Romantic Times
De Romantic Times is in Amerikaansk sjenretydskrift op it mêd fan romantyske literatuer dat ienris yn 'e moanne ferskynd. It waard yn 1981 oprjochte troch Kathryn Falk yn 'e foarm fan in nijsbrief. De earste edysje wie hja njoggen moanne mei dwaande en waard rûnbrocht by 3.000 abonnees. Yn 2004 hie it blêd 150.000 abonnees, en hie it in reputaasje opboud as it wichtichste (Amerikaanske) literêre tydskrift op it mêd fan romantyk. De redaksje is fêstige yn 'e Newyorkske wyk Brooklyn.
Romantic Times | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | romantyk | |
frekwinsje | 1x de moanne | |
bestean | 1981 – 2018 | |
oprjochter | Kathryn Falk | |
plak haadred. | New York (New York) | |
tal abonnees | 150.000 (2004) | |
ISSN | 1557-3397 | |
offisjele webside | ||
www.rtbookreviews.com |
Sûnt 1982 organisearret it blêd elts jier de Romantic Times Booklovers' Convention, in konvinsje dy't elts jier troch ferskate tûzenen minsken bywenne wurdt. Der wurde û.m. synjearsesjes troch auteurs holden, in kostumearre bal en in skientmewedstryd foar manlju. Teffens wurde der Romantic Times Reviewers' Choice Awards útrikt, wat publyksprizen binne dy't yn 66 ûnderskate kategoryen ferjûn wurde.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |