'Sjerokygotyk' (Cherokee Gothic) waard betocht troch de ferneamde Amerikaanske arsjitekt Frank Lloyd Wright, doe't dy de boustyl foar it earst seach.

Doe't Oklahoma yn 1907 as steat yn 'e Amerikaansk Uny opnommen waard, late dat ta it omneamen fan 'e Territoriale Universiteit fan Oklahoma ta de Universiteit fan Oklahoma. De folgjende desennia waard de kampus stadichoan útwreide en kamen der hieltyd mear gebouwen by. Sa waard yn 1936 in nij bibleteekgebou set dêr't driuwend ferlet fan wie. Under de Twadde Wrâldoarloch sakke it tal studinten mei hast de helte omleech, fan 6.935 yn 1939 nei 3.769 yn 1945, om't sa'n soad jonge Amerikanen yn 'e Amerikaanske Striidkrêften tsjinnen. Yn dy tiid wie de Universiteit fan Oklahoma belutsen by de oplieding fan marine-ofsieren yn gearwurking mei it Marineloftstasjon Norman, dat nei syn opheffing omfoarme wurde soe ta de Noardkampus. Nei ôfrin fan 'e oarloch folge in perioade fan flugge groei, en tsjin 1965 wiene der 17.268 studinten oan 'e universiteit, in taname fan 450% dy't foar húsfêstingsproblemen soarge. Mids 1960-er jierren liet de universiteit dêrom trije nije studinteflats fan elts tolve ferdjippings op 'e kampus bouwe. Dêrnjonken kaam der ek in appartemintekompleks (no de Kraettli Apartments) dêr't troude studinten mei harren húshâldings wenje koene.

Nei de Twadde Wrâldoarloch krige de Universiteit fan Oklahoma ek te meitsjen mei de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging, dy't stried foar lykberjochtiging fan 'e Afro-Amerikanen. De Bizzell Memorial Library, it bibleteekgebou fan 'e universiteit, is oanwiisd as monumint mei de status fan National Historic Landmark ta neitins oan G.W. McLaurin, in negroïde man dy't yn 1948 útsletten waard fan talitting ta in doktoraalstúdzje oan 'e universiteit. It wie doedestiden yn Oklahoma by wet fêstlein dat gjin inkele ûnderwiisynstelling sawol blanke as swarte studinten betsjinje mocht, mar der wiene frijwol gjin doktoraalstúdzjes foar swarten beskikber. Nei in rjochtsaak waard de universiteit twongen om McLaurin ta te litten, mar dochs moast er studearje yn in ôfskutte diel fan 'e rjochtebibleteek en wie ek it plak dêr't er iet segregearre. McLaurin makke dêr beswier tsjin en de NAACP brocht de saak foar it Amerikaansk Heechgerjochtshôf ûnder de namme McLaurin vs. Oklahoma State Board of Regents. Yn 1950 die it Heechgerjochtshôf de útspraak dat it oan 'e Universiteit fan Oklahoma út wêze moast mei de rasseskieding. It is in frij ûnbekende saak, mar it foarme in wichtich presedint foar it folle mear ferneamde Brown v. Board of Education, dat yn 1954 in ein makke oan alle segregearre ûnderwiis yn 'e Feriene Steaten.

 
Utsjoch oer ferskate gebouwen op 'e kampus fan 'e Universiteit fan Oklahoma.

Fan 'e 1990-er jierren ôf makke de Universiteit fan Oklahoma op 'e nij in perioade fan grutte groei troch. De kampus waard fergrutte en der waarden ferskate nije gebouwen set. Yn maart 2015 kaam de universiteit negatyf yn it nijs doe't der in fideo opdoek fan leden fan 'e studinteferiening Sigma Alpha Epsilon dy't in rasistyske slogan skandearren wylst se yn in bus rieden. Sigma Alpha Epsilon hefte syn ôfdieling oan 'e Universiteit fan Oklahoma dêrnei fuortendaliks op, en rektor David Boren joech de leden fan 'e feriening twa dagen de tiid om út it ferieningshûs te ferhuzjen. Hy ferballe ek twa studinten fan 'e universiteit dy't neffens him de oanstifters fan it ynsidint wiene.

 
It Fred Jones Jr. Museum of Art.

De haadkampus fan 'e Universiteit fan Oklahoma leit yn 'e beboude kom fan Norman, en wurdt begrinzge troch Boyd Street yn it noarden, Chautauqua Avenue yn it westen, Timberdell Road yn it suden en Jenkins Avenue yn it easten. Sintraal op 'e kampus lizze twa ovals, oftewol ovaalfoarmige parken. Oan 'e Parrington Oval of North Oval stiet û.m. Evans Hall, it haadgebou fan 'e universiteit. Oan 'e Van Vleet Oval of South Oval stiet û.m. de universiteitsbibleteek, de Bizzell Memorial Library. Oan 'e eastkant fan 'e haadkampus stiet it Gaylord Family Oklahoma Memorial Stadium, in sportstadion dêr't de teams fan 'e universiteit harren wedstriden spylje. Behalven universiteitsgebouwen omfettet de haadkampus ek twa foaroansteande museä. It Fred Jones Jr. Museum of Art hat in keunstkolleksje dy't spesjalisearre is yn it Frânske ympresjonisme en yn Yndiaanske ambachten. It Sam Noble Oklahoma Museum of Natural History lit de skiednis fan Oklahoma sjen mei in kolleksje dy't bestiet út mear as 5 miljoen foarwerpen wêrfan't guon 300 miljoen jier yn 'e tiid weromgeane.

Oare kant Timberdell Road, dus súdlik fan 'e haadkampus, steane noch ferskate flatgebouwen dy't eigendom fan 'e universiteit binne, mei dêropta it gebou fan 'e rjochtefakulteit en inkele sportfoarsjennings, lykas it L. Dale Mitchell Honkbalpark en it Lloyd Noble Center, de basketbalarena. Dit diel fan 'e universiteit stiet bekend as de súdkampus, hoewol't it gjin kampus is yn 'e gebrûklike betsjutting fan in omsletten terrein. De Universiteit fan Oklahoma is ek eigner fan it boskperseel oan 'e súdkant fan State Highway 9, tusken Chautauqua Avenue en Jenkins Avenue, dat Oliver's Woods neamd wurdt. Dêr wurdt troch de studinten ekologysk ûndersyk dien. Oanbuorjend leit de saneamde ûndersykskampus (research campus), dêr't de Universiteit fan Oklahoma fanwegen romtegebrek op 'e noardkampus sûnt 2010 nije ûndersyksgebouwen sette litten hat. De wichtichsten dêrfan binne it National Weather Center, it Advanced Radar Research Center en it Stephenson Research and Technology Center.

 
De studinteflats op 'e kampus fan 'e Universiteit fan Oklahoma.

Oan 'e noardlike útein fan Norman, dêr't foarhinne it Marineloftstasjon Norman fêstige wie, leit de noardkampus, dy't eins OU Research Campus-North hjit. Dêr steane it Radar Operations Center, it âlde National Severe Storms Laboratory en ferskate oare gebouwen dy't brûkt wurde foar praktykûndersyk. De noardkampus omfiemet ek it Max Westheimer Fleanfjild fan de Universiteit fan Oklahoma. Dat wurdt brûkt foar de oplieding fan piloaten, ferkearslieders en oare beroppen dy't mei de loftfeart te krijen hawwe. De haadkampus fan 'e fakulteit medisinen, it University of Oklahoma Health Sciences Center (OUHSC) leit op it terrein fan it Oklahoma Health Center, in akademysk sikehûs yn Oklahoma City. Deselde fakulteit ûnderhâldt in sekundêre kampus yn Tulsa, it University of Oklahoma-Tulsa Schusterman Center. Oare njonkenkampussen fan 'e Universiteit fan Oklahoma binne fêstige yn Puebla (Nij-Meksiko), it Italjaanske Arezzo en Rio de Janeiro. Der binne plannen foar in fierdere útwreiding nei İzmir, oan Egeyske kust fan Turkije.

De haadbibleteek fan 'e Universiteit fan Oklahoma is de Bizzell Memorial Library. Dat is de grutste ûndersyksbibleteek yn Oklahoma, mei mear as 4,7 miljoen boeken, mear as 1,6 miljoen foto's, mear as 1,5 miljoen lânkaarten en mear as 31.000 ûnderskate tydskriften. De fakulteiten arsjitektuer, technyk, skiene keunsten, natuerkunde en astronomy en geology ûnderhâlde harren eigen bibleteken. De Universiteit fan Oklahoma hat ek de History of Science Collections op 'e noed, dy't fan ûnskatbere wearde binne, mei 94.000 boeken oer de skiednis fan 'e wittenskip, wêrûnder guon mei de hân fan notysjes foarsjoene wurken fan 'e ferneamd santjinde-iuwske Italjaanske astronoom Galileo Galilei.

 
It logo fan 'e sport-teams fan 'e Universiteit fan Oklahoma.

Studinten en stêf

bewurkje seksje

De Universiteit fan Oklahoma hie yn 2008 in stêf goed 2.900 perfesters, dosinten en ûnderstypjend personiel. Yn 'e hjerst fan 2019 wiene der yn totaal 28.564 studinten ynskreaun, wêrfan't 6.412 in postdoktorale stúdzje folgen. Bekende âld-studinten fan 'e Universiteit fan Oklahoma binne: akteurs James Garner, Ed Harris en Olivia Munn, skriuwer Jim Butcher, astronaut Fred Haise, politisy Carl Albert en Susana Martinez, en skientmekeninginne Jennifer Berry.

Sportprogramma's

bewurkje seksje

De Universiteit fan Oklahoma stiet bekend om syn sportprogramma's, mei teams dy't har de OU Sooners neame. De universiteit hat ferskate nasjonale kampioenskippen yn ferskillende sporten wûn, wêrûnder sân nasjonale kampioenskippen yn it Amerikaansk fuotbal en twa nasjonale kampioenskippen yn it honkbal. It frouljussoftbalteam fan 'e universiteit hat it nasjonale kampioenskip fjouwer kear wûn: yn 2000, 2013, 2016 en 2017. De beide turnteams hawwe mei-inoar sûnt 2002 alve nasjonale kampioenskippen wûn: it frouljusteam trije en it manljusturnteam acht, wêrûnder yn 'e opienfolgjende jierren fan 2015 oant 2017.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.