Hex Appeal
Hex Appeal is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske redaktrise P.N. Elrod. De titel betsjut letterlik "Oantrekkingskrêft fan Betsjoenings" (fan hex, "betsjoening" en appeal, "oantrekkingskrêft"), mar it is in wurdboarterij op sex appeal, dat "seksuële oantrekking" betsjut. It boek omfettet njoggen koarte ferhalen fan it fantasysjenre dy't oer tsjoenderij geane, skreaun troch foaroansteande auteurs as Jim Butcher, Ilona Andrews, Simon R. Green en Carrie Vaughn. Alle ferhalen út Hex Appeal waarden yn dizze bondel foar it earste útjûn, hoewol't de measten neitiid troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn binne yn eigen ferhalebondels. Hex Appeal waard yn 2012 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij St. Martin's Griffin.
Hex Appeal | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | P.N. Elrod (red.) | |
taal | Ingelsk | |
foarm | ferhalebondel | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2012, New York | |
oarspr. útjwr. | St. Martin's Griffin | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 31 25 90 727 |
Ferhalen
bewurkje seksje- Ilona Andrews, Retribution Clause
- Jim Butcher, Bigfoot on Campus (ûnderdiel fan The Dresden Files)
- Rachel Caine, Holly's Balm
- Carole Nelson Douglas, Snow Job
- P.N. Elrod, Outside the Box
- Simon R. Green, How Do You Feel?
- Lori Handeland, There Will Be Demons
- Erica Hayes, Cherry Kisses
- Carrie Vaughn, The Arcane Art of Misdirection
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|