Ilona Andrews is de skûlnamme fan in Amerikaansk troud pear, Andrew en Ilona Gordon, dat tegearre romans en koarte ferhalen skriuwt dy't ta de sjenres fan 'e fantasy, science fiction en romantyske fiksje hearre.

Ilona Andrews
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Andrew en Ilona Gordon
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 19??
etnisiteit Skotsk (Andrew)
Russysk (Ilona)
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy, SF, romantyk
bekendste
  wurk(en)
Kate Daniels-rige
útjouwer Ace Books
Berkley Books
Avon Romance
Gollancz
jierren aktyf 2005 – no
offisjele webside
ilona-andrews.com

Libben bewurkje seksje

Andrew Gordon is in Amerikaan fan etnysk Skotsk komôf, dy't foarhinne as sersjant yn it Amerikaanske Leger tsjinne. Ilona Gordon waard berne yn Ruslân en emigrearre as tiner nei de Feriene Steaten ta. Wylst se biogemy studearre oan 'e Universiteit fan Westlik Karolina mette se har lettere man, dy't dêr ek studint wie. De Gordons wenje tsjintwurdich yn 'e Amerikaanske steat Teksas en hawwe twa dochters en in grut tal hûnen en katten.

Skriuwwurk bewurkje seksje

De skriuwkarriêre fan 'e Gordons begûn omtrint 2005, doe't Ilona Gordon de urban fantasy-roman Magic Bites oan it skriuwen wie. Har man holp har yn it begjin wat en rekke geandewei almar mear by it skriuwen belutsen, sadat se úteinlik besleaten om tegearre fierder te wurkjen. Magic Bites wie it earste diel út 'e Kate Daniels-rige fan bestsellers, en waard folge troch in tsiental romans en ferskate novelles en koarte ferhalen yn deselde searje. Dêrnjonken hawwe de produktive Gordons ek de romantyske fiksjerige The Edge skreaun, de searje The Innkeeper Chronicles, wêryn't se fantasy mei science fiction ferminge, en noch ferskate oare searjes.

Wurk bewurkje seksje

  • Kate Daniels-rige
    • 2007 – Magic Bites (roman; haadpersoan Kate Daniels)
    • 2008 – Magic Burns (roman; haadpersoan Kate Daniels)
    • 2009 – Magic Strikes (roman; haadpersoan Kate Daniels)
    • 2009 – Magic Mourns (novelle; haadpersoan Andrea; publ. yn 'e blomlêzing Must Love Hellhounds)
    • 2010 – A Questionable Client (koart ferhaal; prequel fan 'e rige, mei as haadpersoan Kate Daniels; publ. yn 'e blomlêzing Dark and Stormy Knights en yn 'e e-boekomnibus Magic Graves)
    • 2010 – Magic Bleeds (roman; haadpersoan Kate Daniels)
    • 2011 – Magic Dreams (novelle; haadpersoanen Jim en Dali; publ. yn 'e blomlêzing Hexed)
    • 2011 – Magic Slays (roman; haadpersoan Kate Daniels)
    • 2011 – Magic Gifts (koart ferhaal; haadpersoan Kate Daniels; publ. as fergees e-boek op 'e webside fan 'e auteurs en teffens tafoege oan Gunmetal Magic)
    • 2012 – Retribution Clause (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing Hex Appeal)
    • 2012 – Gunmetal Magic (roman; haadpersoan Andrea)
    • 2012 – Magic Tests (koart ferhaal; haadpersoan Julie; publ. yn 'e blomlêzing An Apple for the Creature en teffens tafoege oan Magic Breaks)
    • 2013 – Magic Rises (roman; haadpersoan Kate Daniels)
    • 2013 – An Ill-Advised Rescue (koart ferhaal; tafoege oan Magic Rises; spilet nei Retribution Clause)
    • 2014 – Magic Breaks (roman; haadpersoan Kate Daniels)
    • 2014 – Magic Steals (novelle; haadpersoanen Jim en Dali; publ. yn 'e blomlêzing Night Shift)
    • 2015 – Magic Shifts (roman; haadpersoan Kate Daniels)
    • 2015 – Magic Stars (novelle; haadpersoan Derek)
    • 2016 – Magic Binds (roman; haadpersoan Kate Daniels)
    • 2018 – Magic Triumphs (roman; haadpersoan Kate Daniels)
    • spin-offsearjes
      • Iron Covenant-rige
        • 2018 – Iron and Magic
      • Kate Daniels' World
        • 2021 – Blood Heir
      • Kate Daniels: Wilmington Years
        • 2023 – Magic Tides
        • 2023 – Magic Claims
  • The Edge-rige
    • 2009 – On the Edge
    • 2010 – Bayou Moon
    • 2011 – Fate's Edge
    • 2012 – Steel's Edge
  • The Kinsmen-duology
    • 2009 – Silent Blade (allinnich as e-boek útbrocht)
    • 2011 – Silver Shark (allinnich as e-boek útbrocht)
      • 2018 – The Kinsman Universe (omnibusferzje fan Silent Blade en Silver Shark)
    • 2021 – Fated Blades
  • Kozlov-rige
    • 2010 – Questing Beast
    • 2011 – A Mere Formality
  • The Innkeeper Chronicles
    • 2013 – Clean Sweep
    • 2015 – Sweep in Peace
    • 2016 – One Fell Sweep
    • 2019 – Sweep of the Blade
    • 2020 – Sweep with Me
    • 2022 – Sweep of the Heart
  • Hidden Legacy-rige
    • 2014 – Burn for Me
    • 2017 – White Hot
    • 2017 – Wildfire
    • 2018 – Diamond Fire (novelle)
    • 2019 – Sapphire Flames
    • 2020 – Emerald Blaze
    • 2022 – Ruby Fever

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2010 Romantic Times Reviewers' Choice Award nominearre bêste paranormal romance/urban fantasy-roman Bayou Moon

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.